Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Earmoede...

Jo wolle it hast net leauwe as jo it lêze yn 'e Ljouwerter:

'Eind juni hield de minister van ontwikkelingssamenwerking een evenement in de Noordoostpolder om de wereldwijde aanpak van de armoede onder de aandacht te brengen. Het feest kostte €750.000,-'

En binne jimme op 'e hichte brocht?? Wisten jimme fan dit feest? En no harsenskrabje se ek noch meielkoar om 't de oanbesteging net earlik gien wêze soe. Freonen fan 'e minister mochten it organisearje. En dat binne wol hiele earme freonen. Dy sliepe elke nacht by it Legers des Heils...

Pleatst: 31-07-2007 / 18:58 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Daar geniet je nog het meest...'

Jo kinne dat wol, dy foto's dy 't makke wurde as jo mei in gesicht as in fjirtjinmans dilisjâns mei in needgong nei ûnderen stoarte yn ien as d'oar achtbaanding yn sa'n willepark. Dan kinne jo dy foto's foar in brout jild ôfprintsje litte en dan krije jo se yn in moai kartontsje en yn in bylkerich plestikpûdsje mei nei hûs. It moat dochs wat lykje.

No hienen se wat nijs yn Slagharen! Jo koenen de foto's, as ekstra service, nei hûs ta e-maile. Dat wy mei in plestikpûdsje nei hûs, want dat moast wurde fansels, dan koenen wy de foto sa út it e-mailprogramma wei op dizze side sette. Mar al wat kaam, gjin e-mail mei in paperklipke. Hie ik it okkerdeis net oer in slimme 'marketing-truc'? No, wy binne der yntraape...

Dan mar in oare foto op de side. Wy kinne dizze foto ek altyd noch brûke om oan te toanen dat wy op wintersport west binne. In grouwe mûtse en wat lange latten ha'k der sa by 'photoshopt'. Mar wy ha yn elts gefal in moaie dei hân. Famyljeleden kinne mear foto's besjen mei behelp fan de koade.

Pleatst: 31-07-2007 / 15:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Pizza...

Justerjûn wienen wy yn Bûtenpost om, hoe kin it ek oars, nei it ringstekken te sjen. Om likernôch healwei njoggenen wie it ôfrûn. Sin om nei hûs te gean hienen wy net, want dan moast der iten sean wurde. No ha wy gjin hekel oan dat wurk, mar der binne fan dy dagen dan wolle jo je wol betsjinje litte.

Wy bedarren yn in lytse pizzeria yn Bûtenpost. Wy skeaten op 'e dolle rûs it sintrum yn en it earste restaurant dat wy dêr tsjinkamen wie de Pyramide yn de Tsjerkestrjitte. Tafallich as net, mar wy hienen beide wol sin yn wat Italiaansk...

It restaurant wie lyts, mar hiel kreas. Ek de betsjinning wie ynoarder. (Wy likje wol fan dy resinsisten dy 't mei in skriuwblokje by de restaurants lâns gean...) It begûn al mei it kopke cappuccino, dat smakke hearlik. Lekker waarm, net ladderich en in moaie skûmkraach fan molke. En dat yn sa'n lyts restaurant, earne achterôf yn it sintrum fan Bûtenpost. Mar ek it ferfolch wie treflik! Om't it net sa drok wie, hienen wy al gau ús bestelling en ek die wie hearlik! Tige farsk en goed fan smaak. It bierke wie lekker kâld en de betsjinning kaam om 'e haverklap lâns om te freegjen oft alles nei winsk wie. No is it al wat nuver om by it iten fan in pizza te freegjen as jo noch wat jirpeltsjes meie, mar it giet om it idee.

Spitigernôch wie de 'finishing touch' ôfwêzich (sa as gjin neigesetsje en it personiel stie wakker yn 'e doariepening te smoken) mar ek de rekken wie oangenaam. Foar in pear sinten ha wy hearlik iten. It ienichste minpunt wie de muzyk fan de bar njonken de pizzeria. Dy wie dúdlik te hearen en bûnze troch alle muorren hinne. Mar fuort mar, it is de feestwike yn Bûtenpost en dan wol elk dêr foardiel úthelje.

