Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Nij jaske...

Jierren ha 'k de webside fan therapie en trainingssintrum de Vesteynde yn de Westerein ûnderhâlden. Graach woenen se by de Vesteynde de mooglikheden fan harren webside útwreidzje. In goeie saak en sa heart it ek yn dizze digitale tiid. Mar dan moatte jo net by my wêze, want fan alle nije en moderne webside-konstrukjses hat dizze man gjin ferstân. Soe noch wol komme kinne, mar dat soe ek sa mar fiif jier duorje kinne. Yn goed oerlis hat it buro Tsjil de nije side fan de Vesteynde ûntwurpen en makke. De side is moai wurden! Ut it listke hjirnjonken 'Makke troch Hendrik' kin de Vesteynde dus skrast wurde...

Pleatst: 31-10-2007 / 22:11 oere - Reagearje? - Nei boppen


Mei de klompen yn it spul...

Komme jo sa as stoere leanwurker by de boer op it hiem. Dy wurdt fuort kjel en komt mei de gripe oansetten...
Tsja, dat krije jo derfan as jo moarns sa betiid fan bêd ôfmoatte, dat de famylje net iens yn 'e gelegenheid is om jo te lokwinskjen. No ja, ha jo yn elts gefal praat as jo oan' e kofje mei keallepoat sitte...

Pleatst: 29-10-2007 / 20:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


En in moaie dei tawinske...

Pleatst: 27-10-2007 / 11:12 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kaartsje... (2)

It is trouwens Jan Jaap van der Wal. De Iisherberch ek altyd. Dan binne jo wol freon, mar it jout jo neat as de foarstelling útferkocht is. Dan jilde de reservearre plakken nammentlik net. Nuver...

Mar yn elts gefal hat net ien foar it kaartsje belle. No ja, ús de goupies (en dit kear is it net in tikflater...) mar dy woenen mei syn twaen komme en ik hie mar ien kaartsje. Dat koe net trochgean, want se woenen net lotsje. De foarstelling foel my ôf. Jan Jaap is yntelligent, wit it prachtich te fertellen, mar 'that's it'. Hy stelt fan alles oan 'e kaak en ek tige kritysk, mar jout eins gjin oplossing. Ja, dat it allegearre wol wat tafalt en dat wy it hjir goed ha yn ús lân. No dêrfoar hoech ik net nei it teater.

Boppedat miste ik it teatrale, de ljochten, de muzyk it dekor. Hy hie oan in lyts sjippekistke ek genôch hân. Doch dat dan yn de foyer, dan kinne wy ûnderwilens noch in pilske happe. Want dat is der hjoed oan de dei ek net mear by. Opkomme en oan ien tried wei troch prate, gjin skoft. Mei it gefolch dat jo healwei tsienen wer op 'e stoepe steane. Aardich wie dat, ik njonken de resinsiste Rennie Veenstra siet. Koenen wy it der moai even oer ha...

Pleatst: 27-10-2007 / 11:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kaartsje...

Dêr ha'k samar in kaartsje oer. Foar jûn. In foarstelling fan Jan Jaap van de Wal. Ik ha hjir en dêr al even hifke, mar der wie net ien dy't mei koe. Mocht der no in lêzer wêze dy't der wat foar fielt om mei my jûn dizze foarstelling by te wenjen, belje my dan foar healwei achten op myn mobyl, dan kinne wy wat regelje. En... wat earst bellet, dy't earst it kaartsje hellet...

Pleatst: 26-10-2007 / 15:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Dokter, dokter...

