It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Ferbean...(2)
IWGL... Dêr steane je dan. Hannen fol sjippe en de kraan docht it net. Want ja, yn it ramt fan de efficiency dogge jo earst sjippe út de sjippeflesse op jo hân en dan de kraan pas iepen. Sunich mei wetter no?
De mannen fan Verkley binne dwaande mei it ferfangen fan âlde gasliedingen yn ús doarp en dan moat it wetter der wol ris even ôf...
Mar wêrom jouwe se dat net oan by Vitens? Dan kinne wy deis in ammerke wetter klear sette. Want wês earlik, it komt altiten min út as it wetter der samar ôf is. Sa moast de frou juster al sûnder te toskeboarsteljen nei har wurk. (Der binne slimmere dingen...) En ik tink dat der mear bern út it doarp sûnder de lêste hygiënyske hannelingen nei skoalle ta moasten...
Mar hoe no dy sjippe fan 'e hannen? Sa ôfdroegje? Dan sit de handoek fol sjippe en dat is wer ferrassend foar de folgjende mei (wol) wiete hannen... Dan wurde jo kreatyf. As in ferdroege woestynreiziger gie ik op syk nei wetter. Hannen yn 'e WC pot? Ek net echt befoarderlik foar de sûnens... En it hie ek net reint.
Ehhh... Dan is in hantsjefol wetter seldsum yn 'e hûs.
Blommegiter? Waskmasine? Wacht! Yn it reservoir fan de Senseo siet noch wat wetter! Hoeden de iene hân ôfspiele en dêrnei de oare, der siet krekt genôch yn. No ha'k aanst gjin kofje, mar ach, dan soe der wol wer wetter wêze...
Utsein as de mannen fan Verkley ek krekt oan de kofje sieten...
Dat is dan wol wer handich, even fia Twitter kontakt opnimme mei Vitens...
Ferbean...
Dit boerd stiet al in pear wiken oan it begjin fan elke strjitte dy't yn in striel fan 1 kilometer leit fanôf de hinnebuorkerij dêr't fûgelgriep konstatearre is. Slim, want dat bedriuw leit yn ús doarpenmienskip. Alle fûgels moasten rûme wurde...
No wit ik net hoe lang de boerden stean bliuwe, wy wachtsje mar ôf. It sil noch wol even duorje en oan't salang meie wy net mei ús hinnen oer de dyk... King of obers… Nei in optreden drinke wy faaks noch even in drankje yn de Posthoorn yn Dokkum. Faaks binne wy let, foaral as wy út it suden fan Fryslân komme moatte, mar altiten wer wurde wy hertlik ûntfongen troch it personiel en faaks wurde, sûnder dat wy it frege ha, de drankjes foar ús klear setten, se witte krekt wat wy drinke wolle… Attint fan de betsjinning! Sake wurket al jierren yn de Posthoorn. Sake is altiten fleurich, hat humor en hat altiten tiid foar in praatsje. Sake is ek altiten tige belangstellend en freget hoe't it optreden gien is. En hast elke kear sei Sake: Ik ha jimme noch nea sjoen, ik soe wolris in show meimeitsje wolle… Sake jonge, do moast ris mei ús mei, dan kinsto sjen wat wy by't ein ha… En sa makken wy mei Sake in ôfspraak. Op 9 juny soe hy mei nei Suwâld. De hiele jûn soe hy meimeitsje. Wy hellen him fan hûs ôf en as fjirde man, waard Sake op dizze jûn ûnderdiel fan it teaterselskip Klún & Knoffelhakke! It waard in prachtige jûne en Sake hat o sa meiholpen. Ut- en ynlade, poadium opbouwe, sjouwe, ja der wie sels in lyts roltsje foar him yn de show. Yn stee fan Harry, mocht Sake de koerier wêze! Essequibo Sake is the king of obers all…! (Sa ha wy Sake yn it grize ferline al ris tasongen, as fariaasje op de shanty Essequibo River, doe't wy mei it koar op it terras fan de Posthoorn sieten. Doe koene wy Sake noch net sa goed as no, mar ek doe al foel it op dat Sake it yn 'e fingers hie…)
