Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Setjes en pretjes...

Juny, de moanne fan de eveneminten. Meielkoar yn aksje foar it goede doel en mei noch 800 oaren sa'n €41.700,- byelkoar rinne, in prachtich en gesellich optreden yn Hilaard en fansels ús eigen doarpsfeest, mei in lyts flaterke yn de útslach. Dy moat sa wêze...

De 1e prijs: Willem Tilma en Bauke Zijlstra
De 2e Prijs: Geert Kuipers en Matty Posthumus
De 3e prijs: Renze Wouda en Hendrik van der Heide
De 4e Prijs: Gryt Sijens en Wietske v/d Woude

Dat jimme it mar even witte ;-)

En de doaze mei snobbersguod dy't wûn is, is al op. Deselde dei noch...







Pleatst: 24-06-2015/ 14:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spa read...

Samar ynienen. Kraan leech... Dan is Twitter wol maklik. Mar oft de reparaasje krekt sa hurd giet as dizze Tweet, dat falt te betwifeljen...

Pleatst: 08-06-2015/ 11:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wiet...

Prachtich moai waar ôfrûne freed. Tsjin 'e jûn oan soe der in (ûnwaars)buike falle kinne. Falt wol wat ta, soe't net?

As ik myn toanielklean oandoch, lis ik myn boek meastentiids yn it lid fan de koffer. In fêst plakje en maklik werom te finen. De koffer lei, mei it lid iepen, tsjin de iepening fan de tinte, it wie noch lekker warm waar. En mocht it dochs reine dan foel it fêst ta, want de iepening siet oan de eastkant fan de tinte en de buien kamen út it súdwesten.

Foel net ta dus. Ja, wy bleaune wol droech, mar de koffer net! Reinwetter fan it tintedoek ôf wie moai yn de koffer streamd. Lokkich allinne mar yn it iepen lid. Mar ja, wat lei der ek alwer yn?

Nettsjinsteande dat ik de broek yn it skoft fan ús prachtige optreden yn Ouwe-Syl even op 'e line hongen hie, koe de broek nei ôfrin echt net oan. It drûget neat net earder as oan it lichem, gie yn dit gefal net op. Koe der sa net yn omrinne. En de broek wie ek op s'n nuver plak wiet. As it no allinne mar de boksen wiene as sa...

Hoe ik it dan hân ha? Dat litte wy mar oan de fantasy fan de lêzer oer. Litte wy it sa sizze, wy ha altiten in koffer fol klean by ús...

Nee! Net yn in jurkje...

Pleatst: 07-06-2015 / 16:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tafersjochhâlder...

Juster yn 'e neimiddei wie'k tsjûge fan in wol hiet healwiis tafrieltsje. No healwiis... Eins wie it ûnfoarstelber, dat ús gemeente soks stimulearret, net te leauwen...

Fanwege nochalwat ferbouwingsdrokte yn ús strjitte, is der hast gjin parkearplakje mear frij. Kontainers op 'e dyk, betonmûnen op it parkearplak, auto's fan wurkfolk, poppeslokbesites en gean sa mar troch. Lokkich ha wy allegearre noflike buorlju en men akseptearret sokke oerlêst, want it is mar tydlik. Fandêr dat buorman syn auto even op it gers fan ien fan ús gersperkjes setten hie. Nimmen dy't dêr lêst fan hat.

Mar oh heden, dêr kaam in tafersjochautootsje fan de gemeente de buert yn riden. In lyts wyt bakje, mei wakker ynteressante teksten derop en in oranje swaailampe op it dak, mar krekt sa as it wurd seit, sy meie allinne mar wat rûnsjen. Mar leafst trije wite blûzen mei epauletten mei lytse gemeentewapentsjes (haha) op 't skouder, stienen midden op 'e dyk stil en se seagen wakker nei buorman syn parkearre auto.

En ûnder it mom fan herken misdaad in uw straat setten se harren lytse wite bakje oan 'e kant. De suertsjeplysje stapte út 'e auto mei in bonapparaat yn 'e hân en hy soe dizze misdie beskriuwe mei in fette bon. Buorfrou seach dit en ear't hy de entertoets fan syn digitale bonneboekje yndrukt hie, sette buorfrou de auto oan 'e kant. Hy helle de skouders op en ik seach noch krekt dat hy de bon ferskuorde...

Mar buorfrou liet it der net by sitte en skeat op Mega Toby ôf en sei him it mannewaar op. Man! Wêr moatte wy dan parkearje?! Alles stiet hjir fol!! Presys buorfrou, dit roait nearne nei. Yn Dokkum fergees parkearje en dan de sinten mar út de doarpen helje...

Boppedat: boukontainers midden op 'e dyk dat sels de gemeentlike jiske-auto der net iens lâns kin, betonmûnen op de frije parkearplakken en mar leafst fjouwer parkearplakken beset troch in glêsbak en in gerskontainer, ek fan de gemeente. Soks mei dan wol? Nee, dit wie in grutte misser. En as ús gemeente dizze kant út giet, dan stel ik foar dat wy der wurk fan meitsje om de 'oerlêst' fan de twa neamde kontainers oan 'e kaak te stellen en de gemeente te twingen om dizze rommel fan ús parkearplakken ôf te heljen...

Pleatst: 06-06-2015 / 18:51 oere - Reagearje? - Nei boppen