It riedsel fan de kryststjer…


'Och hea,’ sei myn skoanmem, doe 't se mei in prachtige kryststjer yn har earms oer de drompel fan de foardoar nei binnen stapte, 'Do hast der al trije!' En dêrmei doelde se op de trije kryststjerren dy 't by ús yn 't haltsje stiene. Keurich yn plestik ferpakt, klear om yn it finsterbank set te wurden.


Myn skoanmem hat de aardige gewoante om mei de krystdagen har fjouwer bern bliid te meitsjen mei in kryststjer. Meastentiids is it in reade, mar dit jier hie se keazen foar in wyt eksimplaar. 'Wat spitich no, do witst dochs ek wol dat ik alle jierren ien foar dy meinim! Wêrom hast sels dan ien kocht? Of hast him fan dyn man krigen?' Dat lêste wie fansels in healwize opsje, omdat ik myn leave frou eins noait yn 'e blomkes set. It iennichste boeket dat ik ea meinommen haw, is it breidsboeket. En dat is alwer 27 jier lyn. Mar dat boeket hinget noch hieltyd yn ús sliepkeamer. Hielendal ferdrûge en ûnder it stof. Der hinget in kaartsje oan dêr 't ik ris yn in fereale bui op skreaun haw: dit is it moaiste boeket fan allegearre! Mei oare wurden, dit breidsboeket is genôch foar alle jierren dy 't west hawwe en dy 't noch komme...


De frou barste yn in skaterlaits út. ‘Fansels wist ik dat ik in kryststjer fan dy krije soe, wês gerêst, dizze trije planten binne hjir brocht troch de diakony fan ús tsjerke. En omdat ik yn de besykkommisje sit, moat ik dizze trije kryststjerren foar de krystdagen noch efkes by trije âldere doarpsgenoaten besoargje, en dêr bin ik noch net oan ta kommen.' Mei in gerêst hert joech skoanmem de prachtige kryststjer oan myn frou, dy 't him daliks útpakte en ûnder de krystbeam sette, syn tradisjonele plakje.


Mar de trije kryststjerren bleaunen mar yn it haltsje stean. Dat nettsjinsteande hoedlike warskôgingen fan myn kant, dat de planten no dochs ris besoarge wurde moasten, oars soene de krystdagen foarby wêze. Boppedat, yn in lyts doarp hâlde ek de âlderen inoar goed yn 'e gaten, en asto wol in kryststjer krigen hast en ik net, dan is Leiden yn lêst, soe de tsjerkeried yn panyk opbelle wurde, soe der in wiere rel ûntstean: wêr bliuwt de kryststjer fan frou de Boer, de famylje Roelofs en menear Teunisse?


Mar ik koe ek net tefolle druk op myn frou útoefenje, want dan soe se my de kryststjerren yn 'e hannen triuwe mei de wurden: dan dochst it sels mar. En ik fyn alles bêst, mar wat delbringe kostet in hiel soad tiid. Want wy kenne elkoar hjir allegearre en ast mei wat yn 'e hannen delkomst, dan moatst deryn komme, dan moatst in kopke kofje mei drinke en dan moatst de foto's fan de bernsbern besjen. Op himsels neat op tsjin, mar lykas sein kostet dat in hiel soad tiid en it is al sa drok mei de feestdagen.


Noch íen kryststjer moast der del brocht wurde en noch krekt op 'e tiid (ien dei foar de krystdagen...) soe myn frou dit putsje efkes klearje. Mar doe 't se de lêste kryststjer út it haltsje oppakte, foel der fuort in blêd fanôf. ‘Dêr hast it al,’ sei ik wat triomfantlik. 'Do hast te lang wachte, dit is in fallende kryststjer...' Myn frou koe dizze grap net wurdearje en ûndersykjend pakte se de kryststjer út it sellofaan. Wylst se dat die, foelen der noch mear bledsjes op 'e grûn. It wie in ramp! Der bleau mar in suterich grien stâltsje stean, mei dêr in trijetal wite bledsjes oan. 'Dit kin ik net weijaan!' spruts myn frou teloarsteld. Hja soe grif út de besitekommisje set wurde, it soe fragen oproppe binnen de tsjerkeried en har imago soe foargoed skeind wêze. Ynienen krige se in heldere ynjouwing. Se rûn nei de krystbeam en pakte de kryststjer dy 't se fan har mem krigen hie. Hja die him hoeden yn it tinne plestik en ferromme toande sy my it krystpresintsje. Fernuvere spruts ik myn kompliminten út  oer safolle fernimstigens. 'De wiere krystgedachte,' spruts ik moralisearjend.