Pleatst: 29-07-2007 / 16:23 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oppashûn (slot)

It wie de lêzer fêst net opfallen, mar de lêste wike ha ik dizze side byhâlden op ús fakânsje adres. Om't it foar de hûn makliker wie om thús te bliuwen, binne wy mar by de hûn ynlutsen. Wy mochten de kompjûter wol brûke. No, dat hoege jo mar ien kear tsjin my te sizzen...

Op de kompjûter stiene net myn favorite programma's om dizze side mei up-to-date te hâlden, mar dêr kaam gau feroaring yn. Hast alle software meie jo 30 dagen útprobearje en dat kin dan moai as jo mar in wike fan hûs binne. Dat gau delhelje dy boel, de piktogrammen kreas yn in hoekje byelkoar, dan kinne se der aanst sa wer ôfhelle wurde.

It foldie skoan. Ien programma foldie eins sa bêst, dat ik der sterk oan tink om myn eigen fersy te 'upgraden'. It skeelt mar twa fersys mar ko steane der fersteld fan hoe gau as in programma him wer ferbettert.

Moarn geane wy wer nei hûs. Dan kin ik jim wer achter ús eigen fertroude PC op 'e hichte hâlde fan al ús aventoeren

Hjoed fûn ik ek noch dit filmke. En omdat juster it wetter by de Rabobank hiel heech stie tocht ik dat dit miskien wol de oarsaak wie. Wol in echte fan!

Pleatst: 26-07-2007 / 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wetteroerlêst by de RABO...

Pleatst: 25-07-2007 / 19:05 oere - Reagearje? - Nei boppen


Waarympresje...

It reisburo hie ús wide kimen tasein en moaie loften. No kloppet dat ek wol, mar de loften meie om ús wol wat blauwer. En de hiele dei nei buienradar.nl koekeloere is ek net alles. Mei tank oan Paint Shop Pro. Jo moatte dochs wat mei dit waar...

Pleatst: 24-07-2007 / 15:32 oere - Reagearje? - Nei boppen


Strompeldrompel (2)

Moai dat lêzers reagearje. Faaks set ik net alle reaksjes op 'e side. Mar hjir kin ik net omhinne. Krekt sa as jo net om 'e drompel fan de Lytsje Jouwer hinne kinne. Hoewol? Jelle en Ellen ha in tip:

'Dit kaam ús ek oer 't mot, sokke drompels op 'e Lytse Jouwer, mar se helpe wol, want wy hawwe ús tempo al aardich oanpast. Wy hawwe dizze drompels earder sjoen, yn Egypte hawwe se se ek, sommige auto's geane der skean oerhinne, miskien in tip?'

Soe der in ynwenner fan de Lytse Jouwer yn Egypte west ha? Hat hy/sy dêr dit idee opdien? Ha ik ek wer in tip. Understeand filmke hiel lûd yn ús buordoarpke draaie litte en dan sjen wa't ek sa nuver rint. Dat is de betinker fan de drompel! (Ik ha wol in idee...)

Pleatst: 23-07-2007 / 15:25 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oppashûn (2)

Website Joke van Leeuwen

Pleatst: 23-07-2007 / 14:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


In protte hynders...

It wie goed raak! Wilma wie de hiele sneon beset mei hynders. Oerdei wie se ringmaster by de hynstekeuring op de hynstedagen yn Garyp. Der moatte in protte hynders keurt wurde en dat bart yn in ring, in ôfbakene hoekje terrein sille wy mar sizze. De ringmaster moat de hynders, mei harren eigners oproppe en se moat der foar soargje dat elk op syn as har beurt op 'e tiid de ring yn komt. Ferantwurdlik wurk!

De jûns wie der ringriden yn Tibma, in pear huzen yn 'e buert fan Ie. Tibben, sizze se yn it Frysk. Om 't dêr ek wer hynders te sjen wienen, moasten wy der hinne fansels. Jo krije der op t lêst ek al doel oer en jo kinne sa stadichoan ek al in protte hynders mei harren menners. Wilma die net mei oan it ringriden, want nei wat ûnderfiningen yn it ferline, ha se Tibben yn 'e ban dien... Mar dat hâldt net yn, dat jo der net as publyk hinne kinne. Fandêr...

