Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Lucky?


Klik hjir foar it orizjineel...

Pleatst: 30-10-2008 / 21:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hope...

"Vis geopereerd aan hernia
Dierenartsen hebben dankzij een operatie het leven gered van tropische vis Carla. Dit schrijft de Britse krant Telegraph..."

Lês mear >>

De hope op better tiden...

Pleatst: 29-10-2008 / 15:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

ARBO

'Er valt voorlopig weinig te reïntegreren...,' sei de ARBO-dokter yn Drachten fan 'e moarn.

Jo sille mar hielendal plat lizze, dan kinne jo net iens yn Drachten komme. Mar yn myn gefal foel dat wol wat ta. Autoride giet knap, as ik mar net hoech te stean as te rinnen.

Om likernôch kertier oer tsienen siet ik yn de wachtkeamer fan de ARBO-unie yn Drachten. Nei't ik mysels in kopke kofje yngetten hie, no ja yngetten, it kaam út in automaat, seach ik in briefke hingjen, stikem ferstoppe achter in wetterautomaat. As hoe't sa'n wetterding mei in grutte blauwe wetterflesse oer de kop ek mar hjit. 'In deze ruimte hangt een camera, zodat we kunnen zien dat u aanwezig bent...'

Ja ja, tocht ik by mysels, dan kinne jimme sjen oft de pasjinten wol echt sa krebintich binne at se by dokter de keamer ynstappe. Sjen oft se hurd oerein komme, sjen oft se wol troch de knibbels geane at se in boekje fan de lêstafel pakke. Mar miskien wie'k wol te erchtinkend en wie Big Brother yndie bedoeld om te sjen oft der wol minsken klear sieten. Ik ha de tonge mar útstutsen nei de kamera, want dy masinekofje wie net te sûpen!

No wit ik net oft dy kamera it wol echt die, want doe't dokter my ophelle sei hy: 'Ja er zit toch een...!' En hy gie my foar nei syn sprekkeamer. De sprekkeamer wie it tsjinoerstelde fan it 'ferstroaideprofessor-labaratorium' fan ús húsdokter yn Ternaard. Nearne gjin skeletten, platen as frjemde ynstrumenten. Allinne in laptop en in bloeddrukmeter. Dokter rammele wakker op syn kompjûter om doe't ik myn ferhaal die. Hy seach mear nei it byldskerm as nei de pasjint. Hyn fûn it in dúdlik ferhaal en nei't hy de ferfolchôfspraak útprinte hie, joech hy my de hân en sei dat hy my dan wer seach.

Hy soe der mei rêde, sa sei hy. En dêr fertou ik dan mar op. Mar doe't ik nei hûs ried, yn it minne waar, tocht ik al dat sa'n man, mei sa'n folle wachtkeamer (ien) en safolle wurkstress (sjoen de bulten papier op syn 'desk') net gau oan de oare kant fan it buro fan sa'n ARBO-dokter telâne komme sil...

Pleatst: 28-10-2008 / 17:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hoera!

In hiel noflik wykein, want yn oktober is net allinne de skriuwer fan dit blog jierdei, ek Marten Remko, de jongste soan, fiert ein oktober syn jierdei! Hjoed wie dat safier. Mar om't moandei wol in nuvere dei is om in grut feest te hâlden, ha wy juster ynrin hân foar feestfierders...

De keamer fol, smout praat en in protte gesellige minsken. Om't jo op sa'n dei wat maklik ite wolle, ha wy foar tich persoanen snacks helle út in bekende snackhal yn Dokkum. Nee, it wie net de Woudpoort, want dy woe net tillefoanyske bestellingen oannimme. It wie dy oare en wy krigen ek noch wat mear. De Woudpoort stiet no yn 'e friezer, njonken de Dockumer krante, want wy ha sa ús prinsipes...

Hjoed wie it lekker rêstich. Nei de terapeut west en hearlik iten fan de favorite kost fan de jierdeifierende...

