It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Sykplaatsje...
Mellema (wurdt) wei...
Alles is lyts... Miskien wol it lytste museum fan ús provinsje, it modelspoarwei museumyn Snits. Mar hiel moai! Foar guon is modelspoar dochs echt in prachtige hobby en wat kinne guon alles yn it lyts perfekt neimeitsje!
Dit kear wie dit museum yn it stasjon fan Snits it doel fan ús famylje-útstapke. En dan te betinken dat wy doetiids hiel wat oerkes trochbrocht ha yn it stajonsrestaurant (no it museum). Wachtsjend op de bus, as mei in kopke kofje omdat it noch te betiid wie om nei skoalle te rinnen...
|