Goeiemorgen allemaal. Een flink poosje terug hadden we de afspraak al gemaakt, en gisteren was het dan eindelijk zover. Ik ging mee op stap met de mannen van het bekende Fryske komische duo "Klun en Knoffelhakke", die een optreden gingen verzorgen in Suawoude, in de feesttent aldaar. Eventjes na vijfen gistermiddag werd ik door de heren Broer Douma, Hendrik van der Heide, (Klun en Knoffelhakke, prachtige naam overigens) en technicus/roadie Harry bij mijn huis opgehaald, en zo togen we richting Suawoude, ik ging het hele gebeuren dus van begin tot eind meemaken. Had de heren al geregeld gehoord over hun show, het werd dan nu ook wel eens tijd om die show eens mee te gaan maken. Na de heren eerst een beetje geholpen te hebben met het opbouwen van het podium, etc, etc, etc, was het tijd voor het avondeten, een overheerlijke lasagna, ontzettend goed in te nemen dat goedje, heeeeeerlijk. Vervolgens gingen we terug naar de feesttent, waar het wachten was op het begin van hun show "He Buorman". De feesttent begon al behoorlijk vol te stromen, tot het moment dat ie ook daadwerkelijk bomvol zat, er moesten zelfs stoelen bijgezet worden. Even na achten gingen de mannen los, tot aan elf uur, en er tussenin een pauze. Wat een geweldig optreden gaven de mannen weg, ik heb genoten van begin tot eind, en de zaal vond het ook geweldig, dat was duidelijk te merken. de ene lachsalvo na de andere. Voor mij was er ook nog een gastrol weggelegd, ik moest als een soort pakjesrondbezorger (koerier) een aantal pakjes naar het podium brengen, met een korte tekst erbij, nou, hartstikke leuk natuurlijk. De mannen zijn imiddels al zo'n 25 jaar een komisch duo, het is voor velen te hopen dat daar nog mooi wat jaren bijkomen, de mannen bezorgen velen een onvergetelijke avond, ze zijn super goed, ze zijn een beetje de Fryske Andre van Duin en Frans van Dusschoten, (of de Mounties, Snip & Snap, dat genre) daar deden ze me aan denken. In november komen ze met een nieuwe show, waar ze dan weer mee op tournee gaan, ik kom zeker weer kijken, ze hebben er een fan bij! Grote klasse heren Klun en Knoffelhakke, en niet te vergeten technicus/roadie Harry, zie uit naar jullie nieuwe show. Heren, erg bedankt voor de fijne avond gisteravond, genoten in optimaforma!! Pleatst: 10-06-2016 / 23:46 oere - Reagearje? - Nei boppen Foarige ieu... Mei in bytsje fantasy soe ûndersteande foto ek makke wêze kinne yn de foarige ieu. Ein jierren tachtich as soksawat...
Piiiiii...
(Gean mei de mûs oer de foto...) Aviodrome... Dat wie moai! It Aviodrome yn Lelystêd. Mei ús heit en de broers en susters, binne wy der in middei hinne west. En dan oan it ein fan de middei noch even hearlik ite en it wie sa meiinoar wer in prachtige dei! Famyljeleden kinne de foto's én in filmke fia dizze link besjen. (Alinne as jimme oer in tagonsgkoade beskikke...)
De Romeinske Lusthôf...(2)
Undertusken op de doarpsbelangfergadering...
Kotcherguinix hat gelyk! It moaie pitoreske doarpke yn it noarden fan Fryslân lûkt in protte toeristen. De pleatslike middenstân kriget it der mar drok mei...
It lûkt sa'n protte minsken, dat hast alle doarpsbewenners der oer tinke om ek in saakje te begjinnen.
Mar al dy plannen stuitsje op in protte wjerstân, it set de doarpsgenoaten allinne mar tsjin elkoar op. Mar fan in ommekear wolle se neat witte! Sy ha allegearre de eurotekens yn 'e eagen. En dêrom betinkt Jelaukix in snoad plan... In plan dat dy Hollanners foargoed ferjeije sil... Jimmyhendrix, de âld akkordeonist fan it pleatslike koar mei opdrave. Dizze oargelist wurdt rûnom wurdearre, hy kin allinne gjin oefenplak fine...
En sa kriget Jimmyhendrix in plakje yn it nije hotel. Yn de ienichste keamer dy't noch frij is. Moai op de boppenste etaazje...
Jelaukix hie it goed besjoen! It nachtlike oefenjen fan Jimmyhendrix mist syn útwurking net!