Alex rûnen wy dêr ek noch tsjin 't liif. Hy hie noch wat fan ús tegoede, as tank foar de moaie foto's fan ús kabaret. Tige optein stoppe hy dat yn syn binnenbûse. Moai dat jo elkoar op dizze wize wat temjite komme kinne. No is Alex wer oan set...

Pleatst: 22-07-2007 / 23:02 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oppashûn...

In kollega fan Wilma hat ús frege om op de hûn te passen yn harren fakânsje. No wenje wy flakby, dat wy binne der sa. Boppedat ha wy it al ris earder dien, dat de hûn komt ús bekend foar. Ek de hûn hie gjin beswier, as hy sa no en dan mar útlitten wurdt en in pantsje mei brokjes krijt. Man, wat kuierje wy der wat ôf...

Pleatst: 21-07-2007 / 15:28 oere - Reagearje? - Nei boppen


Brânwacht...

By ús thús hienen wy froeger in moai tillefoannûmer: 2233. Maklik te ûnthâlden en ús heit, dy 't mei syn bruorren in saak hie, wie dan ek tige wiis mei dit nûmer. Boppedat wie it ek it alarmnûmer fan de brânwacht, miskien wie dêrom it nûmer ek wol sa maklik...

Myn pake, dy 't de saak dy't syn soannen letter oernaam ha, begûn is, hie in wichtige funksje by de brânwacht. Hy siet net allinne dei en nacht by de tillefoan mar hy moast de brânwachtauto ek bestjoere. As earste nei de garaazje, de auto oanslingerje, wachtsje op 'e oare frijwilligers en dan op nei de 'ramp'.

Ik ha it ek noch meimakke dat wy it alarmnûmer fan de brânwacht wienen. Wy hiene dúdlike ynstruksjes krigen hoe't wy hannelje moasten as der brân wie. Yn it kantoarke hong in grutte alarmkast dy 't yn ferbining stie mei de oare brânwachters en alle knoppen moasten yndrukt wurde as der alarm wie. Dan mei de kaai nei de garaazje, de boel iepen dwaan en dan rêden se harren der wol mei. Opfallend wie, dat der nei't de brânwacht útrukt wie, allegearre tillefoantsjes kamen mei de fraach wêr't de brân wie.

Strunend op it ynternet kaam ik in moaie foto tsjin. Neffes it byskrift moat de bestjoerder myn pake wêze... Ik kin it net rjocht gewaar wurde, mar it soe samar kinne. Hy liket der wol hiel bot op.
De side www.langsdeluts.nl dêr't ik de foto op fûn ha, is in feest fan werkenning! Ik mei der graach wat op omstrune, dat mei dúdlik wêze...

'Goed foar de mûzen, sei de man, en hy stiek syn hûs yn 'e brân...'

Pleatst: 19-07-2007 / 22:32 oere - Reagearje? - Nei boppen


Strompeldrompel...

Do sjochst him hast net oankommen en asto der ek mar wat te hurd oerhinne rydst, hearst in grutte knal. Ik ha it oer de ferkearsdrompels yn ús buordoarp de Lytse Jouwer. Trekkers ride der al omhinne, dy sille wol tinke: Wy litte it tiksel fan de weinen net út de trekker knalle. Wol nuver, want wêr komme dy trekkerriders wei? Dochs út de buert fan de Lytse Jouwer. En dan om harren eigen drompels hinne ride?! Is dit in soarte fan protest tsjin harren eigen doarpsbelang? Ha wy hjir te krijen mei in lytse opstân yn it oars sa rêstige doarpke?

It kin hast net oars as der kom skea fan. Mochten der lêzers wêze dy 't der ek hinder fan ûnderfine, sjoch dan mar ris nei dit filmke en lês mar ris op dizze side. Aardige bykomstichheid: de foarbyldbrief foar de gemeente stiet ek op dizze side. Allegearre mar skriuwe hie 'k tocht!

