Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Twa stjerren…

Soe it no de fiifde kear wêze as wiene wy noch mar by fjouwer? Ik soe it neigean kinne mar eins soe ik ek net witte hoe. Ja, it hiele weblog trochlêze, mar tsien jier is in hiel set, dan bin ik noch wol even oan it lêzen... Boppedat wa seit dat wy fan alle keare ferslach dien ha, hjir op de side... En yn it weblogleaze tiidrek wiene wy ek al in kear oan it huze-oppassen west yn Westergeast. Wy kinne ús de tiid noch heuge dat dit plakje noch net sa moai ferboud wie as no.

No ja, litte wy it dan mar op fiif hâlde. It is om samar te sizzen ús fêste fakânsje-adres. Moai tichteby, mar dochs in prachtich fakânsjegefoel en fan hjirút dochs net te fier fuort om jûns thús de kninen iten te jaan as om de kontainer by de dyk te setten. Wy passe op de kninen fan ús kollega mar ek op de kninen fan ússels. En ús tún hoecht gjin wetter, dêr rêdt de natuer him sels mei...

Sukses mei de bernebuorkerij, sa stie der op it briefke dat ús kollega klearskreaun hie. Want net allinne kninen hearden ta it beslach, ek twa katten, in tsiental hinnen (dy't fan 'e lêch binne, dat moarns gjin aai by it moarnsmiel...) in hamster, twa ponnys en in hûn.

De hamster hie mar trije poaten, want de kat hie him te pakken hân, dat de doar moast goed ticht. In moaie opdracht foar minsken dy't gjin bisten wûn binne, mar wy hâlde ús der o sa oan, want wy woene perfoarst net dat de hamster aanst as in kangeroe op twa poaten troch it hok hippe moast. De hinnen rêden harren sels, moarns it hok iepen en dan skarrelen se sels harren miel byinoar. Mar ek dat moasten wy wol wat yn 'e gaten hâlde, want de foarige kear dat wy oppast ha, wie der in hin fersûpt en koene wy har briedende kollega ek net fine, mei as gefolch dat harren neiteam fan 'e kjeld omkaam wie.

Lokkich is ús kollega frij nochteren en is se krekt as de hinnen net in wike fan 'e lêch as de feestapel wat ynkoarte is. Mar it mocht dúdlik wêze dat dat net ús doel wie! Wy mochten hjir fakânsje hâlde mar as tsjinprestaasje moasten wie goed op de have passe!

Mar it siet ús net mei…

Ja, it hûs en de omjouwing wiene prachtich, mar wat in waar! Wy seinen sa tsjininoar dat wy alle kearen min waar hiene as wy yn Westergeast op fakânsje wiene. Net slim, mar wol tafallich. Lokkich sit der in kachel yn it hûs. Us kollega har man hie koart útlein hoe't dat wurke. En oars dogge jimme de houtkachel mar oan, sa ornearre hy.

Mar al wat omheech gie, doe't wy oan de termostaat draaiden, de kachel net. It wie ek sa'n yngewikkelde termostaat. In elektroanyske, mei allegearre knoppen en Ingelske ôfkoartingen. Wy ha oeral op drukt, mar allinne de stress waard heger, de temperatuer net. De kachel is no hielendal yn 'e war, want hy slacht no nachts oan en dan wurdt it gleonhjit. Nettsjinsteande dat wy de hantlieding fan de termostaat op ynternet opsocht ha, bleau de kachel syn eigen gong gean. Wy ha de houtkachel net oan dien, want sjoen ús handichheid mei kachels like ús dit net in goeie opsje, hy wie ek al yn in hiel skoft net brûkt en it soe ek wat sneu wêze at de eigeners weromkamen en de boel wie hielendal opbrând, dan leaver in hamster mei twa poaten. Mar de doar hâlden wy goed ticht…

Mar dat wie noch net alles!

