Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Belvédère...

Sa no en dan geane wy mei de famylje der op út. Diskear nei museum Belvédère yn Oranjewâld. In prachtich museum op in moaie lokaasje.

It museum hat wol in heech Bokke-gehalte (sjoch strip) mar wy ha ús o sa fermakke. Nei ôfrin fan dit kulturele útstapke noch even noflik sitten en iten by it Postkantoor yn 't Hearrenfean en mei it moaie waar fan dizze dei wie it in treflik útsje!

Famylje kinne de foto's besjen by de famylje foto's en filmkes.



Pleatst: 28-05-2017 / 17:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hielendal mei iens...(3)

Sjoch, en sa sjocht de groepsfoto derút. Pake hie mar in gedielte op de foto set. (En wêrom no júst dat gedielte...?) Mei tank oan boskwachter Lies...
Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 21-05-2017 / 11:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hielendal mei iens...(2)

Er is een kloof tussen mens en natuur... (Lês it blog fan juster)

En dan is it moai dat de skoalle der oan mei wurket om dy kloof lytser te krijen. Want de bern fan groep 3 o/m 5 mochten juster op ekskurzje nei it natuergebiet fan Lauwerseach. En om't se wol wat autoriders en begelieders brûke koene mocht pake ek mei. Boskwachter Jaap hie it al oer in heit, mar lokkich korrizjearren de bern de boskwachter en rôpen: dat is een opa...

It wie in prachtige moarn yn it moaie natuergebiet, de bern ha hiel wat opstutsen. Se mochten guod opsykje, nei de fûgels harkje en mei boskwachter Jaap de grûn bestudearje, rûke, fiele en seldsume plantsjes besjen.

En no mar hoopje dat de eangst foar beamkeguod wat lytser wurden is. Hoewol, de beammen wiene yn dat bosk net iens sa grut. Mar dat komt omdat djip ûnder de grûn noch hieltiten it sâlte wetter fan de Lauwersee oanwêzich is en dêr hâlde de beammen no ienris net fan. Mar hoe langer it lyn is dat it noch de sâlte see wie, hoe grutter de beammen wurde...

Ek pake hat wer wat leard...





Klik hjir foar mear en gruttere foto's

Pleatst: 20-05-2017 / 10:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hielendal mei iens...

Neffens de skriuwer fan it stik, Wieberen Elverdink seit túnûntwerpster Nienke Plantinga: Maar weet je wat het is? We zijn er bang voor, voor bomen. Dat gedoe. Dat blad dat er af valt...

En:

Er is een kloof tussen mens en natuur. Een afstand die zich steeds nadrukkelijker manifesteert in tuintjes van particulieren, waar niet langer groen maar grijs de overheersende kleur lijkt... Alsof een tuin woonkamer II is ofzo...

Soks is krekt myn praat, ik sis altiten al: minsken op de klaai ha in hekel oan beammen...

Salang as de beam bloeit, kin er ek frucht drage...

Pleatst: 19-05-2017 / 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kontener...

Buorfrou hat de foto makke en pleatste in berjocht op Twitter: Euh... handig dat legen @gem_dongeradeel #vies #goor #container #legen

Ik fernuverje my al jierren oer it wurk fan de gemeente. Elk jier krije wy in bulte ynformaasje oer it opheljen fan de konteners. Wannear, wêr en hoe. (Dat is dan ek wol maklik, dat foarkomt dat jo sneins de kontener oan de dyk sette om't je net witte dat hy tongersdeitemoarns betiid lege wurdt.)

Mar de gemeente lit ús ek witte wêr't wy de kontener delsette moatte, hoefolle (senti)meter tusken de ferskate konteners sitte moat en mei hokfoar kant fan de kontener nei foaren stean moat. Lokkich hâldt elk him deroan, mar hoe't de gemeente der dan mei omgiet, dat liket op fleanen. Wy moatte fan alles, mar de gemeente hoecht neat...

De konteners wurde mei in 'automatyske' jiskewein lege. De sjauffeur sit der allinne yn en der komme gjin ekstra hannen mear oan te pas. De tiid dat der twa jiskeberen mei rûnen leit foargoed achter ús.

Mar dy sjauffeurs ha tink ik altiten haast. Want se klappe de konteners altiten samar wer del. Dan lizze se oer de kop yn de roazeperkjes, mei it lid iepen sadat oan de ein fan de dei de kontener fol mei wetter sit.

En hjoed waard hy mar heal lege. No ja, hy is wol leech, mar de helte lei op 'e dyk te stjonken... En de auto rydt gewoan troch. Jimme rêde der mar mei.