Pleatst: 27-10-2008 / 23:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Hakselaar...

En Marten Remko mar yn 'e mais...
Klik op de foto foar in aardich detail...

Pleatst: 24-10-2008 / 11:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pensjoenfûns?

No't it allegearre krapper wurdt mei de pensjoenen en de fûnsen mei allarmearjende berjochten komme, sille de preemjes wol omheech gean en sille wy wol trochwurkje moatte oan't ús 70-ste...

Dêr moast ik oan tinke doe't ik juster myn 52-ste jierdei fierde. Mei oare wurden: dan moatte wy noch in hiel skoft! Mar as dan alle jierdeis sa gesellich wurde as juster, dan kin dat om my wol trochgean! In protte kaarten, krabbels, SMS-kes e-mails en besite. En dan ek noch fakânsje, wat wolle jo noch mear! Wy ha neat te kleien yn it ûnderwiis...

En fansels allegearre tige tank foar dizze 'noflike oandacht...'

Pleatst: 24-10-2008 / 11:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

PC senior...

De kompjûter is by de dokter. Foar it earst sûnt twa jier! Hy die yn it ôfrûne wykein sa frjemd, ik fertroude it net alhiel en no is hy foar trije dagen opnaam...

Hoe no fierder? Want dy kompjûter makket by ús oeroeren, foaral no't de baas thús sit. Lokkich hie'k boppe noch twa 'âlde beestjes' stean. Fan skoalle. Hie'k menaam mei it doel om dêr Ubuntu op te ynstallearjen as ik it ris oan tiid hie. Dat is der noch nea fan kaam, mar no kin de âlde Deskpro EN moai tsjinst dwaan as ynfaller. Al ús bestanden ha wy op in eksterne hurde skiif stean, gau oanslute en wy ha alles wer foarhannen. Leve de backup!

Dan noch in pear (gratis) progamma's delhelje en wy kinne wer los. Wol mei de gong fan in kever, mar ach wy ha it wol oan tiid...

Pleatst: 22-10-2008 / 15:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ferhúzje! (2)

Dan ha jo in moai plakje fûn, hynders tefreden en de baas tefreden. Mar it moat wol wenne! Sa'n sleat bygelyks, dat binne wy net wend yn 'e wâlden. Boppedat smakket dat farske reid ek hearlik. En dan steane jo der samar middenyn! Och, kin ik moai fierder gêrzje fan dat reid...

Mar wol sawat de hiele Lytse Jouwer oerstjoer! Want út sa'n steile sleat komme jo net samar. En dan is de baas ek noch net iens te berikken, want dy wie op famyljebesite yn Warkum. Fia, fia koe it mobilenûmer achterhelle wurde. Mar dan binne jo ek net samar even wer thús.

Lokkich kinne doarpsgenoaten sels ek inisjatyf nimme, dat it duorre net lang en dêr wie de Ternaarder brânwacht (en de fotograaf fan Wâldnet...) en mei in protte help fan de omstanders kaam Menta wer op it droege, aardich ûnder de drek, mar alhiel net oerstjoer. It oare hynder, Hidowijn har folle suster, seach it allegearre oan en doe't it har te drok waard, toffele dy nei de stâl. Se sil wol tinke, ik ha har noch sa warskôge, mar ja, as jo net lústerje wolle, dan moatte jo sels ek mar foar de gefolgen ynstean.

Wilma soe de mannen fan de brânwacht in doaze mei oranjekoeke bringe, se hie it al yn 'e hûs helle. Mar doe't se skille, sei de brânmaster dat se leaver in slokje hienen. Dat meikoarten stiet der in kratsje 'fris'drank by de kazerne yn Ternaard. Hulde foar alle helpferlieners, doarpsgenoaten en Jochem Wiersma dy't graach syn foto's nei ús tastjoerde as herinnering oan dit spannende aventoer.

En Menta? Dy dartelt al wer fleurich troch it lân, op syk nei in nije útdaging. De Lytse Jouwer kin him mar klear meitsje...

