Grauwe hemel, grauwelich lûd…
Dêr yn ‘e fierte, krekt boppe de beammen út sjogge jimme de toer fan de Mariatsjerke yn Foudgum. Dêr moasten wy justerjûn hinne foar de teäterfoarstelling Grauwe Hemel, oer it libben fan François HaverSchmidt alias Piet Paaltjens. Dy ’t rûn 1860 as dominy wurke en wenne yn datselde Foudgum.
Yn myn stúdzjetiid stie de dichtbundel Snikken en Grimlachjes fan Piet Paaltjens op myn literatuerlist, mar eins wit ek net mear safolle oer dit boekje. Ik tink mear dat it fanwegen de omfang op de list stie…
Dat ik dit boekje lêzen hie, wie net de oanlieding ta dizze besite. En ek net omdat de foarstelling in goeie resinsje krigen hie as omdat it sa moai tichtby wie. Nee, de oanlieding wie dat Frank meispile.
Frank de Wilt ha’k kennen leard yn myn tiid dat ik regisseur wie by de gesellige toanielploech fan Burdaard. Prachtige jierren wiene dat. Oan alle trije foarstellingen dy’t ik regissearre ha, die Frank mei. In talint. It wie dan ek gjin ferrassing dat hy by ien fan ús stikken troch it STAF nominearre waard as ien fan de meast talintfolle jonge spilers.
Ek yn de foarstelling de Grauwe Hemel spile Frank de stjerren fan dy himel. Prachtich om nei te sjen!
Mar ja, sa as hast altiten, lieten myn earen my wer yn de steek. Dat bliuwt in ferfelende handicap. It is dreech foar de lûdstechnisy om dêr rekken mei te hâlden, dat begryp ik ek wol. Mar ik tink dat der mei in pear lytse oanpassingen dochs hiel wat winst te heljen is.
Want wêrom koe ik by de bûtensênes alles wol goed ferstean? Dat gie sa bêst as wat. De lûdsboksen stiene bygelyks op earhichte, wilens se yn tsjerke fier boppe de minsken útstutsen. En ea sei in lûdsman ris tsjin my, dat hoecht net, want dêr boppe sitte gjin minsken…
Boppedat ha jo yn in tsjerke te krijen mei in oare akoestyk. It soe moai wêze at lûdsminsken dêr wat mear foarstúdzje fan meitsje soene. Ik tocht dat ik sûnder lûdsfersterking justerjûne mear ferstean soe as no mei…
Mar nettsjinsteande dit negative lûd, wie der dochs in protte moais te belibjen. Lokkich wist ik wêr’t it oer gie en koe ik troch it geweldige spul fan de trije akteurs it ferhaal goed folgje. En sa waard it dochs in prachtige jûne op in treflike lokaasje dy’t folop rjocht die oan dit moaie teätrale ferhaal fan Frans en Piet.
Ik bin frank… frans eh f=dat #@$% toetseboerd… FAN!
In 't Hollandsch zingt de jongling niet;
Die taal is ongeschikt;
Zij klinkt in de ooren van de min
Zoo ruw en ongelikt.
Ut: Snikken en Grimlachjes, Liefdeswraak fan Piet Paaltjens.
Pleatst: 29-05-2022 - 00:31 oere - Reagearje? - Nei boppen
Sis it mei blommen…
De doarbel gie. Doe’t ik yn ‘e hal kaam, seach ik twa berneholtsje troch it rút kypjen. As wiene se op syk nei de bewenner dy’t mar lang wachte mei it iependwaan fan de foardoar…
Wat wolst ha?
Dat wie it earste dat se tsjin my seinen. Huh? Wier giet dit oer? Mar wat moat ik dan fan jimme ha? sa wie myn logyske reaksje. Wy ferkeapje blommen, sa reagearren se. Aha, lytse ûndernimmers dus. En wat mei dat dan wol net kostje?
Sjoch, en se makken mei harren hannen en fingers rûntsjes, as it sa dik is kostet it ien euro. As it sa dik is, en dêrby hâlden se harren fingers wat fierder útelkoar, dan kostet it trije euro en is it sa dik en doe makken se in noch gruttere rûnte mei harren hannen, dan kostet it seis euro. Toe mar…
En hoe komme jimme oan dy blommen? Want ik krige sa’n idee dat ik myn eigen blommen werom keapje moast. Lear my dy lytse ûndernimmers kennen…
Ut de boarterstún, dêr groeie se. It haad fan de ferkeap lei alles keurich út. En derby swaaide hy mar mei syn hannen. Wol in bytsje nuver, want hy hie om ien hân in grutte mof. No ja, soe wol by syn outfit heare.
No, doch dan mar in boskje fan ien euro. Ik wie benijd…
En dêr fleagen se hinne. Nei harren skelter dy’t foar op ‘e dyk stie. Op it stuoltsje in hiele pôle grien guod. Hearken toch it, ik krij aanst in pôle gers… It duorre ek noch even, want de beide blommeferkeapers wiene drok yn diskusje hoe grut it bosk no wol wêze moast. Wilens sochten se ferskate blomstâlen byelkoar. It soe in pracht boeket wurde seach ik wol…
Doe’t se in boeket sa grut as it rûntsje fan harren earste fingers makke hiene, diene se der ek noch kreas in ilestykje om. En dêr kamen buorman en buorman oan. In pôle sloppe, blauwe en rôze stôlen meitôgjend. Wilens hie ik de euro al klear socht.