En sa keart de rêst werom yn ús moaie lytse doarke, heech op 'e Fryske klaai. No moat Jelaukix allinne noch wat betinke om syn doarpsgenoaten wer ta rêst te bringen. Miskien in feestmiel? Jelaukix kin hearlik itensiede. Ja, dat sil hy dwaan! It doarpsmiel, mei in baarch oan't spit... Mei oprjochte tank oan: Albert Uderzo & René Goscinny! Pleatst: 01-06-2016 / 22:23 oere - Reagearje? - Nei boppenDe Romeinske Lusthôf...
Alle wiken komt der wer in filmke online. In filmke om de Sintrale As te promoaten. De nije dyk dy't aanst yn oktober noardeast Fryslân ûntslút fan de rest fan ús lân. En om dat heuchlike feit te fieren, wolle de gearstallers fan de filmkes op 1 oktober in grutte merk hâlde. In merk op de nije dyk, in merk fan sa'n 9 kilometer lang. Dêrmei wolle de ynisjatyfnimmers sjen litte wat noardeast Fryslân te bieden hat. Sadat dêrnei in stream oan lânslju op gong komt, dy't de ekonomy hjir by ús yn it noarden bloeie lit as nea te foaren… De titel fan de filmkes jout al oan wat de bedoeling is: Foarút mei de hannel, foarút oer de as…
Mar sitte wy dêr eins wol op te wachtsjen? Dat der aanst bergen toeristen dizze kant opkomme dy't dat moaie rêstige noarden ris mei eigen eagen besjen wolle? Se komme dan ek noch fan twa kanten. Want as Holwert aanst oan see leit, dan komme ek de boatsjeminsken fan dy kant oan lân om as Vikingen ús ikkers te roaien… It docht my tinken oan it ferhaal de Romeinse Lusthof fan Asterix en Obelix. De Romeinske keizer Cesar hat in snoad plan betocht om dy dwerse Galliërs (lês bewenners fan noardeast Fryslân…) ris foargoed oan te pakken. Sy wolle harren mar net deljaan ûnder it Romeinske bewâld, dat sil oars! Cesar makket reklame foar it gebiet en krekt as yn de filmkes fan Foarút mei de hannel, wurdt dêrmei oanjûn dat dit dochs wol it moaiste plakje op ierde is…
Cesar sil dat ferskûle gebiet meigean litte yn de vaart der volkeren… Hy sil it ûntslute troch it oanlizzen fan in Romeinske Lusthôf… Dêr komme dan in protte Romeinen op ôf en dy sille fêst it sosjale libben folslein oer de kop sette en der sa foar soargje dat dy noardeast Friezen harren wol deljaan moatte ûnder alle moderne ûntjouwingen… Ferdwynt hjirmei it eigen karakter fan noardeast Fryslân? Mei dy stive Friezen yn in omjouwing dêr't de ruten tichtplakt binne mei kranten? Alteast, sa wurdt der wol ris tocht oer de bewenners fan 'e klaai… Wy binne benijd wat dy ûntsluting ús opleveret. Wa wit, krije wy wer winkeltsje yn it doarp en wurde der boppe it kafee keamers bout dêr't de gasten yn oernachtsje kinne. Wa wit wurdt troch al dizze ûntjouwingen de krimp foargoed in ho ta roppen om't alle Rânestêdbewenners de waan ûntflechtsje en nei ús moaie Fryske plattelân as nei de smûke griene Wâlden ta ferhuzje.
As dat mar goed ôfrint… Bonifatius kin der oer meiprate… Yn it ferhaal fan Asterix wurde de Romeinen wer fuortjage en wurdt de oanleine Lusthôf mei de grûn gelyk makke. De iepen plakken wurde troch de Galliërs ynsiedde mei betsjoene ikeltsjes, sadat de ikebeammen groeie as't spoar en der nei in dei neat mear te sjen is fan de ekspânsjedrift fan de Romeinen. Yn ús gefal sil dat wol wat tafalle en litte wy alles moai (en letterlik) op ús ôfkomme. Hoewol… dat fan dy betsjoene ikeltsjes soene de tsjinstanners fan de As wol moaie fine. In no-time de As wer fuort en wer begroeid mei beammen. As wie der neat feroare…
|