It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Pake... Faaks krij ik opmerkingen oer myn moaie huodsje. Mar ek dat sit wat yn de genen...
En de snor ek...
As men it mei de hoed fertsjinje kin, moat men gjin pet opsette...
De Luts...(2)
Gaasterlanders en foaral Balksters, ha wat mei de Luts. Der waard wolris sein dat as jo noch nea yn de Luts fallen wiene, dan wiene jo gjin echte Gaasterlander. Ik bin der nea ynfallen. Wol oerhinne (jaja) reedriden en fearn en ek wol yn swommen, mar noch nea troch in ûngemakje as in útgliderij yn fallen. Mar fansels wol in echte Gaasterlander hjer! Op bygeande foto's in yndruk fan de Luts. En is dy te fergelykjen mei de Hantumer Feart? Dêrom juster ek it taheakke - tusken heakjes - hast... Dat it byhâlden fan in weblog wol wat yn it bloed sit, docht wol bliken út it moaie stikje fan ús heit. Dy hâlde ek plakboeken by. In analooch log, om samar te sizzen. Yn it bygeand ferhaal spilet de Luts ek in grutte rol, want in echtpear út Sleat, dy't te winkeljen soene as miskien ek al winkele hiene, wiene mei harren auto de Luts yn sketten. En dan mocht garaazje Van der Heide mei harren kraanautootsje opdrave om dy auto der wer út te fiskjen. Dat wie in hiele operaasje, want faaks moast earst it wetter út de auto streamd wêze ear't hy op de kant takele wurde koe. Boppedat wie de kant aardich styl en dêr wiene ek wer de nedige skills foar nedich om in fersûpte auto dêr oerhinne te krijen. Sa'n rêdingsoperaasje duorre dan ek al gau in oere, mar Van der Heide rêde him der mei! Ik stean ek noch op de foto. Wêr? Dat moatte jimme sels mar útsykje, der stiet wol wat oer yn it stikje, dat ús heit 'gewoan' skreau. Want sa'n plakboek passe net yn in typmasine... Leuke opmerking yn it krantestikje: Waarbij het niet aan adviseurs en adviezen ontbrak... De Luts...
No ja, hast dan...
Streekje lâns in streek...
No binne wy wol wat wûn, wat streken yn 'e loft oanbelanget, mar in lyts streekje lâns in streek hie ik noch nea earder sjoen. Wisten jimme dat wy oan it oplossen fan sa'n streek sjen kinne as der wol as net oar waar op komst is? Dat is echt wer wat foar ús waarman hjir yn Hantum...
Sjogge jimme de streken in hiel lang skoft, dan sit der feroaring fan waar yn 'e loft...
|