Fan 'e moarn moast ik even foar in lyts ûndersyk nei in spesjalist yn 'e Sionsberg. (Gjin panyk!) Ik wie moai op 'e tiid en nei't de balymeiwurkster my útlein hie, by hokfoar baly ik my melde moast, siet ik klear foar de oprop fan de assistinte. Ik hie de hiele moarn der foar útlutsen, dat it fernuvere my, dat se my fiif minuten foar de ôfspraak al ophellen. Om't ik hjir fansels noait kaam, makke ik fuort al in flater. Ik soe op 'e stoel fan dokter sitten gean want de behandelkeamer wie noch leech. Nei 't suster my de frije stoel wezen hie, moast ik wachtsje op de dokter en koe ik moai wat rûnsjen. Allegearre frjemde apparaten, buizen, doeken, fleskes en mear fan sok guod lake my oan. En doe't ik stiekem op dokters papierke sjoen hie dat hy in oere foar my útlutsen hie, seach ik my sels al oan 'e apparaten hingjen.

Stipt op 'e tiid kaam dokter binnen, joech my in hân en stelde my wat standaard fragen. De antwurden op: ha jo dit, ha jo dat en ha jo wolris..., skreau hy op in grut blêd en hy fertelde my wat hy fan doel wie om te dwaan. 'Earst foto's, as in echo en dan sjoch ik jo wer.' En hy joech my in hân. Doe kaam flater nûmer twa. Ik sei: 'Dokter, jo sjogge my aanst dochs wer, wêrom dan in hân?' Mar hy bedoelde dat der nei it meitsjen fan de foto's in nije ôfspraak makke wurde soe en dat koe samar oer 14 dagen wêze. 'Mar de suster komt aanst wol en dy leit jo dat wol fierder út.' En fuort wie dokter. Yn plak fan in oere, hie hy twa minuten mei my dwaande west en de apparaten waarden mei rêst litten.

Dêr kamen de susters al oan, mei syn twaen. O heden, se moatte my dochs fêsthâlde, skeat it troch my hinne, mar de iene wie in stazjêre tink, want se sei net safolle. Suster hie in hiele bult papieren by har. Earst moast ik dit, dan moast ik nei dy ôfdieling en dan dêr wer ynleverje en dan by de baly wer in nije ôfspraak meitsje. Ho, ho, it is noch mar njoggen oere! Wat moat ik no krekt? Doe makke suster flater nûmer trije en sei: 'Ach ja, âlde minsken ferslaan altyd yn dizze papierebrut...' Ik wist net hoe hurd as ik sizze moast, dat ik it no wol yn 'e gaten hie. Sei se ek noch: 'En as minsken der net útkomme, rin ik altyd even mei.' No, dat lake my ek wol oan, mar ja ik hie no al sein dat it my dúdlik wie...

Afijn, it loopke nei de ferskate ôfdielingen wie gau dien en likernôch kertier oer njoggenen stie ik wer bûtendoar. No mar hoopje dat de foto's aanst slagje, dan bin ik de oare kear ek wer samar klear by omke dokter en kin ik sizze: 'Ik hoopje jo nea wer te sjen...' As soe dat flater nûmer fjouwer wêze??

Pleatst: 25-10-2007 / 23:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Weblog...

No bin ik net sa'n Fokke en Sukke fan, mar dizze fûn ik wol aardich. Sa giet it hjir al hast. Sa as felisitaasjes fia ynternet en guon dy 't mei my in praatsje meitsje en samar fan alles oer ús witte te fertellen. En as ik dan ferheard freegje: Hoe witte jimme dat allegearre? dan sizze se: Dat ha 'k op dyn side lêzen...

Pleatst: 24-10-2007 / 23:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hyves... (62)

Dat krije jo der fan. Hyves is ûnferbidlik. As jo jubilearje krije alle freonen berjocht. Gefolch is dat jo e-mailboks fol rint mei 'felisitaasje-krabbels'. Dochs aardich! Alle stjoerders, freonen en freondinnen tige tank! Dochs konfrontearjend dat Hyves sels jo leeftiid oanpast. Mar al mei al in prachtige dei hân! De lêste is no krekt fuortgien...

Pleatst: 24-10-2007 / 01:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Crosby, Stills, Nash & Young...

