Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Noch ien kear oer it feest...

Ha jimme it ferslach fan ús doarpenfeest mist yn de Dockumer? Dat kin kloppe, want der wie yn de kommunikaasje wat mis gien. Mar nettsjinsteande tasizzingen is it ferslach net pleatst. Ik koe it net litte en stjoer even in koarte reaksje nei 'ús nijsblêd'. Ik bin benijd. En fia dizze link kinne jimme it ferslach, sa as dat nei de Dockumer stjoerd is, lêze: doarpsfeest 4h-doarpen.

Geachte redactie,
We geven toe, onze feestcommissie heeft verzuimd om u op de hoogte te brengen van het feit dat het verslag van ons dorpenfeest voor de donderdagkrant ingeleverd zou worden.

Vandaar dat u op eigen initiatief een foto en een (hele) korte impressie geplaatst heeft. Na telefonisch overleg werd alsnog toegezegd dat een verslag geplaatst zou worden. Vandaar dat ondergetekende achter het toetsenbord is gekropen om een verslag te maken.

We vinden het ronduit teleurstellend dat er helemaal niets is geplaatst. U zult daar vast een zeker uw redenen voor hebben, maar het stuit ons toch tegen de borst dat we ondanks onze inspanningen niets van u hebben vernomen. U neemt zelfs niet de moeite om via een reactie of een e-mail ons op de hoogte te brengen van uw besluit en/of de regels die u hanteert.

Dat ontneemt ons de volgende keer echt de moed om weer een verslag te maken voor 'ons' nieuwsblad. Uw beleid en 'klantvriendelijkheid' werkt op deze manier zeer ontmoedigend terwijl u het toch van ons als 'correspondenten' uit de dorpen moet hebben.

We sturen onze bijdrage voortaan vanuit de binnenlanden van Suriname. Wellicht plaatst u dan een paginagroot verslag, met foto's en al...

In afwachting van uw reactie, met vriendelijke groet,

Pleatst: 30-06-2008 / 19:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

It sil wol stoarm rinne...

Mar goed dat ik yn de fakânsje thús bin, dan kin ik de stroom tillefoantsjes rêstich ferwurkje. Foar de leafhawwers klik op dizze link: it dit wat foar jo?

Pleatst: 30-06-2008 / 15:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

CSI-Ashok...

Lammert de Hoop hie it yndie hielendal mis dat it de earste kear wie dat der in musikal dien waard. Yn skoallejier 1989-1990 is der ek in musikal dien troch groep 8 mei de namme Dokter Pompelmoes in groente en fruit.

De koarte ynhâld fan it stik:
Pompelmoes (handelaar in groente en fruit) belandt zonder het te willen in de behandelkamer van dokter Monami en wordt prompt tot diens plaatsvervanger gebombardeerd. De echte plaatsvervanger, dokter Lammesien, staat met pech onderweg. Pompelmoes heeft voor alle patiënten een prima en gezond recept en iedereen is erg in zijn schik met de nieuwe dokter. Iedereen behalve dokter Lammesien.

It stik is doe mei mooglik makke troch de ynstekker dy der juster jûn oars ek wie, dy hie it dus witte kinnen. Ek hat dy persoan meiholpen om it stik yn te studearjen. It dekorstik is der sels noch, nei goed 18 jier!

Groetnis Ashok Dijkstra

Pleatst: 28-06-2008 / 18:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

TOP!

Tradisjoneel is de lêste skoallewike ien fan de drokste wiken fan it jier. Oprûmje, petearen, rapporten, ôfskie fan groep 8, in feestlike lêste skoalledei en no op 'e fjouwerHoeke ek noch de opfiering fan in ôfskiedsmusikal. Drok, drok, drok... Wy fine dat hielendal net slim, want wy sizze altyd: nei sa'n wike kinne wy seis wiken lang bekomme!

En dat is ek ien fan de moaiste gegevens yn ús fak. De moaie lange fakânsjes. Guon kinne dêr allemachtich oer seure: ha jimme alwer fakânsje? JA! Moai net! Mar de measten witte net heal wat der allegearre yn sa'n skoallejier barre moat en guon ha allinne mar kommentaar, lekker maklik. It sille wol frustraasjes wêze fan froeger.

No binne wy wol wat oan it generalisearjen, want dat it ek oars kin docht wol bliken út 'e aardige kadootsjes dy't wy oan it ein fan sa'n skoallejier krije. Blommen, sjûkelade, drop, kaarten en brieven, kompliminten en in stevige hân.