No jonges, dit is mar moai. Tanke wol! En ik pakte it hingjende spultsje rûgeljend oan. En hjir ha jimme de euro. Is dit wol in euro? Sa frege ik harren wat skoalmastereftich (ik koe it fansels wer net litte…) Jaaa! rôpen se yn koar, dat is in euro! En optein mei de opbringst fan dit fleurige boeket toffelden se wer nei harren skelter. Op nei de folgjende klant.
Doe’t ik yn de keuken de boel wat sortearre en yn de faas die, doe kaam ik der ek achter wêrom’t hy in mof oan de iene hân hie. De blauwe plantsjes wiene nochal wat stikelich. En hy woe fansels net syn hân fol nullen…
Tsjong… Tûk dat jongfolk fan tsjintwurdich…
Pleatst: 24-05-2022 - 17:47 oere - Reagearje? - Nei boppen
Steuring…
Wy hiene in pear wike ferlyn in bêste stroomsteuring yn ús doarp. Neffens de gelearden misten wy in fase. Liander wie al drok oan it wurk en it soe oan’t in oere as acht duorje. Foel wat tiid oanbelange ta…
Net dus…
Doe’t om in oere as seis de boel wer ynskeakele waard (dus rom foar de ferwachte eintiid) knipperen de ljochten hiel bot en ynienen wie de boel wer út. De steuringsmelder fan Liander, dy’t lokkich mei de mobile telefoan berikber wie, joech no as ferwachte eintiid in oere as njoggen oan. 21:15 Om krekt te wêzen. Wer stroom foardat it donker waard…
Ek net dus…
It begûn al te skimerjen dat dochs mar op syk nei kearsljocht en bûslampen. Lokkich ha wy soks op foarrie. Dat noch even wachtsje, wy koene elkoar noch sjen, ear’t wy it keunstljocht ûntstekke soene. Boppedat wie it noch gjin kertier oer njoggenen. Mar doe’t wy om dy tiid hinne wer op de melder seagen, seagen wy dat de eintiid wer ferskood wie. Oan’t middernacht. Dochs mar de kearsen oan.
Foel ek noch net ta!
It wie al goed skimerich, ja hast tsjuster, doe’t ik de kearsen yn in stander prutste. Passe fansels foar gjin meter, mar mei goed wat aluminiumfoly om de foet fan de kears, stie hy dochs aardich stevich. Mar hy wie mei gjin mooglikheid oan te krijen. De gasbrander der al by, hy die it net!
Huh? Sokke kearsen gean dochs in ivichheid mei? Ja, wy hiene se yn jierren net brûkt, mar dat makket dochs neat út by sokke dingen? De bûslampe der mar by, miskien wie it lont te koart, as stie it bryk en koe hy sa de flam net fetsje. Tsjonge, it die bliken dat myn stroomsteuringsskills aardich ferjierre wiene, want ik hie de kears oer de kop yn de stander setten. Tsja, dan kinne jo stoke wat je wolle, mar dan wurdt it neat. Doe’t ik de hiele boel omboud hie, brânden de kearsen lokkich goed en giene wy yn krystsfear de jûne yn.
Mar ja, oeral wie de stroom ôf. Gjin kofje, gjin ferwaarming, gjin ynternet, gjin telefyzje, neat die it. Ja, de mobile telefoan, op ‘e akku, mar ek dêr fleach it persintaazje stroom as in raket nei ûnderen. Want de buertapp ûntplofte en elk moast fansels fanwegen de ferfeling meidwaan oan dit petear.
Wy binne moai oan it spultsje dwaan west. En om de dûbedlsinnigens fan dizze opmerking te ûntkrêftsjen, sjogge jimme by dit stikje in foto fan dizze aktiviteit. Wol ûnder de tekkens, mar kreas by de tafel en sels mei seis dobbelstiennen…
Om likernôch middernacht wie de steuring noch net oer en nei in oere spuljen hiene wy ús nocht. Wy soene ús lûken mar ticht dwaan. Undertusken wie de eintiid fan de steuring al wer opskood: oan’t trije oere nachts! Doe’t wy ús klear makken foar de reis nei dreamlân wiene wy al wat benaud dat wy ús by de ynskeakeling fan de stroom kapot skrikke soene. Wy wisten ommers net hokfoar apparaten en ljochten noch oan stiene?! Sa as de ôfsûchkape in de keuken, stie die noch oan? Wy soene midden yn ‘e nacht rjochtop yn bêd sitte at dizze ynstallaasje nei de steuring oangean soe. En nei’t ik safolle mooglik knoppen kontrolearre hie, hope ik dat it tafalle soe, wy soene it moarnier wol sjen…
Mar wy hiene ús gerdinen amper ticht as dêr wie de stroom wer! It foel ta, allinne it ljocht fan de WC stie noch oan… Wy koene ús no rêstich deljaan.
De folgjende deis liezen wy op de webside fan Liander dat wy ek noch yn oanmerking kamen foar in fergoeding. De steuring hie langer as 4 oeren duorre en dat sette it fergoedingsmeganisme yn wurking. Mar ryk soene wy der net fan wurde. Dat hoecht ek net.
Want hie wol wat, sa’n jûne sûnder stroom…
Pleatst: 16-05-2022 - 14:28 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2022