Dêr dogge de trûbadoers my oan tinken, oan boppeneamde popgroep. Ek dêr bin ik in grutte leafhawwer fan. Dizze Amerikaanske muzikanten trede mei-elkoar op, mar meitsje elk ek harren eigen muzyk, ha harren eigen projekten en meitsje eigen CD's. Mar steane se byelkoar op it poadium, dan bart der wat moais en klinkt harren muzyk as in klok.

En dat is mei Louwes, Douwstra, Wilkes & Veeman ek it gefal. Se meitsje mei syn fjouweren geweldige muzyk. Wy wienen dêr justerjûn tsjoege fan yn 'e Iisherberch yn Dokkum. In útferkochte seal. Neffes my waarden de trûbadoers dêr suver wat kjel fan, want se wienen yn it begjin o sa tam. Krekt as doarsten se net goed kontakt te meitsjen mei it publyk. Gurbe sei ek al: 'Dit binne wy net wend, meastal praat elkenien der trochhinne en krôkje se noch lûder as de muzyk...' Mar de nûmers wienen der net minder om. Se songen alle nûmers fan harren nije CD 'De âlde púndyk by del' en wikselden dy ôf mei nûmers fan harren earste CD 'Der tuskenút'.

By de tajeften kamen sy hieledal los! Mar leafst fjouwer tajeften ha se jûn. Elk spile syn favorite nûmer. Piter mei de 'Knoopkes', Gurbe mei 'Lit jim gean Friezen', Jaap mei 'De Wâldwei' en fansels Doede mei 'De begraffenis fan omke Wopke'. En foaral dit nûmer brocht de seal yn in geweldige sfear. Dat hiene se earder besykje moatten, want no bleau de ynteraksje mei de seal wat meager.

Mar wy ha in machtige jûn hân, wy hienen it net graach misse wollen. De trûbadoers binne op 't heden op muzykmêd it moaiste wat Fryslân te bieden hat, dêr kin de Fryske Music Night net tsjin op!

Pleatst: 21-10-2007 / 18:51 oere - Reagearje? - Nei boppen


Nassy...

Dat wie net sa fier fuort. Niawier leit flakby! Dat wy wienen der samar. De doar fan it doarpshûs stie al foar ús iepen en wy waarden o sa hertlik ûntfongen.

Wy hienen de karre noch mar amper útpakt, as wy moaste al oan it miel. Om't wy faak hurd nei it wurk fuort moatte nei de optredens, freegje wy de organisaasje altyd at se in hapke iten foar ús ha. Meastal is dat gjin probleem en stiet der wat waarms foar ús klear.

Yn Niawier hie in aardige frijwilligster in hearlike panne nassy klear makke. Wy moasten earst ite, sei se, oars soe it kâld wurde. De tafel hie se al klear makke. Dêr sieten wy mei ús fjouweren, oan de nassy. In hearlik bakt aai derby, wat kroepoek en wat ketjap en dêr sieten de mannen te smikkeljen. Wy ha iten as slatters en wy hienen de panne hast leech. Wy binne dochs mar ophâlden, want wy moasten ek noch spylje en mei sa'n grau liif pasje jo hast ek net mear yn ús moaie jurkjes...

It waard in prachtige jûn, dêr yn dat smûke Niawier. Ek wy hoege net fier fuort om it tige nei it sin te hawwen. Doe 't wy nachts by Cleopatra oan 'e pizza sieten moasten wy noch wol even weromtinke oan de nassy. En sadwaande moasten wy dochs noch wat oerlitte foar ús freonlike Cleopatra-kok. Spitich dat hy de wetterpipe net foart ljocht helje woe, want dan hie it hielendal in geweldige jûn west...

'Ite dat is mar in oanwenst, sei de boer, mar doe wie er sêd...'

Pleatst: 20-10-2007 / 16:35 oere - Reagearje? - Nei boppen


De tiid fan 't jier...