Klik hjir foar mear foto's en lês hjir it berjocht op Waldnet.

Pleatst: 21-10-2008 / 14:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

Klún & Knoffelhakkekapel?

Wy wolle wat oars as oars. Sybe, ús fêste kabaretdielnimmer, is al drok oan it oefenjen. Aanst by de alvestêdetocht stean wy op 'e Syl yn Dokkum om de reedriders ta te spyljen.

Silst sjen hoe fluch de dielnimmers yn Ljouwert binne...
Sjoch foar mear foto's op: www.excelsiorryptsjerk.nl

Pleatst: 19-10-2008 / 22:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ferhúzje!

Yn ferbân mei nijbou moatte de hynders dit winterskoft útfanhûs. Fan 'e wike binne se oergien. Se sitte no hiel ticht by, we kinne se hast fanút ús hûs wei sjen at se yn it lân rinne. Net frjemd opsjen as Wilma meikoarten mei in hynder troch de buorren rint...

Pleatst: 16-10-2008 / 18:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hoe is't?

No skreau ik juster wol dat wy in hiele noflike jûn hân ha ôfrûne sneontejûn en it is krekt as is der neat oan 'e hân, mar fanwege de kwaal wie ik sneontejûn aardich op 'e tiid wer thús. Skjin myn nocht, want it is noch net oer. (Kin fansels ek noch net...) Moast ik sneontejûn trouwens ek in protte op reagearje, op de fraach 'Hoe is't?

No bin ik twa wiken thús en as ik (hast) neat doch, ha'k eins nearne lêst fan. Mar sadra't ik wat begjin om te pielen, fernim ik de blessure noch steeds. Hjoed krige ik op terapy te hearen dat der njonken in HNP ek noch sprake wie fan in kanaalstenose. Dat hienen se lêzen yn it ûndersyksrapport dat de Sionsberg, sa as ôpraat, kreas it opsjoerd hie.

No wie dat net alhiel in ferrassing, want dat hienen se njoggen jier lyn ek al ferteld. Mar sa'n stenose giet net fansels wer oer, dat kin allinne mei in operaasje ferbettering jaan. No mar hoopje dat troch rêst en terapy de HNP him wat deljout, sadat we ek minder lêst krije fan dy stenose, want it giet fansels dûbelop...

Ein novimber witte wy mear. Sa as it no giet bin ik net ûntefreden, it giet better mar it had syn tiid nedich.

Wat is it prachtich hjerstwaar! Moai waar om moaie foto's te meitsjen en mei ús nije fototastel slagget dat tige! Klik hjir om in pear moaie 'close ups' te besjen.

Pleatst: 13-10-2008 / 20:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fryslân Téater

Der wienen hast mear doarpsgenoaten as op de jierlikse toanieljûn fan ús doarp. Mar dat kaam fansels omdat der trije doarpsgenoaten meidienen oan de premiêre fan it stik 'Oh myn Leave' spile troch it Fryslân Téater fan Dokkum. In grôtfolle seal yn de Bowling yn Dokkum wie tsjûge fan in prachtich stik, geweldich spile troch in entûsjaste en jonge ploech.

It wie in echte klucht, mei in protte doarren en in heech tempo. It ferhaal gie nearne oer, mar dat is ek net wichtich by in klucht. It wichtigste is in protte hilariteit, misbegripen en de kar foar in ferkearde doar. Sels de haadrolspiler wie op in stuit de tel en de doar kwyt, mar dat spile hy treflik! Seachst him tinken 'wêr sit se ek alwer?'

Nei ôfrin fansels in gesellich praatsje mei ferskaate doarpsgenoaten. It wie in hiele noflike jûn!

Pleatst: 12-10-2008 / 15:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wol it wat bite?

Mar oan de Hantumerfeart by de mûne
Dêr stean' ús mannen te fiskjen op nijs
Mar oan 'e Hantumerfeart by de mûne
Byt it praat tige goed simmerdeis!

