Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor


© www.vanderhei.de

Beoardielje...

Juster hie ik it oer hoe maklik it is om fia in webwinkel wat te bestellen. It mei dúdlik wêze dat ik dat ek regelmjittich doch.

Mar wat ik dan wer ferfelend fyn is dat jo yn de dagen dêrnei bestookt wurde mei de fraach om de webwinkel te beoardieljen. Meastentiids klik ik dizze fersykjes fuort. Mar silst it beleve, in pear dagen letter: u bent vergeten uw beoordeling in te vullen...

No, fuort dan mar wer. Ik hoopje dat oaren de beoardieling dan lêze en dêr harren kar foar dizze webwinkel op basearje... Mar doe't ik de beoardieling nei it ynfoljen nochris neilies, die bliken dat der wol NUL minsken wiene dy't it lêzen hiene.

Dêr sitte jo dan wer mei jo goeie gedrach. Het kost u slechts 1 minuutje... Jaja...

En no net eamelje fan: logysk, hast it ek noch mar 33 minuten lyn ynfold. De oare stiet der al sa'n 5 jier op!

Pleatst: 28-03-2018 / 14:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sleepwet...

It is mar wat mei de privacy op ynternet hjoed oan de dei. Troch jo ynternet- en socialmedia gebrûk kinne guon ynstânsjes en bedriuwen fan alles fan jo gewaar wurde. Mei it surfen op it wrâld wide web litte jo fuotprinten achter wêrtroch oaren jo digitaal (achter)folgje kinne.

Ha jo krekt yn in ynternetwinkel printerinkt besteld? Dan kinne jo de klok der op lyk sette dat de dagen dêrnei alderhande advertinsjes fan printerinkt foarby komme by it surfen op ynternet.

Wês earlik, op hoefolle siden (al as net fan de oerheid) binne jo net ynskreaun? En hoefolle tsjinsten moatte jo net digitaal ôfhannelje? Stel dat se alle digitale gegevens oan inoar keppelje soene, dat witte se ALLES fan jo!

Fansels, de digitalisearring hat ús ek in protte goeie dingen brocht. It giet hurd, it is maklik en jo hoege de doar net mear út. Foar 22:00 oere besteld, moarn yn'e hûs…

Mar betiden slacht it ek te fier troch! Facebook makke in rare flater om't in hiele protte persoanlike gegevens misbrûkt waarden om de Amerikaenske presidintsferkiezingen te beynfloedzjen. Facebook moast de ôfrûne dagen flink troch it stof!

En sa as altiten hobbelet de wetjouwing der wer achteroan. De digitalisearring giet sa hurd, de wetjouwers kinne it net byhâlde.

Dan soe de sleepwet dochs just goed wêze?!

Mar dochs ha ik nee kleure… (Wy hoegden net te stimmen foar de gemeenteried, wy ha noch nea sa'n lyts stimformulier hân…) Want nettsjinsteande dat dizze wet in protte goeie eleminten yn him hat, is de privacy noch net alhiel waarboarge. Want op syk nei eventuele misstannen en/of terroristyske aktiviteiten, mei de oerheid, neffens dy nije wet, alle gegevens, ek fan ûnskuldige en fan gjin kwea bewust wêzende boargers trochspitte nei eventuele spoaren dy't op misdiedige aktiviteiten wize koene.

Wat dogge se dêrnei mei dy gegevens? Ferneatigje? As… Soks moat hiel goed regele wurde. En dêrom moatte se it wetsfoarstel noch mar ris goed besjen. Wat it is krekt as mei it fiskjen, jo ha in hiele protte byfangsten. En wurde dy troch it regear werom yn see smiten?

Dêrom wurd ik sa stadichoan ek wat hoedener mei it pleatsen fan alderhande nijs op dizze webside. Want tsien jier lyn like it allegearre aardich en wie it prachtich om alderhande (persoanlike) saken mei kunde te dielen, mar troch al dy nuvere ferhalen fan hjoed oan de dei krije jo doch in wat oar gefoel by soks.

Hoewol, Fryske kin net elkenien lêze en Google Translate makket der mar wat fan… Haha!
Klik hjir mar ris...

Jimme kinne ek sels de oersetting opsykje want brûke jimme by it surfen Google Chrome? Klik mei de rjochtermûsknop earne yn de webside en kies yn it útklapte menu foar Vertalen in het Nederlands. Wurk oan de winkel foar de skoalmaster...

Pleatst: 27-03-2018 / 20:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Underweis...

Ik tocht al, wat bliuwt dy grize Transporter lang achter ús hingjen... Dat wie op de Sintrale As, flak nei Quatrebras. Mar doe't se ús ynhellen waard it dúdlik. It wiene ús kollega's fan Kredyt. Ek ûnderweis nei in optreden. It aardige wie dat se ús filmen en it filmke op Facebook setten. En dan krije wy it fansels wol ûnder de eagen. Moai soks!

En dan hjir ek mar even op de webside.