Pleatst: 18-10-2007 / 22:28 oere - Reagearje? - Nei boppen


Traine

Elke wike train ik yn it sportsintrum de Vesteynde yn de Westerein. In oerke. Om de spieren wat strak en sterk te hâlden besykje ik dochs mar om dit ritueel fol te hâlden. It slagget aardich!

Fansels binne jo der net allinne. Noch mear pasjinten, kliënten as hoe 't se hjoed oan de dei ek mar hjitte, kinkelje op de apparaten om. Binne dwaande op in rinbân, in fyts as roeie as echte sporters op de roei-apparaten. Omdat ik it trainingsoerke sels útsykje mocht (no ja, hielndal sels...) ha ik keazen foar de woansdeitemiddei. Dat komt my it bêste út. Om trije oere fan 't wurk (nee, ûnderwiisfolk hat woansdeitemiddeis net mear frij!) en dan sa rjochtstreeks nei de Westerein. Krekt even sa'n oerke, fan healwei fjouweren oan 't healwei fiven.

Yn 'e regel bin ik de 'geefste'. Myn medesporters binne faaks oan it revalidearjen fan in blessure as fan in operaasje. Jo sjogge se mei de wike foarút gean. Faaks ha wy koarte petearkes, want wy binne o sa fanatyk en dogge it ús net oan tiid om te praten.

Sa is der no ek in hiele fleurige man oan it trainen. Hy hat in nije heup krigen en is o sa krigel. It giet him fierstente stadich, mar hy hat geduld en is bliid dat hy alwer sa fier is. Hy mei graach prate en freget jo it himd fan 't gat. Hokker blessure ha jo? Binne jo hjir al lang oan it trenen? En mear fan sokke 'privacy-gefoelige' ynformaasje mei hy graach heare. Ik fyn it bêst, hy mei alles freegje en faaks ha wy dan sa tegearre ek wol in aardich petearke.

Sjen hoe it takom wike giet. Miskien binne der dan ek wol wer oaren, want jo ha in goed plak yn de Vesteynde en dat lûkt...

Pleatst: 17-10-2007 / 23:50 oere - Reagearje? - Nei boppen


It gebit fan Piter...

Wy binne wer even oa it prutsen west... Yn dit filmke de historyske sêne út de premiêre fan ús nije programma 'It is de Boer Allikefolle...' Piter Braaksma dy 't spontaan syn gebit beskikber stelt. Minsken dy 't de premiêre bywenne ha, ha it der noch altyd oer...

De foto's binne makke troch Jochem Wiersma

Pleatst: 17-10-2007 / 00:23 oere - Reagearje? - Nei boppen


Master Simpson

Fakânsje! Hearlik, in pear dagen frij. Op sokke dagen mei ik graach wat ompiele. Wat klusjes dwaan, wat lêze en mear fan sokke rekreaasje aktiviteiten... Yn myn kompjûterblêd, dat ik no dochs einliks ris lêze kin, stie in aardige link: www.simpsonizeme.com. Op dizze side kinne jo in foto fan josels 'Simpsonize'. Nei sa'n digitale 'extreme make-over' komme jo derút te sjen as in karakter út de tekenfilmrige 'The Simpsons'.

No bin ik net echt in grutte leafhawwer fan dizze rige, mar dochs even útprobearje fansels. No ja, it slacht eins nearne op. It binne wat standaard feroaringen en mei wat ekstra knoppen en mooglikheden kinst dysels noch wat oppimpe, sadat it dochs noch wat liket.

Wat ik dan wol wer knap fyn, is de keunst fan Guido Daniele. Dat lies ik wer yn in oar blêd. Do moast goed sjen om te ûntdekken dat it hannen binne. Dy Guido kin sawat de hiele bistetún ta libben bringe op hannen. Sjoch mar ris op dizze side: www.guidodaniele.com

Pleatst: 16-10-2007 / 01:14 oere - Reagearje? - Nei boppen


Floydian...

