Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Ynsjoerd...

Moai dat lêzers reagearje!

Sa krige ik fan Kees in fraach oer ien fan dy 'ferklaaide' hynders op de foto by it berjocht fan freed:

'Kin de 'baas' my miskien útlizze wêrom dat loftse hynder der útsjocht as Tijl Uijlenspiegel? Sjochst it de lêste tiid hieltiten mear: fan dy 'oerdreaun' oanklaaide hynders...'

Ja, dat liket apart! De midskieuwen mei hynders klear foar in toernooi! Yn 'e Wâlden ha hynders faak lêst fan simmerekseem en foaral foar Fryske hynders kin dat funest wêze, want troch de jokte begjinne se harren tsjin stekken, beammen en peallen te skobjen en it gefolch kin wêze dat se harren moaie swarte manen en sturt beskeadigje as hielendal 'kwyt' reitsje. Om de hynders te beskermjen tsjin it michje dat dizze ekseem feroarsaket, wurde se goed ynpakt.

Jelle hie in goeie tip foar de âld fyts:

'Ik haw ek in fyts van myn pake (myn pake hie dit jier 111 wurde kinnen) krigen, in Empo út Vorden. Dizze fyts brûk ik net sa faak, it is myn kroechfyts. Dizze fyts sjocht der dêrtroch ek better út. In idee foar dyn fyts, set him yn in gat yn 'e hage of in beamwâl, in moaie klimop derûnder, en it wurdt in monumint!'

Earlik sein ha ik dêr noch oer neitocht! Net iens sa'n gek idee. Mar wy dogge it mar net, want wat sille de buorluju wol net sizze...

Pleatst: 29-07-2008 / 13:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op in âlde fyts...

It die my deugd dat ik justermiddei myn âld Empo wer ris seach. Yn it begjin fan ús trouwen ha ik dizze fyts fan myn pake Hendrik krigen. Pake koe net mear fytse en dêr boppe yn Fryslân soe de fyts fêst mear brûkt wurde as yn Balk. De fyts hie al hiel wat kilometers makke, want pake en beppe mochten graach fytse troch de bosken fan Gaasterlân. Pake foarop, dan in skoft neat en dan beppe mei in lekker stik koeke yn 'e fytstas.

Sa gie dat froeger, de frou wist har plak...

Ik wie wiis mei d'âld fyts. It wie in erfstik en boppedat fan de pake dêr't ik de namme fan meikrigen hie. Nei't ik him in pear jierren yntensyf brûkt hie, op en del de fjouwerHoeke, waard it âld fytske al wat minder. Yn in simmerfakânsje ha ik de fyts doe hielendal opknapt. Nije ûnderdielen derop en hiel foarsichtich de merknammen op it frame mei in hiel lyts kwastke oerskilderje.

Ik wie grutsk op 'e Empo fan pake...

Doe't de tiid dizze âlde swiere fyts ynhelle hie, stie hy mar wat mei lege bannen yn it hok. En de eigner fan it plak dêr't Wilma de hynders hat, koe wol in lânfyts brûke. Ik ha ôfskie naam fan de fyts, nochris opknappe hie'k gjin nocht oan, boppedat de fytsen fan ús jongens hienen fersnellingen en om't jo hjir yn Hantum fan en nei skoalle altyd in kear yn 'e wyn ha, is dat dochs folle makliker. Je wurde ek âlder, is't net sa?

Fan 'e middei doe't Wilma de hynders ynhelje moast (sjoch foarige berjocht) seach ik it Empootsje wer stean. Tsjin de skuorre oan. Wilma sei: 'Hast dyn fytske wer sjoen? Sûnt Mulder der oerhinne riden is mei de frachtauto is hy der net wer wei west...'

Klik foar mear...

Pleatst: 26-07-2008 / 15:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

De stâl rûke...

De hynders binne earder binnen as de baas...

Pleatst: 25-07-2008 / 22:18 - Reagearje? - Nei boppen

Oare wrâld...

Dat is it moaie fan fakânsje! Do hâldst dy mei hiele oare saken dwaande as oars. Dêr ha jo boppedat ek even tiid foar. Sa dûkte ik hielendal yn 'e wrâld fan Joomla. Software om hiele moaie websides mei te meitsjen. It wurket hiel oars as de software dy't ik no brûk en it hat ek in hiele protte ekstra mooglikheden. Dat is hiel bot wennen, want faaks is it Ingelsktalich. Lokkich binne der in protte Nederlânske oersettingen, mar foar dat jo dat yn 'e gaten ha, binne jo wer in jûn fierder...

