Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Goed doel...

Bern fan de fjouwerHoeke út ús buordoarp Hantumhuzen hienen kastanjepopkes makke. Mei in hiele lading fan dizze popkes teagen se lâns de doarren yn Hantumhuzen. De hannelsgeast sit der al jong yn en se ha alle popkes ferkocht. Se ha 34 euro fertsjinne. In moai bedrach!

No ornearren se dat de helte mar nei it sendingsprojekt fan skoalle moast en de oare helte nei it sendingsprojekt fan de sneinsskoalle. Der bleau neat oer om yn harren eigen bûse te stekken.

Soks kin noch by ús yn 'e doarpen. Neat gjin keamerfragen, neat gjin tillefoantsjes nei de plysje mei klachten oer oerlêst. En ek de bus rydt noch gewoan troch it doarp. Hoewol... dat lêste klopt net alhiel, mar dat is net de skuld fan de jongerein dat hat alles mei it belied fan de ferfierder te krijen.

Pleatst: 30-09-2008 / 18:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest?

Nei oanlieding fan myn blog oer de hernia, kamen der in pear aardige reaksjes binnen. Tige tank! Dizze fan Rhonda wie wol hiel treffend:

Hoi Hendrik
O jakkes jong dat is niet echt leuke een uitslag nu moet je toch echt rustig aan doen... Hmm... anders moet je maar bij de duiven boven op het raam zitten te koekeloeren hahaah want ja dat wordt daar al drukke boel daar boven op de ramen...
Een goede zondag verder

Dan ha ik noch in leuk nijtsje foar de lêzers, der sitte no al fjouwer dowen. As it soe wêze moatte dat Akke as Auke hjoed harren jierdei fierd ha...

Pleatst: 28-09-2008 / 21:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn de sylbeage...

Sykje de ferskillen! En dan doel ik net op de susters en ek net op de achtergrûn. It hat mei de oanspanning te krijen. Itselde rydtúch, itselde hynder, mar wat is der oars? De froulju binne der yn elts gefal grutsk op...

De izeren sylbeage oan hawwe...

Pleatst: 28-09-2008 / 21:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

HNP

It wie dúdlik doe't dokter my it byldskerm tadraaide mei de foto's fan de MRI-scan. In hernia. En dat feroarsaket myn rêchklachten. Sels in skoallemaster koe op 'e foto sjen dat it dêr ûnder yn 'e rêch net sit sa as it heart te sitten.

De neurolooch soe my in briefke meijaan foar de operaasje-ôfdieling fan it UMCG. Mar dêr bin ik fuort noch net oan ta! Earst mar ris beprate wat de alternativen binne. It is no net dat ik fuorten'daliks nei Jan Zijlstra ta flean, mar in goed gesprek mei de fysioterapeut is dochs wol winslik.

Moandei wit ik mear en dan sjogge wy ek hoe't wy de kwaal oanpakke sille. Mar dat der wat barre moat is no troch de scan wol dúdlik wurden. As it sa giet as njoggen jier lyn, dan sit dizze man aanst in pear moanne thús en dan wurde alle aktiviteiten op in leech pitsje setten. Dat wurdt ek wat! Dan mar wer elke dei puzelje en de krante fan achteren nei foaren lêze?! Myn kollega sei fan 'e middei: 'Dan begjinst mei in boek, de memoires fan Hendrik van der Heide...'

Dokter woe my de útslach net meijaan. Dat moat mar fia de húsdokter, sa sei hy. Tink derom hjer! Ik soe der ris mei oan 'e haal gean kinne, yn Hichtepunten ôfdrukke as soksawat... Man! Sa'n ferslach kin in oar dochs helpe mei de behanneling? Mar sa wurket dat net yn de sûnenssoarch. Njoggen jier lyn ha se it wol dien, doe moast ik foar it opstjoeren fan it ferslach tekenje. Doe krige de fysioterapy it pas binne doe't dizze man al wer lang better wie. Dêrom ha ik ek mar net langer oantrúnd. Dokter hat it foar my op in lullich briefke skreaun en dêr moatte wy it mar mei dwaan...

