Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Even lâns wippe...

Trou bringt Wilma ús doarpsblêd by advertearders yn Dokkum. No wie it al fiif foar seizen, dat se koe noch krekt even by juwelier Wip lâns om ús doarpsblêd troch de doar te skowen. Hurd skeat se mei de swarte bus oer de Djipswâl en parkearde de bus krekt foar de winkel, knipperljochten oan en wa docht jo wat.

Ek Henk Wip skeat ek hurd foarút, mar dan nei de doar fan syn winkel en hy die de doar op slot! Wat sille wy no ha, it is dochs noch net seis oere?!

Wilma dryst derhinne en op it rút fan 'e doar klopje: 'Hallo, ik ha noch in boadskip!' Henk seach dat it Wilma wie en mei in gerêst hert die hy de doar wer iepen. Hy tocht dat der in oerfal geande wie, want se seagen in swarte bus oer de dyk fleanen dy't pal foar harren doar stean gie mei de knipperljochten oan. 'En sa krekt foar seizen is de tiid dat de measte oerfallen plak fine, want dan binne wy de boel oan it opmeitsjen en oan it oprûmjen, dêrom skeat ik hurd nei de doar om dizze oerfaller tsjin te hâlden...'

Lokkich koenen se derom laitsje en Henk sei noch dat dit net yn it doarpsblêdsje mocht, mar oer dizze side is neat sein wurden...

Pleatst: 27-01-2008 / 19:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foar de leafhawwers...

Foarstelling fan Klún & Knoffelhakke bywenje? Takom wike freedtejûn spylje wy yn de Colle yn Kollum. Frij tagonklik foar eltesnien. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Colle.

Pleatst: 26-01-2008 / 13:39 oere - Reagearje? - Nei boppen


Bel 112...

Dat wie wol hiel apart! Ynienen dûkte de foarstelling yn en wienen wy it kontakt mei it publyk yn it Trefpunt yn Hallum kwyt. En dan ek noch krekt ûnder it stikje fan de dokterswacht. Dat wie wol in hiel wrang tafal...

Wy seagen wol dat der ien út it publyk stean gie en der útrûn. Der waard wat mompele, der gie noch ris ien fuort en it waard spannend stil. Gjin reaksjes mear en it rûn krekt sa lekker.

Yn it skoft seagen wy elkoar wakker oan en seinen: wat is der bard? Al gau kaam ien fan de organisaasje by ús achter op it toaniel en hy fertelde dat der in frou net goed wurden wie. Sy lei no yn 'e bar en alle helptsjinsten wienen ynskeakele, de ambulânse wie ûnderweis. De minsken mochten de seal net út en der waarden gjin drankjes skonken. It ôfwachtsjen wie begûn. Mar wy snapten no ek wêrom it ynienenen sa dreech waard.

Fansels soe de foarstelling ôfbrutsen wurde as it earnstich like, dêr hoegden wy net lang oer nei te tinken. It waard al letter en letter en de spanning wie te fielen.

Lokkich kaam nei in healoere it berjocht dat it allegearre wat tafoel. Mefrou koe op eigen krêften nei hûs ta brocht wurde en de ambulânse gie leech nei Ljouwert werom. De minsken krigen noch in drankje en 'Dan moatte jimme de sfear der mar wer ynbringe,' neffes de foarsitter.

Om tweintich foar alven gienen wy los mei it twadde diel en lokkich kaam de seal wer hielendal los! Mar it wie wol in aparte gewaarwurding en lokkich dat it goed ôfrûn is!

Pleatst: 26-01-2008 / 13:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snel...

Dat is wolris aardich om te witten hoe snel as jo ynternetferbining is. Mei tank oan de digitale nijsbrief fan KabelNoord! Foar de oare snelheidsmaniakken: speedtest.

Pleatst: 25-01-2008 / 13:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Untploffe!