And if the dam breaks open many years too soon
And if there is no room upon the hill
And if your head explodes with dark forebodings too
I'll see you on the dark side of the moon.

En mear fan sokke teksten klonken sneontejûn yn it Colosseum yn Dokkum. As âlde Pink Floyd-fan moast ik dêr fansels hinne. In moaie jûn, mar dochs wat in dûbel gefoel. As jo de nûmers fan Dark Side of the Moon yn 'e holle ha, mei it moaie sjongen fan David Gilmour en Roger Waters, dan foel dat sneontejûn bot ôf. Mar it wie wol hiel moai om mei te meistsjen. It bliuwt prachtige muzyk!

Wy stienen flak by de mannen fan de technyk (en der kaam dizze jûn hiel wat technyk oan te pas) en wy moasten wol wat laitsje om de 'fisueel keunstner' Judocus. Hy soarge foar hiele moaie ljochteffekten mei âlderwetske dia's en diaprojektors. Hy helle sels in âlde 'toverlantearne' foar it ljocht, sanien dy 't wy froeger ek op skoalle brûkten as wy filmrôltsjes sjen lieten fan de FIBO. Se omskriuwe it as in 'unieke vorm van analoge dia-art en visuele effecten'. En wy mar tinke dat alles hjoed oan de dei digitaal en mei kompjûters giet. It kaam ek wat knoffelich oer, want faaks stie de projektor net goed, moast de hân foar de lens en waard alles fêstplakt mei ducktape. Mar as jo earne yn 'e seal stean en it sicht net op Jodocus ha, dan ha jo fansels neat yn 'e gaten en fine jo alles prachtich!

Hjoed mar wer ris de âlde Pink Floyd muzyk foar it ljocht helle. Soks meitsje se hjoed oan de dei net mear. Hoewol se sneontejûn yn it Colosseum tige harren bêst dienen...

Pleatst: 15-10-2007 / 00:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hallum...

Justerjûn moasten wy optrede yn Hallum. In poerbêste jûn mei in poerbêste ûntfangst. Wy stienen der fersteld fan hoefolle minsken ús oansprutsen en seinen dat it spitich wie dat it optreden fan ferline wike net trochgean koe fanwege de grutte brân yn Rinsumageast. It skynt dat ús namme de hiele dei klonken hat op Omrop Fryslân. Fergees reklame, neffes de behearder fan 'it Trefpunt' yn Hallum. Fansels is dat moai, mar it bliuwt spitich foar de ynwenners fan de Geast.

Wy koenen it dan ek net litte om yn de foarstelling in lytse ferwizing te meitsjen nei de brân fan ferline wike. Sjoen de reaksjes fan 'e seal hie elkenien yn 'e gaten wêr it oer gie...

Us fjouwer 'groupies' sieten ek wer yn 'e seal, sy kinne de foarstelling no hast dreame. En dan bedoele wy net Herman Douwe en Harry, want dy kinne it optreden sa njonkelytsen sa oernimme as de need oan 'e man komt. Njonken dizze fans sieten der mear bekenden yn 'e seal. Ek ús âld doarpsgenoat en buorfrou Klaske Miedema en har suster wienen oanwêzich. Se hie har suster tasein, dat se ris in kear nei in optreden fan Klún en Knoffelhakke ta moasten. Nei ôfrin koenen wy dan ek moai even byprate.

As wy fuortgean, sneupe wy altyd de prikboerden even ôf. Faaks hinget der in oankundiging foar ús stik. Hallum hie ek kreatyf west en in moaie poster kin no wer by ús samling. It binne yn Hallum net sokke ynternetminsken, want as jo wolle kinne jo sa in kant-en-kleare poster fan ús side delhelje. En dat hat Aldegea (GS) wol dien. Sjoch mar ris op: www.aldegea-gs.nl

Pleatst: 13-10-2007 / 19:34 oere - Reagearje? - Nei boppen


Puzzelblêd...

