Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Buorkje...

Se hienen yn Sigerswâld prachtige posters makke foar ús optreden. In boere tafrieltsje mei moaie Fryske kij. As iten krigen wy stamppot boerekoal mei woarst en spekjes en as toetje hienen wy Boer'n yoghurt en vla. De jûn stie om sa mar te sizzen echt yn it teken fan de buorkerij.

Mar doe't wy de organisaasje dêrmei komplimintearden, seinen se dat it deagewoan tafal wie. Soe 'k net sizze as ik harren wie, ik soe it komplimint yn ûntfangst nimme en sizze dat wy o sa'n kreative skriuwster ha, as soksawat...

Lyts 100 minsken sieten yn 'e seal fan it moaie en smûke doarpshûs en wy ha prachtich spile! It hat ús wol in mok (en dit kear bedoel ik sa'n kop om út te drinken en gjin seefûgel) koste want dy foel út myn hannen, mar dat soarge allinne mar foar hilariteit en dan dogge wy krekt as heart dat derby...

Pleatst: 30-03-2008 / 20:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Revu 2008

Dat wie wer in âldertwetsk gesellige doarpsjûn! In protte minsken en in ûnderhâldende revu. Herkenbere sketskes ôfwiksele mei ferskes op bekende wizen makke troch doarpsgenoate Koos Minkema en songen troch Rûm Sop. Moai dat it de toanielklup slagge is om yn in koarts skoftsje tiid wer wat op 'e planken te krijen. HULDE! Dat kin allinne mar yn Hantum!

Moai dat der ek wer in hiele protte nije talinten meidienen. No mar hoopje dat se de smaak te pakken krigen ha en de folgjende kear wer meidogge. Op 'e foto's sille jimme Rûm Sop misse, want de fotograaf moast meisjonge en wie fergetten ien te freegjen om fan de sjongers ek even in foto te meitsjen...
Klik op de folgjende link om de foto's te besjen: fotoalbum revu 2008.

En Ashok makke my attint op de site fan Prime Suspect, de band fan justerjûn dy't ek in fotoalbum fol mei moaie foto's op it ynternet setten hat!
Foto's Prime Suspect

Pleatst: 29-03-2008 / 15:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op it rântsje...

Moarn mear oer de revu. En in protte foto's!

Pleatst: 28-03-2008 / 00:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

Revu...

It bliuwt behelpen mei it mobiletillefoanfototastel. Mar de ferrassing is dan ek grutter as doarpsgenoaten moarn de revu sjogge. Der binne wer sa'n tritich doarpsgenoaten yn it spier om der wer in moaie jûn fan te meitsjen. En dat sil fêst slagje!

Der is (op it lêste momint) wer in bult wurk fersetten. Moai dat op dizze wize de Hantumer revutradysje fuortset wurdt. En foar doarpsgenoaten dy't dit lêze: allegearre komme fansels!

Pleatst: 27-03-2008 / 22:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wêr bliuwe se no?


Pleatst: 26-03-2008 / 18:11 oere - Reagearje? - Nei boppen


In wite peaske...

Dat foel my fan 'e moarn pas op. Doe't ik út it rút fan 'e keuken seach, telde ik allegearre dakken. En dan ek noch wyt fan 'e snie. Dat jout moaie bylden foar dizze tiid fan it jier. Klik hjir mar ris foar in ympresje fan achter de ruten wei. Want jimme moatte net miene dat wy mei sok waar bûten komme...

Pleatst: 24-03-2008 / 14:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dedzjum

Yn ús studzjetiid helle Wilma faaks in studzjegenoat oan út Dedzjum. Sadwaande koe ik dit lytse plakje tusken Boalsert en Warkum. 96 Ynwenners telt dit lytse agraryske doarpke. No hat Dedzjum gjin doarpshûs, dat sadwaande wie 30 prosint fan it tal ynwenners fan Dedzjum oanwêzich yn it doarpshûs fan Parregea. En as by elk optreden 30 prosint fan de ynwenners oanwêzich wêze soenen, dan meie wy net kleie!

Spitigernôch wie myn âld klasgenoat net oanwêzich. Want neffes ien fan de organisaasje wenne hy noch altyd yn Dedzjum. Wy koenen dus net even byprate. No ja, hy hat wat mist, want it wie in geweldich optreden dêr yn dat smûke doarpshûs. Hantum moat der mar ris hinne, want doarpshûs de Gearhing is multyfunksjoneel mei ûnder oaren in grutte sportseal. En as it yn Parregea kin, wêrom dan net yn Hantum?