No, dat ha wy dan ek mar dien. Want oan it bultsje rotsoai te sjen, kaam it út ús kontener. In fersierd peaske aai lake my ta en dat hie ien fan ús lytsbern makke. Mar om't hy dat sa moai fûn, mochten wy it aai net opite. Tsja en dan wachtet nei in pear wiken de griene kontener. Want opite is dan gjin opsje mear.

Pleatst: 18-05-2017 / 16:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Altyd wer meane...

Hoe treffend... Klik hjir foar in fergrutting.
Mei tank oan de Ljouwerter Krante.

Sa skerp as in seine...

Pleatst: 17-05-2017 / 12:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Korenslach...

Dat wie in aardige jûn yn it MFA yn Holwert. Wadden Korenslag. Mei as tema Shantykoaren. Ek Rûm Sop die mei en om't ik de lietteksten fan Rûm Sop fia in beamer op in grut skerm sjen liet, wie ik ek oanwêzich.

De presintator fan dizze jûn joech it al oan yn ien fan syn petearkes: Mei Shantykoaren tinke jo faaks: in protte bier wat sjonge en dan rêdt it him wol... Mar it die bliken dat alle koaren harren fan harren bêste kant sjen lieten. Mar wa mei him dan ek echt de bêste neame?

De Slykstappers út Blije stutsen der mei kop en skouders boppe út. In prachtich koar mei in geweldige útstrieling. In terjochte winner.

Bygeande foto's binne dan wol wer aardich. Net wat kwaliteit oanbelanget, mar om wat derop stiet. Op de boppeste foto sjogge jimme de skriuwer fan dit blog noch krekt mei syn krekt knipte keale plasse mei de hân omheech in foto meitsjen. Op de foto derûnder it resultaat. Net itselde momint, dat hie hielendal moai west...

Dat is dan wol wer grappich, at alle koaren op it poadium steane, dan is de seal hast leech. Dat seit wat oer de publike belangstelling. Ik murk op dat wy it omdraaie moasten, de rest op it poadium en de koaren yn de seal. Mar dêr fielde nimmen wat foar...

In moai inisjatyf fan it MFA. Goed foar de omset en net al te folle kosten. Mar de technyk koe folle better. In protte geknetter, gepiip en ûnfersteanbere presintators, sjueryleden en koarlieders. En dat kaam net allinne fanwegen myn earen... Miskien kin Heathland ek dêr wat oan dwaan...


Allinne as jimme in Facebookakkount hawwe kinne jimme op boppesteand berjocht en op de foto's klikke...

Pleatst: 17-05-2017 / 00:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Enerzylabel...

Dêr wie der wer ien! In mappeman oan de doar. Yn opdracht fan de wenningbouferiening. Om wer te kontrolearjen fansels. De renovaasje wie no achter de rêch en no moast hy besjen hokfoar enerzylabel der no oan ús wenning hongen wurde koe.

Oh jo komme om te sjen oft de renovaasje goed ferrûn is? Want se hiene noch nea lâns west om it resultaat fan de oanpassingen te besjen. It liket wol oft it harren allegearre wol bêst is...
Mar nee, de bêste man wie allinne mar foar de trije hierwentsjes yn Hantum út Eindhoven wei tôge om te labeljen...

Ut Eindhoven wei? Hu..??
De CO2 útstjit dy't wy troch ús isolaasje no nei ûnderen ta bystelle, hat hy wer fergriemd mei syn Mercedes oer de lange wei nei it noarden ta.

En mar wer foto's meitsje. Wêrom? Dat ha jimme de foarige kear dochs ek al dien? Mar ja, no steane der HR++(as +) glêzen op de foto. En ik mocht der net iens by op...

Hawar, fuort mar wer. De man wie yn opdracht en hy koe der ek neat oan dwaan. En wy hawwe de brief fan de wenningbouferiening net iens krigen dêr't de bêste man ús op attindearre.

Us buorman woe him der net ynlitte. Mar wy ha de bêste man mar holpen, want, sa sei hy, oars moast hy de folgjende deis foar ien hûs wer in hiele lange rit meitsje. Buorman siet achterhûs en hearde de bel net, sa sei hy. Even mei de labelman achterom en buorman koe doe net mear oars...

En de goaten binne ek al wer skjinmakke. Foar de twadde kear yn in koart skoftke tiid. Mei de renovaasje en no wer. Troch in bedriuw út IJsselmuiden.. It kin net op, hjoed oan de dei. It kostet allegearre neat en dat fljocht mar troch ús lân foar trije meter goate...

Foardiel wie wol dat oare buorman ek ik ús wer tige fermakken mei safolle fergriemerij. Yn it Frysk, dat de bêste himmellânslju snapten neat fan ús oh heden...

Witte se ek ris wat wy ha, wy begripe der ek neat mear fan...

Pleatst: 10-05-2017 / 23:35 oere - Reagearje? - Nei boppen