Dat sil fêst net ien opfalle, tocht ik doe't ús doarpsblêd ynelkoar setten waard. Sa skrander binne ús doarpsgenoaten net. Mar ús jongste hie it blêd noch mar krekt yn 'e hannen doe 't hy sei: 'Dit kloppet foar gjin meter...

Us doarpsblêd wurdt yn twa ploegen printe. Ien docht it redaksjonele gedielte en de oare (en dat bin ik sels) docht de advertinsjes. En dan is it mar krekt wa't earst syn gedielte klear hat. Meastal is it redaksjonele it earst klear en dan ha ik de oare deis alle tiid...

Sa ek by dit nûmer. It lei al moai klear doe't ik de advertinsjeblêden foar it ljocht helle. Der lei in briefke foar my klear. Meastal dogge wy dat as der in steuring is of soksawat. As it pepier is op. No stie der op it briefke dat der mei it printsjen wat mis gien wie! De folchoarder kloppe net! De sidenûmering wie wat trochelkoar rekke. It sil fêst gesellich west wêze en dan misse jo wol ris wat...

No freege de kollegaprinter him ôf oft it ek oernei moast. Mei syn tillefoannûmer derûnder. Mar dêr soe dan wol in doaze papier mei hinne gean. Nei wat blêderjen seach ik, dat hast alle bydragen op ien side stienen. De lêzers hoegden net it hiele blêd troch om it ferfolch te sykjen. Dat ik ha de bêste man mar in SMS-ke stjoerd, dat it net oernij hoegde. 'De dorpsgenoten moeten maar even puzzelen...' Sa liet ik him witte. Boppedat, wa hat it yn 'e gaten?

No, myn soan dus. Hy seach it fuorten'daliks! No sille der fêst mear folgje. Ik ha myn doarpsgenoaten te licht achte. En op 'e Hantumerútbuorren wenje in protsje pluzers, dat ik bin bang dat de mailboks de kommende dagen fol rint...

Pleatst: 10-10-2007 / 21:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Riedsel... (2)

Earst de fraach oersette. Dan wurdt it dus: 'Zoek de zevende dwerg...' Om't it net de smurf wie, as de kat ûnder it bêd, moat it dus wat oars wêze. Omdat it oer Sneeuwwitje giet, tinkt elkenien oan de 7 dwergen. Mar de rieders moatte net tinke oan it getal 7, mar oan it tiidwurd 'zeven'. En dan bliuwt der mar ien oplossing oer: it is de dwerch
dy 't oan it oanrjocht stiet, mei de seef yn 'e hân...

Dêr ha wy as kollega's juster de hiele dei oer neitocht en wy koenen der mar net opkomme. Alles ha wy dien. Oer de kop hâlde, tsjin it locht, yn 'e spegel. Oan 't de ynstjoerder fan dit riedsel dochs mar de oplossing jûn hat. Wy binne net de ienichsten dy 't hjir oer harsenskrabbe ha, wat as jo even Googleje, dat stiet hast yn elk weblog (sa liket it teminsten) dit riedsel...

Pleatst: 09-10-2007 / 21:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


Riedsel...

Der mankearret fan alles oan. Mar wat? Earst moatte jimme de fraach oersette, dan goed lêze en goed sykje. En der ek noch rekken mei hâlde dat de dwerch op it skilderij in smurf is en dat de eagen ûnder it bêd fan de kat binne. De fraach is: Sykje de sânde dwerch...
Moarn de oplossing...

Pleatst: 08-10-2007 / 22:44 oere - Reagearje? - Nei boppen


VIP...

Fia de filiaallieder fan Super de Boer yn Dokkum hie Broer kaartsje krigen foar de wedstriid SC-Heerenveen - Heracles Almelo. En net samar in pear kaartsjes! It wie in spesjaal VIP-arrangement.