Hjoed even derút, it wie sok moai waar. In slach om op 'e fyts, want dat is goed. It koe hast net oars as der stienen en sieten doarpsgenoaten by it bankje by de mûne. Dumny stie der ek by as hoeder by syn skiep...

Ik soe trochride. Mar doe't dumny frege hoe't it wie, koe 'k net oars as stopje. Even wat medyske gegevens útwikselje en ik soe wer fierder kinne wie't net dat der op it smelle paadsje in oare doarpsgenoat ús temjitte kaam en ik mei it opstappen noch even wachtsje moast.

'Ik miende dat jimme oan it fiskjen wienen, mar ik sjoch gjin angels,' sa begûn de doarpsgenoat. Wy knikten allegearre, mar ik sei tsjin him en ik wiisde nei dumny: 'Gjin angels nedich, want hy is in fisker fan minsken...'

Klik foar in fergrutting

Pleatst: 09-10-2008 / 21:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarside...

Dêr waarden wy suver wat kjel fan, in grutte foto fan ús optreden yn Ryptsjerk. Libbensgrut op de foarside fan de Actief. Eins fûnen we dit net sa moai (knypeach). Want dy sêne hâlde wy it leafst wat geheim en wy sette dan ek noait foto's fan dizze sêne op ús websides as soksawat. En no samar hús-oan-hús yn Tytsjerksteradiel en omkriten. No ja, it is net oars...

Wy ha in prachtige jûn hân yn Ryptsjerk. It muzykkorps Excelsior bestie 100 jier en op dizze jubileumdei hienen se ús útnoege om mei it korps it gedielte nei it skoft wat op te fleurjen. Dat slagge goed en de sfear siet der goed yn. Mar dat kaam fansels ek omdat it korps foar it skoft in prachtich konsert jûn hie.
Klik hjir om it kranteferslachje (sûnder foto... ;-) te lêzen.

Pleatst: 08-10-2008 / 21:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snuf de hûn...

Yn it ramt fan bistedei kaam der justermiddei in plysjeman op de fjouwerHoeke. Net samar in plysjeman, nee ien fan de ôfdieling 'surveillancehonden' (de lettersetter fan it logo soe wolkom wêze op skoalle...)

It waard in learsume middei mei in protte fragen fan de learlingen en mei in moaie útlis fan de hûneplysjeman. Fansels kaam Snuf ek even út 'e auto en it waard de bern dúdlik dat jo net de gek mei Snuf ha moatte.
Klik hjir foar in tsiental foto's fan dizze moaie middei.

Pleatst: 07-10-2008 / 12:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer de hage?

Oer it fenomeen ynternetbloggen skreau Wiebe Pennewaard yn de Ljouwerter krante fan tongersdei 2 oktober in treffend stikje. Ut dizze prachtige kolumn de folgjende passaazje:

"Mogelijk past het blogfenomeen in de televisietrend om alles uit het gewone leven met iedereen te delen. Ik sluit zelfs niet uit dat eigentijdse tweeverdieners het veel te druk hebben voor praatjes over de haag, kopjes kwekkoffie, boodschapgeleuter en kroeggeleuter. Daarom gooien ze hun gezellige babbeltjes en fotootjes maar in de lucht - voor wie deze bewust wil opvangen. Of zoals ik in het Zeeuwse geval, er per ongeluk op stuit. Dat kan. Maar het blijft een merkwaardig fenomeen."

En dêr kin ik it mei iens wêze. Mar it bliuwt moai om te dwaan!

Pleatst: 04-10-2008 / 15:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hearapparaat...

Hjoed bin ik begûn mei myn training. No trainde ik wol faker, mar wy ha it âlde skema oan 'e kant lein en binne begûn mei in hiel nij skema. Oanpast oan 'e kwaal en rjochte op de behanneling dêrfan. Hiel ienfâldich en hiel 'lyts'. Foel ek noch net ta, man wat binne jo dan in stive harke en wat kinne skynber ienfâldige oefeningen swier wêze.

