It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Op it skoalleplein...
Fuortjeije...(2) Doe't ik de links yn it ferhaal fan justerjûn noch even kontrolearre, kaam ik by de link fan de printercartridge dizze opmerking tsjin. Yn in beoardieling fan in klant waard it loopke nei de winkel mist...
Dan mei hy fan my syn loopkes yn Dokkum dwaan en dan sjen oft hy der dan noch sa oer tinkt. Grappich en in moai tafal!
Fuortjeie…
Dat wie no al de twadde kear dat in winkelferkeaper tsjin ús sei dat it artikel dat wy sochten yn Dokkum en de wide omkriten net te krijen wie… Wat mankearret dy ferkeapers? Op dizze wize jeie se de klanten Dokkum út. Dêr kin gjin stêdsmanager tsjin op. Alle war om it folk nei Dokkum te krijen foar neat. Rapporten fol advizen en oanrikkemandaasjes, plannen foar (alwer) in werynrjochting om de stêd mar oantrekliker te meitsjen, it hat op dizze wize gjin nut. Mei sokke advizen fan it winkelpersoniel komt aanst gjin klant mear nei Dokkum te winkeljen. Eigen skuld… Ik sil it útlizze…
Ik moast in printercartridge brûke. En wol op deselde dei, bestelle fia ynternet wie gjin opsje. Der moast no printe wurde! By in grutte elektroanikasaak yn 'e binnenstêd soe hy fêst wol te krijen wêze. Man wakker kompjûterje en opsykje, mar hy hie him net yn 'e winkel. En om't it wol wat in bysûndere cartridge wie, sei de ferkeaper histoaryske wurden: Dizze is net yn Dokkum te krijen, gjin inkelde winkel hat soks op foarried… Ik kin him wol foar jo bestelle. Oh? Dus mar wer nei hûs? Suffert fan Expert… Ik seach him oan en sei: Oh ja? Hoe witsto dat? Hast dat kontrolearre? Hy stammere der mar wat yn om en begûn oer net gongbere artikels en mear fan sokke ûnsin. Dan wurd ik dwers en gean just wol by alle winkels lâns, dy't soks ek ferkeapje… En dat moatte jo ek advisearje! Eartiids, doe't ik as fakânsjebaantsje by myn omke yn de Doe-Het-Zelf winkel wurke, wiene sokke opmerkingen uit den boze! Kom sis, dat mochten wy net sizze! Altiten advisearje om even by de konkurrint te sjen, miskien hat dy-as-dy it wol. Wêrom? Dan moasten se wer even op 'n paad. Wer even troch de winkelstrjitte en wylst koene de klanten dan harren gedachten gean litte. Moast ik noch net wat helje? Oh, wacht, ik rin no lâns de drogist, ik moast ek noch wat toskboarstels ha… Sa wurket dat! En dan hoopten je dat de winkellju dat yn 'e oare saken ek seinen. Sjoch mar even by Van der Heide, dy hat soks wol… Nettsjinsteande it nuvere advys fan de ferkeaper, bin ik dochs Dokkum yn gien. En ik ha de cartridge fûn! By Oké PC! En dêr gean ik tenei ek as earste hinne. Ik wie yn steat om werom te gean nei Expert, mar ûnderweis ha ik my betocht. Lit mar. Op Facebook en mear (bytiden a-)sosjale media-sites wurde al mear as genôch healwize wurden spuid. Guon moasten eins earst ek in loopke dwaan, eart se harren miening delskriuwe…
De foto is printe! En dat wie it doel. Net te krijen… haha! En ik moast ek noch in pear fiters ha, foar myn skuon. Dy lûk ik altiten binnen in pear wike stikken. Hie'k no net sa dwers west en gean dochs op syk nei de cartridge, dan hie ik wer gjin fiters meinaam. Want dat skeat my yn't sin doe't ik, dochs wat lilkich, troch Dokkum banjere.
En Zwart wie o sa aardich doe't wy om geskikte fiters sochten. Hy is mei my it hiele rek lâns west. Om sterke fiters te sykjen. In kwinkslach derby en de fiters dy't ik eins ha moast, wiene te lang, mar dizze wiene ek goed. En mei twa, yn pleats fan ien doaske fiters gie ik, no wer fleurich, de winkel út. Sa moatte jo it oanpakke! Ek al binne it mar in pear fiters, de klant is Kening!
|