De bril...
Jawis, do hast it drok...
Dat wie wer in moaie smoute opmerking fan Durk, in doarpsgenoat. Dy opmerking kaam neidat wy in praatsje hân hiene oer myn bril. Nei't hy oanjûn hie dat hy neat fûn hie, sei ik tsjin him dat ik even in stap hurder dwaan soe om yn it ritme fan myn kuierke te bliuwen, wat him ta boppesteande opmerking ynspirearre…
Durk makket hast alle dagen in kuierke mei de hûn. De hûn wurdt in dei âlder en dêrom rinne se tegearre yn it selde tempo. Hoeden en kalm...
De lêste dagen hâld ik hast alle doarpsgenoaten oan dy't ek wolris in slach om geane. Want ik bin myn lêsbril kwytrekke op ien fan myn kuierkes. Tsja en hoe reitsje jo no in lêsbril kwyt wylst je te kuierjen geane? Jo binne dochs net oan it krantlêzen ûnderweis?
Guon dy't my goed kenne, witte dat ik in Clic-bril ha. In Clic-bril drage jo om 'e hals. Mar net mei in koarde, mar mei in spesjale fleksibele nekbân. Yn 'e midden, tusken de glêzen sit in magneetsje en dêrmei klikke jo de bril foar jo eagen fêst. Foardiel is dat de bril net egaalwei foar jo boarst omslingeret en dêrmei tsjin de kopkes, glêzen en oar foar jo steand guod oan batst.
Bynammen yn in klasse fol bern wie dat o sa handich, want as master steane jo wol gauris foaroer by in bern om te helpen en dan is it fansels o sa ferfelend as dat bern hieltiten de bril yn syn gesicht kriget...
Hawar...
Op de middei fan it kuierke hie ik my goed ynpakt. Jas oant boppen ta ticht, kraach omheech en dêromhinne de sjaal. En ja, dan moat de bril der ek noch by. Unnoazel achterôf, want de bril kinne jo fanwegen de fleksibele halsbân hielendal opteare, dat ik hie him likegoed yn 'e bûse dwaan kinnen. Mar ja, fan achteren sjogge jo in ko yn 'e kont...
Dat de bril bongele yn de grutste stân om de sjaal en sa waard de tocht om it Hantumerleech ûndernaam.
Oan it begjin fan de Stoepawei waard ik belle. Oh ja, en ik hie noch net iens ferteld dat de streamer fan myn telefoan en de hearapparaten hielendal ûnder dy grauwe jas hong. Dat it wie in hiele tsjoenerij om dat ding foar it ljocht te krijen en de telefoan op te nimmen. It wie in doarpsgenoate dy hie sjoen dat ik yn de bellist stie en miskien wol in wichtige boadskip foar har hie.
Mar dat wie net sa, want dizze ynpakte Eskimo hie thús by fersin op it ferkearde piktogram klikt doe't hy de berjochten oan it bestudearjen wie. Och och, soks bart my withoefaak. Al hoe hurd as jo op ophingjen klikke, it giet hjoed oan de dei as it slydjaget dat mei ien klik giet de telefoan al by de oare oer...
Nei't ik my ferûntskuldige hie, knope ik alles wer ticht en ferfolge ik myn tocht, want ik wie noch mar oan it begjin, de Hel fan it Leech lei noch hielendal foar my...
Nei sa'n trije kertier wie ik wer thús. Binnen wie it lekker waarm en nei dy kâlde kuier wie dat suver oangenaam dat hurd út dy grauwe jas. Mar oh heden! Wêr wie de bril?! Dy hong net mear om 'e nekke! Op 'e grûn fallen by it útdwaan fan de jas?
Mar de keukensflier wie leech, gjin bril te bekennen. Oh jee, ûnderweis kwyt rekke. En ik hie ek wol yn 'e gaten wêrom dat bard wie.
By dat telefoantsje oan it begjin fan de reis wie de bril fansels los rekke en wiene de magneetsje fan elkoar ôf gien en bongele de bril as iepen ketting om de jas. Dat by elke beweging soe hy dan fierder glide kinne om ta eintsjebeslút mar op 'e dyk te fallen. En ik hear gjin saken fallen, want myn hearapparaten steane by hurde wyn op stil, dat by alles wat dan rammelet, slydsket en tikket sjoch ik it wol, mar hear ik it net! Dat de bril lei noch oan it begjin fan de Stoepawei! Hurd de jas wer oan.