It wie geweldich wat de bern fan groep 7 en 8 fan de fjouwerHoeke justerjûn sjen litten ha yn harren musikal 'Strafkamp 8'. It wie yn ien wurd TOP! Geweldich songen en spile. It wie goed te sjen dat se hiel goed oefene hienen. De dûnskes wienen perfekt en om op sa'n lyts poadium mei safolle bern út 'e fuotten te kinnen, freget hiel wat kreativiteit. Der sieten geweldige fynsten yn it stik en it mei dúdlik wêze dat wy ús allegearre tige fermakke ha. De steande ovaasje wie mear dan terjochte.

Mar Lammert de Hoop siet al mis mei syn opmerking dat de fjouwerHoeke histoarje skreaun hie en dat dit de earste musikal wie dy't troch bern opfierd waard. Yn it grize ferline waarden op alle âlderjûnen toanielstikken dien en ien fan dy stikken wie in musikal. It wie yn de tiid dat Paulus en Sipie Bandsma ús achterbuorlju wienen en nei't wy meielkoar it poadium oanklaaid hienen, ha wy by harren noch even gesellich neisitten en spruts Paulus de histoaryske wurden: 'Ik sil even achter it lûk sjein...' En dêrmei doelde hy op de flesse jenever dy't hy, om him kâld te hâlden, achter in lûk yn 'e gong delsetten hie...

Wy ha noch faak as personiel dizze útdrukking brûkt as wy nei in gesellige dei noflik nei sieten te praten yn de personielskeamer. Ik hoopje dat it dúdlik is dat wy noait wat sterks achter de lûken yn skoalle hienen. Dêr leinen âlde boeken en dêr stie allinne mar de molkbus fan it skoallereiske. En dêr sit gjin sterke drank yn, jo moatte allinne sterk wêze as jo sa'n folle molkbus mei ranja sjouwe wolle...

Pleatst: 27-06-2008 / 14:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hoera!

Pleatst: 27-06-2008 / 13:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest! (de ein)

Pleatst: 23-06-2008 / 22:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dûbel Feest! (2)

Net allinne mei de strjitfersiering wie ús buert suksesfol ek de seiskamp ha wy wûn! Dat is dochs wol in prestaasje en ik tink dat it yn ús hast 30-jierrige buertferline de earste kear is! Dat Nederlân ferslein, mar de Terpen yn de finale!

It mei dúdlik wêze dat fan it winnende team in protte foto's makke binne by de seiskamp. Klik hjir foar mear foto's: Seiskamp

Pleatst: 22-6-2008 / 11:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dûbel Feest!

De Terpen rules...

Pleatst: 21-06-2008 / 13:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest! (5)

Dat hakte der fuort goed yn, de earste feestdei. Wy ha om samar te sizzen de dei goed meimakke. Fansels earst de fersiere weinen, de foto's stean op dizze side, in bakje kofje mei ús gasten en doe op nei Gaasterlân. Ja lêzers, jimme lêze it goed, wy binne út de hektyk fan it feest ûntsnapt om mei ús famylje de trouwerij fan ús nichtsje te fieren. Yn it moaie âlde riedhûs fan Balk. En nei't se elkoar it jawurd jûn hienen, tufte it breidspear yn in echt houliksboatsje nei paviljoen Badmeester Keimpe om it feest dêr fierder te fieren

Om seis oere sieten wy alwer yn 'e auto rjochting it noarden. Nei in 'fast' hapke by McDonalds wienen wy moai op tiid foar it kabaret wer thús. Wy hienen noch nea earder heard fan Tweeboereneneendominee (ja, sa skriuwe jo it) mar it wie in ûnderhâldende jûn yn ús doarpshûs. Nettsjinsteande dat de ljochten útfoelen, ha de mannen it der knap ôfbrocht. (Hoewol dat fan dy ljochten wie harren eigen skuld, dan moatte jo de haspel ek mar hielendal útdraaie, dan sjit de befeiliging ek net iderkear út...) Nederlânsktalich yn in poer Frysk doarp, dat is dochs wol in komplimentsje wurdich. It lêste sketske wie it moaiste en soks hienen se foar feestpublyk eins wat mear dwaan moatten.

En doe op nei de tinte! Gesellich dûnsje mei duo Dûbel Dyk. Se hienen de feestgongers goed mei en nei't wy ek dit feest wer meifierd hienen, binne wy al wat wazich nei hûs ta sketten. Oh ja, de goes stiet noch en ik bin der leau'k net tsjinoan knoffele...

