It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
De blom fan Danny... Wy binne nei in kabaretfoarstelling wol ris wat ûndogensk. Wy litte guod, dat wy net mear hoege te brûken as wat stikken gien is, wolris stean yn it teater... Sa hienen wy ris yn in feesttinte twa stikkene stuoltsjes ûnder it poadium dellein. Dêr binne wy fan ôf en wy hoege se net mear mei te nimmen... Mar de oare wyks belle ien fan de kommisje op. Se hienen twa stuoltsjes fûn en dy koenen allinne mar fan Klún & Knoffelhakke wêze. Ik hie de smoar yn, mar ik liet neat blike. Ik sei optein: 'Geweldich, dy wienen fergetten, moai dat jimme se fûn ha!' En omdat dat kommisjelid dochs yn Hantum wêze moast, hat hy se kreas wer by ús brocht. Se stienen moai achterhûs tsjin de túnbank oan. Ferline jier rûn dizze tiid, pakten wy it wat gehaaider oan. In plasticplant, dy't wy by ús foarige programma brûkt hienen, ha wy kado jûn. Danny, ien fan ús typkes, kaam as âlde flam fan de breid de seal binnen en hat har by harren 25 jierrige houliksfeest 'emosjoneel' tasongen. En nei syn ferske krige it breidspear de plant fan Danny oanbean. Sa, dy wienen wy ek kwyt... Juster moasten wy wer yn dyselde seal optrede fan dat sulveren houliksfeest. Ut'e gek seinen wy dat hjir noch in plant fan ús wêze moast. Wy seagen dan ek hiel ferheard doe't de beheardster sei: Ja, dat kloppet! Sjoch, wy ha him in moai plakje jûn.' En ja hjer, dêr stie de plastic fikus. Yn in hoekje fan de kreas ferboude foyer. De pot hienen se derom weihelle en yn in kreaze glêzen faas mei wat echte modder stie ús plant it lege hoekje op te fleurjen. 'Wolle jimme him wer ha?' sei de har wat skuldich fielende beheardster. 'Nee, hy stiet hjir moai,' seinen wy hast yn koar. Moast de plant hast wer mei nei Dokkum...
Kom, kom... Hjoed in nuver ûngemak. Eins kin ik better prate fan makje... Ik hie al in dei lang in amer mei wetter yn it lokaal stean. Foar Junior, ús klasgenoat. Sa koe it wetter moai op temperatuer komme. Wy soenen him dochs mar ris skjin meitsje, in pear bern woenen wol helpe. Earst Junior fange, yn in lyts bakje mei farsk wetter dwaan en dan de smoarge kom ûnder de kraan skjinspiele. It gie dat it slydjage en de bern fûnen it prachtich, want Junior liet him net samar fange. Ik moast sels de kom mar ûnder de kraan hâlde, hy moast ek net stikken reitsje. Entûsjast droege ik de kom wat ôf en soe ik him wer nei de tafel bringe dêr't Junior kalm wachtte yn syn rûne karavan. Te entûsjast, want de kom rekke krekt in hoekje fan it oanrjocht. BATS! In hiele soad skerven, glêssplinters en stientsje op 'e grûn en bern dy't âlen: 'Meester wat doe je nou??!' Wy ha de bern mar nei hûs ta stjoerd. Sy sille it grutte nijs wol oer de Tytsjerkster buorren brocht ha. En master yn 'e rein nei Hurdegaryp om in nije kom. It reinde hûnehokken, om mar yn 'e PET-sfear te bliuwen... Sa wienen wy nei skoaltiid hielendal yn 'e ban fan de fisk. Jo ha it ek smoardrok yn it ûnderwiis... Pleatst: 26-11-2009 / 23:47 oere - Reagearje? - Nei boppenFilm... (2)
Tsja, sa hienen wy it yn it foarige blog oer de moaie nije doarpsfilm fan Hantum, en sa ha wy it hjoed oer it bysûndere filmke fan Wilma. Man Bijt hond, sille wy mar sizze... Sinterklaas kaam sneon, as foar de Sweachsters saterdei, oan yn Kollumersweach en it like Wilma wol aardich en meitsje dêr in filmke fan. In megaproduksje fan Mega Mindy. Want om Mindy wie it Wilma te dwaan. Aardich om te sjen dat ús filmer yn 'e earste sêne ynstruksje kriget, dat der panyk útbrekt omdat der in ambulânse oanfleanen komt. Is het een vogel...? En dat de kamerafrou eins mear oandacht hat foar de hynders... Nuver, mar by it montearjen fan it filmke sit my iderkear dat deuntsje fan Mega Mindy yn 'e holle. Hawar, de âlde Sintemasije no ek te plak yn Kollumersweach. Kin hy mar bole ite... (Ja, ja, sûnder kapke...)