En lang sitte is hielendal net goed foar de rêch...

Ek kaam ik yn 'e kunde mei Wordpress. Ek online software om b.g. weblogs mei te meitsjen. Sa bin ik oan it prutsen west om myn weblog oer te setten yn dit programma. Wer in jûn byldskermstare... Mar ik bin noch net safier om dizze side yn Wordpress te publisearjen. Sa as ik myn side no meitsje, wit ik krekt wat ik doch en yn it oare programma bin ik noch hiel ûnwis.

Samar hie'k myn nocht fan al dit kompjûterjen...

Der sit in protte tiid yn al, hoe moai it ek is! Fan 'e weromstuit ha ik twa boeken kocht by Bol.com en dy bin ik no hearlik oan it lêzen. De winner fan de Gouden Strop fan dit jier en in tige goed ûntfongen debuutroman fan Bert Natter.

It folgjende berjocht kin noch wor ris even duorje en it waar wurdt ek better!

Klik foar de orizjinelen...

Pleatst: 23-07-2008 / 22:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

It reint op 'e Gaastmar...

En hier nog aan het vensterglas
aan de bedroefde ruiten
beeft in wat nu weer buiten
van winderigs in opstand was
een druppel van den regen,
kleeft aangedrukt er tegen,
rilt in het kille licht.

Uit: Regen, J.H. Leopold

Pleatst: 19-07-2008 / 15:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tún...

Pleatst: 19-07-2008 / 02:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boerebal...

By it kompjûterjen sit ik fia iTunes te lústerjen nei in plaat dy't ik in pear jier lyn ris digitalisearre ha. De LP hjit Boerebal en is makke troch Jarje. In trio dat yn 'e tachtiger jierren moaie Fryske muzyk makke. Ek it nûmer de Fanfare, dat wy sjonge mei Rûm Sop, komt fan harren hân. Prachtich, ik kin it sa wer meisjonge! Tapaslik mei dit reinige waar is wol it nûmer It reint op 'e Gaastmar. It wie noch de tiid fan Hans de Jong, froeger waarman by Omrop Fryslân. En dat sil doetiids noch wol de RONO west wêze.

It reint op 'e Gaastmar, de boaten bin' ticht.
In frou himmelt glêzen, de man hat gjin sicht.
Sels Hans de Jong fan 'e Gordyk hie itselde berjocht.
It reint op 'e Gaastmar en nearne is ljocht.

Lústerje hjir nei de twa boppeneamde nûmers fan Jarje:

Pleatst: 16-07-2008 / 14:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Blikiepener...

Wy dogge krekt as meitsje wy in fiere reis nei ien as d'oar eksoatysk paradys...
Nee dus, gewoan famylje nei Skiphol brocht. In kuierke as kop is echt wol fan tapassing, want it is my dochs in ein bongeljen dêr op Skiphol. Moai om dêr ris in dei om te slaan, jo komme eagen tekoart!

Se fleane mei ArkeFly en neffes my is dit harren fleantúch. In gerêststellende gedachte dan de helpferliening wit wêr't se by in ramp it fleantúch iepen meitsje moatte. Fan binnenút sil dat net gean, want de reizigers moasten al it skerpe ark ynleverje by de kontrôle...

Sels de fleskes Spa moasten se ynleverje, want der mochten gjin floeistoffen mei. Komt sa'n feilichheidsman op ús ôf mei de twa fleskes en seit tsjin ús, yn it Frysk: 'Sjoch, dy moatte jimme mar ha, want dit mei net mei yn it fleantúch...' Hoe wit dy man no dat wy Friezen binne? Stiet dat op ús foarholle?

Ut 'e fierte laken de twa Grikelânreizigers ús toarstich ta...

Pleatst: 14-07-2008 / 22:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

it Jinkepaed

Nei hast 140.000 kilometer moasten de achterbannen fan de bus dochs mar ris ferfongen wurde. Dat is wol unyk! Safolle kilometers mei in pear bannen. Mar se wienen der ek wol oan ta, want de bannen hienen lêst fan cupping en dat jout in hiel frjemd lûd as jo ride. Krekt as binne jo tsjillagers fersliten.