Pleatst: 18-06-2007 / 18:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Jakobus 3 Gean nei har webside

No krigen wy fan 'e moarn fan ús dominy in aardich mailtsje. Dominy sil wol tocht ha, hy eamelt iderkear oer âld dominys en se dogge him sels nei yn doarpsrevu's, dat kin ik ek... Fandêr dat hy fia de mail gemeenteleden in útnoeging stjoerde om meielkoar de tsjinst fan snein o.s. ta te rieden. Wol in moai inisjatyf, modern en passend by dizze digitale tiid. No stjoerde hy ek de tekst fan o.s. snein mei, út Jacobus 3. No wit ik dat de Bibel net in maklik boek is, mar dizze tekst foar o.s. snein is wol hiel dreech. (Sjoch ûndersteande foto...) As soe it in slimme 'marketing-truc' wêze om ús freed o.s. allegearre yn it Open Huis te krijen?

'Sisters en bruorren yn it leauwe,

In de kerkdienst van komende zondag, 22 juli, wordt Jacobus 3 gelezen. Ik stuur jullie ter voorbereiding een eigen vertaling. Op vrijdag 20 juli is er om 20.00 uur een voorbereidingsgesprek in het Open Huis te Hantum. Van harte welkom.

Met een hartelijke groet,'

No ha 'k Jakobus 3 der ris op neilêzen yn de nije Bibelfertaling. It haadstik begjint hiel treffend, jo soene hast net mear oan tafal tinke:

'Broeders en zusters, u moet niet allemaal leraar willen zijn. U weet dat ons leraren een strenger oordeel te wachten staat. En hoe vaak struikelen we niet allemaal?... '

Pleatst: 17-07-2007 / 14:27 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oranje Haukkrûd (2)

Humor, sa'n reaksje. En dan moatte jimme witte dat de skriuwer fan dizze aardige reaksje wurket by? Klik mar op de link...
Ik bin bliid dat de lêzers sa meilibje. Mar wy geane fansels foar de haadpriis! Meikoarten ferwachtsje ik dan ek in kameraploech fan SBS6 foar de doar...

www.raadsma.nl

Pleatst: 16-07-2007 / 22:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oranje Haukkrûd

Op it feest fan in freon fan my, hy fierde op freed de 13e syn 50-ste jierdei, kaam it praat op túnkje. Om 't in oare freon by my op 'e PABO yn 'e klasse sitten hie en alles noch wist fan de natoerlessen fan doetiids, sei ik tsjin him: 'Fan alle planten dy 't by ús yn 'e foartún yn it gers steane, kinne jo hast in kompleet herbarium gearstalle.' En dat kloppet ek wol, want de lêste, litte wy sizze, 8 wiken hie 'k it gers net meand. De krûden stienen wit hoe heech (sjoch bygeande foto) en as jo it ferskaat oan planten telle soenen, dan kamen jo samar op 10-15 planten.

Mar juster moast ik der dochs oan leauwe. Buorman stuts my oan, want hy wie ek wakker oan 'e gong mei syn Flymo. Mar oh heden, wat wie dat in wurk mei it lytse meanerke fan Karwei. De mesine op 'e heechste stân en dan mei in slakkegong lâns wyldernis. Om 'e haverklap siet de gersopfangbak fol en moast hy lege wurde. Lokkich ha wy op 'e buert in gerskontainer stean, dat dy siet oan it ein fan 'e middei ek fol. Eins liket it nearne nei, want de gersmatte is like giel as wat, mar fuort mar, de doarpsgenoaten kin wer tefreden wêze, sy sille de ôfrûne dagen wol tocht ha: in skoalmaster en alle tiid fan 'e wrâld, mar it gers oan 'e goatten ta... It aardige fan ús natoertún wie, dat der in hiel moai plantsje tusken stie: it 'Oranje havikskruid' as yn it Frysk it Oranje Haukkrûd. Dit soe net misstean yn it herbarium.

Justerjûn ha wy dizze drokke túndei ôfsluten mei in hearlike BBQ en de lêste wedstriid fan ús klaverjasseizoen. Wy ha mar krekt ferlern en it waard ek noch spannend yn 'e lêste potsjes, mar in oerwinning siet der krekt net yn. En no't ik it oer klaver ha... Ek yn ús botanyske tún stie it fol mei klavers, reade en wite. Gjin swarte, want dy sitte allinne mar yn in kaartspul...

'Yn oarmans tún wrotte en jins eigen net skjin hâlde kinne...'

Pleatst: 15-07-2007 / 17:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Moai wurk...