Film... Justerjûn wie't safier. De premiêre fan ús nije doarpsfilm. In unike kommisje mei de namme 4H-mediacommissie, hie ferline jier al goed wurk dien mei it útbringen fan it prachtige boek 'Oerliz is it heale wurk ... stinnen de oare helte'. Dit sukses smakke nei mear en omdat der hjoed de dei net alline papieren ynformaasje beskikber is, hat dizze kommisje, mei as útgongspunt de doarpsfilms fan 1951 en 1965, in nije film anno 2009 meitsje litten. It is in hiel moai dokumint wurden. De ferlieding is fansels grut om fia youtube as soksawat bylden sjen te litten fan dit pronkje, mar dat soe alhiel gjin rjocht dwaan oan de opset en kwaliteit fan dizze film. Belangstellenden kinne fia ús doarpsside mear te witten komme en ek de film 'Sa is it no... sa wie it foar letter' bestelle. In oanrieder is ek de webside fan dizze kommisje. Want it is harren bedoeling om dizze side alle beskikbere doarpsdokuminten digitaal tagonklik te meitsjen. Op bygeande foto ûntfange de makkers fan de film Sietze en Jildou de Vries fan Heit & Mem video it earste eksemplaar út hannen fan wethâlder en lokoboargemaster Klaas de Graaf fan Dongeradiel. Ek Omrop Fryslân hat oandacht bestege oan dizze bysûndere doarpsaktiviteit en op ús doarpsside mear foto's fan dizze moaie doarpsjûn.
De menpiet... It is wer safier! Mear moaie foto's op: www.112zwaagwesteinde.nl Humor yn tsjerke?
Pleatst: 15-11-2009 / 13:45 oere - Reagearje? - Nei boppen
Lokaasjeteater... No mienden wy dat wy op it kabaretmêd alles meimakke hienen, mar justerjûn die bliken dat it altyd wer oars wêze kin... Wy moasten optrede yn Penjum, earne ûnder Harns. Fan't simmer hienen wy dêr op 'e merke optrede moatten, mar fanwege omstannichheden wie dat net trochgien en mochten wy dat justerjûn ynhelje. Mar de feesttinte wie allang ôfbrutsen fansels. De kulturele kommisje hie ornearre dat wy mar by Douwe (syn namme wit ik net krekt mear) yn 'e skuorre optrede moasten. Troch in lytse doar lâns de stâl fan de hingbúkbaarch kamen wy yn de wol hiele lytse 'teaterseal'. Kuilplestik achter it poadium, in âld kleed foar de doar fan 'e klaaikeamer en taskôgers dy't deun opelkoar en op it poadium sieten. Kofje koenen wy krije yn in lyts kreamke en in húskewein die bûten tsjinst as toiletgelegenheid. Mar wat in ûntfangst! Wy mochten mei-ite by Wâte en syn húshâlding, hearlike boerenkoal mei in gehaktbal. En ek yn ús ymprovisearre klaaikeamer ûntbriek it ús oan neat. Broadsjes, wetter, frisdrank. Sa ienfâldich, mar wat kompleet! En wat in minsken yn dy lytse boereskuorre! En wat in sfear, it wie ien fan ús bêste optredens ea. Wat ha wy, en de minsken fan Penjum, in wille hân. Wy ha der nei dizze jûn in protte fans by krigen yn Penjum. Nuver dat soks nea ôfhinget fan in grut poadium, in kreaze seal as in grut tal publyk. Om fan kommisjes kreas yn't pak mei in kaartsje op en harren konsumpsjemunten mar te swijen... Ik mei 't graach wat skjin lije, sei de boer, en hy fage de tafel ôf mei de biezem...'
