Wolven op ‘e dyk sjen…
Wat docht dat mei in minske: in drokke stêd as de stilte fan it plattelân…? Soe dat ferskil meitsje?
Wat docht al dat leven mei jo as jo 4 kilometer troch in drokke stêd kuierje? Bussen, auto’s, ferkearsljochten, hûneminsken, fytsers, klaksons, skooters, E-bikes, boartsjende bern en it gerûs fan it ferkear.
En wat docht de stilte mei jo as jo fjouwer kilometer om it Hantumerleech kuierje?
Wyn, stilte, wyn, neat, stilte, it gerûs fan de wyn yn jo earen, hiel yn ‘e fierte in trekker, fûgels, wyn en it spatten fan it wetter by it omheechfleanen fan in markol út de Hantumerfeart…
Soene de minsken yn ‘e stêd jo ek groetsje bygelyks? As is elk dwaande mei syn eigen tinzen en hat men gjin each mear foar elkoar?
Sis it mar…
By de Stoepa kaam my in ûnbekende fytser temjitte. Om ’t it paadsje mar smel is, gie ik in stap fansiden om him der lâns te litten. Mar dat hoegde eins net, want by ien fan de bankjes stoppe hy en sette hy syn fyts tsjin de ôffalbak.
Ik moat hjir wêze, want ik sil de skiep even telle… en wilens kearde hy him nei it stikje lân oan ‘e oare kant fan de feart. Dêr rûnen in seistal skiep.
Noch gjin lêst fan de wolf? Sa besocht ik in lyts petearke op gong te helpen.
No, ik tocht ik set se mar flak by de Stoepa yn de greide. Dêr is fêst allegearre positive strieling dat de wolf wol op in ôfstân hâldt..
It petearke gie dêrnei oer de sin en de ûnsin fan de wolf yn ús lân. En út syn wurden koe ik wol opmeitsje hoe’t hy deryn stie…
No wenje wy hjir sa moai... as wy no allegearre goed op ús omjouwing passe en ús bisten beskermje tsjin soksoarte fan wylde bisten, dan dogge wy it dochs goed?
Wy wienen it eins wol meielkoar iens en nei’t ik him noch in moaie dei tawinske hie, koe ik yn de lange stilte en de wide kimen dy’t noch foar my leine, moai neitinke oer de moraal fan dizze flechtige moeting…
Pleatst: 21-10-2022 - 16:52 oere - Reagearje? - Nei boppen
In keninklik paleis…
Nee, dizze foto’s binne net fotosjopt. De foto’s binne orzjineel! Mar wol mei in healwiis ferhaal deroan keppele…
De lampepit yn ús paleis wie stikken. (Sa neame wy ús húske. Kantoar mei ek…) De pit die oars net as flikkerjen, je kamen der nei in besite suver duzelich wei.
Hast dochs noch wol sa’n nije pit, sanien dytst krekt besteld hast. Set dy deryn, sa wie it advys fan de frou. Ach ja, wêrom ek net.
Even útlizze…
By ús enerzyleveransier Vattenfall kinne jo punten sparje. Ik hie aardich wat en se soene ferrinne at ik mei in pear dagen neat besteld hie. Yn sa’n puntenwinkel ha jo alderhande aardige kadootsjes. Hast allegearre spullen dy’t jo stimulearje enerzysunich te wêzen. Hoe aktueel…
Eins siet der neat foar ús tusken. Mar dochs mar wat bestelle, oars wiene de punten wei. Ik bestelde trije pitten dy’t jo mei de telefoan betsjinje koene. Fia de WiFi en mei in spesjale app. In aardichheidsje, sille wy mar sizze. It aardige wie ek noch dat jo de lampen fia de app alderhande kleuren jaan koene.
Giet jimme no in ljocht op?
De pitten stiene noch moai yn de doaskes te wachtsen op in bestimming. Ik hie al ien útprobearre, mar it oan en útskeakeljen mei de telefoan is net echt handich. Want dan komme jo yn de rûmte mei sa’n pit en dan leit de telefoan noch beneden. Lokkich docht hy it ek gewoan mei de skakelaar. Gewoan oan en út, sûnder ljochteffekten. No ja, dat is faaks ek de bedoeling. Dy ljochteffekten binne aardich, mar mei pears ljocht om jo hinne kinne jo net in letter lêze.
Hawar, sa’n pit yn de plee (ekskuzes, it paleis…)
Mar fansels, Hendrik koe it wer net litte… Dat ûnder it Facepoepen ek mar even boartsje mei de ljochteffekten. It duorre dan ek mar even as ik siet hearlik te stinnen yn in roze gloed. En even letter hearlik rêstjouwend de ekskreminten te besjen yn in natuerlike griene waas. En om yn berneboekewike termen te bliuwen: hy wie Gi-ga-groen…
Mar ja, it sil tink ik net de gewoante wurde om de smartphone mei te slepen nei it paleis. Want ik ha him ien kear yn de pot kneppelje litten, mei alle gefolgen dêrfan…
Dy blaue foto is eins wol wer aardich. Dy sil ik as tank mar nei Vattenfall ta stjoere. Mei as byskrift: Us boadskip is dúdlik; sels yn ús paleis is net waarm te krijen en moatte wy tenei blau fan ‘e kjeld op audiïnsje…
Pleatst: 04-10-2022 - 00:10 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2022