It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Hoppa! De oanhef is leau'k ek it ienichste Grykse wurdsje dat ik kin. Foar safier dat Gryks is... Se roppe dit altyd as de Sirtaki ynset wurdt. No en dat waard iderkear wer dien op 'e Gykse jûn yn de Refter, it kafee dêr't wy faak even sitte te bekommen nei wer in optreden earne yn Fryslân.
Wy wienen mei klam útnoege foar dizze spesjale jûn, dat wy koenen net wegerje. Boppedat hienen wy it lawaai fan ferline wike noch yn 'e holle, want doe ha se ús, alhiel frijwillich, de Zaak útjage mei alderferskriklikste house/dance/techno/club-muzyk. Dan binne Grykse noaten in woldied foar jo earen. Oan'e oare kant: 15 kear de Sirtaki begjint ek wer te ferfelen. Hawar, wy wienen derby! It wie gesellich drok en neffes ús hienen se iemand met een getinte huidskleur hierd fan in artystenburo, want dy sette wakker Grykse dûnsen yn. Mar neffens in autochtoane Gryk kloppe it foar gjin meter en wie dat gehup gjin Gryks. Mar wa wit soks? De Dokkumers en de klaaikluten yn elts gefal net. Dy roppe dan mar wer Hoppa wylst se in Ouzo achteroer slaan. Sa'n glêske fol krige elk by it binnenkommen yn dit lytse Grikelân. Man wat is dat nuver guod, mei dit spul yn it liif hie'k grif net troch de alkoholkontrôle kaam. Want foardat wy dit Grykse Refteropulos binnenstapten, waarden wy by Feanwâlden oanhâlden en moast ik blaze. It feit dat wy yn Grikelân oankamen makket wol dúdlik dat ik dizze kontrôle goed trochkaam bin...
Wy ha ús op dizze Grykse jûn wol fermakke, hoewol de pauzes fan dit duo it gesellichst wienen. Doe waarden Jan Smit, Queen en mear muzikale kreakers draait. It wie wol wat sneu, want letter rôpen in tal oanwêzigen iderkear tsjin de muzikanten: Pauze! Se wienen tink ik yn 'e waan dat dizze Griken dit net ferstean koenen en dat se tochten dat de Hollanders massaal harren nasjonale drankje bestelden oan 'e bar. Wy dogge soks net, dat heard net sa. Soenen wy ek net leuk fine as it publyk dat ropt by in optreden fan ús. Wy dienen de eigenaresse allinne mar goeie ideeën oan 'e hân. Ideeën foar noch sa'n gesellige jûn. In Sineeske jûn, in Fryske jûn mei Klún & Knoffelhakke, in Hollânske jûn mei kleine Hille as Jannus, ach wy sieten fol suggestjes. Epie soe dochs wol komme, nettsjinsteande it ynternasjonale tintsje fan sokke jûnen...
Cartoon network...
Eins hie ik fan 'e moarn it fototastel meinimme moatten. Dan hie ik dy moaie smoarge maisdyk by de Lytse Jouwer op 'e foto sette kinnen, as de smoarge RedBull. Hy is read, mar ûnder de ramen is hy no griis, mei in leuk rutewiskeraksint op it achterraam.
As ik hie in foto meitsje kinnen fan it grutte boerd dat by de rotonde fan Broeksterwâld stiet, mei de oankundiging fan in optreden fan ús kabaretduo. No mar hoopje dat dat in soad publyk oplevert. Mar ja, thús lizze litten en de telefoan lei ek noch earne by ien fan de kompjûters. En boppedat geane jo ek net alle dagen op 'n paad mei in fototastel. Miskien ha jimme dizze plaatsjes noch tegoede en boppedat wol ik it hjoed mei jimme ha oer in tekenfilmfoarstelling dy't justerjûn syn opwachting makke oan 'e bar yn ús oefenromte... Tinus, in goeikunde fan it volleybal fan eartiids, no in man fan 'e wrâld en eigner fan in goedrinnende pizzaria yn Dolkkum, kaam by ús oan 'e bar sitten. Tinus is in tige hertlik man en in noflike prater. Entûsjast en fol fjoer en o sa fanatyk.