Pleatst: 21-06-2008 / 11:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest! (4)

Klik hjir foar noch mear foto's: Fersierde weinen

Pleatst: 20-06-2008 / 12:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest! (3)

It mei dúdlik wêze dat de skriuwer fan dit log sa no en dan even 'net thús' is, want ús grutte doarpsfeest moat tared wurde. Elke jûn oan 'e gong. En... neisitte fansels! Sa sieten wy woansdeitejûn Chez Café Bob hiel gesellich en kamen alle âlde ferhalen oer de buert wer boppe.

Juster tuskentroch noch even op skoallereiske west. Moai plakje, de ferkearstún yn Assen. Dêr kinne jo wol in dei omslaan. It moaie fan dit park is, dat al it iten fergees is, mits de begelieders it ophelje. Want fansels kinne jo de bern der net yn omgraaie litte.

It wie hjir fan 'e moarn ier en betiid in drokte fan komsa yn 'e hûs. Nuver, want jo soenen sizze dat elk even kalm oan wekker wurde moat nei sa'n playback-jûn yn 'e tent. Neat fan dit alles, mannen yn djoere pakken strúnden fan 'e moarn yn 'e hûs om. Wisten se net hoe't in strikje om moast en dat jo de hannen net yn 'e bûse ha meie. Snap ik net, dat se soks net witte, sokke 'wrâldmannen'. Se wienen sa betiid omdat se mei harren feestwein hiel Hantum út bêd blaze woenen. Mar as dit slagget? De mannen binne sels amper wekker te krijen...

Pleatst: 20-06-2008 / 7:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest! (2)

It wurdt mar moai op 'e buert. Jûn wakker oan 'e gong west. It giet dat it slydjaget! Wy moatte ús ynhâlde, oars is de fersiering foar it feest fuortwaaid en ferreind.

Moai sa meielkoar oan 'e gong. Dat hat wol wat en it fersterket de buertbân, foar safier dy der noch net wie... Prachtich dat buorfrou mei in grut blêd kofje oansetten komt mei in grutte panne wite koeke. Dat smakket altyd wer bêst en wy sitte hast mear te kofjedrinken as te pitsjedraaien.

Grutte fraach is: knalle wy no tsjin de guozzesnaffel oan as wy nachts út 'e tinte komme? It is my al ien kear bard en doe hie'k allinne mar kofje hân. Lokkich hingje der ek twa ljochtsjes boppe...

Pleatst: 16-06-2008 / 21:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest!

Wylst hiel Fryslân de Slachtemaraton kuiere, wie Hantum dwaande mei in grutte kriich. Wa is dit jier earst?

In wike fan te foaren is de boel al hast klear. Jo soenen mei rjocht sizze kinne: dit is swier oerdreaun. It soe fansels wêze kinne dat de Hantumers hielendal yn de eufory fan de oerwinningen fan it Nederlânsk âlvetal libje, mar sjoen de nochterens fan de o sa rêstige terpbewenners, wol my dit suver net oan.

Ien fan de strjitten siet fan 'e moarn al om tolve oere oan it bier. De mâlens slacht ta en it fersieren fan de strjitten is in hype oan it wurden.

It is dat wy ús buorlju ynhâlde koenen, want oars hie de hiele boel foar de snein klear stien. 'Litte wy it mar fêst klear sette, wat dien is is dien...' En wat moatte wy takom wike dan dwaan? Fansels Nederlân sjen op tiisdeitejûn, mar dan bliuwe der noch genôch jûnen oer om ús moaie plannen ta útfier te bringen.

'Wat wy dan dwaan moatte? Bier sûpe! ' sa sei ien fan de bewenners. Jaja, en dan de TROM-Pet op 'e holle en wy kinne mei rjocht sizze: it is harren yn 'e/op 'e plasse slein!

Pleatst: 14-06-2008 / 21:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dieselpriis...

It is noch krekt te sjen, in fantast hat yn de smoargens op de tankauto skreaun: 'Waarde Transport'. En sa is it mar krekt mei dy astronomysk hege oaljeprizen.

Pleatst: 13-06-2008 / 23:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Flierbedekking?

Wat is dit no wer? De hiele flier yn 'e keamer leit fol mei steapeltsjes papieren. Moatte wy de boekhâlding opskjinje? Ha wy de belestingtsjinst oer de flier? As lizze wy alle plannen, protokollen en foarskriften foar it ûnderwiis op in rychje. Neat fan dit alles. Wilma hat de ferskate ponyrassen útsocht. Elk ras, elke rybryk op in eigen steapel. En dat hat wer mei it Concours Hippique yn Dokkum te krijen. Wa wit, letter mear.