Foar in pear nije bannen ha wy in goed adres yn de Westerein. Ek op sneon (foar de Westereinders: saterdei...) kinne jo dêr te plak. Oane Pyt soe sa'n oardel oere wurk ha, sa hie hy al oankundige. Oardel oere ien op 'e fingers sjen is ek net echt in aardige foarm fan ferdivedaasje, dat ik moast mar even in slach om. Ek noch goed foar de rêch.

No hie Oane Pyt wol in aardige kuierrûte foar my, sa'n fiif kilometer. Hy pakte in pepierke om de rûte foar my út te tekenjen. Ik bin hielendal net bekend yn dy omjouwing, mar ik hie de tillefoan mei, dat mocht de need oan de man wêze, dan soe Oane Pyt my wer ophelje as ik ferdwaald wie.

Ik wie noch mar amper ûnderweis as dêr spielde it hûnehokken. Lokkich hie'k in paraplots by my en ek noch goed grut. Trochsette wie de moraal fan dizze middei! Moai dat de rûteplanner de nammen fan de paadsjes en strjitten der by skreaun hie, dat it ferdwalen foel ta en it die bliken dat it Jinkepaed om yndie in hiele moaie kuierrûte wie. Smûk skaadzjend beamtegrien, de Wâlden op harren bêst!

Underweis koe ik moai de nije kamera útprobearje. Spitich dat it sa bot reinde, en om no de nije oanwinst fuort oan de Nederlânske rein bleat te stellen, gie my wat te fier. Mar de natoer wie prachtich en tusken de buien troch ha ik by de pingo's en dobben dochs wat moaie plaatsjes sketten. klik op de folgjende link om de foto's te besjen. It Jinkepaed .

Doe't ik wer yn de Westerein wie, wie de auto hast klear. En nei't Oane Pyt de tsjillen der wer ûnder dien hie, ha wy earst mar in bakje kofje hân en ha wy it der even oer hân, want dat moat yn de Westerein. Underweis nei hûs wist ik net wat ik hearde: neat dus! Man, wat skeelt dat, in pear nije bannen. De autoradio hoecht no ek net mear sa lûd! Om it moaie resultaat te fieren, ha'k de bus mar traktearre op in rûnstje Wasbeer. Hy stiet der wer tiptop foar en wy soenen sa op fakânsje kinne!

Mar dat dogge wy lekker net...

Klik foar mear...

Pleatst: 12-07-2008 / 20:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Apart...

It nije fototastel makket wol aparte foto's. It sil wol wenne moatte...
Nee, net fia ynternet kocht, mar gewoan yn Dokkum. Persoanlike oandacht kin it dochs net winne fan in 'keale' webside...

Pleatst: 12-07-2008 / 01:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarpaginanijs...

No makke de Dockumer Krante (en dan hâlde wy der oer op) ús juster op 'e foarside wol tige bliid mei tige wichtich wrâldnijs. Yn in stikje oer de gasleidingen by Lauwerseach skreaunen sy:

'Tijdens de leidingaanleg wordt een gleuf gegraven van zo’n anderhalve meter diep. De grond uit de gleuf wordt tijdelijk naast de gleuf opgeslagen. Zodra de pijp aangelegd is, wordt de grond weer teruggestort.'

Dus mochten jimme lêzers it noch net witte, by it graven fan in gleuf de grûn dernjonken skeppe en letter der wer yn goaie. Ha'k nea witten! Doe't ik in gat grave moast foar de ôffier fan ús hokje, ha ik de grûn nei Gaasterlân ta riden en doe't ik klear wie hat ús heit it hielendal werom kroade...

En dan hat de skriuwer fan de reaksje fan juster hielendal gelyk, want dit nijs stiet ek op www.nam.nl

Ik sil dy in gat boarje dêrst noch net ien haste...

Pleatst: 10-07-2008 / 13:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stipe...

Och, dat is ek wat! Us digitale kamera fertoant kuren. Samar falt hy út, moat de datum wer op 'e nij ynsteld wurde en makket hy frjemde lûden as de lens nei binnen skoot.

