It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Goeie aksje fan... It is mar wat mei de skoallepleinen. Dy binne net yn 'e begruttingen fan de skoallen opnaam en as der dan in klimrek as soksawat komme moat, dan moatte de skoallen dat sels betelje. En de bern meie harren net mear ferfele en knikkerje mei in kûltsje yn it gers is ek, ARBO-technysk besjoen, ferbean. Boppedat ha de fabrikanten fan sok ferantwurde boarters- en klimguod der wol foar soarge dat it alderferskuorrenste djoer is. Jimme begripe dat de skoallen foar it opknappen fan it skoalleplein dus eins gjin jild ha. No wurde der yn Hantum ca. en Tytsjerk allegearre aksjes hâlden om jild foar it skoalleplein by elkoar te bringen. In pear wiken ferlyn skreau ik oer de aksjes fan de skoalle yn Tytsjerk. In grut sukses, mar krekt genôch foar ien skommel... By ús yn Hantum pakke se dat fan 'e wike ek hiel aardich oan! De bern komme mei sels makke kaarten by de doarren lâns. Fan 'e jûn wienen hjir ek in pear ferkeapers oan 'e doar. Se wienen sa skruten dat se benei twa meter fan 'e foardoar ôf stienen. Se sille wol tocht ha, sa'n frjemde man mei sa'n nuver magnetysk briltsje. Mar doe 't ik in pakje kocht hie kamen se wakker los en wienen wat grutsk dat se de ferkochte kaarten sels makke hienen! Leuk, dizze aksje! Lêzers út ús doarpen allegearre sokke pakjes keapje fansels en net eamelje as jimme sa'n moaie kaart mei de jierdei troch de bus krije...
In goeie bekomst... No moat it deuntsje mar wer út. Oars begjint it te ferfelen. Mar wa't noch lang syn nocht net hat, kin op ûndersteand balkje klikke en kin op besite gean by Reitse... Lekker ite mei Hendrik...
It is by ús op it wurk de gewoante om sa no en dan wat pakken sop mei te nimmen. Leafst fan Honig, want dat is de lekkerste en se ha ek de measte fariaasje. Dy sop ite wy dan tusken de middei, by de bôle, yn de spesjaal dêrfoar kochte sopkommen. No hie in skoft lyn ien fan de kollega's in pakje mix voor Chili con Carne meinaam. Dat wie in fersin, it moast sop wêze fansels, mar sokke pakjes ha deselde kleur en deselde ôfmjitting. Doe sei ik yn in gekke bui: 'Dan meitsje ik ris in pan chili!' Nuver, mar soks ûnthâld men altyd. Dat doe't wy ferline wike besletten hienen om yn it ramt fan de âlderjûn op skoalle te bliuwen en de jûns earst net mear nei hûs te gean, waard ik wer oan myn útspraak herinnere.
De moarns foar it fuortgean hie 'k in hiele wasklist oan spul ynpakt. In grutte hapkespan, in gatsjepanne, in houten leppel, in blikiepener en fansels in skelk, want it itensieden giet by my net sûnder griemen... Ik snap lêzers, jimme misse de yngrediënten, mar ik wie fan doel en helje farsk guod by de C-1000 yn Hurdegaryp. Striemin waar, de auto hast net kwyt kinne, healweis werom omdat ik it gehakt fergetten wie en dan ek noch te let op de gearkomste. (Ja Ype, dat moat mei in -e...) Jo moatte wat oer ha foar in paprika en ien sipel ôfwoegen yn in pûdsje. Lokkich wie ik wol sa tûk en nim tsien neigesetsjes mei, want nei in panne brune beanen binne jo wol ta oan wat 'luchtigs'.