Dêr kinne jo yn 'e fakânsje ris even lekker foar sitten gean: websides meitsje! Yn myn stúdzjetiid ha ik wol ris wat skildere, mei oaljeferve en op doek. Dêr liket it meitsjen fan websides in hiele protte op! Skoften kinne jo dêr mei oan 'e gong wêze, passe, mjitte, oare foto, oar kleurke. Sok moai wurk...

No moast de side fan ús kabaret mar ris goed oanpast wurde. Noch net oan ta kaam. Mar mei al dizze frije dagen dochs mar ris oanpakt. It slagget aardich, mar it is noch net hielendal klear. Oer in pear dagen moatte jimme lêzers de side mar ris besykje en dan mar ris sjen oft it slagge is! Op bygeande foto in ûnderdiel fan de fernijde side dêr't ik aardich tefreden oer bin.

Fan 'e moarn by de kapper begûnen se wer oer dizze side. Elke kear as ik west bin, lêze de kapsters gau wat ik der no wer opsetten ha. Se binne deabenaud dat alle 'roddels' op dizze side komme. Falt wol wat ta! Wy hâlde it netsjes! Aardich wie dat ik in âld kollega trof by de kapper. Wy wurken doetiids beide foar PCBO-Dongeradiel (hy no noch...) en troffen elkoar faak by gearkomsten. Hy fûn wol dat der no allinne mar froulju op sokke gearkomsten kamen. Dat fûn hy jammer. Hy gie ek wol ris net, sa sei hy, want de gearkomsten duorje hast wol in oere langer... No binne dat net myn wurden en de kapsters spatten ek wakker op, mar se koenen harren der wol wat by foarstelle. De kapsters seinen dat kappers froeger hast altyd manlju wienen en no binne der allinne mar froulike kappers: 'En as it wol in man is, dan is it ek noch in frou...' En ek dy wurden binne net fan my...

Hawar, oer seis wiken ha 'k wer in ôfspraak makke. Om healwei njoggenen moarns. In gefaarlike tiid foar my, want moarns moat ik earst al wat op gong komme. Mar se soenen de kofje klear ha. Dat ik bin benijd...

'De man is it haad, mar it wiif is de hals...'

Pleatst: 13-07-2007 / 15:03 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ja presys...

De doarpsrevu fan 1994 wie de oanset ta ús kabaretduo Klún & Knoffelhakke. Wy hienen net tocht dat it sa'n sukses wurde soe. Om 't ik it ferline wike hie oer dominy Kor Datema, hjir de skets dy 't ik bedoelde.
En oh ja, ik bin ferslaafd rekke oan fideobewurking en YouTube... Letter mear!

Pleatst: 12-07-2007 / 00:25 oere - Reagearje? - Nei boppen


In skroefke los...

De kopyprinter dêr't wy ús doarpsblêd op drukke hie in steuring. Dat belje mei de leveransier. Hjoed om tsien oere soe de monteur foar de doar stean. Boppadat soe hy even belje as hy der oan kaam. Betiid yn 'e klean en om tsien oere siet dizze man klear foar de man mei de skroevedraaier.

Mar al wa't kaam, ús monteur net. De middeis noch mar ris belje. Ja, hy hie wat lang wurk hân mei de foarige klus, mar hy soe der om trije oere wêze. Om even foar trijen wie ik yn ús doarpshûs om de bêste man te ûntfangen. Mar hy moast achterom, want de houten flier wie kreas lakt. Gastfrij stie ik him dêrom foar it doarpshûs op te wachtsjen. Stoppe dêr in frachtautootsje. Mei in bestelling foar ús doarpsblêd. Dat is tafallich! Dat soe moarn pas komme en dan ek noch op ús eigen thúsadres. No ja, ik stie der dochs en koe ik it moai yn ûntfangst nimme. De besoarger fûn it al wat nuver dat der ien foar him klear stie, ik ha mar net sein dat ik op in oar stie te wachtsjen...

Om even foar healwei fjouweren kaam de monteur. Hy hie it mankemint al gau ferholpen: in pear losse skroefkes, samar klear. Ik hie kofje set, mar dat hoegde hy net. Leaver in glês Spa-read. Mar omdat dat al in skoft yn 'e kuolkast stien hie, mei de dop wat los, wie dizze wyn yn wetter feroare en moast der ek noch in farske flesse iepene wurde.