Bellet de waskmasineman op. 'Hjir stiet al in wike in waskmasine, wat moat hjir mei gebeure?'
Meitsje miskien?! As ha jimme de masine foar de aardichheid ophelle...??

Pleatst: 24-01-2008 / 23:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wetter...

Der is wat wetter kaam de ôfrûne dagen! Underweis kinne jo dat ek yn 'e omjouwing sjen, want hiel wat greide stiet ûnder wetter. Yn de Ryptsjerksterpolder stiet it wetter hast oan 'e huzen ta en oan reedriden tinkt gjin minske.

Ek by ús op skoalle wie it raak. It dak, alteast op it plak krekt boppe myn lokaal, koe it net hâlde en it reinwetter dripte stadich nei binnen. Doe 't ik nei hûs ta soe, kaam ik dizze lekkaazje ta ûntdekking. De jas mar wer út, kast oan 'e kant en dweilen út 'e kast. Hjir en dêr wie it op 'e skriften dript en mei in protte pepier der tusken ha ik dizze wetterskriften mar ûnder in steapel atlassen te droegjen lein.

Nuver dat soks altyd bart as ik nei hûs ta wol. Twa wiken lyn wie it de haadyngong dy't net ticht woe, no dus wer in oerstreaming. Ik ha al sein dat ik jûns mar op skoalle bliuw, bang foar noch mear kalamiteiten.

De oare deis lei der noch mear wetter op 'e flier en mei in protte dweilen is in wetterballet foarkaam. Want bern fine soks prachtich fansels. Lokkich gjin mear skrifte-skea en mei in droech lokaal binne wy dochs mar mei de lessen útein set. Myn heit sei altyd al: platte daken jouwe altyd lekkerij!

'It wetter rint net altyd ien wei út...'

Pleatst: 24-01-2008 / 23:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gordyk

Sneontejûn in optreden yn de Gordyk. Ik mar miene dat jo Gerdyk skriuwe, mar neffes dyjingen dy't it witte kinne, moat it mei in o.

It publyk koe better, mar sa stadichoan kinne wy ús ek goed rêde yn de wat 'dregere' sealen. De Skâns in prachtige lokaasje! Mar dan moatte se jo net in lyts poadium fan 4 by 2 meter taskikke wolle. Wy op in pear fjouwerkante meter en in prachtich grut en leech poadium foarhannen! Dat moast oars fansels.

Wy ha op it grutte poadium spile. De behearders dienen der alhiel net muoilik oer. Fansels koenen wy dêr op spylje! Wêrom sizze se dat dan net even... En mei se bedoele wy dan de organisaasje... No ja, op 'e weromreis hienen wy de grutste wille. En ha wy yn 'e auto wakker oan it foto's meitsjen west mei de mobyl. Dat de kwaliteit dan net sa bysûnders is, dat docht wol bliken út bygeand plaatsje. Herman Douwe (links heal op 'e foto) wie al sa optein!

Pleatst: 21-01-2008 / 23:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Talsma & Talsma...

Midden yn Boalsert krige Marten Remko tillefoan. Talsma oan 'e line. Hy tocht earst dat in kollega in fyt mei him úthelle, want Talsma belle en dat is de baas dêr't MR foar wurket. Mar it wie Talsma's elektrowrâld. De waskmasine koenen se sa ien twa trije net reparearje, want der moasten ûnderdielen besteld wurde. Se woenen dêrom even in útlien-apparaat bringe. Wa hie it dêr juster ek alwer oer??

Sa stadichoan waard it Marten Remko dúdlik. 'Mar hoe komme jimme oan dit nûmer?' Dat stie op 'e bon, neffes de meiwurker. De mannen hienen yn harren bestân sjoen en it die bliken dat der in pear moannen lyn in mega-oarder besoarge wie. Op dit adres en mei dit tillefoannûmer. En dat kloppe. It wie allinne net in waskmasine...