De stoffen tas... It brein wurket nuveraardich. It ûnthâldt frjemde saken en leit healwize linken. Alteast by my... Ik sil dat besykje út te lizzen. Yn 'e hal by ús thús ha wy oan 'e ferwaarming in protte stoffen tassen hingjen. Klear foar it gebrûk en faaks sit der ek al in pin yn. Oh sa handich, want wy sitte yn in protte bestjoeren en kommisjes yn en as der dan in gearkomst is, dat moat der fansels in mânske map mei en yn sa'n stoffen tas nimt dat handich mei. De moarns hie 'k ek sa'n tas meinaam nei it wurk. Thús hie'k wat mappen bestudearre en sa as ik sei, dan binne sokke tassen handich. Ik hie dizze tas kreas njonken myn 'gewoane' tas achter myn buro delsetten, letter ha 'k de tas leechhelle en de tas kreas oprôle. Ek dat is handich by sa'n tas... Wy ha it altyd drok op it wurk en omdat ik fuort om healwei fjouweren fuort moast nei in kompjûtergearkomst, hie 'k tusken de middei de griene map, dêr't de stikken yn sieten, fêst klear socht. Koe ik sa fuortstowe. Mar it kaam oars! Pas om fiif foar fjouweren ried ik fourt en de gearkomst begûn om fjouwer oere... Nei it wurk binne der altyd wer guon dy't dy even ha moatte. Hoe sit dit en hoe dochst dat, jo kinne dat wol. Ik raffele de petearen wat ôf, want ik moast fuort, ik woe net te let komme. Op it lêst wie it al kertier foar fjouweren en ik MOAST no fuort! In goed wykein, it bêste, ja dat komt wol goed, jimme rêde jimme mar, de foarsitter wachtet. Mar myn stoffen tas mei de map! Hy stie dochs njonken myn oare tas? Net dus... Alles ôfsykje. Wêr bin ik ek al wer west? By it kopieerapparaat? Yn it húske? Yn 'e berging, yn ien fan de lokalen? Wêr stiet dat ding! Ik bin der wis fan dat ik him klearsetten hie. Op it lêst al mei syn allen troch skoalle en sykje. Wêr bisto foar it lêst west Hendrik? Soks ha ik wol faker. Dan ha'k wat yn 'e hân en dan freget ien my wat. As der sjit my wat wichtichs yn 't sin en dan lis ik datjinge wat ik yn 'e hân ha op in nuveraardich plak del. Yn as oan in doarpost, op 'e ferwaarming, it is mar krekt wêr't plak is... Dêrnei ferjit ik it en dan nei in oere: wêr is dat ding! It hiele team wie yn it spier foar myn stoffen tas mei de griene map, mar hy wie nearne te finen. Lit mar, ik gean wol sûnder want op de gearkomst ha sy fêst wol in pepierke oer. Oars bin ik te let. It team gie, wurch fan it sykjen, gau oan in kopke kofje en se winsken my, sûnder de griene map, dochs in goed wykein. Ik hie de jas al oan, de gewoane tas al oer it skouder en ik hie de hân omheech foar in lêste wykeingroet. Doe rôp ien fan de kollega's ûnder de kofje wei: 'Hast him net yn dyn eigen tas?' En dan is it krekt oft it brein in linkje trochknipt en it lampke begjint te brânen as boppe in holtsje yn in stripferhaal. Hoeden die ik de rits fan 'e tas iepen. Elk seach oandachtich ta. Hurd die ik de tas wer ticht, lake wat soer en rôp suver wat lûd: 'En allegearre ek in HIEL goed wykein!' Mear! Goed nijs. De hostingprovider fan dizze webside hat besletten de pakketten út te wreidzjen en de klanten mear skiifrûmte te jaan foar deselde sinten. Dat is hiel moai, want faaks wie it wat woekerjen mei dizze rûmte. Sa is bygelyks net it hiele argyf fan dizze webside beskikber en begjint it pas by 2007. Dat hâldt yn dat wy no ek moai filmkes pleatse kinne dy't ik makke ha mei myn nije speeltje. Meikoarten fêst it earste diel fan de film... Op de webside fan ús skoalle stiet ek al in aardich filmke, makke mei de JVC. Fan it nasjonaal moarnsmiel...