Pleatst: 12-06-2008 / 21:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Hynstebiter (2)

Lokkich, dochs noch in antwurd:

'Beste Familie van der Heide,
Het is een Platbuik. Libellula depressa . Sorry voor de late reactie en bedankt voor de waarneming. Als u meer ziet, horen we het graag! Stuur dan voor sneller contact even een mailtje naar anax@home.nl
Vriendelijke groet,
Coördinator Hynstebiter'

Pleatst: 11-06-2008 / 17:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn 'e ban fan...

Geweldich, wat wie dat moai! Fan 'e moarn binne wy mei de bern fan de heechste groepen nei de Harmonie yn Ljouwert west. Dêr joech it Noard Nederlânsk Orkest in saneamd Pieter Roelf Jeugdkonsert. It tema fan dit konsert wie 'Lord of the Rings' fan Johan de Meij. René Groothof fertelde it ferhaal fan de ring. Hy die dat sublym en de muzyk wie oerweldigjend. Ek de bern fûnen it prachtich en se wienen nei de tiid hielendal 'yn de ban fan de ring...'

Op 'e weromreis kaam ik Marten Remko ek noch tsjin op in grutte trekker. Midden yn Ljouwert, by in rotonde. Wy sieten beiden sa te sjen: it is dochs net wier... Mar doe't ús fermoeden kloppe moasten wy wakker hannen opstekke fansels. De bern by my yn 'e bus freegen wa't dat wie. Doe't ik dat ferteld hie, sei it famkje dat njonken my siet: 'Is hij dan boer?' Tsja, wat moatte jo dan sizze. It is dat de trekker dêr't hy op ried in John Deere wie en gjin Case, oars hie 'k sein: 'Hy is Casemanager...'

Pleatst: 09-6-2008 / 22:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grut wurd...

Klik foar in reportaazje... Dit hienen jimme noch fan my tegoede!

Ferline wike hie de menklup, dêr't Wilma al jierren lid fan is, harren jierlikse iepen klupkampioenskippen. Prachtich waar en in hiele noflike dei. De dielname foel wat tsjin, mar de geselligens wie der, neffes Wilma, net minder om. It mei dúdlik wêze dat dizze man thús siet, want it gers moat ek meand wurde...

No die in kollega fan Wietsche, Wilma har suster, wat denigrearjend oer de hynstesport. Dat is dochs in makkie, sa wat troch dy hindernissen krosse... Dat stelt neat foar, boppedat wat binne jimme ynspanningen? It hynder docht dochs alles?

Nee, dan de triatlon, dat is nochris ôfsjen, dat komt der pas op oan, dêr is dy hynstesport neat by. Jo kinne dat ôfwaaid praat wol, ôfjaan op in oar syn leafhawwerijen (akkordeonspylje bygelyks...)

No jonge, lit do dan mar ris sjen asto yn in gaadlike tiid op it fytske troch sa'n hindernis ride kinst. En dêr stie menear ferline wike sneon, sorry saterdei, want it wie yn 'e wâlden, op syn sportfyts yn fol ornaat. Foel ek noch net ta, want jo moatte de hindernis wol yn 'e goeie folchoarder trochride. Mar hy gie de útdaging oan en dat is dan ek wol wer in pryske wurdich... Klik op de foto foar in fotoferslach.

Pleatst: 08-06-2008 / 10:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest!

Dat wie hiel gesellich justerjûn! Wybe en Gepke, ús buorlju, trouden. Derhinne fansels, want Wybe sjongt ek noch yn ús gelegenheidskoar Rûm Sop. Woansdei hienen wy o sa oefene om in aardich ferske foar it feest yn te studearjen. Sân oere wie de tsjerketsjinst en dêrnei it feest yn it doarpshûs fan Ternaard.

It wie in moaie spontane tsjinst mei prachtige muzyk op oargel en fluit. By it útgean kaam ik njonken in wat âlder echtpear te rinnen. 'Binne jo ek dûmny? Jo komme my sa bekend foar...' Ik moast wol laitsje om dizze frou, dûmny haha! 'No gean ik wolris foar, mar net yn tsjerke,' lake ik har ta. Har man lústere heal mei en stompte har wakker oan. 'Eh nee je, dat is hy ommers, fan Klún & Knoffelhakke...' Doe seach de frou it ek en wy hienen de grutste wille. Se makke wakker har ûntskuldigingen, mar ik fûn it hielendal net slim. Soks fyn ik wol moai...