It sil wol in frjemd gesicht west wêze. Master mei de skelk om yn it keamerke dêr't gewoanwei allinne mar kofje dronken wurdt. Fansels lei it oanrjocht fol mei sipelskilen, gehaktkrûmels, paprikapitsjes en lege brune beaneblikken. Spitich dat de ynspeksje dan net binnen stapt, dan hie 'k fêst tsjin de bêste man sein: 'Ek mei-ite?' En dan de panne goed fol. Dan leit it by him ek ris swier op 'e mage... Om likernôch healwei sânen wie it iten klear en dêr sieten wy mei syn sânen. Hiel gesellich en noflik en it smakke bêst! In kollega hie thús ek in panfol chili makke, sadat elk genôch krije koe. Boppedat wie har resept krekt wat oars en dan is sa'n hearlik diner noch lekkerder! Dat guon net safolle fertrouwen hienen yn myn itensierderskeunsten die wol bliken út twa berjochtsjes dy't binnenkamen: It fal sa 't falt, seit master, en hinge mei de noasdrip boppe de hapkespanne... Plesant... (3) Op www.twijzelerheide.net ûntdekte ik foto's fan de jubileumjûn. Op dizze foto's ek fotograaf René út België yn aksje. Neffes syn e-mail kinne wy meikoarten syn foto's ferwachtsje. Moai soks...
"Ik heb de CD met de meeste omzichtigheid verpakt in een
beschermd postpakket, uitsluitend bestemd voor de verzending
van CD's ... in de hoop dat hij zonder kleerscheuren Hantum
zal bereiken.
Veel plezier met de foto's en hartelijke groeten ook aan Sjouke en
jullie geluidsassistent !"
Plesant... (2) Der kaam justerjûn wol in hiele freonlike en aardige reaksje van René Van Echelpoel út België. Mei twa hiele moaie foto's! Ut syn reaksje de folgjende passaazje:
"Hartelijk dank ook voor de attentie die ondertussen,
in de prachtige Friese taal, is te lezen op
www.vanderhei.de, en waarin het relaas van onze ontmoeting
zaterdagavond alsook mijn banden met het Friese volk uiterst correct
zijn uiteengezet. Gewoon Prachtig !!!
Het feit dat ik zoals terecht in het stukje is vermeld, ondertussen toch al
praktisch 20 jaar contacten heb in het hoge noorden en er ook regelmatig,
weliswaar telkens kortstondig, verblijf laat mij toe toch in die mate de
Friese taal te begrijpen dat ik zaterdagavond van jullie voorstelling ten volle
heb kunnen genieten.
Wat ook telkens weer een diepe indruk op mij nalaat, en dat was zaterdagavond niet
anders, is het Friese Volkslied, dat ook nu weer door alle echte Friezen uit volle
borst werd meegezongen...... Alleen al op die momenten is het diep te betreuren
geen echte Fries te zijn !!"
Klik
hjir
om de twa foto's te besjen. Plesant... De fûgelwacht fan Twizelerheide bestie 25 jier. En om de feestjûn op te fleurjen wienen wy útnoege om de minsken te fermeitsjen. Dat slagge goed, want wy ha yn dy omkriten in protte fans sitten. Moai sûnder wjergea, binne de Wâlden... Op dizze feestjûn kamen wy yn 'e kunde mei de Belgyske natoerfotograaf René Van Echelpoel. Hy posearde spesjaal foar dit jubileum mei prachtige foto's yn doarpshûs de Jister. Hy wie ek al sa'n 20 jier lid fan de fûgelwacht fan Twizelerheide. In Belg yn 'e wâlden kin dat? Fia de dowesport wie hy yn it ferline yn Twizelerheide telâne kaam, ien fan syn dowen wie it paad kwyt (ek wol in hiel ein...) en sadwaande hie hy hjir yn it noarden kontakten opdien. It wienen hiele freonlike minsken, mei in protte humor en gefoel foar understatement. Sa frege hy ús (en tink dêr in Urbanustaaltsje by): 'Heeft u ook tips om een goede Fries te worden?' Wy koenen him allinne mar advisearje om mar gewoan troch te gean. Under de foarstelling hat hy in protte foto's makke en hy hat ús nei de tiid ek in pear sjen litten. 'Ik heb aardige foto's gemaakt en ik kan u ze laten zien op het schermpje...' Hy hat ús tasein dat hy se op CD sette soe en ús tastjoere soe. Wy binne benijd! No net mear eamelje... Och wat krigen wy in kommentaar: de auto seach derút as in beest! Om earlik te wêzen wie dat ek sa, mar om der no sa op ôf te jaan... Juster is de maitiid begûn, dat fuort fan 'e moarn mar yn aksje. Stofsûger nei bûten, amer mei waarm wetter en wat skjinmakkersguod, matteklopper, spûns en lear, ik wie der hielendal klear foar. En foar myn dwaan ek noch aardich betiid op 'e sneontemoarn. Tsien oere... Mar it wie al oer alven ear't ik de earste sânkerrels opsûgde. Ik ha earst wol in heal oere socht om in stofsûgerhelpstik. Sa'n smel ding om mei yn 'e hoekjes te kommen. Nearne te finen! Sil ik wol wer op in nuver plak dellein ha. Mar wêr?! Doe't ik op 't lêst besluten hie om it dan mar sûnder te dwaan, die de stofsûger it net. Ferlengsnoer wie kapot. Ek dat duorret ek wer even ear't jo dat yn 'e gaten ha. Mar om likernôch ien oere wie de auto klear. Twa kilo sân, twa amers drekwetter, in folle stofsek en in kapotte matteklopper. De byriders hoege no net mear te eameljen, wy kinne wer troch de ruten hinne sjen! En de skuon út as jimme by ús yn 'e auto stappe...
