Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Thús...

Op 9 septimber skreau ik op myn weblog:

Dêrom is it ek sa stil op dizze side. Myn mem is slim siik en se wurdt ek net wer better. Dan ha jo wol oare saken oan 'e holle en sjitte jo sa ien twa trije ek gjin fleurige wurden yn't sin. As it even kin binne wy by har en dan is it ynternet mei harren websides net sa wichtich mear.

Fan 'e wike ha wy ôfskie naam fan mem en is der in ein kaam oan in drege en rûzige tiid.
Mar it gemis sil bliuwe...

Pleatst: 30-10-2009 / 21:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Post en ...?

Omdat ik de lêste wiken gauris nei Balk ta moat, ryd ik hast altyd oer Drachten. Dan sa rjochting 't Fean, oer de rotonde by de grutte Jouwer en dan sa oer Lemmer lâns it moaie Woudagemaal nei Balk. Dat rydt maklik en jo kinne moai oan avensearje...

Op in weromreis kaam ik iderkear deselde frachtauto's tsjin! Allegearre fan út de rjochting Drachten. Ik ried oan de oare kant rjochting it noarden. De frachtweinen wienen allegearre leech en allegearre fan itselde bedriuw. Post en nochwat...

Dat en nochwat dat ûnthâld ik wol en dan sykje ik it jûn wol op op ynternet. Want it hâldt jin wol dwaande. Wêrom safolle en allegearre deselde frachtweinen en wat ferfiere se? Fersmoarge grûn as soksawat??

Mar doe't ik de jûns thús wie, koe ik net mear op de namme fan dit frachtbedriuw komme. It earste diel fan de namme wie Post. Mar hoe gie it fierder? Ik ha alles besocht. Heuvelman, Hoogstra, it wie iets mei in H en it wurd bestie út trije wurdlidden. Havermout, Hoekstra, Haverklap, ik koe der mar net opkomme en Google joech ek gjin goeie suggestjes. Wist ik noch net wat dy nijsgjirrige reade frachtweinen ophellen...

In pear dagen letter. Ik wie no ûnderweis nei it suden. Dêr wie der wer ien! Hurd nei in parkearplak en notearje. It wie Post en Haveman! Opskriuwe yn it notysjeboekje dat wy altyd foar soksoarte fan nuvere ynjouwingen yn 'e auto lizzen ha. En nei't ik nei Balk ta belle hie dat ik deroan kaam, koe ik mei in gerêst hert de reis ferfolgje. Post en Haveman. No soe ik achter harren geheime frachten komme. Ik wie sa optein dat ik nei eltse folgjende P & H truck de finger opstiek.

Doe't ik de oare deis wer yn Hantum wie ha ik it fuortendaliks opsocht. Fansels! Ik hie it witte kinnen. Se ferfierden biten. Ut de polder wei nei de sûkerfabryk yn Grins. Och och, dat hie'k sels ek noch wol betinke kinnen. Mar ja, sa ûnderweis sjit jo dat net fuortendaliks yn 't sin. Hawar, hindert neat. Hie 'k wat te dwaan. Want it binne saaie, lange en drege reizen...

Ik kop as in byt hawwe...

Pleatst: 18-10-2009 / 20:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gouden tip...

It hâldt guon âlders wol dwaande. Elk longert op in doaske Merci. Neffes my binne der al in hiele protte heiten en memmen nei Hans Anders ta sketten om trije lêsbrillen foar €9,95...

No binne der guon oaren dy't gjin nocht ha oan it keapjen fan in moai briltsje foar in earme master. Sy komme mei tips en ideeën foar it gefal dat master syn bril wer ris ferjit. De measte tips lis ik by my del want faaks ha ik dat al ris besocht.

Fan 'e moarn hearde ik wol in hiele aardige! It wie hast raak mei in doaske sûkelarje, mar de praktyske brûkberens wie sadanich, dat it doaske dochs mar yn 'e kast bliuwt. Wat wie no dy gouden tip?

