Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

De prinses en de heks...

Pleatst: 23-09-2015 / 20:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rara...

Wêrom sitte yn alle feeroasters yn it paadsje om de mûne planken? As soe dat gewoan tafal wêze en reint in bygelyks op guon dagen planken...


Men moat de planke net earder sjouwe as dat men him drage kin...

Pleatst: 21-09-2015 / 16:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tok...

Us âldste pake- en beppesizzer hie hiel leaf in boadskip ynsprutsen op ús antwurdapparaat. Tok de Haan wie oanfallen troch harren hûn en no moast Tok wer wat oplape wurde. Tok syn each miste der no ek út, sa die ús pake- en beppesizzer ferslach fan dit nuvere ûngemak. At beppe Tok ek reparearje koe...

Tok is in knuffel fan skoalle en om bar mei Tok mei ien fan de bern in wykein mei nei hûs. Yn it skrift wat derby heart, kinne dan de aventoeren fan Tok opskreaun wurde, en dat wurdt dan moandeis yn 'e kring foarlêzen.

No, dit wurdt wol in hiel frjemd ferhaal fan Tok. Beppe hat him oplape! Alles sit der wer op en oan en it each sit wer teplak. En om it drôvige aventoer no wat fleuriger te meitsjen, hat pake Tok in eachlapke oanmetten. Tok de Piraat!

Pleatst: 20-09-2015 / 18:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

De fontein...(2)

De keunstner oan it wurd...

In moai ferhaal en goed oer neitocht, dat moat earlik sein wurde. Dochs wer hiel oare wurden as yn de oprop út de krante.

As ik de lokale media leauwe moat, dan is it ûntwerp goed en posityf ûntfongen. No is de befolking oan it wurd. Fia de webside fan de gemeente kinne se harren miening kenber meitsje.

Ik sil ek myn sechje dwaan, hoewol ik gjin Dokkumer bin. Nettsjinsteande it goed trochtochte ferhaal, bliuw ik it weismiten jild finen. Boppedat soe der neitocht wurde kinne oer in oar plak, by de Bonifatiuskapel bygelyks.

Oh ja, ik ha ek al in namme foar de fontein: it Jûkelburd. Wurdt ferfolge...

Pleatst: 18-09-2015 / 13:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

De fontein…...

Myn each foel op in oprop yn de Dokkumer krante. Bijzondere fontein voor Dokkum en de mienskip… De minsken út 'e stêd waarden útnûge om oer dit projekt mei te praten. Want yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd yn 2018, is der in stichting yn it libben roppen dy't besiket om yn alle 11 stêden fan Fryslân in fontein te pleatsen.

De keunstners dy't dizze fonteinen ûntwerpe meie, binne keazen út it 'topsegment fan de ynternasjonale kunstwrâld'. De bijzondere ontwerpen en het unieke geheel zetten Friesland tot ver over de grenzen in het licht…

Krije jo dêr no ek pikefel fan…?

Fansels wol ik net alle ideeën yn it ramt fan kulturele haadstêd de grûn yn boarje. En wat my oanbelanget geane de 11 fonteinen troch en kriget elke stêd de wetterbak dy't him takomt. Ik ha mear muoite mei de taal dy't yn dizze oprop brûkt wurdt. It docht wer bliken dat net it keunstfoarwerp op himsels, mar it ferhaal, de oanklaaiïng yn wurden dêromhinne, it wichtichste is.

De artistyk direkteur fan de stichting 11Fountains (Wêrom no wer Ingelsk…) omskriuwt it yn de oprop sa: Het idee voor elf fonteinen ontstond toen ik zag hoe sterk in Friesland het voor deze tijd zo ongelofelijk belangrijke begrip Mienskip leeft…

Oan't safier gjin kommentaar. Hy hat gelyk, mei namme wy yn de lytse doarpen geane der prat op dat wy o sa mei-inoar binne. Mei-inoar eveneminten organisearje, feesten fiere, jûntsjes planne en inoar helpe as it nedich is. Alteast dat ropt in wurd mienskip by my op.