Mar it kaam wol moai út, want der wie net ien dy't thús de tillefoan opnaam en Marten hat sa moai út Boalsert wei de mannen mei de 'Lientobbe' nei it hok dirigearre. Dat wy kinne de wask mar wer dwaan. Spitich foar Ternaard, want dy sieten der hielendal klear foar!

Pleatst: 18-01-2008 / 23:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Drip...

Falt ek noch net ta om in fallende wetterdrip op 'e foto te setten... Yn elts gefal moast de waskmasine meinaam wurde. 'Wy dogge net mear reparaasjes oan hûs,' neffes de wat rûge jongfeint, wylst hy de waskmasine op in stekkarre it hok út rinkele. 'Miskien moatte der ûnderdielen besteld wurde en kin it noch wol even duorje eart de masine klear is...' No, dan hiene wy ek hast op Miele wachtsje kinnen.

Mar doe't de masine 'feilich' yn Dokkum stie, die bliken dat de kraan bot dripte. Hiele hok wiet, want de amer dy't de drippen opfange moast, kaam op ien as d'oare wize op 'e flier telâne en der sieten al moai wat drippen yn.

Dat de handige man moast wer oan it wurk! Wetter derôf, kraan demontearje, learke sykje en wer ynelkoar prutse. Oh wûnder de kraan wie ticht en it drippen wie oer. Moarn noch wat de boel behimmelje en de masine kin wer te plak setten wurde. Nuver dat sokke bedriuwen gjin útlienmasines ha. Krekt as mei auto's. En dan in grutte stikker op 'e foarkant: 'Lientobbe fan Talsma'. Ternaard kin him mar wer klear meitsje... ;-)

'Safolle as in drip wetter op in gleone stien...'

Pleatst: 17-01-2008 / 22:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Er is geen betere...'

Dat is ek wat! Waskmasine stikken. Der komt gjin wetter mear yn. Tillefoantsje nei Miele. Mar se koenen net earder as 29 jannewaris! No, dat is pas echte service. Foaral as jo hast eltse dei waskje.

Blabla, achterstân weiwurkje en mear fan sok praat hie de tillefoaniste. 'Maar misschien heeft u een handige man? Waarschijnlijk is het zeefje onder de kraan, bij het waterslot verstopt. Kwestie van ontkalken en u kunt weer wassen...'

De handige man moast fuort oan it wurk doe't hy thús kaam. Mar al wat ferstoppe wie, it seefke net. Dan moat der in servicemonteur komme, neffes de hantlieding. Mar ja, 14 dagen wachtsje? Moarn Talsma mar belje. Dêr binne se ek o sa handich...

En wat ek handich is: bern dy't yn Ternaard wenje! De waskfrou sil wis noch ris lâns komme...

Pleatst: 15-01-2008 / 23:20 oere - Reagearje? - Nei boppen


In wike is samar foarby...

Moandei wer foar de klas nei in hearlike krystfakânsje. Hakte der fuort goed yn, want de jûns hie 'k in oere fertraging om't de doar fan skoalle net ôfslute woe en der in hiel sirkus op gong kaam om dat wer yn oarder te meitsjen...

Tiisdei lokkich op 'e tiid thús, it nije slot wurket perfekt! De jûns myn bydragen foar ús doarpsblêd skreaun. Dat is wol in aardich ferhaaltsje wurden...

Woansdei mar wer ris traine. Al dy pûntsjes moatte der wer ôf. De jûns in boeiende gearkomst fan it Stichtingsbestjoer fan ús doarpshûs.

Tongersdei mei tennis oan 'e gong. Fia ynternet moast ik ús team opjaan. Moast foar 11 jannewaris, dus it koe noch krekt. Alles oer de kop hân, want ik wie myn wachtwurd fergetten. Ik wie der wis fan, dat ik it earne opskreaun hie. Mar wêr?? Mar it is foarelkoar kaam! Hat wol in hiel skoft duorre, mar wy kinne tennisje. Fan 'e weromstuit steane no al myn wachtwurden yn de Coffeecup LockBox...