Ik ha in goudfisk yn 'e klasse. Junior hjit it warbere fiskje. De bern ha in stimming hâlden en Junior wie de bêste namme. Junior stiet op in tafel midden yn 'e klasse en hy hat it o sa nei't sin yn de mânske Welkoop-kom. De bern jouwe him om bar iten en Junior swimt dan fuort nei boppen om de lytse stikjes foer op te plúzjen. Foar safier at jo by in fisk fan plúzjen sprekke kinne...

No hie in âlder it idee en hâldt it boek as it bibelferhaal achter de kom! In kom fergruttet ommers! As master it dan noch net lêze kin, dat wurdt it dochs echt tiid foar de eachdokter.

Ik fûn it wol in aardich idee. Mar ik wit net oft Junior dêr no sa happich op is. Stel jin foar dat krekt dy dei it bibelferhaal fan de fiif bôlen en de twa fisken op it roaster stiet. No, dan wit ik net wat der dan mei Junior barre sil. Dan sjocht hy wat glêzich troch it wetter al dy bern sitten, telt se en tinkt: 'Oeps... dat is krekt genôch foar dizze tahearders...'

Men kin nea witte wêr't de fisk sit, sei de man en sette syn fûke yn 'e dakgoate...

Pleatst: 14-10-2009 / 23:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

No je...

Ek dit is hiel aardich! Wol in bytsje grutsk...
(Klik op de foto om op de side fan it Nijs te kommen)

Pleatst: 11-10-2009 / 13:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

In moaie jûn!

In hiele protte foto's fan dizze moaie jûn op: www.waldnet.nl.
Mei tank oan Geurt en Jochem.

Pleatst: 11-10-2009 / 13:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ferjonging...

Broer hat it yn de earste sêne fan ús foarstelling altyd oer ferjonging fan ús kabaret en dat ik saneamd te âld wurde soe. No, sneontejûn stie yn Aldwâld de opfolging al klear!
Op dizze siden mear nijs (en foto's) fan dit moaie optreden:
RTV Noordoost-Friesland en Nijsnet

Pleatst: 08-10-2009 / 21:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wat is in master sûnder bril...

It earste wat ik doch as ik it lokaal ynstap is de bril opsette. Mar myn moaie clic-bril hong net om myn hals! Fergetten. Kin gebeure en dêrom ha ik allegearre needopslachplakken oanlein. Ik ha brillen genôch...

Yn it sydfakje fan myn tas siet net de gebrûklike bril. Lei ek noch thús. Plan C, it oare sydfakje. Dat wie raak, want dêr siet in brillekoker yn. Mar dy wie leech. Plan D, burolaad. Sit ek altyd in bril yn. Moai kleurd hoeske, hie'k ea ris fan 'e bern krigen. Jimme begripe it, ek leech. Mar lokkich ha'k ek lêsbril-brûkende kollega's en dy ha faaks ek sokke needfoarsjenningen...

De hiele skoalle bin'k troch west. Nearne in bril te finen. No waard ik al wat kjel, want wat is in master sûnder bril? Hoe faak moatte jo wol net lêze? En de letters yn 'e hantliedingen binne altyd o sa lyts. Se geane der by de útjouwers fan út, dat de âldere masters en juffers al foar harren pensjoen it ûnderwiis ferlitten ha...

Dan mar it plein op en alle oanwêzige âlders oanhâlde. Ha jo in bril, ha jimme in briltsje thús? Lokkich hienen de measte âlders alle begryp. Ien fan harren hat sels syn hiele auto trochsocht, want de frou soe fêst in briltsje earne yn in fakje dellein hawwe. In oare âlder bea my har eigen bril oan. Mar dy wie min fiif, no dat soe alhiel in moaie foarstelling jaan...

Mar al it sykjen en freegjen hie gjin fertuten. Master bleau sûnder bril. Ik wie al drok oan it harsenskrabjen hoe't ik it dizze dei ha soe. Dat waard in protte gokken en ymprovisearjen. Ik hie it Bibelferhaal al ûnder it kopieerapparaat trochhelle, fergruttingsstân maksimaal...