Achter de bar stie in frommiske út Parregea frijwilligerstsjinst te draaien foar it earst sa like it, want se freege ús hoe lang in nassyskiif yn 'e oalje lizze moat. Har âlden kamen út Warkum en omdat wy ek roots yn Warkum ha, ha jo al gau in praatsje. Doe't wy oan it ein fan 'e jûn noch even oan 'e bar sieten om te bekommen fan dizze moaie jûn, woe ús nassyskiifbakster ús amper oansjen en doe't wy har by in bestelling seinen dat wy net wisten wat har namme wie, sei se glimkjend: 'En dat moatte wy ek mar moai sa hâlde...'

No ja, wat docht it der ek ta, yn Dedzjum sille se de namme Klún & Knoffelhakke yn elts gefal nea wer ferjitte...

Pleatst: 24-03-2008 / 14:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Once upone a time... (2)

Hie 'k it in wike lyn net oer 'allegearre locals oan de bar?' No, hjir sitte der in pear. Yn ús eigen kafee. Dizze foto siet hjoed yn myn postfak. It sil begjin tachtiger jierren west wêze, doe't it bestjoer fan keatsferiening 'de Kletsers' in jiergearkomst útskreaun hie. Dat waard meastal yn de kroech hâlden. De skriuwer fan dit weblog siet doetiids yn it bestjoer as skriuwer. In moaie tiid! Tige tank foar de foto Kees!


Fan links nei rjochts: Rienk van der Meer, Geert Braaksma, Hendrik van der Heide, Hille Postma, Rients van Wieren, Piter van der Veen en Fetze Woudman.

Pleatst: 23-03-2008 / 20:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hekwurk.. (2)

Buorman spot buorlju en buorfrou spot de webmaster. In moaie reaksje op it stikje fan juster! Dat sil my dochs in prachtich stek wurde!

Pleatst: 23-03-2008 / 20:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hekwurk...

It docht wer bliken: alle froulju binne gelyk...

Ús oerbuorlju sille tink ik in nij hek om 'e tún ha, want buorfrou stie mei in los hekstik foar de tún om te sjen hoe it stie. Buorman stie op it parkearplak en seach wakker skean en sil wol sein ha: 'Ja moai, dit dogge wy.' En hy skeat de hûs wer yn.

Mar, en no komme wy by myn stelling, buorfrou naam dêr gjin genoegen mei en helle buorman wer op. Hy krige it hekstik yn 'e hannen en dy earme stakkert moast mei dat losse hekstik de hiele tún lâns! Foar de konifearen, foar de titelroazen, op 'e hoeke, oan 'e sydkant, gjin inkeld plakje waard oerslein. Hienen se no mear stikken hân, dan hienen se it fuort delsette kinnen. Buorfrou mar kykje en wize. Se stie op 't lêst al midden op 'e dyk! En buorman mar tôgje: 'Ja leave dat past wol, nee leave it lit gjin katten troch, ja leave ik sil de peallen goed de grûn ynslaan...' En: 'Ja leave, wy sette it noch yn 'e griene beits...'

De buert sil der fêst fan opknappe, want dêr soarget, nei't ik dit sjoen ha, buorfrou wol foar...

'Elk in bokse, sei it wiif en hja naam de hiele broek...'

Pleatst: 22-03-2008 / 16:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

De hik...

Guon prosessen kealje swier yn it ûnderwiis. Jo ha mei minsken te krijen is't net sa? Om wat foarelkoar te krijen moatte jo faaks bergen fersette. Sadwaande duts ús begelieder him sels yn troch juster yn 'e rin fan de teamgearkomst te praten oer it hikmodel. Letterlik sei hy: 'En om dit foarelkoar te krijen, meitsje ik even gebrûk fan it hikmodel...'

En dêrmei bedoelde hy dat as wy it oars ha woenen wy der even tsjinoanhikke moasten, mar dat wy it dêrnei perfekt foarelkoar ha soenen.

En dizze útspraak fûn ik ek wol aardich: 'Wy moatte al op ússels passe, it ûnderwiis past net op ús...'

Pleatst: 21-03-2008 / 13:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tele2...

Dat is dochs wol aardich! Wat ekstra stjoerders fia de digitale ûntfanger. Sadwaande koe ik jûn moai nei PSV - Ajax sjen. Mar om no de hiele jûn foar de buis te sitten... Kompjûterje is ek moai wurk. Boppedat moast ik wat muzykjes yn m4p-formaat oersette yn mp3-formaat. Want dat lêste kin ôfspile wurde op it ActivBoard yn 'e klasse.