Frysk foar net Friezen (3) Om't dizze side regelmjittich troch de Fryske kursist(en) lêzen wurdt, is it fansels wol aardich en stopje der wat opdrachten yn. Ferline sneon seagen wy dit boerd stean. By de yngong fan de seal yn Drachten dêr't wy optrede moasten. Meastal meitsje ik in foto fan it boerd, foar it argyf. It wurdt sa stadichoan in hiele samling. Wy kinne der hast in rubryk fan meitsje. Mar yn elts gefal sitte der in pear flaters yn. Fine wy net sa slim, want sels binne wy ek net altyd flaterleas, mar yn it ramt fan de kursus is it no wol in fraach wurdich: Hokfoar Fryske staveringsflaters steane der op dit boerd? Oare lêzers meie fansels ek reagearje. Ik bin benijd. It sil wol wer stoarm rinne! Ek wol aardich is it ferhaal fan it autobedriuw fan myn broer yn de FlevoPost. Syn bedriuw wie it bedrijf van de week. Fia dizze kinne jimme it ferhaal neilêze. Mochten jimme muoite hawwe mei it Nederlânsk, dan kinne jimme it ek foarlêze litte... Oh, wat ha jo dan in wille... net? Dat is ek wat! Fannacht fûn ik samar in brief fan advokatenkantoar SIJWO op 'e doarmatte. Nei oanlieding fan myn blog fan 25 febrewaris ha de hearen G. en T. miend my oanklage te moatten fanwege stuitsjende foto's en misledigjende teksten. No besykje ik altyd om mei mylde humor myn stikjes te skriuwen, mar it skynt dat it dizze twa doarpsgenoaten dochs te fier gie. Dat hie ik nea fan harren tocht! Wy ha o sa'n noflike jûn hân en ik miende dat sy sels ek klear de gek hienen mei harren boatprojekt. Mat ik ha in misrekken makke en ik bied harren hjirby dan ek myn oprjochte ûntskuldigingen oan. Ik sil it net wer dwaan... Mar ik ha sa'n fermoeden dat dit net genôch is en dat ik net ûnder de wurkstraf út kin. Klik hjir foar de brief. En om't ik gjin mear oanklachten ha wol, ha 'k de nammen mar 'diskreet' weiwurke... Dy't ienkear yn 't skipke sit, moat mar farre... Gebak by de kofje... Ferheard seach ik in pear wiken lyn dat myn kapster my fia Hyves in berjochtsje stjoerd hie. No bart dat wol faker, in berjocht fia Hyves, mar meastal binne dat freonen dy't wer ien as d'oar ûnsinfilmke trochstjoere. Dy ferwiderje ik fuortendaliks. Mar de kapster dy't healwize berjochten trochstjoerd? Dat koe hast net, ik moast it berjocht dochs mar even lêze. It wie in freonlik fersyk om myn ôfspraak fan hjoed nei in betider tiidstip te skowen. Dan koe sy in pear oaren, dy't in wat gruttere behanneling nedich hienen, op dizze moarn ek helpe. Fansels, dat moast altyd trochgean! De ôfspraak hie 'k op healwei alven set, omdat ik dan op sneontemoarn lekker stadich wekker wurde kin. Om wekker te wurden soe 'k no mar in oerke koarter ha. Moat kinne! Myn kapster wie wakker bliid dat ik oan dizze logistike operaasje meiwurkje woe en se beloofde my dat de kofje klear stean soe. Al wie't allinne mar om it wekker wurden te stimulearjen... Letter dy wike seach ik fia itselde Hyves dat de kapster meikoarten jierdei wie. Mar even in lyts berjochtsje mei in felisitaasje. Wy wienen de ôfrûne wiken no sa bot oan it 'Hyvesjen' dat in lokwinsk wie dochs wol it minste wat ik dwaan koe. In bytsje stikeljend skreau ik yn it feestberjocht: 'Takom wike gebak by de kofje??' En dêrmei wy foar my de Kapster-Hyves-Hype oer en sette ik yn myn aginda dat it sneontemoarn healwei tsienen wêze moast yn stee fan healwei alven. Fan'e moarn by it ôfrekkenjen skeat de kapster ynienen hurd de saak út ûnder it mom 'even wat regelje' mar ik seach ferheard op dat se mei in doaske mei twa hearlike gebakjes oansetten kaam. 