It wie in prachtich feest yn it smûke, stampfolle doarpshûs. Fansels ha wy it breidspear even tasongen en it slagge o sa. Wyby en Gepke sieten moai foar ús te harkjen nei ús feestlied. Wybe woe der net tusken stean. 'Ik wol no ris heare hoe it sûnder my klinkt,' rôp hy ús ta. It klonk wol goed leau 'k, want elkenien wie wakker entûsjast. No dan binne wy it ek.

Ik bliuw mar eigenwiis en meitsje foto's op jûntiid mei de mobyl. Fansels wurdt it in foto fan neat en is it breidspear amper te sjen yn de golven fan ljocht en swaaiende hannen...

Pleatst: 07-06-2008 / 22:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Och...

Rêstich ried ik oer de Pibemawei. Meastal sjitte der fûgeltsjes út 'e berm. Bang foar de 5 silinder diesel. ( Ek hast net mear te beteljen, trouwens, dy diesel...) In lyts fûgeltsje skeat flak lâns de snút fan de auto. Oh heden, dy sit yn 'e gril tocht ik. Yn 'e spegel seach ik it fûgeltsje nuver fladderjen en rûntûmeljen. Net yn 'e gril, mar wol rekke!

Nijsgjirrich draaide ik de bus. It is dêr o sa rêstich. Al gau hie'k it slachtoffer fûn. Lokkich stienen der gjin fotografen fan Wâldnet by, dat rêstich koe ik it fûgeltsje oppakke en besjen. Dy fljocht net mear, dat koest sa wol sjen. Mar wat foar fûgeltsje wie dit?

No ha ik ús fûgelboek yn 'e kabaretkoffer, want dat boek brûke wy by ús foarstelling, dat ik moast it mar ris op it ynternet opsykje. Mar it koe ek oars, sa skeat my yn't sin. By Rûm Sop sit in echte fûgelkenner, dy soe fêst witte wa't ik oanriden hie.

Wy wienen der gau út. It wie de 'Gele Kwikstaart'. De Fryske namme wit ik net sa gau. Ek noch wol in fûgel fan de 'Rode Lijst'. Echt bliid dat der gjin plaatsjemakkers by wienen! Ik sjoch de reaksjes op Wâldnet al foar my. En it leit al sa gefoelich, dêr yn 'e buert fan Brantgum...

Pleatst: 05-06-2008 / 23:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Heide op it wetter?

De oplossing fan it libellefraachstik kaam hjoed út in ûnferwachte hoeke! Hjoed binne wy mei de famylje fan myn heites kant in dei mei de boat fuort west. In famyljedei op it wetter. Myn tante, ús heit syn suster, waard tachtich en sy soe it prachtich fine dat alle broers, susters, neven, nichten, achterneven en nichten, en achter-achternichten mei harren oanhang dizze dei mei har mei meitsje soenen. Der koenen sa'n 90 famyljeleden komme. In boat fol Van der Heides dus...

It waard in hiele noflike, gesellige en goed fersoarge dei, dêr op it wetter yn 'e súdwesthoeke. Koenen wy moai even byprate mei famyljeleden dy't wy yn jierren net sjoen hienen. Sa die bliken dat myn âldste neef as hobby natoerfoto's makket. En ek noch hiele moaie! Sa hie hy ek in hiele searje foto's fan libelles makke. Doe wie ús libellefraachstik gau oplost, want ek it eksimplaar dat wy achter yn 'e tún fûn hienen, stie op 'e foto. It mantsje fan in 'deagewoane' Platbuik, in libelle dy't algemien foarkomt. Mar dat hienen wy ek al tocht.

It wie wol hiel aardich dat myn neef Wieb van der Heide ús jierdeifierende tante in hiele moaie, selsmakke foto oanbea. In flinterfoto. Fan it 'Heideblauwtje' fotografearre op in heideplantsje. Hoe tapasselik! Mear heide koe hy net op 'e foto krije, sa sei hy. Sjoch op syn webside foar noch mear moaie natoerfoto's: Natoerfotograaf Wieb van der Heide.

Pleatst: 01-06-2008 / 21:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hynstesport?

Letter mear oer dit spektakulêre evenemint. No earst mei de famylje op boatreis...

Pleatst: 01-06-2008 / 08:23 oere - Reagearje? - Nei boppen