Dat is wol spitich, want hy foldie goed. Fansels kin de kamera net mear makke wurde. Hy is al seis jier âld, de winkellju leitsje dy út! No binne wy ús oan't oariintearjen foar in nije kamera. In hiele poepetoer! Der binne safolle! Fan 'e middei krige ik in grut boek mei fan Talsma mei it hiele 'Canon productassortiment 2008'. Krekt as wurde jo dêr wizer fan... Miskien hat ien fan de lêzers in goeie tip? Ik ha ek al wat tips binnen krigen, mar der kinne noch mear by. In moaie site is ek www.hetbesteproduct.nl. Ha'k al hiel wat op omstrúnd.

Aardich dat wy byfal en stipe krigen foar ús Dockumer Krante 'konflikt'. Dat der dan hjoed ek noch krekt in foto fan Wilma en har klasse yn stie. It feroaret neat oan ús beslút, want ek oer de foto wienen wy net sa te sprekken. Alex kin folle better!

Fanwege de privacy ha wy de namme fan de ynstoerder weilitten. Dat jo de krante yn 'e kroech lêze moatte, hingje jo fansels leaver net oan 'e grutte klok...

Pleatst: 09-07-2008 / 20:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lyts en grut...

Nei myn entûsjaste ferhalen fan it skoallereiske, binne wy ek mei famylje in dei nei it Ferkearspark yn Assen west. Jong en âld ha harren tige fermakke! Foar mear foto's sjoch yn ús fotoalbum. Allinne beskikber foar guon dy't oer de koade beskikke...

Pleatst: 08-07-2008 / 20:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boppeslach...

Sûnt jierren bin ik wer even nei it keatsfjild ta west. Koe ik hast net oars, want wy sponsorden in partij. Moai om te sjen dat der in hiele protte doarpsgenoaten harren bêst dienen om de prachtige krânsen te winnen. Jeugd, manlju en froulju yn trije fjilden neist elkoar.

It keatsen is ek noch neat feroare. Prottelje, roppe en raze. En it kommentaar fan de taskôgers fansels. 'No, nim mar wat minder perk, want dy koekjeballen fan de Musk rammelst sa oer de boppeline...' Elkenien hat in bynamme en it is wol aardich om dêr in spultsje fan te meitsjen. Hokfoar namme heart by hokfoar doarpsgenoat?

As sponsor mocht ik de prizen útrikke. Om't de jeugd al gau klear wie, mocht ik harren it earste de krânsen omhingje. De âlderen hienen pas om healwei âlven priisútrikking. Yn 'e kroech. Ik bin al even mei west, mar it duorre mar en it duorre mar, it wie al hast âlve oere. Om't it my te let waard, hat it bestjoer sels de prizen mar útrikt en siet ik alwer thús. Ferstannich, want in jûn nei de kroech dan de oare deis pineholle. En wy sitte noch mar yn 'e earste wike fan 'e fakânsje...

Pleatst: 05-07-2008 / 23:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wurdearring?

Nei't ek it ferslach fan 'e ponykeuring net yn 'e Dockumer stie, ha wy dochs mar wer kontakt opnaam mei dizze krante. Fia in oar e-mailadres dit kear, want wa wit koe it him oan ús 'bysûndere' e-mailadres lizze.

Noch gjin fiif minuten letter, de redaksje fan 'e Dockumer oan 'e tillefoan. Der siet dochs libben yn de Nije... Wat wie no de oarsaak fan al dizze miskommunikaasje?
Se wienen oergien op in oar systeem, dat naam safolle wurk mei him mei, dat se fersloegen der eins yn . De iene wist fan de oare net fan de ôfspraken. Belied fan de krante is nij. Koartere stikjes, mear foto's. 'Lange ferhalen sit net ien op te wachtsjen,' neffes de redakteur. Boppedat is it belied dat alles wat yn it wykein plak fûn hat yn 'e moansdeikrante komt te stean. De tongersdeikrante is mear bedoeld foar oankundigjend nijs. It doarpsfeest hie der al (koart) ynstien en ek it konkoers Hippique wie yn de moandeiskrant wiidwreidich oan bod west. 'Dus wolle wy der tongersdei net op werom komme...'