Dus ûnder de wedstriid Googelje en sjen oft der wat te finen is dy't dat oersetten foar my dwaan koe. It hat de hiele earste helte duorre, mar der waard dochs net skoord dat ik hie it wol oan tiid. Krekt foar it skoft hie 'k it klear. Even op it USB-stokje en moarn mar ôfspylje!

De twadde helte besteege oan it skriuwen op myn weblog. Silst sjen, yn it lêste kertier wurdt der in doelpunt makke en Ajax wint... (Hoopje ik) Dan bin ik moai dwaande west en is my it winnende doelpunt net ûntgien...

Pleatst: 19-03-2008 / 22:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Uri...

Justerjûn seach ik foar it earst de nije Uri Geller. It is dochs spitich dat wy ús net opjûn ha, want wat dêr op TV fertoand wurdt kinne wy hjir allang. Us bank hinget noch oan it plafond en wy binne fergetten om dy der justerjûn ôf te heljen. Ek al ús stikkene apparaten wurkje wer. Wilma kin wer mei har âlde kuolkasttillefoan belje, de âlde 286 kompjûters boppe draaie no ûnder Vista en alderhande klokken en horloazjes tikje wer om it leven. Ja sels Bowie, it hûntsje fan Marten syn freondinne Mieneke sweefde justerjûn troch de keamer.

Unsin dus...

Wat wol lang neisweefde wienen ús stimmen yn it Colosseum yn Dokkum, man wat in akoestyk! Want yn it Colosseum moasten wy freedtejûn optrede foar de personielsferiening fan Oostergo. It poadium wie wat oan 'e krappe kant, it wie allegearre stof fanwege de bou fan it nije teater, it publyk reagearre hiel oars as oars en Riekele fergeat syn kofferke. Mar lokkich wie Aart 'de rots yn 'e branding', gastfrij en hertlik as altyd. Hy fleach mar mei drankjes en hapkes en wy waarden echt net fergetten. Om 'e haverklap stie Aart wer achter de kûlissen mei ien as d'oare traktaasje. Dêr kinne guon organisaasjes noch hiel wat fan leare! En dat wennet dochs mar moai by ús yn it doarp...

Om 't Harry freedtejûn ried, (hy koe syn BMW sa it Colosseum ynride) hoegden wy de drankjes net stean te litten. Mei de taksi binne wy thúskaam. Kost al wat, mar dat ha wy wol oer foar in noflike jûn! En oer de bygeande foto meie jimme wol ris hiel lang neitinke... It Uri Geller-effekt?

Pleatst: 16-03-2008 / 12:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Etikette... (2)

Dêr wie de amtner al! Hy hie syn e-mail fan 'e moarn lêzen en kaam ta ûntdekking dat der wat mis gien wie. Hy hat it goed makke! Der sieten no safolle bylagen by, dat ik wol it hiele wykein nedich ha om alles te lêzen.

Ek wol aardich. Yn groep 1 en 2 stiet it tema 'de mol' sintraal. No hie ien fan de bern in echte (deade) mol foar juffrou meinaam. Dy hienen se even fongen mei 'de knip'. De bern fûnen it prachtich fansels! No mar hoopje dat wy 'de Partij voor de Dieren' net op ús dak krije, want mem soe de mol wol even strûpe en dan soe juffer it feltsje krije... Wâldpiken moatte jo mar rekkenje...

Pleatst: 13-03-2008 / 23:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Etikette...

Elke dei hat ien fan de bern út myn groep 'kompjûterdei'. Dit hâldt yn, dat de bern op dizze dei al it wurk op de PC meitsje moatte. As de bern klear binne, moatte se it wurk nei master e-maile. Sadwaande wurde der op sa'n dei in protte kompjûterfeardigheden oefene.

No ha wy it juster by de taalles hân oer it skriuwen fan brieven. Wat sette jo boppe in brief en hoe slute jo op in kreaze wize jo skriuwen ôf. In jonge fan groep seis tocht: kom, lit ik datjinge wat ik juster leard ha ris achter de kompjûter tapasse! Dat sadwaande siet bygeande mail hjoed yn ús e-mailboks. Prachtich netwier? Allinne de amtner yn spee hie it papierklipke fergetten. Dat ik koe net neigean as hy yndie 'wel wat foutjes' hie...

Pleatst: 12-03-2008 / 23:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Once upone a time...

Even foar seizen stapten wy de kroech binnen. Yn it sealtsje achter de kroech moasten wy optrede. Alles stie al klear en ree foar in jûntsje Klún & Knoffel. As jo de seal ynstapten, dan waanden jo je 30 jier tebek. In groezelige flier, rottige kezinen en in poadium dy't in hiel toanielferline útstrielde. Oeral prullen, doazen en stuollen en earne yn in hoekje fan it poadium stie in gammele lege kuolkast. Yn 'e seal hong in geur as fan in hinnehok. Mar miskien kaam dat ek wol omdat de pleatslike fûgelferiening hjir regelmjittich tentoanstellingen hâldt.

