Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Elk mei graach ris fiskje…

Ien fan de aktiviteiten fan ús startwykein fan tsjerke wie fiskje by de Hantumerfeart. Foar skoalbern.

Hat pake ek noch in angel?

Ik leau it wol, noch fan ien fan de jonges. It hiele hok oer de kop en dêr kaam it âlde, 2 dielige bamboe-angeltsje foar it ljocht. Der siet ek noch in dobber en in snoer oan. Der koe dus fiske wurde.

Mar doe't ik it angeltsje wat neier bestudearre die bliken dat de beide einen wol hiel fragyl yninoar pasten. Ien grutte snoek en it boppe-ein soe sa nei Dokkum ta sleept wurde. Dat koe fansels net, want de pakesizzer moast de fiskwedstryd wol winne...

Dat pake wer oan de slach. Gewoan it metalen buiske, dêr't it boppe-ein ynpast, wat nei boppen slaan. Jaja… Dat woe fansels wer net. Skroevedraaiers, eintsjes metaal, in grauwe stien. Neat holp, it buiske woe net mear romte meitsje foar it boppe-ein mei syn oardel meter snoer…

En dan set pake troch: in dea ding is gjin baas!

Waarm meitsje, noch hurder slaan, grauwe tange derop. De keuken lei besaaid mei alderhande ark. En net allinne ark út de arkkiste…

Mar it woe net. En de oanfangstiid fan de fiskerij kaam hieltyd tichterby. Wacht! As it buiske dan net omheech wol, dan kin ik it ek rommer meitsje troch it út de boarjen. Akkuboarmasine leech en gjin tiid mear om him op te laden. Dan de âlde Black & Decker, mei snoer, mar oanslingerje. It gie omraak en ik boarre hast tefolle bamboe fuort, hast moast DUC tape útkomst bringe. Mar dêr siet it snoer ek al mei fêst oan de angel…

Hawar, de beide dielen pasten o sa moai oaninoar nei pake syn toskedoktersaksje. Op nei de Hantumerfeart. Amer en bôle mei. Wy wiene fan plan om de hiele feart leech te fiskjen, de pakesizzer wie o sa entûsjast en fleach al rommeldebommeljend mei de amer oan it stjoer nei de mûne. Pake moast de angel meinimme, mar troch al dy haast moast hy der wol om tinke dat de angel net tusken de speaken telâne kaam. Wy wiene der as earsten…

Mar oh heden…

Dêr kamen de oare bern. Fiif kear gruttere angels. En net fan bamboe… Bamboe? Wat is dat? Ha jimme in stoel útinoar helle? Nee, fiberglêzen monsterstokken mei wit ik hoefolle snoer. Sy koene de dobber hast fan de wâl ôf nei de oare kant ta smite. En dêr swommen de grutste fisken fansels…

Dêr stie de pakesizzer. Deun tsjin it wetter oan, oars koe de oardel meter snoer hast net it wetter berikke. En wylst de fiberglêzen angels de iene nei de oare fisk nei boppen hellen, stiene wy dêr mei ús read-wite dobberke, in heale meter út 'e wâl wei te fiskjen op reiden planten en oar grien guod…

Elke kear as ien fan de oare bern in fisk út it wetter helle, moasten wy dêr hinne neffens de pakesizzer, want dêr wiene de fisken. En nei't wy in pear kear hinne en wer flein wiene op syk nei fisken, sei ik tsjin ien fan de bern: ast him der wer yn smytst, wolst him dan dizze kant even útstjoere?

Dat hat holpen. Want krekt foar de deadline hellen wy in aardich fiskje út it wetter. De pakesizzer fleach mei snoer en al, de fisk der noch oan bongeljend, nei de fiskmjitter dy't him beskikber steld hie om dizze kriich te begelieden. Lokkich, pake hoegde him der net ôf te heljen, dat die de mjittersman wol.
14 Sentimeter.

Doe wie de tiid om. Neat wûn, mar wol in prachtige middei!

No begjint har suske ek al. Trije jier en doe't se fan 'e wike by ús wie sei se: ik wol mei pake fiskje. Mar ik sei dat de sinne earst skine moast, it waar wie fierstente min. En ja hjer, yn de rin fan de middei kipe de sinne in bytsje flau troch de wolken.

Kom pake! Wy kinne no te fiskjen…!


Pleatst: 05-10-2017 / 13:45 oere - Reagearje? - Nei boppen