Wat, sa giet de artistyk direkteur fierder (en no komt it) dacht ik, benadrukt beter de mienskip dan in fontein?

No, dat wie no net it earste wat yn my opkaam, in fontein! It earste wat yn my opkaam wie de boppesteande omskriuwing fan ús doarpsmienskip. Oké, ik wol noch wol even fierder tinke: wat benadrukt de mienskip? Mei-inoar wurkje oan in oanpast en ferboud Doarpshûs? Mei-inoar in Startwykein fiere fan tsjerke? Mei-inoar de boarterstún netsjes hâlde? Mei-inoar neitinke oer hoe't wy inoar bystean kinne at it allegearre wat dreger wurdt?

Mar in fontein… No, nee, dêr soe ik no net op sitte te wachtsjen. No ja, by de fontein sitte te wachtsjen op myn ôfspraak…

De betinker fynt dat in fontein in grutte oantrekkingskrêft hat: ze brengen mensen bijelkaar, verliefde paartjes gooien er muntjes in, kinderen worden ernaar toegetrokken… Nim my no net kwea ôf! Muntsjes? Wat binne dat?! Aanst moatte wy alles betelje mei ús mobyl, muntsjes foar it parkearren op de Markt ha wy net mear, wy brûke allegearre de Parkmobiel-app. Ja, fereale steltsjes wolle der noch wol ris hingslotsjes oanhingje, krekt as oan dy brêge yn Parys. Mar ik leau dat dat ek al net mear mei, yn Amsterdam ha se alle slotsjes wer fan de sa'n brêge ôf flekst.

Wy giene eartiids as fereale steltsjes nei de fiver yn it bosk by Aldemardum. Wol wer wetter, dat wol, mar gjin megalomaan projekt. Gewoan groeven yn de krisistiid oan it begjin fan de foarige iuw. En jild yn de fiver goaie? Bisto gek, koene wy gjin iisko mear keapje by Botte Gryt

Hoewol. De fiver wie flak by it bungalowpark it Fonteinbosk…

Kinderen worden ernaar toegetrokken… Ik tink dat harren âlders deadseangsten útstean. Kom by dat wetter wei! Boppedat ferjit de betinker ek noch wat oare eigenskippen fan in fontein der by te neamen. Aan het einde van weer een avondjes gezellig stappen, kan de fontein als urinoir en afvalbak gebruikt worden…

De moaiste sin yn de oprop foar draachflak is wol dy oer de keunstner dy't de fontein ûntwurpen hat. Want, wat was de gedachte, alleen een Nederlander begrijpt ten volle de reikwijdte van Dokkum als plaats waar de algemene én individuele historie af en toe grote dramatische wendingen heeft genomen… Moaie wurden, mar mei alle respekt foar de keunstner, soe sy no wier witte wat him yn Dokkum allegearre ôfspile hat? Ik tink dat sy Dokkum earst opsocht hat op Wikipedia. Af en toe grote en dramatische wendingen… Neam der in pear soe'k sizze. Ja de moard op Bonifatius witte wy allegearre en fierder? Wat wie de betsjutting fan Dokkum noch mear yn de Vaderlandse Geschiedenis? As neamt de keunstner it Kearpunt yn de alvestêdetocht een dramatische wending?

It earste ûntwerp is oerrompeljend, neffens it krantestikje. De kunstenaar heeft een eerste ontwerp gemaakt dat op een overrompelende manier Bonufatius, de Elfstedentocht en de klimaatverandering bijelkaar brengt… Sjogge jo wol, se kinne mar twa dingen betinke. En om der in hjoeddeisk kleurke oan te jaan, ha se de klimaatferoaring der mar yn belutsen. It wurdt aanst sa hjit, dat simmerdeis it boatsjefolk dat Dokkum oandocht, harren deryn badderje kinne…

It mei dúdlik wêze dat ik muoite ha mei soks. Klinkt allegearre prachtich, mar wat ha wy deroan? Tinkt men no wier dat in fontein de siel werombringt yn in mienskip? Ophâlde mei sok healwiis praat. Mienskipssin stypje, prima. Mar lústerje no echt ris nei de Dokkumers. Hoe wolle de ynwenners de mienskip ta úting bringe harren stêd?

