Pleatst: 25-05-2021 - 21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

De groetnisbeam… (GB)2


No, wat in kommentaar! Tocht ik dat ik in handich helpmiddeltsje makke hie foar it groetsjen fan passanten, wer net goed. In seleksje út de reaksjes…


  • Moat it no sa? Sa’n ienfâldich krabbeltsje yn dizze tiid fan apps, tablets en kompjûters?
  • Wêrom krije wy GrB II & III net te sjen? Dy binne dochs ek wichtich?
  • Hollanners groetsje? Wêrom? Sy groetsje ús ek net…
  • Moai papierke, wolle jo it foar ús laminearje?
  • Kinne jo der ek wat mar groetnis-sinnen opsette? Ik sit faaks ferlegen om in moaie oneliner…
  • As ik it papierke ôfwurke ha, dan binne de doarpsgenoaten al wer thús en sizze dan: hearken hy wurdt ek minder, hy sit mar op in papierke te sneupen…


Jimme begripe dat ik mei de measte kommentaren net safolle doch, jo kinne it ek net elkenien nei’t sin meitsje. Boppedat is it ek mar in aardichheidsje, dat moatte de lêzers dochs wol begripe kinne.


Der binne ek wat tips dy’t ik meinaam ha yn de fersy 2.0. Dy stiet hjirûnder en kin fansels ek wer delhelle wurde.

Mar oft it der no oersichtliker op wurdt. Ik wit it net. It groetsjen wurdt sa wol in hiele toer, boppedat op de fyts as yn de auto kin it maneuveljen mei it papier ek noch gefaarlik wêze. Tink derom soe’k sizze wolle.


Jo soene ek konkludearje kinne dat guon elkoar yn ‘e grutte stêd net mear groetsje om’t it te yngewikkeld wurden is…

Oan ‘e oare kant:

It gewoane doarpslibben lit him net yn strakke skema’s fêstlizze. Der binne al genôch protokollen en rigels. Sille wy it groetsjen dan mar gewoan oan de spontaniteit fan it moment ôfhingje litte?!




De groetnisbeam… (GB)


Yn in noflik lyts doarpke komme jo elkoar wol gauris tsjin. Fansels groetsje jo elkoar dan. Mar hoe pakke jo dat dan oan? Faaks moatte jo yn in tel beslisse hoe’t je de oar oansprekke sille, want der binne in protte mooglikheden!


Om it elkoar no wat makliker te meitsjen, ha ik in skema betocht. Dit kinne jo útprintsje (eventueel laminearje) en by jo drage as jo in slach om gean…


In protte wille dermei!

(Oanfollingen en/of tips wurde yn in folgjende útjefte meinaam. Groetnisbeam II en III folgje miskien (as nea) letter…)


Klik hjir om de beam del-te-heljen

Pleatst: 22-05-2021 - 15:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op ‘e kop ôf 42 jier lyn…


Letterlik kaam dit stikje út in âlde doaze doe’t ik op syk wie nei wat âlde dokumenten. It stikje komt út 1979 en is skreaun nei oanlieding fan it winnen fan de promoasje wedstriden mei it doetiidse Balkster foljebalteam DBS 2.


Ik kin it my noch wol heuge, wy wiene noch nea earder yn Dokkum west en wy rekken hielendal ferdwaald yn it Dokkumer ienrjochtingsferkear en stiene op ’t lêst foar sporthal de Trimmer… 


Prille huisvader… Jaja, wy wiene doe krekt troud.


Moai soks en ek in prachtich ferslach! Wy hiene doe noch hielendal gjin besef dat wy letter yn dizze kontreien telâne komme soene.


Ik stean net op dizze foto, mar it is wol it team fan bygeande stikje.