Wacht! Flak by skoalle wie in administraasjekantoar. Dêr binne in protte lytse letterkes en dêr soe fêst in bril lizze. In klant hie him fergetten, as soksawat. Mar nee hjer, dêr achter dy buro's kinne se alles sa't it like noch goed sjen en hienen se gjin bril foar de panikerige master. Der wie ien dy woe him al foar my ophelje, mar hy soe dan pas middeis pas werom komme. Leuk jong, sis dan neat! Woansdeitemiddeis ha de bern frij en dan hat dizze dôve en bline master der al in moarn switten en gokken op sitten.

Ik makke my ree foar in hiele drege moarn en ik fertroude op myn ymprovisaasjefermogen. Doe't ik yn 'e kring myn 'handikap' bekend makke, wienen der fuort al in pear bern dy't it Bibelferhaal foarlêze woenen. Och, wat ha ik dochs aardige en leave bern yn 'e klasse! Fansels, dat koe ek, de jonge eagen fan de bern brûke! Trije bern ha dy moarns de preek fersoarge en dat gie knap. Se hakkelden al wat oer de drege bibelske nammen, mar nei ôfrin wisten se noch aardich knap wêr't it oer gie.

Doe kaam de rêding!. Der waard op 'e doar kloppe en ien fan de âlders dy't dy moarns op it plein myn smeekbeaden oanheard hie, hie in briltsje regele! Fleurich hâlde se it plastikbriltsje omheech en ik wist net hoe bliid ik wie!

De oare deis ha'k har in pakje Merci jûn. Se wist net heal hoe't ik rêden wie mei har briltsje. Oare memmen seagen my wakker oan en hâlden harren hân ek al op: Krije wy neat? Nee, jimme krije neat. Hienen jimme ek mar om in bril sykje moatten.

Ik bin bang dat ik by in oare kear ûnder de brillen kom te sitten. Kinne wy de Merci ek earne yn in grutferpakking keapje?

Pleatst: 03-10-2009 / 12:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fryslân boppe…

De CD's binne klear! No noch nei Fryslân…

Yn it earstoan wie Remko, fan de studio dy't alles moai yn oarder makke hat, fan doel om de doazen mei CD's mei de post mei te jaan. Mar de konkurrinsje is moardzjend yn de pakketservicebedriuwstûke en dan litte sokke bedriuwen wolris in stekje falle. Sa hie Remko al ris in hiele doaze mei stikkene CD-hoeskes weromkrigen.

No is Fryslân in hiele wrâldreis en dêr bringe se de poststikken noch mei de hûnekarre en de bolderwein der by lâns, dat Remko tocht by himsels de boel moat al goed oankomme yn dy fiere provinsje. Syn heit gie nei Fryslân, dat dy moast it dan mar meinimme. Klún & Knoffelhakke kinne se dêr oeral en der soe fêst ien wêze dy't de doazen mei CD's op it goeie plak besoargje koe.

Heit moast nei Twellegea. Wêrhinne sizze jo? Twellegea. Under Snits. Wol ja, dat leit flak by Hantum. Even op 'e fyts en jo binne der sa.
Nei wat hinne en wer gebel, is ien fan ús dochs mar rjochting Twellegea gien. Dat lei aardich op 'e rûte sille wy mar sizze...

Mar de CD's binne yn it noarden oankaam. It skeelt yn elts gefal ferstjoerkosten, dat wy kinne se mei 2 eurosint koarting oan belangstellenden oanbiede.

Se binne prachtich wurden! Wy binne der wiis mei en wy hoopje dat de fans en de keapers der ek sa oer tinke...
Nocht oan de CD In Bealchfol wurk? Kom dan op ús jubileumfeest as bestel meikoarten ien fia ús webside www.klun-knoffelhakke.nl

Pleatst: 03-10-2009 / 11:52 oere - Reagearje? - Nei boppen