Om healwei âlven waarden wy ûntfongen yn de EAS-seal troch in entûsjaste meiwurkster fan Hearrenfean. Nei in bakje kofje mei in plakje keek, krigen wy in rûnlieding troch it stadion en mochten wy oeral even sfear priuwe. Nei dizze kuier mochten wy wat drinken nimme en stie der om likernôch healwei ienen in hearlik waarm en kâld buffet foar ús klear.

En dan sa stadichoan klear meitsje foar de wedstriid. It stadion waard hielyd foller en ek ús groep, want wy wienen fansels net allinne, der wienen mear 'Super de Boer supporters', socht om kertier oer twaen plak yn de hearlike lúkse leunstuollen op in tribune mei flierbedekking.

It wie in prachtige wedstriid dy't Hearrenfean mei mar leafst 9-0 wûn. Alfonso Alves skoarde sels sân kear. Iderkear oerein en klappe en jûchheie. Broer siet njonken Heracles supporters en hy sei nei it skoft, doe 't Hearrenfean al mei 3-0 foar stie, tsjin harren: 'Binne jimme hjir no noch?' Mar sy bleaunen sportyf en lokwinsken ús mei de klinkende oerwinning.

Super de Boer hat ús mar in moaie dei besoarge en dat wyltst wy der eins nea komme. Moai sokke relaasjes...

Pleatst: 07-10-2007 / 21:16 oere - Reagearje? - Nei boppen


Brân...

Dit kinne jo fan te foaren net betinke! Jûn moasten wy optrede yn Rinsumageest. Wy hienen der wakker sin oan, want it is in moai plakje en se ha der ek o sa'n reklame foar ús makke. Der wie kunde dy 't spesjaal foar ús jûn komme soe.

Om kertier oer achten fan 'e moarn begûn myn mobyltsje te âljen. Oan ien tried wei troch. Allegearre SMS-kes mei de fraach wat wy no jûn moasten. Ik wist noch fan neat, mar doe 't ik op Wâldnet seach, waard my alles dúdlik. Hoe is't mooglik, soks betinke jo net!

Om healwei tsienen krige ik in tillefoantsje fan de organisaasje dat it spitigernôch op de Geast net trochgean koe. Fansels hienen wy alle begryp, dat is sneu foar it doarp. Ik sei de organisaasje ta dat wy it fansels noch ris goed meitsje soenen en winske harren sterkte mei alle rompslomp dy 't hjir achterwei komt.

Dat no sitte wy jûn samar thús! Dat is wol bale, want wy meie o sa graach optrede. It is ús ûtspanning en nei in drokke wike is it hearlik om jo op it poadium út te libjen! Broer woe my hast net leauwe doe 't ik sei dat it doarpshûs fan de Geast ôfbaarnd is en hy sette fuort Waldnet TV oan om te kontrolearje oft ik wol gelyk hie. Ja dus...

Dêrmei wurdt ûndersteande foto wol unyk! Klún & Knoffelhakke yn Rinsumageast. Op 5 oktober 2007 yn doarpshûs de Beijer. No moat der noch oerhinne plakt wurde:
Giet net toch!

Pleatst: 05-10-2007 / 15:08 oere - Reagearje? - Nei boppen


Boadskip...

Juf Wilma wol graach dat de bern fan har groep de saken op 'e tiid ynleverje. Soms slagget it net en doch dat op skoalle. Lokkich wennet juf net fier fuort en kinne wy it ek thús ôfleverje.

Sa ek mei trije wurkstikken. Gewoanwei wurdt dit op skoalle brocht en kin juf it mei nocht lêze. Mar in loopke nei de brievebus oan hûs is koarter. Fandêr dat in pear bern, yn opdracht fan ien fan de dokumentaasjeâlders (âlders dy 't bern helpe en begeliede by it meitsjen fan wurkstikken), trije wurkstikken by juf troch de brievebus skood ha. Mar fansels moatte se net wei wurde tusken al dat reklame-geweld, fandêr dat de bern foar op 'e stoepe in boadskip juf foar achterlitten ha.