Rampen komen over u... Gaatse liet in flinke skeet. Hy stie fersteld fan himsels, in grutte brune gaswolk ûnstie dêr achter him. Soe dat fan 'e brune beantsjes komme? Dy mocht hy o sa graach, hie wol trije pan fol opiten. Sjouke wie op it hôf njonken it fabryk dêr't Gaatse wurke, oan 'e gong. Blêdharkje, it moast der al kreas hinne lizze fansels. Sjouke seach de brune wolk, kuchele wat frjemd en tocht: earst mar in bakje kofje. Kin Gaatse syn wolk moat earst mar wat oerdriuwe. Gaatse hie wol ris faker fan soksoarte fan oanslaggen. Op de biljertjûn moast hy ek wol ris ôffakkelje. Elk siet dan bûten, net allinne de rokers. En dan kaam Gaatse der fleurich by stean en sei: Jimme roke fan boppen, mar ik rook fan ûnderen... Buorfrou Djoeke fytste tafallich lâns. Djip ynasemje en trochfytse! De kiel kribele wat, mar ach, dat giet wol wer oer. Gaatse, Sjouke en buorfrou Djoeke gienen wer oer ta de oarder fan 'e dei, ach wat soe ien sa'n wolkje no. De wyn waait hurd en de rook is sa oplost, de ozonlaach wurdt wer in bytsje tinner, mar hawar der binne slimmere dingen. Teminsten, dat tocht in elk. Mar de oerheid tocht der oars oer. Gefaar! Wat? In ramp! Alle knoppen yndrukke dy't der mar te finen binne. Wat in poppekast. Wol twintich brânwachtauto's, it tilde op fan de gele ambulânses en alles waard ôfset. Brânwachters yn't pak troch it doarp. Omrop Fryslân mei trije ferslachjouwers op it plak fan de ramp. De boargemaster achter de kofje wei. Alle televyzjestjoerders fan Nederlân mei satellytweinen nei it noarden en as spesjale tajefte alle sirenes yn Fryslân joegen lûd. It wie wol sa'n trije kertier letter en de wolk hong al boppe Ierlân, foar safier dêr noch wat fan de wolk oer wie. Pyt foar de radio mei in hiel referaat oer de wyn. En dan doelde hy net op de wyn fan Gaatse mar op de wyn út it noarden. In spesjale útsjoering fan Omrop Fryslân mei neatsizzende bylden fan âldereinhuzen mei de ruten ticht. In deskundige yn 'e studio dy't ferklearde dat de natoer syn gong gean moast en websides dy't plat leinen. Tsjonge tocht Gaatse, nei't syn pypskoft foarby wie, wat kin men fan in skeet al in tongerslach meitsje... Skeet noch dreet... Wat is no skeef? No hearde ik op de radio dat guon fan doel binne en pak skeefhierders oan. In frjemd wurd en jo tinke foart oan skeefgroeide boargers as krukkende âldsjes. Fansels dy moatte oanpakt wurde. Rjochtop rinne! Gjin oanstellerij! As soe it wêze dat sokke hierders júst wat ekstra's krije as dat harren wenning oanpast wurdt. Gjin drompels en soksoarte fan obstakels... Mar doe't ik fierder harke, bedoele se mei skeefhierders persoanen dy't neffes harren ynkommen te goedkeap yn in hierhûs wenje. Sokken kinne bêst mear betelje, as noch better: derút! En it hûs frij meitsje foar earme sloebers... Wy ha it ek goed en miskien binne wy ek wol skeefhierders, want wy wenje al sa'n tritich jier yn itselde hierhûs. It foldocht bêst en wy hoege hjir hielendal net wei. Wy binne net sokke vineks-huze-minsken, ús túntsje hoecht net sa kreas... Wêrom moatte wy foar sa'n sobere libbensstyl beboete wurde? Wy libje dochs yn in frij lân? En dan hear ik yn itselde nijsberjocht dat der in grut tal direkteuren fan wenningboukoöperaasjes binne, dy't fier boppe de Balkenendenorm fertsjinje. Wa moatte no oanpakt wurde?? In man nei myn hert! Wat ik altyd al fûn stiet no mei grutte letters yn de krante! Yn de Ljouwerter fan hjoed. Soks mei der, wat my oanbelanget, wol faker yn stean. Hoewol ik ôfrûne sneon krekt it gers meand ha. (Dit jier foar't lêst hoopje ik...) Oerbuorman stode al mei in grutte blêdsûger (yn 'e oanbieding by de Gamma) oer de blikke. It bliuwt in striid: klaaiminsken en beammen...
Samar in snein...
De hjerst is no dochs echt begûn. Man wat in waar... De rein slacht sa tsjin de ruten, dat wy ús auto hast net iens stean sjen kinne...
By it ymportearjen fan boppesteande reintfoto, seach ik dat der ek noch foto's opstienen fan de besite oan it dolfinarium yn Hurderwyk. As jo by de Total tankten, krigen jo lytse rûne stikkerkes en as jo dan in kaart fol hienen, dan krigen wy in flinke koarting op de tagongspriis. En dêr moatte jo al fan profitearje fansels...
|