Twa grutte frachtweinen, as miskien ek wol trije, fan donghanneler Wassenaar rieden dy wyks de reed op nei buorman. En dêrnei is in trekker dagenlang foar ús ruten oan it dongjen west. Dat jûns mei de tekken oer op 'e bank en de donglucht yn'e noas. Gesellich mei in waksineljochtsje foar wat waarmte. De oare moarns koene wy hast net fan it hiem komme, want de reed wie sa smoarch as in baarch. Allegearre dong en modder en in biezem koene wy ek al net fine. Mar dat wie ek hast net te dwaan, sa smoarch, dat it himelwetter wie dizze kear mear as wolkom en op ús lêste dei wie de reed wer skjin…

De ôfstânsbetsjinningen wiene ek in heikarwei, want it wie in all-in-one, alles koe der mei betsjinne wurde. (Behalve de kachel en jo moatte wol witte hoe…) Dat doe't wy de DVD oan ha woene, gie de TV oan en doe't wy de TV út ha woene, gie it lûd út. Wy ha alle fariaasje hân. Wy ha de TV sels in nacht oan hân om't wy him net út krije koene. Mar miskien gie dêrom de kachel nachts ek wol oan…

En de jam wie ek noch op… Yn it húske hong in blikken boerd mei magnetyske wurden derop. Koene wy ús moai op útlibje, jo moasten dochs wat…

It mei dúdlik wêze dat it wol in bysûndere wike wie. Mar wol moai en rêstich. Wat in prachtich plakje en wat kinne jo dêr moai kuierje. (As it droech wie…) Nettsjinsteande alle ûngemakken, ha wy prachtige dagen hân en alle bisten ha it oerlibbe.

Stel dat wy dizze fakânsje beoardiele moasten op ien as d'oare fakânsjewebside, dan soenen wy sân stjerren jaan. Fiif foar it plak en de akkommodaasje en twa foar ússels.

Twa stjerren op dongfakânsje yn it moaie, mar wiete Westergeast…

Pleatst: 31-07-2015 / 19:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Klaverjasútsje...

Al jierren klaverjasse wy yn it winterskoft mei twa famyljeleden. Dêr sit gjin fêstichheid yn, wy kaarte wannear it ús útkomt. Der kin samar in healjier tusken sitte ear't wy de kaarten wer op tafel lizze. Nettsjinsteande dizze net oanwêzige fêstichheid, slute wy it klaverjasseizoen wol altiten mei in útstapke ôf.

Alle jierren wer yn de simmerfakânsje: it klaverjasútsje... (foto's)

Wy ha al hiel wat pretparken en útgeansgelegenheden besjoen en besocht. Dit jier wie Avonturenpark Hellendoorn oan de beurt. Jierren net west. Mar wat is it in prachtich park! It âlde gebou dêr't it allegearre mei begûn stiet der noch hieltyd. Wol wat ferskûle en oanpast oan de tiid, mar it reiten dak bliuwt herkenber. En dat it park altiten al in populêr reisdoel wie, docht wol bliken út ûndersteande foto. De grifformearde frouljusferiening fan Balk in dei nei it (doe noch) sprookjespark yn Hellendoorn... (Der steane hiel wat bekenden op dizze foto!)

In 1936 bouwde Van den Berg zijn theehuis met terras, Ons Ideaal, op de Hellendoornse berg. Om meer bezoekers te trekken, voegde hij er wat speeltoestellen aan toe. Twee jaar later veranderde hij de naam in Ontspanningsoord De Elf Provinciën. In de loop der jaren werden meerdere speeltoestellen toegevoegd en breidde het theehuis uit naar restaurant. In 1947 begon de aanleg van de Doolhof, wat uiteindelijk drie jaar in beslag zou nemen en daarna werd het restaurant met zalen uitgebreid. In 1956 startte het park met de aanleg van een Sprookjestuin.
(Bron: Wikipeadia)

Pleatst: 24-07-2015 / 15:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fakânsjefoto's...

Dat is hjoed oan de dei prachtich. Fuort-en-daliks kin it thúsfront op 'e hichte brocht wurde fan de fakânsje-avetoeren fan de famylje. Mei foto's en al! En as jo dan sokke moaie plaatsjes ûntfange dan kinne jo it net litte om dizze te dielen. Hjir kinne se yn it grut besjoen wurde.

Mar yn 'e takomst sille wy dit wol misse moatte, want digitaal detoxen is neffens guon dé trend fan dizze simmer. Dan ha wy takom jier wer âlderwetske diajûnen. Foto's besjen fan de fakânsje. Yn ús gefal moatte wy dan 1034 plaatsjes bylâns, want safolle binne der sketten yn België...

En foar wa't net wit wat in diajûne is: Omroep maxim dia Avondje

Pleatst: 21-07-2015 / 14:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moarns om healwei fiven...