No binne jo dêr net allinne yn sa'n trainingsseal. In hiele protte lotgenoaten binne ek oan 'e gong om harren lichem yn kondysje te krijen as te hâlden. Faaks kin it groepke elkoar al wat langer en ha se ûnder it trainen hiele petearen. Om't ik nij bij hâld ik my mar stil, boppedat giet it faak oer saken dêr't ik gjin doel oer ha.

No is it trainingsintrum de ôfrûne wiken flink ferboud en sa is de trainingsseal twa kear sa grut wurden. Moai om te sjen hoe't minsken binnen komme. Se sjogge wakker om harren hinne en meitsje dan ien as d'oare opmerking oer safolle mear flieropperflak.

Werom nei de ûnderlinge petearen...

It skynt dat de trainingsapparatuur allegearre ferfongen wurdt. Teminsten dêr hiene de froulju it oer dy't wakker oan 'e gong wienen op dizze apparaten.

'Is it ek wol oan ta, want de apparaten kreakje nochal wat,' sa sei ien fan de dames.
De oare wist wer te fertellen dat de âlde apparatuur nei it pleatslike bejaardetehûs ta gie.
'Dan makket it ek net út dat it wat kreaket, dat heare se dêr dochs net,' sei de oare frou dy't it sitflak fan it apparaat hast net yn stand 4 krije koe.
'Woes't sizze dat it dêr dochs allegearre kreaket?' sei har buorfrou.
'Nee,' sei de oare 'Se binne dêr allegearre dôf en oars sette se harren hearapparaat mar wat sachter...'

De hiele seal lei plat. Jimme ha wol yn 'e gaten dat ik my de kommende tiid wol fermeitsje sil...

'De lusten moatte der ris út, sei it âld wyfke en doe sprong se oer in strie...'

Pleatst: 03-10-2008 / 12:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

HNP (2)

En dan sitte jo samar thús. Yn 'e syktewet. No mar hoopje dat it bekomt. En dêr ha ik alle betrouwen yn.

As der op skoalle bern binne dy't wat ekstra help nedich ha, dan wurdt der foar dizze bern in hannelingsplan skreaun. Hjoeddeisk hiel gewoan yn ús wurk. No like it my wol aardich om ek foar mysels sa'n plan te meitsjen. Alles even op in rychje, dan kinne belangstellenden presys lêze hoe't it derfoar stiet en hoe't wy de kwaal oanpakke. Fansels is it plan sa S.M.A.R.T. mooglik opsteld, want ek dat is yn ús wurk in 'must'. Wy geane hielendal mei yn it moderne management...

No set ik dit plan mar net op dizze side de hiele wrâld hoecht it no ek wer net te witten. Ik doch krekt as de dokters fan de Sionsberg. Nee hjer, jo krije jo medysk ferslach net mei...

No bin ik yn myn oardiel oer it mei-jaan fan de medyske gegevens wat te 'hurd' west. Want op oanrieden fan myn terapeut ha'k even mei de ôfdieling neurologie fan de Sionsberg belle. Gjin punt! Wy stjoere it even troch. Even in hantekening sette en it komt foarelkoar. Ek de foto's fan de MRI-scan koe ik op CD meikrije. Hjoed ha'k dat even regele en mei in kreaze CD stapte ik út de Sionsberg wei.

Thús koe ik myn scan ek op de PC besjen. No dêr wurde jo ek net bliid fan. Man, wat sitte der dan nuvere dingen yn jo liif. It is krekt as binne jo yn 'e grotten fan Limburch. Ik ha de CD der mar wer gau úthelle. Dat bestudearjen fan dizze foto's litte wy dan ek mar oan de deskunigen oer. Op de CD stiet mei grutte letters 'Deze CD hoeft niet retour'. En dêr kin ik my wat by foarstelle...

Pleatst: 02-10-2008 / 18:09 oere - Reagearje? - Nei boppen