Hy woe foar my it besteladres wol feroarje, want hy hie ek wol yn 'e gaten dat hjir oerdei net ien oanwêzich wie, mar ik sei tsjin him dat dat net hoegde, want dat hie ik al sa faak besocht by de meiwurkers yn it flatgebou mei it moaie muzykje foar de tillefoan. Boppedat ha wy ek twa klantnûmers en om dochs it oersicht wat te hâlden, sei ik dat hy 'gewoan' syn saken yn it systeem bringe moast, oars hiene wy aanst trije klantnûmers, kaam de monteur om healwei seizen moarns, bellen se dat it wolris freed wurde koe en waard de bestelling by buorman ôflevere...

Jo der net oan ergerje, want fan de lytsskaligens yn in doarp begrypt de 'Field Service Technicus' dochs neat...

Pleatst: 11-07-2007 / 22:52 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wat dochsto??

Earst mar de kompjûterblêden lêze. Ik bin wol hast 6 blêden achter. It sjit al moai op, ik bin al wer hiel wat nijsgjirrige saken tsjinkaam. Dat moat dan fuort útprobearre wurde fansels. Yn dizze Libelle foar manlju stiet ek elke 14 dagen in puzzel. Ek 6 puzzels achter, dat de hiele dei mar puzzelje. Man jo ha it noch drok ek... Spitich is it, dat jo nei 6 wiken de oplossing net mear ynstjoere kinne. No ja, ik win dochs noait wat...

Dan ek noch mar de administraasje bywurkje en boekhâlde mei www.mijnpostbank.nl. Komme jo ek wer nijsgrirrige saken tsjin, mar dat skriuw ik mar net op dizze side. Papieren oprûmje, post skifte en mear fan sokke putsjes.

Krij ik in e-mailtsje fan in fakânsjehâldende kollega:
'Geniet al lekker van je vakantie? Lekker aan het uitslapen en nix doen? Of heb je het nog steeds smeurende druk...'
'Smeurende druk' dus!

Pleatst: 10-07-2007 / 23:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


Thús!

Sljocht waarden jo derfan. 'Geane jimme ek noch fuort? Wêr gean jimme hinne op fakânsje? Noch fakânsje plannen?'
NEE! Wy geane net fuort en wy bliuwe thús. It hiele jier tillefoantsjes, gearkomsten, optredens, wurk en oare drokte en dan is it hearlik om 6 wiken lang (wy binne it mei de lêzers iens, dat is in moai gegeven yn it ûnderwiis...) neat te hoegen.

Wy binne net de ienichsten, teminsten as ik de poll op Wâldnet leauwe mei. Fansels ha ik even meidien oan de stemming en it mei dúdlik wêze wêr't ik op stimd ha.

As jo even op ynternet strune, komme jo moaie ferhalen tsjin oer dit ûnderwerp. In hiele moaie is wol it ferhaal fan Francisco van Jole:
'...Naast statussymbool is vakantie vermoedelijk gewoon een opvulling van leegte. Als mensen zo lang en uitgebreid praten over wat ze drie of vier weken per jaar doen, dan zegt dat heel veel over de rest van hun bestaan...'
Lês fierder>>

As de útspraken fan Marietta van der Duyn Schouten yn har ferhaal 'En ook goed voor je Frans':
'...Onlangs las ik een artikel over thuisblijven in de vakantie. De strekking van het verhaal was dat alleen gelukkige mensen genoeg rust in hun donder hebben om thuis te blijven...'
Lês fierder>>

En dizze fan Adrie Kuil is ek wol aardich:
Thuisblijven

Sa, no hâlde wy deroer op. It mei no dúdlik wêze hoe't wy deroer tinke...

'Ik woe dat ik thús wie, sei de poep en hy soe ophongen wurde...'

Pleatst: 09-07-2007 / 12:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


Smoardrok...