Freed in hearlik optreden yn Boarnburgum. Foar de boeren fan harren ôfdieling fan de NLTO. Noflik neisitten yn de Refter en Whamyd ek noch even in goed nijjier tawinske.

Sneon moast ik allinne boadskipje, want Wilma en Wietsche wienen nei Apeldoorn 'Op bezoek bij de Koning'. Boppedat wie de RedBull by Bart en mocht ik yn de grutte BMW fan Marten nei de C-1000. Moaie auto, mar it sit hiel leech en hast moast ik it hiele wykein yn dizze auto sitten bliuwe, om't ik der benei net útkomme koe.

Sneontejûn nei de Iisherberch ta west nei it toanielstik Una Giornata Particolare. Fan de foaren wie der in ynlieding oer dit stik. Der waard ferteld oer de skriuwer, de tiid en de haadrolspilers. Dat wie in goeie set, sa'n ynlieding, oars waard it stik wol hiel dreech. Moai om nei sok toaniel te sjen. Geweldich spul fan Linda van Dyck!

Snein it bywurkjen fan it weblog mar beslute mei: 'Sa, no binne jimme wer by...

'Nei nije wike komme der in hiele boel dagen...'

Pleatst: 13-01-2008 / 18:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


Zilveren Maan

Ashok hie it goeie antwurd op de fraach fan juster. It wie de bôlebakmesine dy 't wy brûke by ús kabaret. Under de foarstelling brûke wy dat ding echt en wurdt der fan alles ynmikt. Meastal is it in gaoz.

No hie ik mesine fergetten skjin te meitsjen en as jo dan nei de fakânsje (wy ha yn de desimbermaand gjin optredens hân) de boel iependogge dan...

Mar de jûnes wie hy wer skjin. Foar ús optreden yn de Zilveren Maan yn de Westerein. Foar in hiele gesellige buertferiening. Knap slagge, foar in noflik publyk!

Hjoed ha ik de bôlebakmesine fuort mar skjinmakke, kinne wy mar wer bakke. Jaja, Klún & Knoffeljakke bakke se brún eltse wike...

Pleatst: 06-01-2008 / 22:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rara??

Witte jimme wat dit is? Moarn krije jimme antwurd. Mar foar dyjingen dy't net wachtsje kinne, sjoch op dizze side...
(Mar goed dat wy fia de kompjûter noch net rûke kinne...)

Pleatst: 05-01-2007 / 13:58 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hulde!

De kentekenplaat is wer teplak! Ien fan de dieders, hoewol hy wol sei dat hy it net dien hie..., wie sa sportyf en hat de plaat werom brocht. Oanbelje en dan ek noch kreas oerhandigje. Sa heart it! Lokkich kin dat noch sa yn ús doarp.

Ik ha de plaat der mar hurd wer opsetten, dan kinne wy mar wer ride. Hoewol de RedBull noch net wer rûn hat. Moarn mar besykje, want it is my no te kâld!

Pleatst: 03-01-2008 / 17:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Humor?

Alle lêzers en goed en lokkich 2008 tawinske!

Us earme RedBull hat wol wat. Earst al net starte wolle en dan by de jierwiksel ek noch ien fan syn kentekeplaten der ôf helle! Dat starten komt wol wer goed, mar oer de kentekenplaat sitte wy mear yn. Meastal dûke de platen de oare deis wol wer op, mar dit kear liket it oars! Nearne te finen. Al in slach troch it doarp west, guon minsken al frege, mar noch gjin plaat te bekennen.

No kinne wy wol oan oare kentekenplaten komme, mar dêr komme wer de nedige kosten achterwei. Wy hoopje mar dat der guon binne dy 't ús helpe kinne at se dit lêze. It moat al in grap bliuwe fansels...

Pleatst: 02-01-2008 / 14:09 oere - Reagearje? - Nei boppen