It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
De asbestman...
Moatte wy der no allegearre út? sa reagearre ik wat senuweftich op it boadskip dat der asbest yn ús wenning ferwurke siet. Fansels wie dat wat spile, want fan it lyts protsje asbest reitsje ik fuort net oerstjoer…
Eartiids sochten wy stikken asbest op en goaiden dat yn it fjoer. Dat knalde sa moai… Doetiids wie asbest rûnom te finen en mochten jo ek noch fjurke stoke om b.g. húsôffal op te brânen.
De wenningbouferiening hie ús witte litten dat der kontrôle op asbest komme soe. En dêr stie de aardige man al foar de doar. Fan ûnderen oan't boppen hat hy de wenning ûndersocht, mei boppesteand berjocht: asbest yn 'e wenning… Mar it wie goed en ticht ferwurke, dat it koe gjin kwea. Wy mochten sitten bliuwe wêr't wy sieten en hoegden net nei it Bêd en Brochje yn ús doarp. Lokkich… Mar hoe witte jo no dat it asbest is? sa frege ik ús ûndersiker. Neffens him koene jo dat sjen oan de skras yn it materiaal: in wite skras betsjut asbest en in grize skras betsjut asbestfrij. Hearken, dat is maklik. Dus as ik mei in skroevedraaier yn de stoeptegels in skras meitsje en de skras is wyt, dan is it asbest? Dan stiet ús noch wat te wachtsjen. Ek de dakplaten op it hokje njonken ús hûs wiene ek fan asbest. Mar dat wie gjin nijs, dat wist ik al sûnt Lytsje Jan al kocheljend de boel mei ferhuze hie. Mei in bytsje gelok soe de wenningbouferiening dat fergees ôffiere. Dat dêr wachtsje wy mar op. Mei koarten sille de wite mantsjes wol komme. As de operaasje wurdt de wenningbouferiening te djoer (der binne mear fan sokke huzen by ús op 'e buert) en dan kin it noch wol even duorje… Fan 'e wike wer in telefoantsje. Wer de asbestman. No in kollega. Mar jimme binne hjir dochs krekt west? Ja, dat wiene allinne de sichtbere dielen, dizze sneuper moast de ûnsichtbere dielen ûndersykje. Dat in grut gat yn 'e muorre, want hy moast yn 'e spou sjen, hoeke souder derút, om tusken de plafonds te skinen mei syn bûslampe. En mar foto's meitsje… Gjin mear asbest en wêrom dogge jimme soks net yn ien kear? Dat fûn hy eins ek, mar hy wie bliid mei syn baan, om samar te sizzen. Hy woe ek noch ûnder de flier. Mar dat ha ik him út 'e holle prate kinnen, want nearne by ús yn 'e hûs wie in mangat nei de krûpromte te finen. Hy soe in hiel grut gat bikke moatte. Hy sei mar gau dat hy der wis fan wie dat de ôffierliedingen allegearre fan PVC wiene, dat hy hoegde dochs mar net yn de krûpromte. Dat dêr sitte wy no mei in gat yn 'e bûtenmuorre. Thúswonen soe it wer reparearje. Mar Tjnst (nee, gjin tikflater) is noch net west om it wer ticht te mitseljen. Bin benijd hoe lang it duorje sil. Se kontrolearje mar omraak, de wenningbouferiening. Dit wie de tredde al yn in lyts skoftke tiid. En aanst komt de fjirde, want it skilderwurk moast ynspektearre wurde yn ferbân mei it oansteande ûnderhâld.
Mar it sille ek wol de fiifde en de seisde wurde. Ien foar de lak, ien foar it houtwurk en ien foar de kezinen. Want wurk moat der bliuwe… De Roodbergens...
Wat in prachtige middei yn it Hûs fan de Dichter ôfrûne snein. Laat ons de herfst omarmen met de muziek van Dets Laif, sa wie Akke har oankundiging. En as dit as it begjin fan de hjerst rekkene wurdt, dan belooft it in geweldige hjerst te wurden… Dets Laif bestiet út Era Copier en Henk Roodbergen. Se songen prachtige selsmakke Fryske lieten en begeliede harren sels derby op ferskate ynstruminten. It waard in prachtich optreden yn in smûke gemoedlike sfear, wêryn it publyk meisjonge en om en frij meiprate koe. Ik kom wis wer, sa betanke ik Akke foar har hearlike gastfrijens fan dizze middei. Foaral as Dets Laif der wer is. Want Akke kundige fêst oan dat se takom jier wer komme soenen, mar dan mei in mear Iersk oriïntearre programma…
It moaie fan it Hûs fan de Dichter is, dat je maklik kontakt meitsje mei de oare gasten. Sa kaam ik yn 'e kunde mei in echtpear út Grau. Se wiene noch nea yn it Hûs fan de Dichter west en ek Hantum hiene se noch nea besocht. Al gau gie it praat oer beammen en wide kimen. De Grauster hâlde wol fan it iepen fjild en de moaie frije natuer. Wat kaam dy man my bekend foar! Ik oe der mar net opkomme. En doe 't ik thús wie, gie ik nochris troch myn geheugen. Foljebal? Underwiis? In âld kollega? Mar doe't ik noch ris nei de namme Roodbergen seach, skeat my it ynienen yn't sin! Sake! Yn de tiid fan Sybe Satelyt, dy prachtige skoaltelefyzje útstjoeringen mei Freark Smink en de Man út Burgum, skeakele Sybe wol gauris oer nei Sake! En sa rôp Sybe dat dan ek: SAKE! En Sake stie dan earne yn Fryslân yn de moaie Fryske natuer en fertelde dan oan de bern in moai natuerferhaal oer ljippen, skriezen as otters… Fandêr syn leafde foar it wide fjild. Sake wie noch neat feroare… Sake wie in broer fan Henk, de muzikant. Hy hie eartiids ek akkordeon spile, sa fertelde hy my yn it skoft. Mar doe't hy op in dei thúskaam, hie syn heit de akkordeon, sûnder dat hy it wist, ferkocht. Skande…
Mar de Roodbergens ha wol talint! Is it net foar de natuer, dan wol foar de muzyk!
Mar wêrom der net mear doarpsgenoaten komme, dat begryp ik dan wer net. Sa moai, sa muzikaal en sa gesellich… In oar Hotel... De lêzers fan dizze side sille sa njonkelytsen wol yn 'e gaten ha dat Hotel California fan de Eagles myn favorite nûmer is. It is dan hiel aardich dat jo dan, sa surfend op it ynternet, dizze wol hiel bysûndere ferzje tsjin komme...
Lytse Boeddha... Soms komme jo eigenaardige dingen tsjin ûnderweis. Flak by it Boeddhistysk sintum yn de berm fan de Stoepewei yn in hikkedaam. Wat soe dit no wêze? It like wol in soarte fan monumint. Kompleet mei in lytse timpel, makke fan klaai. Der stie ek in kearske by en der lei wat bistefoer. Miskien is it ek wol in lyts offerplak. As wolkom foar de hjerst as soksawat...
It wie ek al wat skeint. Mar miskien ha de bisten dat ek wol dien. As miskien troch it waar. Sjen oft it der oer in pear dagen noch stiet...
Sjoemelsoftware...
|