Sa die hy ferslach fan syn aventoerlike reizen nei de meast eksoatyske oarden. Hy hie skyd oer de steilste berchhellingen en dûkt by de moaste riffen fan 'e wrâld. Allinne syn ferhalen koene jo hast net leauwe. Sa skyde hy oer de swarte pystes sûnder training. Hie hy nei in skyûngemak omkeard yn in beam hongen en hie hy each yn each stien, as better sein swommen, mei in barracuda yn it Caribisch gebiet en hiene sy yn datselde eksoatyske oard in haai op syn sturt slein. Ferheard hearden wy nei syn ferhalen en ik sei dat soks allinne mar yn tekenfilmkes plak fûn. Tinus hie de grutste wille en fertelde moai troch. Wy kinne no ek net sizze dat hy tefolle drank hân hie, hy siet noch mar oan syn earts wyntsje... Mei sok praat fiele jo je wol in echte klaaiklút. Ien dy't nea wat belibbet, dy't de pleatslike terp as heechste berch oanmerkt en dy't allinne mar fisken út in goudfiskkom doart beet te pakken. Mar hielendal net jaloersk hjer! Mei sokke aventoeren hie ik al lang yn in karke sitten en hie ik miskien nea wer oan de bar sitte kinnen om nei sokke smoute ferhalen te lústerjen. Want earlik is earlik, neffes my hie Tinus in pizza hân mei hallusinearjende poddestuollen... Nuvere oanwenst... As ik earne parkeare moat, dan giet myn foarkar út nei in plakje njonken in VW. Nuvere tik, mar dat sil mei de opfieding te krijen ha... Hjoed stie der op it parkearplak by it trainingssintrum hast deselde reade Golf! En it plakje dêrnjonken wie noch frij. Och och, wat stienen se dêr moai, sa tegearre. It broerken wie krekt wat reader as de RedBull, mar it wie o sa'n moai gesicht.
Doe't ik klear wie mei trainen en wer nei it parkearplak rûn, wie it reade broerke al wer fuort. Mar ik ûntdekte dat der mear binne mei sa'n nuvere oanwenst...
De Koningshof... Wy hienen it earst mar op in pypfol, ús optreden yn 't Fean. Nuver, mar it is krekt as it publyk yn it Fryske Haagje wat oars as oars is, wat minder tagonklik en wat kritysker. Dit sjoen de ûnderfiningen út it ferline... Mar it waard in boppeslach dêr yn de moaie Koningshof. It wie foar de âldere ynwenners fan Oranjewâld, de fyftich plussers sille wy mar sizze. It publyk hie der wakker syn yn en wy ha harren geweldich fermakke. It wie allegearre wer lof... Frans wie ek wakker ûnder de yndruk fan ús optreden en hy woe ús al boeke foar in jûne fan it FNP. (Sil hy fêst lid fan wêze, sjoen it Frysk op it etiket fan de Heerenburg...) Mar wy wienen net mear beskikber op de troch him foarstelde datum. Hy die in kaart fan ús yn 'e bûse en wa wit meie wy yn 'e takomst nochris optreden yn it hôf fan dizze kening.... Hantumer mûne... Hie ik it yn it foarige stikje net oer de mûnder? Tafallich binne de bern fan Wilma har klasse, mei de stazjêre op ekskurzje west nei de mûne yn it Hantumerleech. Net oer de gouden dyk, dy is noch lang net klear. Is ek om trouwens, nee gewoan op 'e fyts oer de Stoepawei. Klik hjir foar de fotoreportaazje.
Mei goud belein... It is te hoopje dat it in staazjeprojekt is, as dat de oannimmer oan wurkferskaffing docht as soksawat. Mar it dykje op ûndersteande foto moat hast wol it djoerste dykje fan Nederlân wurde. Alteast as wy de ferkearsyntensiteit ôfsette tsjin de meterkosten. Al sawat tsien wiken binne de mannen dwaande mei it opknappen fan dit lândykje. Nuver, mar no ynienen hat ús gemeente jild foar sokke projekten, Europa sil wol meibetelje. It sil de ûntsluting fan ús karakteristike Boeddhistysk lânskip wol tegoede komme. En foaral net fanwege de bettere berikberens foar de bewenners as foar de mûnder, dat skoart net by de ynstânsjes. De twa kampinggasten fan njonkenlizzende kamping kinne no mar kuierje. En ûnderweis even nei de Dixy, want ek dy is oantúchd by dit megaprojekt. Ien grutte trekker mei in jarretank fan 12 kob en de gouden klinkers lizze wer op in bult...