'Dat hienen wy dochs ôfpraat?' sei se laitsjend. Ik wie it alwer hast fergetten, mar ik stelde har gebaar tige op priis! Wilma fûn it al sa aardich, dat ik fan 'e moarn earst by de bakker lâns west wie, nei't ik by de kapper klear wie. Ik ha har it hier mar gau út 'e eagen helle... Dan... Al in hiel skoft stean der in pear LP's ûnder it kompjûterburo. Dy ha ik der mei sin delset om se ea ris te digitalisearjen. It is der noch nea fan kaam, want dan moat der wer wat oanskaft wurde om de muzyk fan de LP ôf op de kompjûter te krijen. Sa'n ding ha ik oars ek wol, mar nei't ik in oare PC oanskaft ha, passet dat net mear. De elektronikakonserns hâlde elkoar wol oan it wurk fansels... Nei wat omstrunen yn de iTunes-wrâld, kaam ik de LP Captured Angel fan Dan Fogelberg tsjin, Durk Fûgelterp sille wy mar sizze... En dat is no krekt ien fan dy platen dy't dêr ûnder it buro stoffich stiet te wurden! Fansels hoegde ik net lang nei te tinken om dizze muzyk fia de iTunes-winkel oan te skaffen. Dat giet hiel maklik, in pear klikken en de songs steane op dyn PC. It bliuwt moaie muzyk, allinne ik moat it wol ôfspylje as der net ien thús is... Wa wit binne de oare LP's ek earne op it ynternet te finen. Ik sil ris sykje, it hat gjin haast, boppedat tink ik dat it mei de plaat 16 Friese Hits noch wolris in toer wurde kin. Soe dy te finen wêze op it wrâld wide web? 'One last time sing that old song we used to know...' Preekje foar eigen parochy... Ofrûne wykein yn Tytsjerk. Wol in bytsje spannend! Mar in folle seal, gesellige minsken en hiele goeie reaksjes...
In preek yn 't Frysk hie 'k tocht. Ha 'k my dêrfoar ferklaaid? sei Albert. Maitiid?
Yn 'e rige by de Wasbeer en betide sinne oer de foarjiersblomkes. 'It is skiiiiiterend waar,' âle Pty Paulusma fan 'e moarn op 'e radio en elk is yn't spier. Kin it takom wike mar wer ferreine en ferwaaie, want ek dat seach Pyt oankommen... RTL stamppot... Eins hie 'k justerjûn myn weblog bywurkje moatten. Want de trouwe lêzers sitte fansels elk oere te wachtsjen op nijs. No ja nijs, faaks is it mar wat ge-eamel oer net Friezen, lytse poadia en auto's dy't ynelkoar riden binne... Justerjûn hie 'k der gjin sin mear yn. Wy hienen hearlik iten - Huspot mei woarst, hokfoor stamppot? Hutspot! - dat mei it grauwe liif achter de kompjûter, dat woe even net. Ik belâne achter de televyzje. As is it foar de telefyzje? It is dochs ek achter de kompjûter? No ja, yn elts gefal seach ik in programma fan RTL oer klussende mannen dy't der mar net oan ta komme om de boel oan te pakken en ôf te meitsjen. Moeke wie fan ellinde mar fuort gien en hie de help fan RTL ynskeakele om de keuken ôf te timmerjen. Pas dan soe se werom komme. Ik sjoch soks oars noait, kin my ek neat skele. Mar mei it hutspotliif hie ik ek gjin oare plannen foar dizze jûn. Der kaam in Marrokaan mei twa helpen om de boel oan te pakken. Fan dy helpen mei dúdlike logo's op 'e rêch, kommersjeel, is't net sa? Achmed prate al wat mei in aksint en hie healwei de útstjoering ek al rúzje mei de 'heer