‘k Sil it wol te drok hân ha mei de tariedingen foar de grutte dei, in wike letter. Mar miskien wie ik ek wol op bivak, want ik yn dat jier wie ik onder de wapenen…

Pleatst: 17-05-2021 - 14:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Mikrowrâld…


Yn ‘e Sneon & Snein bylage fan de Ljouwerter Krante fan hjoed stiene twa aardige stikjes. It stikje fan Jantien de Boer en fan Irma van Steijn giene eins beide oer itselde: hoe’t de minsken harren yn coronatiid fiele…


Jantien hie nei in Podcast harke oer de gefolgen fan de pandemie foar minsken en Irma hie it oer it Grotsyndroom. It kaam der yn beide stikjes op del dat sa’n pandemie hiel wat tewei brocht by de minsken. 


Sa fûn Jantien it net nuver dat guon mei in diktafoan kikkertlûden stiene op te nimmen en Irma hie it oer dat minsken aanst út in grot weikomme as alles wer normaal wurdt; de sosjale gewoanten fan foar de pandemie moatte wer hielendal op ‘e nij oanleard wurde…


Grot?


Sa soe ik it net neame wolle, mar it is wol sa dat jo yn sa’n lockdown each krije foar hiele oare saken. Yn myn gefal bin ik hielendal yn de florawrâld dûkt. (Lês ek it foarige blog…)

It is mear in mikrowrâld, jo krije each foar de lytse (en eins moaie) dingen yn jo eigen omjouwing.


Nettsjinsteande dat jo yn dizze mikrowrâld hast net ien tsjin komme, as it moatte in pear kuierders as ferdwaalde fytsers wêze, is it wol in boeiende wrâld, hast alle dagen wer oars. Jo sjogge de planten de grûn út sjitten en jo ûntdekke elk kuierke wer oare dingen. Bytiden fine jo planten dy’t hjir eins hielendal net sa algemien binne.


It moaiste plakje yn de reis is eins alle kearen wer de oase by de Stoepa. En nuver, samar ynienen stie ik krekt as Jantien mei de diktafoan de oaselûden op te nimmen…

Jantien soe wol sizze: Superkinderachtig, maar het is even niet anders…


En hoe’t it aanst komt as de maatregels wer opheven wurde? ‘k Soe’t net witte. Miskien ride wy dan, krekt as de boeren mei harren grutte masinen, wer dwers troch de berms en oer it moaie plantsjeguod hinne. Komme wy wer út ús grot wei en geane wy wer oer ta de oarder fan de dei…


Sil wol wenne moatte… Mar wy sjogge der nei út, kinne wy wer optrede!




Pleatst: 15-05-2021 - 17:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fan papier nei digitaal…


Yn dizze coronatiid gean ik wol gauris in blokje om. Dat is in hiele toer by ús hjir yn Hantum. Want safolle blokjes binne der net. Alteast fan in lingte fan in kilometer as 5...


No ja, dan iderkear mar itselde blokje. Linksom, as rjochtsom. Dat lit ik fan de wyn ôfhingje.


Om’t ik foar myn oplieding, sa’n 40 jier lyn, in herbarium oanlizze moast fan likernôch 120 planten, sit dat blomkesykjen noch altiten yn it systeem.


Op ien fan de earste kuierkes telde ik rûchwei sa’n 20 ferskillende wylde planten. En dan hie’k de gêrssoarten noch net iens meiteld (want dy mochten ek yn it herbarium).


Omdat it plantsjeguod no yn de maitiid moai begjint te bloeien, hoewol mei dy kjeld net sa hurd, nim ik wol gauris foto’s fan al dat bioferskaat.


No ha ik al dy foto’s byelkoar set yn in online Herbarium. Hiel wat oars as it pepieren album fan doe. Foardiel is wol dat de plantsjes net mear plukt hoege te wurden en dat de kleuren ek goed bliuwe.


Om earlik te wêzen wiene de nammen al wat fuortsakke. Mar dan bringt de Geïllustreerde Flora van Nederland útkomst... (Der siet sels noch in ferdroege plantsje tusken de siden…)


Dat boek is krekt sa geel en stoffich as de plantekennis fan syn eigner. Mar mei dit nije projekt komme stadichoan dy nammen wer ûnder it stof wei…

Besjoch hjir it online Herbarium…

Pleatst: 04-05-2021 - 15:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de