Nee dus. Gjin bril te bekennen. Hearken... Dan fierderop oan de rûte? Earne yn it gers? Om 't ik neat oankommen hear, draai ik my ûnderweis wol gauris om, om te sjen oft my ek wat achterop komt sadat ik even oan 'e kant gean kin. Miskien wie hy mei sa 'n ferkearspirouette wol de berm yn rûgele!
Om't ik gjin nocht hie om wer dat hiele blok om te rinnen, helle ik de fyts út it hok en trape ik de omkearde rûte. Want rinne dogge jo bûten de beboude kom links en fytse moat bûten de beboude kom rjochts...
Begripe jim?
Dat as in fytsende scanner hiel stadich de berms lâns. Mar gjin bril. Nuver, hy hat ek noch wol in opfallende blauwe kleur. Dat dan sjogge jo dat dochs fuort en daliks lizzen?!
Wacht! Der wiene dy middei ferskate doarpsgenoaten dy't ek in slach om wiene en ien fan harren hie him fêst fûn! Lokkich koe ik dizze doarpsgenoaten noch aardich foar de geast krije dat gau belje. Spitich, net ien hie de bril fûn... Mar ik sil der by myn folgjende kuierkes om tinke hjer!
De bril hie my dy dagen dêrnei mar yn de besnijing. Hoe kin dat no dat je sa'n opfallende bril net fine? Hoe kin hy no sa hurd, neidat jo dochs goed socht ha, ferdwine? En dat net ien fan al dy kuierders him fûn hat? Is der wat oars oan 'e hân? Leit hy gewoan earne yn 'e hûs, njonken de kompjûter as njonken it bêd? Want ek dat ha ik withoefaak. Earne wat dellizze en dan net mear witte wêr...
Jaja, de âlde wurdt minder...
Doe ynienen krige ik in heldere ynjouwing! Fansels! Ik moast fierder de berm yn! Want as de bril los om 'e nekke bongelet en jo draaie jo om, dan sjit hy as in katapult fan de skouders en falt hy folle fierder en leit hy net oan de kant fan de dyk, mar miskien wol oan de kant fan de sleat!
En om myn hypoteze krêft by te setten, pakte ik myn reservebril. Presys deselde, mar mei lytsere glêzen en hong him los om 'e nekke. En nei't ik yn 'e keamer in flinke draai makke, skeat de bril as in projektyl troch de keet en kaam earne healwei ta rêst. Sjochst wol?! Ik moat fierder scanne!
Dat de it folgjende kuierke noch mear yn 'e berm sykje. En om de kâns op finen te fergrutsjen makke ik ûnderweis mei de reservebril om 'e skouders hieltyd pirouettes om te sjen wêr't sa'n losse bril dan wol net hinne sjitte koe…
Sil wol in frjemd gesicht west wêze, sa'n draaiende kuierder midden yn 'e lege lannen. En dan nei elke draai mar wer bûge en sykje.
Jimme begripe it al. Gjin resultaat! Miskien wie hy wol mei gong yn de feart floept! Dan soe ik de bril nea werom krije!
Ik hie nei in pear dagen de moed op in goeie ôfrin al opjûn. Oant ik dus Durk tsjinkaam. Aha, myn lêste hope! Durk rint withoefaak mei syn swarte hûn deselde rûte en om't sy sa stadich rinne, soe hy fêst de bril fûn ha! Mar sa't ik in it begjin fan dit ferhaal al sei, Durk hie neat fûn. Och... De hope wie no wol hielendal ferflein, dat ik ha mar in nije bril besteld...
Mar it soe fansels samar wêze kinne dat op in dei de hûn fan Durk, as yn it ferhaal fan it froutsje fan Starum, mei in blauwe bril op' e noas foar syn baas stiet. En dat Durk dan hurd nei my takomt en jubelet: Sjoch master, dyn bril!
Want ja, in master (yn rêste) hat it altiten drok...
Pleatst: 11-01-2021 - 14:46 oere - Reagearje? - Nei boppen