Sa as ik al fertelde, foarige wike gienen wy ier en betiid op reis nei België. Dat hat goed foldien. Hast soe der yn dat betide oere in kink yn de kabel komme, want sa betiid hat de plysje neat te dwaan en waarden wy flak by Bitgumermûne oanhâlden. Wy rieden te hurd, neffens Tom Poes. Dat kloppe, mar wy rieden gjin 120, sa as de man bewearde. Wy rieden 100 wêr't 80 tastien wie...

Wy fertelden dat wy op fakânsje gienen, dat wy byelkoar hearden (ek de BMW waard oanhâlden) en dat wy dêrom sa betiid fourt gienen. En dat hurde riden wie dochs net sa'n probleem? Der wie gjin minske op 'e dyk. Mar dêr trape hy net yn, jo meie hjir 80 ek moarns betiid. En dêr hie de man fansels gelyk yn. Stel jo foar dat der in ree foar de auto komt, sa sette hy syn arguminten krêft by, dan giet it mâl by 100 kilometer yn de oere. (Ek by 80, mar dat hâlde ik mar foar my, de man wie fleurich, der hong gjin boete yn 'e loft en dat woe ik ek mar sa hâlde...)

Dochs koe ik it net hielendal litte, want doe't ome plysje frege oft wy fleane soene, doe andere ik: Dat ha wy krekt dien... Mar dit kaam net hielendal oer, leau'k. Hy winske ús in goeie fakânsje ta en sy setten wer ôf. In warskôging en it earste oere fan de reis folop praat...

Dat it ek oars kin op dy rûte, die wol bliken út dit berjocht fan dizze wike. Soks roait fansels nearne nei. Jo heare jo fatsoen te hâlden yn it ferkear ek al fine je dat jo in grut ûnrjocht oandien wurdt... En dat dat wolris dreech is, dat dei wol blike út 'e weromreis doe't op datselde stikje dyk dêr't it no tsien kear sa drok wie as op de hinnereis, jo auto's en motors foarby skeaten, dy't yndie 120 as sels folle hurder riden. Wêr binne ús grutte freonen dan!?


De foto is (stikum) makke troch Mieneke...

Pleatst: 17-07-2015 / 14:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op 'e achterbank...

Wy ha in wike nei België west. Yn in smûk fakânsjehúske yn 'e buert fan Ieper yn it súdwesten fan België. Mei Marten Remko en Mieneke en de bern. In prachtig plakje en skitterend waar. Lokkich net al te waarm...

Neidiel is wol dat jo fanôf it noarden fan Fryslân in hiel skoft yn 'e auto sitte. Hinnereis wienen wy de moarns om healwei fiven - dêr giet it blog de folgjende kear oer - al fuortgien en dat foldie bêst! Likernôch om kertier oer tsienen wienen wy al te plak yn Zillebeke. Mar de weromreis wie wat dreger. Om tsien oer tsienen rieden wy fuort en om kertier oer fiven de middeis wienen wy wer op 'e Fryske klaai. Litte wy it sa sizze: wy binne hiel wat auto' tsjin kaam en ha ek in pear kear yn 'e file stien. Lokkich dat der dan airco is...

Us âldste pake- en beppesizzer siet by ús yn 'e auto en dat gie poerbêst! Hy hat him net ferfeeld. Hy wie wakker oan 'e gong op 'e iPad. De batterij wie dan ek skjin leech en it lêste ein nei it noarden moast hy it dwaan mei anologe plaatsjes fan de omjouwing... En as je dan nei ôfrin de iPad besjogge, dan docht bliken dat der ûnderweis hiel wat plaatsjes sketten binne, mei effekten en al. Pake achter it stjoer en beppe dernjonken.

Beppe moast Tom iderkear wjerhelje, want ja, pake is wat doof en hy hearde dan wer net wêr't Tom ús hinne ha woe. Op't lêst ha jo hiele petearen mei Tom: Ja Tom, dat wit ik no wol... Nee Tom, wy kinne hjir net omkeare... Op 'e weromreis begûn ús pake- en beppesizzer ek al tsjin Tom te praten. En doe't pake tsjin him sei sei dat dat net hoegde, sei beppe: Ja mar do dochst it sels ek...

Sokke lange reizen dogge al wat mei jo...




Famyljeleden kinne hjir it fotoalbum besjen.

Pleatst: 14-07-2015 / 15:08 oere - Reagearje? - Nei boppen