Earst mar in bierke yn it kafé.

Soms sjogge jo yn in Amerikaanse film in kroech earne yn 'the middle of nowhere' mei allegearre 'locals' oan de bar. Sa kaam dit ek op my oer. In rûne stamtafel mei dêromhinne in tal notoire stamgasten yn de pleatslike kledaazje en yn in wolk fan sigarettereek. Se seagen ús oan as wienen wy premyjagers. Wy setten ús oan de bar en namen de boel ris goed yn ús op...

Net ien dy't noasje fan ús naam en elk prate fierder. Der wie gjin barkeeper te sjen en wy fielden in wat spannend sfearke. 'Wat moatte dy desperado's hjir?

Op it lêst gie der ien by de tafel stean en rûn nei de bar. Noch hieltyd gjin oandacht oan ús skonken, lit stean in drankje. De man begûn ûnferskillich skjinne glêzen te spielen en hy steapele de gêzen fan de iene kant nei de oare kant fan de bar. Noch ien fan de tafel kaam op ús ta skommeljen en begûn de namme, dy't op ús jas borduerd is, lûdop foar te lêzen. Minsken dy't gjin slokje op ha, ha al muoite mei ús namme, lit stean in stamgast dy't der al twa oeren sit.

Op 'e fraach oft sy fan ús komst wisten, stapte de barman hoeden op ús ta en sei dat wy ferwachte waarden. De mannen oan de tafel gniffelden en op ús fersyk pakte de barman trije bierkes út 'e kuolkast. En fuort wie hy wer. Wy namen ús bierkes mar mei nei achteren, want it fielde as koe der elk momint ien opstean om ús ris goed yn 'e kunde komme te litten mei de pleatslike gewoanten...

Pleatst: 09-03-2008 / 21:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Klachten...

Der kamen al klachten fan myn 'teamgenoaten'. Der soe hast neat mear te lêzen wêze oer ús kabaretoptredens op dizze side en dat wie dochs gebrûklik nei in wykein mei in sjo yn ien as d'oar doarp yn Fryslân. En dat kloppet ek! It is al wer even lyn dat ik ferslach dien ha fan in optreden fan ús.

Justerjûn moasten wy (wer) yn 'e Harkema optrede. Wy hienen it mar dreech, want wy hienen konkurrinsje fan it kampioenskip fan de Harkemase Boys en in optreden fan it pleatslike muzykkorps it Heideblomke. Nettsjinsteande dit gegeven, sieten der dochs sa'n 70 besikers yn 'e seal!

It waard in kreas optreden, werby't wy ússels in 7,5 joegen. It wie ferfelend dat de organisaasje it foarste diel fan de seal leech litten hie en der hast 5 meter tusken siet ear't wy de earste rige publyk oantroffen. Dan is it krekt as jo foar in lege seal spylje. Mar elk wie tefreden en dan binne wy it ek...

Nei de tiid fansels nei de Refter foar in wiidwreidige evaluaasje en mei tank oan de betsjinning (Wessel, Natasja en René) ha wy noch even noflik sitten en ús foarstelling nei in tsien ta praat. It bliuwt nuver dat se ús net yn de 'nije' horekagelegenheid 'de Zaak' ha wolle. De opppasser by de doar wegere ús perfoast en dat wyltst wy noch wol sokke kreaze jassen oan hienen. Mar it soe ek wêze kinne, dat dit mei de tiid te krijen hat... Afijn, wy ha Whamyd (as jo dat sa skriuwe) noch fan syn kofje ôfholpen en doe binne wy dochs mar op hûs oangien en kaam der wer in ein oan in noflik jûntsje pikefangen. Want, en dat binne wy dan wer fan Whamyd gewaar wurden, as jo yn de Arabyske lannen in broadsje shoarma bestelle, dat is dat makke fan pikefleis...

Dat Harry sa ûnnoazel west is om justerjûn fêst foar kommende tongersdei in pizza te bestellen, slacht wol alles. En hielendal dat hy dy pizza ek al betelle hat! Dat binne Whamyd en syn mannen tongersdei al wer lang fergetten (en Harry ek...) want sy sizze dochs altyd: 'Is goed...'

