Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

En sa is't......

Pleatst: 20-09-2017 / 15:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lytse letterkes...

In doarpsgenoat hâlde my fan 'e middei oan. Hy soe mei de frou nei Klún & Knoffelhakke sneontejûn, want hy hie it lêzen yn Hichtepunten, ús doarpsblêd.

Mar hy kaam foar in tichte doar... Yn ús doarpshûs wie it stil en der wie neat te beleven.

Doe bin ik hurd wer nei hûs te flein en ik ha de Hichtepunten der by pakt, sa fertelde hy my en dêr stie yn hiele lytse letterkes dat it yn Sense yn Dokkum wie.

Ik sei dat it der oars dúdlik by stie, mar myn doarpsgenoat bewearde dat dat net sa wie. Ja yn hiele lytse letterkes... En om syn bewearing krêft by te setten stode hy de hûs yn en helle it doarpsblêd foar it ljocht. Hy hie wol in bytsje gelyk, mar jo koene wol gewaar wurde dat it net yn Hantum wie.

Sneu...

Wannear komme jimme yn Hantum? sa wie syn folgjende fraach. Mar dêr koe ik net rjocht antwurd op jaan. Wy komme as wy útnoege wurde. Dus moatte jo by de aktiviteitenkommisje fan ús doarpshûs wêze.

Mar mocht is sa wêze dat wy ea yn Hantum komme, dan krigesto twa frijkaartsjes fan my, sa sei ik him ta. Mar dat soe samar noch in pear jier duorje kinne, want it is nuver mar it is krekt oft se ús yn Hantum net mear kenne...

Pleatst: 19-09-2017 / 16:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Premiêre...

Man, wat wie dat in prachtige jûn. In geweldige sfear en in bomfolle seal. De premiêre stie noch even faai, want der wie dy middeis in wolkbreuk yn Dokkum, it wetter kaam sels it teater yn (sjoch mar op de foto...) en de wc's woene net mear trochspiele. Mar alles is wer ynoarder kaam!

Soe wer krekt wat wêze... Fanwege de spielende rein en de net trochspielende húskes, giet de foarstelling fan Klún & Knoffelhakke net troch...

It wie mei rjocht in geweldige start fan ús achtste programma. En, ek net ûnbelangryk, it programma waard tige goed ûntfongen. Lês hjir de resinsje út de Dockumer Courant en sjoch op ús Facebookside foar noch mear foto's en reaksjes.

Je wurde der suver wat stil fan... ;-)


Sitte jimme der ek tusken? Klik hjir foar in fergrutting...

Ek de muzyk fan Klaske Ferwerda, Klaas Sjoerd Steegstra en Sieberein Schaaf foel tige yn 'e smaak. Sy soargen foar in hiele moaie en gemoedlike sfear yn it skoft en nei ús optreden. Ek dat wie in boppeslach!

Pleatst: 18-09-2017 / 22:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Filmke...

De foarige moanne eindigden wy mei in filmke en litte wy dêr dan dizze moanne ek mar mei begjinne. Mar gjin rêst! Alhiel net! It wurdt in wichtige moanne foar ús teaterduo. Want programma 8 giet yn premiêre...

Pleatst: 14-09-2017 / 16:09 oere - Reagearje? - Nei boppen