Oh ja, hjirûnder stiet in ofbylding fan Facebook. De links en it filmke wurkje net. Dan moatte jimme op Facebook sjen.

Pleatst: 12-03-2018 / 14:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Meccanoid...(2)

As ôfsluting fan it robotprojekt op de fjouwerHoeke, mocht robotpake mei de bouwers fan groep 8 op 21 febrewaris nei de Harmonie yn Ljouwert. Alle skoalle fan Fryslân dy't ek sa'n robot krigen hiene, wiene útnoege. Mear as 100 skoallen wiene dy moarn oanwêzich yn de grutte seal fan de Harmonie. En it moaie wie, se hiene allegearre harren robot meinaam.

En dêr stie Rollie. Op it poadium, flak by André Kuipers dy't dizze moarn in prachtich ferhaal hâlde, tige boeiend om nei t harkjen.

Nei ôfrin wie der yn de hal fan de skouboarch fan alles te belibjen. Allerhande kreamkes mei technyske saken en ynstalaasjes. De bern mochten der mei oan de slach, allegearre om har safier te krijen dat se foar in technyske oplieding kieze.



Pleatst: 07-03-2018 / 21:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moai om te dwaan...

Yn it winterskoft ha ik twa toanielploegen holpen om harren stik yn te studearjen. Prachtich om te dwaan, foaral as de útfieringen goed slagje.

Burdaard hie harren útfieringen op 2, 4 en 10 febrewaris. Yn in prachtige lokaasje mei in protte publyk. It wie foar my de lêste kear yn Burdaard. En Flean op! wie in weardige ôfsluting fan 4 jier Op, mar net út de hichte...

De twadde ploech wie toanielferiening it Nije Doarp 't Mûnein. In gesellige ploech mei fanatike spilers. Mûnein harren útfieringen wiene op 2 en 3 maart. In bysûnder stik, mar ek wer twa prachtige útfieringen. Sjoch hjir foar in hiele protte foto's. Mei tank oan Kees Westra.

Pleatst: 07-03-2018 / 20:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jubileum...

40 Jier Hichtepunten! Yn 1978 begûn as in entûsjast inisjatyf en útgroeid ta in ûnmisber ûnderdiel fan ús doarpenmienskip. Acht kear yn't jier binne der sa'n 30 frijwilligers dwaande mei it meitsjen, drukken, nytsjen en besoargjen fan ús doarpsblêd. En dat mei alle wille!

Fansels moast dat fierd wurde. Alle frijwilligers fan hjoed de dei én fan de ôfrûne 15 jier waarden útnûge foar it jubileumfeest op 9 febrewaris yn doarpshûs d'Ald Skoalle. De tariedingskommisje hie keazen foar 15 jier tebek om't yn 2003 it 25 jierrich jubileum fierd is. It waard ek no wer in prachtige jûn.

In hiele protte frijwilligers wiene oanwêzich en lieten har it hearlike stamppotbuffet goed smeitsje. It buffet fersoarge troch kafee de Terp krige alle lof, no ja yn dit gefal hutspot soerkoal en boerekoal… Der wie gjin nee te keap en elk koe mar sa faak opskeppe as hy as sy woe, der like gjin ein oan te kommen. Ek it iisbuffet wie in ingeltsje op de tonge en allinne al de oanblik die jo it wetter om 'e tosken rinne.

De kommisje hie keazen foar in ynformele opset. Gjin lange ferhalen, gjin wiidweidige powerpoints en ek gjin drege histoaryske weromblik. It wie in jûn fan noflike petearen, hearlik iten, hjir en dêr in drankje en fleurige muzyk. De kommisje hie trio Wat Oars út Deinum útnûge om de ynformele sfear krêft by te setten en ek dy opset slagge tige by tige.

Earst as achtergrûnmuzyk en letter as dûnsmuzyk wisten de trije muzikanten de sfear der goed yn te bringen en waard der folop dûnse. En mei it Never Walk Alone kaam der rûn healwei tolven in ein oan harren ynbring. Hoe treffend, want sa'n doarpsblêd meitsje jo net alone jo dogge it mei syn allen!

Moai wie healwei de jûn de bydrage fan Akke Brouwer (fierderop yn dizze Hichtepunten te lêzen). Akke hie in prachtich jubileumgedicht skreaun en lies dat ek prachtich foar. Hoe treffend binne har wurden en hoe moai beskreau dit gedicht de wearde fan ús Hichtepunten.

Litte wy sa'n moaie 40 jier lange en fleurige doarpsaktiviteit koesterje. Tusken alle digitale media fan hjoed de dei. Hoewol wy stikem wol beseffe dat it papier aanst dochs wol syn langste tiid hân hat, bliuwe wy optimistysk oer ús doarpsblêd. Asto sjochst dat der ek wer yn dit nûmer safolle moaie bydragen steane, sille wy de fyftich jier fêst helje.

En dan ha wy wer sa'n moai feest…

Pleatst: 107-03-2018 / 20:24 oere - Reagearje? - Nei boppen