Mefrou de Boer wie tige wiis mei dizze prachtige kryststjer en sêde fan alle koppen kofje mei in hearlik stikje krystkrâns, kaam myn frou tefreden thús. Sa kaam it dochs noch goed. It like de ôfrin fan in âlderwetsk krystferhaal. 


Tusken âld en nij waard der op in jûn oan de foardoar belle. De man fan de diakony stie wat ferlegen op it stoepke, yn syn hannen trije prachtige syklamen. ‘Menear Priegel, is jo frou ek thús?' ‘Nee,' sei ik ferûntskuldigjend, 'sy is by de buorlju oan it oppassen, kin ik it boadskip ek even trochjaan?' 'Sjogge jo,’ begûn er wifkjend, 'dizze planten moatte efkes nei de adreskes brocht wurde, dêr 't jo frou de kryststjerren ek besoarge hat.’ Ik seach him ferheard oan, alwer? Wurde de âldsjes net tefolle yn de watten lein? 'Sjogge jo,' spruts de freonlike frijwilliger, 'de kryststjerren wiene net sa 'n sukses. Dy ha beferzen west en se litte hast allegearre har blêden falle, we ha hiel wat klachten hân en as goedmakkerke wolle we oan de 'dupearden' dizze syklamen jaan, want je kinne no fansels net mear mei in kryststjer oankomme...'


Ik barste yn in laitsjen út en ik naam de trije prachtich bloeiende planten yn ûntfangst. 'No, wy kinne der net om laitsje,’ sei de man wat lilk. ‘As jo witte watfoar drokte dit opsmiten hat, allegearre telefoantsjes fan teloarstelde gemeenteleden.' 'Ik begryp it,’ sei ik gerêststellend, 'myn frou sil it ynoarder meitsje’. Ik besparje jo de reaksje fan myn frou, doe ’t dy jûns let thúskaam. ‘Kinst de kryststjer no moai weromfreegje, want stel dy foar as jim mem op besite komt en freget oft de kryststjer no al útbloeid is!' Dy wurden waarden my net yn tank ôfnommen...


De oare moarns gong myn frou der fuort by del. En by it earste adres wie it gelyk raak! Fansels moast se wer yn 'e hûs komme en waard de kryststjer-affêre wiidweidich besprutsen. Ek by menear Theunisse wie de plant in drama. Al direkt liet de plant syn bledsjes falle, mar mei in goede fersoarging, in soad dong en wat krystlieten hie dizze de krystdagen oerlibbe, mar in sukses wie it net! ‘En ik begryp it net,’ sei mynhear Theunisse ferheard, ‘want de kryststjer by mefrou De Boer stiet prachtich!' Myn frou kin goed geheimen bewarje en 'ûnskuldich' dielde se de ferheardens fan har gasthear. By it twadde adres wie it itselde ferske. En ek sy wiene al op 'e hichte fan de prachtige kryststjer fan frou De Boer. Sa 't ik al sei: yn in doarp hâlde ek, of miskien krekt, de âlderein inoar goed yn 'e gaten. 


Mefrou De Boer wie yn har nopkes mei de prachtige syklaam: 'It hie echt net hoegd, hear, mefrou Priegel, kom jo mar yn 'e hûs en sjoch sels hoe prachtich myn kryststjer der foar stiet, no, ik ha dat skarminkel fan mefrou Roelofs sjoen, dat se dat fuortjaan doare, frjemd, it is dochs fan deselde leveransier? 'Tsja, nuver', hie myn frou sein, 'siet der grif dochs ien goeienien tusken... '


Oerset troch: G. Otten-Onrust


Lês hjir de Nederlânske fersy

Pleatst: 13-12-2022 - 12:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2022