Ha jo fakânsje, ha jo it noch smoardrok! Tongersdeitejûn earst mei Rûm Sop nei Wolvegea. Wêrom ik no tocht dat it de Gerdyk wie, ik wit it net. Lokkich makken myn maten my derop attint, oars hie ik allinne yn it sintrum fan de Gerdyk stien te sjongen. It wie wol wat spitich dat se it pas flak foar de Gerdyk seinen, oars hie ik wol in oare rûte keazen. Ik tocht al, wêrom gean dy oaren oer Ljouwert? Mar dat waard my geandewei de rit dúdlik. Ik sil it noch lang heare moatte...

Yn elts gefal wie it tige gesellich by ús gasthearen de Styvesant Sailors en wy ha de minsken wer moai fermakke. Nei ôfrin dochs mar even in útsetterke yn de kroech, want de fakânsje moast fierd wurde fansels, mar lokkich koe ik it ferstân derby hâlde.

De folgjende jûns moasten wy wer mei Rûm Sop op op 'en paad. Us trouwe lid Klaas troude mei syn Klazina en fansels mocht Rûm Sop net ûntbrekke op it feest. (Dêrom stiet Klaas ek net op boppesteande foto, want hy moast de folgjende deis fit wêze fansels...) Op wei nei it Bowlingsintrum yn Dokkum, binne wy earst even yn Ljouwert oan west. Dêr ha wy Jildou en Sietze in aubade brocht, want Sita wie berne en om't wy in spesjale bân ha mei de famylje de Vries koe in kreambesite fan de reade mantsjes net útbliuwe. It wie tige ferrassend en Jildou hat ús hast oan't Dokkum útswaaid.

Doe op nei Klaas syn brulloft. Moai op 'e tiid stienen wy yn de bowling oan de bar om even yn te drinken en yn te sjongen. Om 't de sjoelklup fan Kollumersweach ek harren jierlikse útsje hie, ha wy mar even foar harren songen en doe wienen wy hielendal klear foar de 'grutte jûn'. No dat ha Klaas en Klazina witten, Rûm Sop sette de boel aardich op stelten. Der kaam sels in spesjaal fersyk foar in twadde optreden. Dat woenen wy hast net leauwe, wy tochten earst Klaas wol de seal leech ha, mar de seremonymaster sei mei klam dat it echt wier wie. Dat in twadde sessy koe net útbliuwe. In hearlik feest! En as jo it breidspear dan sa yn in kring tasjonge You'll never walk alone...' dan hoopje jo wier dat se hiel lang by elkoar bliuwe meie (en dat Klaas nea fan it koar ôfgiet fansels...).

Hjoed wie it wer raak... Mei de buert op stap. Earst in koarte gearkomst en doe in fotopuzzelrit. As jo de beskriuwing goed folgen, daan kamen jo by it wokpaleis E-10 út. Dêr ha wy hearklik iten. Om't ik ús âldere buertgenoaten ride moast, hiene sy in 'hulplijn' yn 'e auto. Mar ik ha net holpen hjer! By it plak fan de foto's ha 'k allinne mar wat stadiger riden en ha'k sein: 'No goed útsjen, want hjir is wer in fotoplak...' Mar fierders ha ik de byriders hielendal gjin rie jûn. Ik tocht wol by mysels, dat fan de ferkearde rûte nei de Gerdyk, pardon Wolvegea, oerkomt my net wer, ik moat se mar wat bystean. Wol nuver dat ik yn de beskriuwing wer in flater makke hie mei rjochts en links. Lokkich wie ien fan ús buorlju sa helder en ûntdek it krekt op 'e tiid. Ik ha wat mei dy rjochtingen. Dat ik elke dei noch yn Tytsjerk útkom, mei in wûnder wêze!

No 't ik it oer Tytsjerk ha, dat jumpstyle-filmke (sjoch hjirûnder) makket wol yndruk, want elkenien reagearret. Mar ik wit wat my te dwaan stiet! Elke dei jumpstyle. Sil wol wer oerlêst foar de buorlju jaan, mar se moatte net seure: ik ha harren holpen mei de foto's, no moatte sy my gewurde litte mei it dûnsjen. Sjen oft ik nei de fakânsje de bern derút springe kin...

Pleatst: 07-07-2007 / 22:27 oere - Reagearje? - Nei boppen


Master-Jumpstyle...