des huizes' mar lokkich kaam it dochs allegearre wer goed. Want wylst moeke yn in beautysintrum lei te bekommen, stie har freon tegeltsjes te plakken mei de sigaret oan. Ik tocht by mysels dat frommes kin dochs ek wol wat dwaan? Tegeltsjes oanrikke, hout sjouwe as miskien sels ek wol wat fêst skroeve. Mei oare wurden de âlderwetske rolferdieling tusken man en frou waard mei dit programma mar wer befêstige. Sjochsto dêrnei Hendrik? Jawis, de hutspot wie noch net fertard... De TV hie my wol yn 'e besnijing. Want nei it lokkige kluspear kaam ik yn 'e kunde mei 'Het zesde Zintuig'. Der is mear tusken himmel en ierde, sok guod. Minsken dy't op it plak fan de moard stean te triljen om't se allegearre boadskippen troch krije. Nijsgjirrich. Mar is it echt? Bestiet soks? Jo soenen it hast leauwe, want it klinkt allegearre oannimlik. Mar afijn, doe wienen myn 'zintuigen' ek hast útwurke en bin ik mar ûnder de wol krûpt. Meastal set ik de televyzje dan ek noch even oan (ja wy ha ek in TV op 'e sliepkeamer...) want der wie ek fuotbal dizze jûn. Mar ik ha der neat mear fan meikrigen, de eagen foelen yn in pear minuten ticht. Ik dreamde fan klussende froulju yn sliepkeamers mei dartboarden en Marrokkanse paragnosten dy't 180 pannen hutspot opite moasten. Healwei ienen waard ik samar wekker. Op 'e televyzje stie Raymon van Barneveld pylkjes te smiten wylst it publyk raazde by alwer 180 punten. Soe it seisde sintúch dan dochs wurkje? De ôfstânsbetsjinning fan de televyzje wurke yn elts gefal wol...
Frysk foar net Friezen (2)
It húswurk is ynlevere...
Allegearre komme! Foar ien kear mar even yn it Hollânsk...
Komende zaterdag 7 maart treedt het duo Klún & Knoffelhakke uit Hantum op in dorpshuis Yn 'e Mande te Tytsjerk. Het duo speelt op deze avond haar huidige programma 'It is de boer allikefolle…' Het is een bijzonder optreden, want de opbrengst van het optreden is bestemd voor het project 2 scholen 1 doel. De beide Tytsjerkster basisscholen hebben de handen ineen geslagen om samen met verschillende acties geld in te zamelen voor het opknappen van de beide schoolpleinen. De eerste actieavond, een dienst- en goederenveiling was een groot succes en de actiecommissie hoopt dit succes te evenaren met een optreden van Klún & Knoffelhakke. Naast het komische duo verleent de plaatselijke band Freezover ook haar medewerking aan deze bijzondere avond.
Belangstellenden kunnen kaarten bestellen bij dorpshuis Yn 'e Mande te Tytsjerk. Aanvang 20:00 uur.
Aldtsjerk... Dat wie wol in hiel bysûnder optreden, ôfrûne freed yn Aldtsjerk. Dit optreden kin ek wer de boeken yn as ûnferjitlik... Us ljochtman Harry wie siik en as der dan mar ien foar de technyk mei is, dan dogge wy it altyd mei de ljochten dy't yn 'e seal en op it poadium oanwêzich binne. Dan hoege wy de hiele saak net op te bouwen. Lokkich is dat yn 'e measte sealen wol oanwêzich. Soms mar hiel ienfâldich, mar ach, as der dan mar ljocht op it poadium skynt, dan rêde wy ús gau. It poadium wie moai rûm en wy koenen aardich út 'e fuotten op dizze planken. Mar de klaaikeamer wie mar hiel lyts. Tusken de stroommjitter, âlde stuollen en de katrollen foar de gerdinen. Wy ha ús rêden, de minsken wienen mear as tefreden en wy ha wer sjen litten dat wy ta alles yn steat binne...
|