Foar it hek... Eins is dit wol in hiele moaie foto. Makke doet Wilma en Wietsche ôfrûne sneon ûnderweis wienen mei harren hynders. Jo kinne der sa in hiel ferhaal by betinke. Dat dogge wy lekker net, dat mei de lêzer sels dwaan. Moaie (hjerst)sfear ek... Yn kleur is hy noch folle moaier. Klik hjir foar de fergrutting.
Klipkar... Somtiden ha jo frjemde opstigings. Sa ornearren wy dat wy wolris in fideoklip meitsje koenen. En dan sels in nûmer skriuwe. (Wy ha ien kear Frans Bauer sjoen en dan krije jo it heech yn 'e plasse...) Aardich detail: Fotograaf Alex Bouma is yn it begjin fan 'e klip alhiel oertsjûge fan dizze wrâldhit en fljocht de seal út. Op nei de Telegraaf foar in primeur...! Theo & Frans...
Wy dogge wolris in putsje foar Theo út 'e Knipe. Theo hat in artystenburo en yn it ferline binne wy elkoar ris tsjin it liif oanrûn by in doarpsfeest dêr't Theo de artysten fersoarge hie. Útsein Klún & Knoffelhakke dan... Sûnt dy tiid ha wy gauris kontakt meielkoar. By in optreden yn Aldskoat, dat Theo ek regele hie, dit kear ek mei Klún & Knoffelhakke, fertelde Theo oer in grut feest dêr't hy mei dwaande wie. Dat feest soe plak fine op 8 oktober op 'e Knipe. Frans Bauer soe ek komme en se ferwachten wol 2500 minsken. Letter yn 'e auto hienen wy it deroer dat Theo, sjoen ús goeie kontakten, ek wol ris kaartsjes foar ús regelje koe, wy regelden ek wolris wat foar him... Nei't wy telefoanysk kontakt hân hienen, soe Theo wolris sjen wat hy foar ús betsjutte koe. 8 Oktober setten wy fêst yn 'e aginda. Mar begjin oktober koenen wy ús net mear heuge wêrom wy 8 oktober yn 'e aginda setten hienen. Feestjûn mei Klún & Knoffelhakke? Dat hienen wy dochs al hân?! Wy ha alles betocht, mar de Knipe wie al lang wer yn it ferjitboek rekke. Doe't Wilma 8 oktober mei in oantekening yn ús K&K map stean seach, kaam it hiele Frans Bauer ferhaal wer boppe, mar hienen wy noch neat fan Theo heart. Op de jûn fan ús wurkoerlis besletten wy om Theo mar in 'prikeljend' sms-ke te stjoeren. Lokkich is Theo in man fan ôfspraken, dat begjin dizze wike belle hy op: wy stienen op 'e gastenlist en mochten by de kassa sa trochrinne en as sy ús net leauden, dan moasten wy Theo syn namme mar neame. It wie wol wat spitich dat it mar twa kaartsjes wienen, mar hawar, Theo hâlde wurd, dat wy koenen net oars en moasten derhinne. Dus tegearre yn 'e kreaze klean en op nei de Knipe...
It wie in moaie jûn, mei in goeie band en in protte minsken. Mar ek in jûn mei in protte lawaai en in hiele lûde Frans Bauer. Dat is wol spitich by sokke optredens, want jo fersteane mar de helte en in kin net tippe oan it lûd fan bygelyks in CD. Mar wy wienen derby! Letter ha wy ek noch even mei Theo fûstke en Theo fertelde ús wat harren dit feestje koste hie. Ik sil it hjir mar net delskriuwe, mar jimme kinne Klún & Knoffelhakke der sa'n 100 kear foar ynhiere. Theo fûn it wakker moai dat wy der wienen en fansels soenen wy elkoar yn 'e takomst fêst faker moetsje.