No, foar dizze kear. Omdat it de lêste skoalledei is. Mar oars meie de bern fansels net op 'e tafels omspringe. It jumpstylen is sa populêr, dat master der ek oan leauwe moast. Sjoch ek nei de achtergrûn, it digitale skoalleboerd docht fertuten, want it filmpke en de muzyk dêr't wy op meidûnsje, is lûd en dúdlik te sjen en te hearen! Mei tank oan Jurjen (en syn mem) foar de moaie foto fan Master-Jumpstyle en mei tank oan Marrit foar it spektakulêre filmpke...
De lêste skoalledei wurdt fierd

Pleatst: 07-07-2007 / 11:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


'Alle hens aan dek!'

'De moaiste lêste skoalledei sûnt jierren...,' waard der opmurken yn de kuiergongen. Mei tank oan juf Danieke dy 't it mei de bern tared hie. Hjir in fotoferslach fan dizze moaie moarn yn de gymseal fan Ternaard.

Pleatst: 06-07-2007 / 16:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


Strune...

Eins is dat ek wol in moai Frysk wurd: strune. En dat yn plak fan 'surfe'. Yn elts gefal kaam ik by dit filmke nei wat strunen op it ynternet. Dit filmke is makke troch ien fan de âlvestêdefytsers en dat hat hy op in webside setten. Moai net?!

Pleatst: 06-07-2007 / 11:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wat wolle masters en juffen noch mear...

Pleatst: 06-07-2007 / 08:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


De Reinbôge...

Doe 't ik jûn fan it wurk nei hûs ried, stie der in reinbôge oan 'e himel. Hoe symboalysk. Want op it wurk hiene wy swier waar hân en jûn is der op in âlderjûn in nije start makke. En wie de reinbôge yn it Bibelferhaal fan Noach ek net it teken fan in nije start?

No 't ik wat yn Bibelske sfearen sit, moat ik ek noch even melde dat ôfrûne snein ús âld dominy Kor Datema by ús yn tsjerke preke. Wilma hat krekt noch even mei him praat. It wie aardich om te hearen, dat Kor dizze side altyd lêst en sa op 'e hichte bliuwt fan ús libben hjir yn Hantum. Kor stiet no yn Varsseveld, mar mist de Hantumer humor sa no en dan wol. Mar dat komt ek om't se yn Varsseveld net it fenomeen Oranjejûn kinne. Op de Hantumer Oranjejûn wurdt der altyd in revu spile mei aardige sketskes oer it doarpslibben fan it ôfrûne jier.

Yn it ferline ha wy Kor al ris neidien yn sa'n revu. Hy fûn dat prachtich en hat it der noch altyd oer. Dat is no sa'n 14 jier lyn en it is dochs aardich dat guon dit ûnthâlden ha. Hat it wol yndruk makke. Mar ris mei Klún & Knoffelhakke nei Varsseveld. Want dy beruchte revu wie de oanset ta it no 'ferneamde' duo...

Ek wol aardich fan tapassing op it 'swiere waar' by ús op skoalle:
'De stoarm begjint meast mei stilte...'

Pleatst: 03-07-2007 / 22:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


De pleatslike favoryt...

It wie smûk yn Hantumhuzen. En in protte pleatslike favoriten neffes de speaker. Wilma en Wietsche mei Hidowijn, wienen ien fan de pleatslike dielnimmers. Spitigernôch net yn 'e prizen. Mar wol in moai ritsje derhinne! Foar hûs ynspanne en dan te gean nei Hantumhuzen. Om't ik it ringriden ek graach sjen woe yn Hantumhuzen, mocht ik achterop de Spider meiride. Op it 'knechtenbankje' sa 't san smel ding hjit. Krekt te plak, is't net sa??

Nei it ringriden de boel wer útspanne en even achterhûs in bakje kofje. En om 't Hidowijn sa goed har bêst dien hie, mocht se even yn 'e tún weidzje. Ik sei tsjin Wilma, ek mar even yn 'e foartún, want troch alle drokte fan 'e ôfrûne wiken, bin ik net oan it meanen takaam. Toe mar Hidowijn, even trochsette, dan is it moarn wer kreas. Hoewol... allegearre grutte hysnstestappen yn it gers...

Pleatst: 01-07-2007 / 10:29 oere - Reagearje? - Nei boppen