Ik mei hoopje dat der in wiis beslút naam wurdt.

Pleatst: 17-09-2015 / 18:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sprekend...!

Pleatst: 15-09-2015 / 17:41 oere - Reagearje? - Nei boppen


13 jier...

Sa waarden wy oankundige yn Warkum. Letters hiene wat grutter kinnen, mar it boerd wie net te missen...

Kultureel sintrum De Klameare, dêr't wy optrede moasten, soe meikoarten in oare lokaasje krije. Takom jier jannewaris soene se ferhúzje nei it nije gebou. Noch in pear optredens syn de âlde Klameare en dan soe it plat smiten wurde, it wie oan ein.

Yn dy âlde gebouwen hinget faaks in hiele moaie sfear, in sfear fan hûnderten optredens, feesten en oare eveneminten. Faaks kinne jo dat ek sjen oan de gebrûkersspoaren, de dûken en bûtsen yn de doarren, de skrassen op de muorre en de plakken op de flier. Yn sokke teaters binne faaks ek de spoaren fan al dy artysten dy't optreden ha yn it gebou werom te finen. Stikkers, nammen yn in balke as, sa as yn dit gefal, de doar of fame...

De doar njonken it poadium, de doar net de trep nei de seal, wie oan de achterkant betimmere mei sêftboard. En dy doar stie fol mei oantinkens oan ferskate optredens. Fansels moast ús namme der ek op! Koe de doar aanst moai mei nei it nije sintrum...

Doe't oan it ein fan 'e jûn it grutte poadiumljocht oandien waard, kamen wy der achter dat wy 13 jier lyn deselde gedachte hân hiene. Wisten wy fuortendaliks hoe lang it lyn wie. Want doe't oan it begjin fan 'e jûn de beheardster frege hoe lang oft it lyn wie dat wy hjir west wiene, moasten wy it antwurd skuldich bliuwe...

Noflik plak mei in freonlike beheardster trouwens, en in prachtich optreden!

Pleatst: 15-09-2015 / 17:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Aardich...

Bygeand filmke kaam ik tsjin op it ynternet. Moai makke troch Henk Aartsma (foto's) en Harpoenmedia!

Pleatst: 11-09-2015 / 11:08 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nea tocht...

Ofrûne wykein moasten wy optrede op in buertfeest yn Drachten. Pleatslik Belang it Súd bestie 70 jier en it like harren wolris aardich om ús út te nûgen... (Is ek aardich fansels ;-)

Se hiene dy deis belle om te sizzen dat de feesttinte wol wat lytser wie dan se tochten en as it no wol koe. Fansels, wy binne hiel wat wûn en wy sjogge hast nearne mear fan op. Mar it wie yndied wat oan de krappe kant, mar it bestjoer hie alle war dien om it ús sa goed mooglik nei it sin te meitsjen. Geweldich!

Ien fan it bestjoer seach wakker brotsk. Krekt as seach hy it feest net sitten, as it wie him allegearre wat te drok west, as it wie sa'n bealch fol wurk, dy oanpassingen foar dat teaterduo, sokssawat. Wy sieten ús ôf te freegjen oft it ús slagje soe om him ek in noflike jûn te besoargjen...

Mar nei ôfrin kaam hy as earste mei trije bierkes yn ús klaairûmte. Hy hie it prachtich fûn, hy komplimintearre ús wakker en sei dat hy nea tocht hie dat it sa leuk wêze soe.

Moai soks...

En it moaiste wie, dat sy it lytse wâldhúske, dat op ús dekôr stiet, herkenden. Dat stiet earne yn de Drachtster Kompenije. Ien fan de opdrachten fan harren jubileumpuzzelrit fan de jûns derfoar wie: Wat staat er op het huisje aan de.... En lit dat no krekt ek ús húske wêze! Se seagen it oan de tekst op it hûs...

Pleatst: 09-09-2015 / 21:45 oere - Reagearje? - Nei boppen