De redaksje makke harren ûntskuldigingen dat it sa gien wie. Bêst genôch. Mar dit wie, sûnt wy stikjes foar de Dockumer skriuwe, de safolste kear dat wy tsjin soksoarte fan saken oanrinne. Boppedat doe't wy nei it tillefoantsje yn de tongersdeikrante fan dizze wike seagen, stienen der allegearre stikjes yn fan eveneminten dy't yn it wykein plak fûn hienen. Belied? Hokfoar belied...?? It liket wol willekeur!

Boppedat begjinne soksoarte fan blêden allegearre op elkoar te lykjen. As wy yn Balk komme, is der ek sa'n blêd allinne hjit it dan Wijd & Zijd. Ek krije wy no elke wike in blêd yn 'e bus mei de namme Fryslân. It wurdt allegearre kommersjeel en plak foar doarpsnijs is der amper mear.

Wy ha it al hiel faak tocht en sein, mar no is it einliks safier: wy sizze de Dockumer op!

Wy nimme in abonnement op it Nijsblêd fan Noardeast Fryslân. Stjoere wy ek altyd stikjes hinne. Wurdt altyd keurich pleatst, wurdt nea wat oan feroare en se stjoere altyd keurich in berjocht dat se ús stikjes krigen ha. Boppedat ha se in moaie ynternetside as oanfolling op harren krante.

Wy rêde ús fanôf no mei 'de Kollumer', Wâldnet en Hichtepunten fansels...

Pleatst: 04-07-2008 / 16:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dobberje...

It is fakânsje en it is hearlik waar! Mar de rêchklachten binne noch altyd net oer. Soks duorret lang en dat wit ik... Ik ha my foarnaam om dizze fakânsje it herstelproses net yn 'e wei te sitten. Net swier tille, net tefolle sitte, de oefeningen trou dwaan en foaral ek yn beweging bliuwe.

Sa ha ik hjoed in slach om west op 'e fyts, stadichoan opbouwe... Ek kuierje ik wol gauris hinne en wer de mûne. Krekt sa'n loopke. Dat dit it moaiste kuierpaad fan ús omjouwing is, witte mear doarpsgenoaten en hast elke kear kom ik guon tsjin. Moai om dan even in praatsje te meitsjen. Safaak sjogge wy elkoar ek net en dan is it wol aardich om even by te praten. Justerjûn kaam ik op it bankje telâne, dêr siet Jild te fiskjen. Wy kinne elkoar goed, want ús bern ha byelkoar yn 'e klasse sitten. Boppedat wienen Jild en syn frou doetiids ús skoalleskjinmakkers. En it wienen hiele bêste skjinmakkers, sokken treffe jo hjoed de dei net mear, want skjinmakkers meie tsjinwurdich neat mear dwaan. Prullebakken meie net mear ferset wurde, ruten meie net mear himmele wurde en sa kinne wy wol in hiele lange list meitsje. Soks kaam net yn harren op. De boel moast skjin! En dan wie it ek skjin, wy krigen altyd in protte kompliminten oer ús himmele skoalle.

Wy ha moai even bypraat. Suver even gesellich. En de dobber gie nea nei ûnderen. Siet der wol wat oan? Wie de angel útlein om nei in praatsje te angeljen? Doe't Jild de angel ophelle, siet der noch wol in wjirm oan, mar de fisken hienen der gjin bek op setten. Mar it koe Jild neat skele, hy rûme de angel op en teach op syn skoeterke nei hûs...

Jûn kaam ik Geart tsjin. Ek even in slach om op 'e fyts. Geart moast earst in pony losmeitsje. Dy siet mei it ket om in beamstronk. Foardat de ALF de boel yn 'e brân stekt, sa wie Geart syn kommentaar. Geart is in humoristysk man en kin der moai by komme. Mar al gau hienen wy it oer ús kwalen. Elk minske hat wol wat, sa wie ús konklusje, de iene wat slimmer as de oare, mar wy mochten net kleie. Wy ha hast wol in kertier oan it praten west, dêr yn 'e jûnssinne op 'e Stoepawei. Moai dat soks kin yn ús doarp en moai dat elkenien sa meilibbet mei elkenien. Dan ek noch de rêst fan it plattelân, de wide kimen en it skitterende waar. Ik moat der net oan tinke en ryd mei in karavan rjochting it suden fan Frankryk.

20 Kilometer file en in lege Stoepawei...

Pleatst: 01-07-2008 / 23:15 oere - Reagearje? - Nei boppen