Is der fuort wer wurk oan 'e winkel foar juf, want biefenbus is net alhiel goed stavere...

Pleatst: 04-10-2007 / 22:55 oere - Reagearje? - Nei boppen


Bistedei...

Wat hat de knyn no yn it hok lizzen? Ferheard seach ik, doe't ik thús kaam en lâns it kninehok rûn, wat nuvers tusken it strie fan Kip (ja ús knyn hjit fan Kip...) lizzen. It koe wol in poddestoel wêze. Mar hoe kaam dy der yn? As wie de knyn siik, dat hy nuver guod spuide? Koe hast net, want it hie de foarm fan in brûzjende donut en dan soe de knyn wol striemin wêze moatte.

It riedsel wie gau oplost, want doe 't ik de keuken ynstapte, seach ik in plestikpûde fan Europatuin lizzen. Wilma hie ynkeapen dien en hie ek mar wat foar bistedei meinaam. In hearlik kokerke mei 'knaagdierbroodjes'. Hoe betinke jo it. Kip wurdt mar yn 'e watten lein. Hy fûn it tink ik hearlik, want doe 't ik de foto makke, wie al wer in heal broadsje opiten.

Sjen oft der moarnier ek in broadsje foar my is, want sjoen myn 'troetelnammen' wurdt it moarn in topdei foar my...


Pleatst: 03-10-2007 / 21:51 oere - Reagearje? - Nei boppen


Juf...

Stel jo krije as 9 jierrige njonkensteande fraach foarlein. It antwurd moatte jo yn it skrift opskriuwe en dan mei master dat nei skoalletiid neisjen.

Earst ha ik de fraach thús mar ris foarlein. Under iten. Sjen oft myn húsgenoaten it antwurd op dizze fraach witte. No se sieten net fier mis. Mar it rôp wol hiel wat diskusje op!

Wêrom moat dizze juf in atlas keapje?
Hie se dat fan te foaren net betinke kinnen, dat se te min jild hat?
Hat dizze juf in ferhâlding mei de kapitein? Wêrom keapet se oars in atlas foar de kapitein?
Lit dy man sels dat boek keapje...
Hat de kapitein gjin GPS?

Jo begripe, sels folwoeksenen ha muoite mei dizze fraach en witte eins net hoe't se sa'n probleem lêze, lit stean oplosse moatte. Mar bern tinke net djipsinnich. Ien fan 'e bern skreau gewoan op: 'Juf moet nog even langer doorsparen...'

En no net sizze, dat soe ik ek opskriuwe! Want dan ferwachtsje ik jimme moarn allegearre werom yn 'e skoallebanken...

Pleatst: 02-10-2007 / 21:21 oere - Reagearje? - Nei boppen


1 op 68,33

Dat hearde ik jûn op de kommisjegearkomst fan ús doarpsblêd. De foarsitter liet ús witte, dat wy yn ús doarpke 6 iepenbiere gebouwen ha mei in oanrjocht. Wêrom dizze ûnnoazele ynformaasje? Ik ha gjin idee. It soe wêze kinne dat it te krijen hat mei it ûndersyk dat geande is yn ús doarp. Undersyk nei de mooglikheden fan in nij multifunksjoneel doarpshûs. Dan moatte al dy seis oanrjochten opgean yn ien nije moderne keuken mei in ynduksjefornús. Oars komme jo net yn oanmerking foar de beskikbere Europeeske jilden. No, witte se dat yn Brussel ek wer: yn gefal fan need kinne ús 410 ynwenners harren opdiele yn 6 groepkes fan 68,33 persoanen om harren te waskjen ûnder de kranen fan it iisbaanhokje, de tsjerke, d'Ald Skoalle, de sportkantine, it Iepen Hûs en kafee de Terp. Stikje sjippe sels meinimme...

'Yt in bak mei sjippe op, dan kinst skombekje...'

Pleatst: 01-10-2007 / 23:18 oere - Reagearje? - Nei boppen