Ek kamen wy noch fans út Langsweagen tsjin en dêr ha wy noch even noflik mei praat. Dat sadwaande wie it in moai jûntsje fuort. Wy hienen it fototastel meinaam, want dit moast fansels yn ús plakboek, mar op sokke jûnen is it te donker foar knappe foto's en ik hie de bril net by my, sadat ik it tastel net yn 'e goeie stân krije koe. En dan krije jo
sokke
foto's. Wol in moai effekt, mar gjin Frans op te sjen. Ûndersteande foto wie noch de knapste. Ek ha ik in koart filmke makke, mar it lûd wie sa min, dat ik der earst in oar ferske ûnder montearje soe. Mar dat like nearne nei, dat ik ha it orizjinele lûd mar stean litten.
In bisteboel...
Pleatst: 04-10-2010 / 21:15 oere - Reagearje? - Nei boppen
Mei tank oan Jan Beets... Sjoch foar it ferslach en noch mear foto's op de side fan RTV Noordoost-Friesland.
Sop mei ballen...
Op it wurk ha wy de skilders om 'e doar. In moai stel! Se binne mei syn twaen en wurkje foar in skildersbedriuw út Damwâld. Dit bedriuw hat de skoalle ek fan binnen ferve en omdat dat hiel goed dien is, meie se no ek de bûtenkant dwaan. De bûtenskilders binne al oaren as de 'yndoor' skilders, mar hawar, ek dit binne hiele aardige manlju.
De iene hjit fan Jan en kin oh sa komysk út 'e hoeke komme. Hy laket om alles en ear't jo it yn 'e gaten ha set Jan jo op 'e ferkearde foet. Hy makket altyd grappen soksawat as: 'Ruikt uw neus en lopen uw voeten? Dan bent u ondersteboven gebouwd...' Mar Jan is ek in man fan prinsipes. Hy docht de sigaret út as de bern der oan komme en hy hâldt rekken mei de lessen as der in kezyn skjirre wurde moat.
Syn maat Reinder is hiel kalm en rêstich. Mar o sa aardich. Sa is Reinder syn leafhawwerij hynders en omdat de skriuwer fan dit weblog ek in hynderrelaasje hat, ha jo al gau praat. De termen dy't jo dan yn 'e earen komme, binne net ûnbekend. Sa witte jo wat ûnder it sadel is en kinne jo ek út 'e fuotten mei in term as bygelyks inter... Eins is it krekt it duo Klún & Knoffelhakke, mar dan yn in baitsjebokse...
Tusken de middei ite wy altyd mei syn allen en om't Jan en Reinder der no ek by heare, ite se gewoan mei. Ek krije sy in pantsje sop, want dat binne wy gewoan op it Lemieren. De mannen fine it prachtich, ha o sa'n wille, ite smaaklik fan 'e sop en wy ha boppedat ek ris oar praat tusken de middei... Mar Jan hie al wat in probleem mei de sop. It wie him wat te wetterich. Want ja, wy mikke in pakje Honig yn in panne en thats it... Dit moat oars tocht Jan. Hy mocht graach lekker ite en dat is him ek oan te sjen...
Dat tongersdeitemoarn stie der in tupperwarebakje mei gehakbaltsjes yn 'e kuolkast en ek in pakje sopgrienten hie Jan ynslein. Tusken de middei die Jan der ek noch in piperke troch, want it moast al wat pittich, en ik moat sizze wy ha noch nea sokke lekkere sop hân! Jan dy siet der plat foar, hy sloarpe noch krekt net, mar hy liet him it hearlik smeitsje. Nei't hy syn kop leech hie, sloech hy wakker op syn graue liif om en sei: 'No, wie dit lekker as net!'
Fansels wienen wy it allegearre mei him iens!
Moai net, sokke skilders. Sa spontaan en sa gesellich. It is krekt as heare se der in bytsje by. It falt my wol op dat se ús oan stoarje as wy tweintich minuten nei it iten al wer oerein gean om fan alles te dwaan, dat se ús oangapje at sy om fjouwer oere hinne mei harren bôlebakje nei hûs ta gean en wy noch mei sân man om tafel sitte om te praten oer pedagogysk klimaat en oare wichtige saken. En oarsom is dat ek in bytsje sa, moat ik earlik bekenne. Dan woe dizze master ek wol dat hy skilder wie...
Lokkich hie Jan net allinne it sop preaun, mar ek de sfear by ús op skoalle. 'Jimme ha in moaie ploech, en it is hjir o sa gesellich...' En dat is ek sa en aanst mei in moai ferve skoalle, wolle wy dat noch mear útstriele...
Dat wy fervje mar moai wat troch...
|