No, sa earst mar, oars is it earste haadstik fan de memoires ek al hast klear... En foar dyjingen dy't it mist ha: njoggen jier lyn ha'k ek mei in hernia sitten. Dat siet allinne in nivo heger. Wie moai genêzen, ek dat wie goed op 'e foto te sjen.

Wie it mar safier...

Pleatst: 26-09-2008 / 16:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Akke en Auke...

Witte jimme it noch? Fan Akke de postdo dy't net in postdo wie? No sit Akke noch elke jûn by ús op it raam mar net mear allinne! Akke hat in freon: Auke.

En Auke sit by buorfrou op it rút. Wat ha se it moai, sa tegearre. No mar hoopje dat de rest fan de famylje thúsbliuwt want oars ha wy ruten te min.

Wa soe syn dowetil omhakt ha hjir by ús yn it doarp? Mar ris op ûndersyk út. As de dowehokken binne te djoer, krekt as de huzen by ús yn 'e strjitte...

Pleatst: 23-09-2008 / 21:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Aksje!

Om't ús skoalleplein opknapt wurde moat, ha wy ferline wike allegearre aksjes hâlden. De topper wie wol de goederen- en dienstenveiling op freedtejûn yn it doarpshûs fan Tytsjerk. Tytsjerksters en oare belangstellenden koenen 'goederen' as tsjinsten oanbiede, dy't dan by opbod ferkocht waarden troch in echte feilingmaster. De ferkeap fan sa'n 250 kavels hat likernôch 9200 euro opbrocht!

No moatte wy dat bedrach wol diele mei de oare skoalle, want om it mienskipssin te befoarderjen ha wy mar besluten om de aksje yn gearwurking mei de iepenbiere skoalle te hâlden. Want ek harren plein kin wol in 'update' brûke.

Om ek de bern yn it gehiel te belûken, ha wy op skoalle in merke hâlden. Griente en fruit wie der te keap, bôle en koekjes, der wiene kulturele aktiviteiten en de bern fan groep 5 en 6 dûkten yn it fiere ferline mei in prehistoaryske ruilmarkt dêr't jo allinne mar mei skulpen 'betelje' koenen. En ek de merke wie in sukses, sa'n 250 euro koenen wy oan it pleinbedrach taheakje. Mar dat wie noch net alles, want de bern ha, tegearre mei de kollegaskoalle, freedtemiddei ek noch lege flessen ophelle.

Dat ús plein sjocht der yn 'e takomst út as de Efteling! Sjoch foar in protte foto's op de webside fan ús skoalle.

Pleatst: 22-09-2008 / 22:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Werom yn 'e loft...

In hiele ûndernimming, de reis nei it moaie doarpke Fryske Peallen. Oer de Skieding en dan komme jo as fansels yn dit doarpke telâne. De organisaasje hie der alles oan dien om publyk nei doarpshûs de Dobber te lûken. Dat wie net alhiel slagge, want der sieten sa'n 30 taskôgers yn 'e seal. No makket ús dat neat út, want ek mei in lyts tal minsken kin it hiel gesellich wêze!

En dat wie ek sa dêr yn dat smûke Fryskepealster doarpshûs. Ek de ûntfangst wie tige by tige. Ik wol leauwe dat ik op ien jûn noch nea safolle kroketten hân, boppdat wie ek it 'beppesop' geweldich lekker...

Pleatst: 21-09-2008 / 21:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Soarch...

Skoanmem is woansdei ferstoarn. It wie net ûnferwachts, mar dochs yngripend. No hienen wy in moaie foto fan mem fûn en dy woenen wy graach by de útfeart brûke. Fansels drukke jo dat net ôf op jo 'húsprinterke', dêr moat de nedige soarch oan bestege wurde.