Pleatst: 09-03-2008 / 13:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

64 Fjouwerhoekjes...

Dizze kear in bydrage fan Wilma har wurk. Fan 'ús eigen' fjouwerHoeke. Der siet ek in moaie brief by:

"Geachte schoolleiding,

Al een flink aantal jaren organiseert schaakclub de Donger een twee daagse schaakwedstrijd voor teams van de basisscholen in onze gemeente om het kampioenschap van de gemeente Dongeradeel. De winnaar speelt mee om het kampioenschap van Friesland. Ook van Uw school heeft een team meegedaan en daarvoor zeggen wij U dank.

De jongens en meisjes hebben fel , fanatiek en sportief gestreden met erg veel inzet. Toch zijn er geen slachtoffers gevallen, heeft er geen bloed gevloeid, hoogstens heeft een ego een deuk opgelopen. Winnaar is geworden het team van de Hoeksteen uit Dokkum met op de tweede plaats het eerste team van de Regenboog ook uit Dokkum.

We hebben een paar foto's gemaakt en sturen sommige hierbij. We hopen dat U volgend jaar weer een team kunt sturen om mee te doen.

Hartelijke groet,
Namens het bestuur Schaakclub de Donger."

Klik op ûndersteande foto om mear foto's te besjen.

Pleatst: 06-03-2008 / 21:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bedriuwsblyn...

Doe't ik hjoed myn side even oereide, seach ik dat de lêste stikjes fol flaters sieten. Elk sil wol tocht ha: en dat foar in skoallemaster... Want alle minsken op 'e wrâld meie flaters meitsje, behalve in skoalmaster. No ja, der hurd úthelle fansels. En mysels kinnende, sil der hjir en dêr noch wol ien tuskensitte. Wat sizze se dan ek altyd wer? It kin...

Pleatst: 05-03-2008 / 18:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

Telepatysk...

Myn kollega hat in hiele aparte tillefoan! As in oare kollega har berjochten stjoert, ûntfangt se neat. Oarsom is it goed. Mar ek as dy oare kollega dan fia beantwurdzjen in SMS stjoert ûntfangt se ek wer neat. Nuver. Hendrik soe wol in oplossing ha. No net echt, want doe't ik fia myn tillefoan berjochtsjes (ek fia beantwurdzjen) stjoerde wie it goed.

No, dêr sieten wy as grutte pubers ús tiid te fergriemen mei it hinne en wer stjoeren fan berjochtsjes. Ynienen hie 'k myn nocht en as lêste SMS-te ik nei myn kollega: 'Wat heb jij een dom toestel...' Mar wat die bliken? Ik hie in ferkeard nûmer yn myn tillefoanboek stean, dat wie fan har âlde tastel en dat tastel hie se oan har man jûn. Earme man, dy krige no healwize SMS-kes fan in ûnbekend nûmer...

It soe moai wêze as har man krekt dwaande wie mei in âlde radio, televyzje as oar tastel. Dan soe myn SMS-ke fêst telepatysk neamd wurde en soe hy fan in wûnder sprekke as syn frou de jûns thúskaam...

Pleatst: 04-03-2008 / 22:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nacht...

Wat is no 'de Nacht van DBS'? Dat is de namme fan in follybaltoernooi. Dat wurdt elk jier hâlden yn Balk. Jo kinne jo as groep opjaan, as team, as freoneploech en as famylje. En dat lêste ha wy dien, want ús hiele famylje mei graach follybalje. Moai om mei dyn broer en suster, nichten en oanhang oan sa'n evenemint mei te dwaan.

It waard in prachtich toernooi! En wy ha ek in pryske wûn, want wy hienen mar twa wedstriden ferlern. It wie wol let, want it hjit net foar neat 'de Nacht van DBS' mar dat ha wy der wol foar oer. It is gesellich, sportyf en as it treft komme jo in hiele protte âlde bekenden tsjin!

Pleatst: 04-03-2008 / 22:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Maart...

Och hearken, ik sjoch dat it alwer trije maart is! Eins moat ik mei in nije side begjinne yn dit deiboek. No ja, deiboek... Ik bin al in pear dagen achter. Mar nettsjinsteande dat wy fakânsje hienen, ha wy it aardich 'drok' hân. Skoanheit soe wol sizze: 'Setjes en pretjes, brulloften en begraffenissen, dêr binne jimme te finen, mar wurkje ho mar!'

Mei oare wurden in protte aardige dagen it ôfrûne wykein. Eins soe ik der even foar sitten gean moatte om hjir ferslach fan te dwaan. Miskien doch ik dat moarntejûn ek wol, dan set maart fuort goed yn mei in wiidwreidich ferslach fan ûnder oaren 'de Nacht van DBS...'

Pleatst: 03-03-2008 / 22:58 oere - Reagearje? - Nei boppen