Dat mei in USB-stick nei foto Modern yn Dokkum. En wy kinne neat oars sizze dat wy dêr tige goed holpen binne. Hast unyk, want yn dizze hektyske wrâld wit it measte winkelpersoniel net mear hoe't jo in klant netsjes helpe. Antwurden as: 'As it der net tusken leit, dan ha wy it net mear' binne mear regel as útsûndering. Stel je foar dat der wurk achterwei komt, wy moatte foar seizen al nei hûs...

Mar justermiddei wie it oars en ek tige meilibjend. De foto wie in 'no-time' útprinte en it personiel die alle war om in moaie list mei út te sykjen. Neat wie harren te mâl en alles waard oer de kop helle om it ús nei't sin te meitsjen. Hiel kreas waard de foto yn it útsochte listke dien en fansels mochten wy it omruilje as it net nei't sin wie. De bon wie net nedich om wat oars út te sykjen. En dan ek noch foar in gaadlike priis.

It is hjoed de dei allegearre digitaal mar troch dizze persoanlike oandacht en service ha jo hast wer langstme nei it âlde fotorôltsje...

Pleatst: 13-09-2008 / 15:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

21 Jier lyn...

Pleatst: 08-09-2008 06:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lolke Lûkpûde... (2)

Pleatst: 06-09-2008 / 22:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lolke Lûkpûde...

Hjoed lies ik yn de Ljouwerter in aardich stikje oer it Bokwerder Belang. Fanwege it opnij útjaan fan dizze skittterende ferhalen fan skriuwer Wabe Wisses Rzn. út Bokwerd. Dat wie wer even laitsjen. Foaral troch dat legendaryske Bokwerder taaltsje. In mingeling fan Frysk en Hollânsk. Fanwege dizze nije útjefte is der in priisfraach útskreaun. Wat skriuwt it moaiste ferhaal yn de Bokwerder taal? Ik waard der suver troch ynspirearre...

Nu moet het niet malder worden. Van de week las ik in de plaatselijke courant uit de hoofdplaats alweer een groot verslag van de stadsfeesten wat ons nu toch begint te vernuiveren. Weethoevaak staan de afgelopen dagen grote stukken van deze feestelijkheden in de courant en als we vanwegen onze eigen dorpsfeesten een mooi verslag in de courant hebben willen dan geeft men niet thuis en heeft de redakteur wel weer een verlegje om ons met inmoed geschreven stuk te weigeren. Dat had zijn vader ook niet weten moeten want die is ook maar begonnen als arbeider bij de Parley en die was altijd optein en als hij wat voor je doen kon stond hij altijd vooraan om voor je te schreppen of om je tuin te behemelen. Nee die onverstand achter het bureu had het niet in het hoofd en zet ons mooie verslag in de donderdagcourant...

Lês fierder yn 'Lolke Lûkpûde'

Pleatst: 05-09-2008 / 21:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dei fan de âlderen...

'Rûm Sop is een oude bekende van Stadsdfeesten. Deze stoere mannen uit Hantumhuizen en omgeving hebben een repertoire van bekende liederen. Ze hebben enorm veel plezier in het samen zingen en dat werkt behoorlijk aanstekelijk! Soms treft het publiek het en zijn er tekstboekjes aanwezig zodat meegezongen kan worden. Maar luisteren kan natuurlijk ook...'

Dit stie op de webside fan Stadsfeesten Dokkum. In moaie omskriuwing en it kloppet ek noch. Allinne dat Hantumhuzen stekt in bytsje...

Mar it wie in prachtjûn! Moai publyk, goed songen en foaral ek in moaie grutte ploech Rûm Soppers. Ek de fersoarging wie tige by tige. Kofje mei oranjekoeke en nei it sjongen in hearlik kâld bierke mei lekkere stikjes tsiis en woarst. Guon fan ús koar koenen dêr net ôfbliuwe en ha harren liif rûn iten. Krije thús neat, moatte jo mar rekkenje...

Dizze foto is makke troch pieterdokkum. Op syn side noch mear moaie foto's fan it Dokkumer Stêdsfeest. Tige tank Pieter!

Pleatst: 03-09-2008 / 22:19 oere - Reagearje? - Nei boppen