Hielendal nei Vinkeveen…
Mono? Wat is Rij Mono…? Dat lies ik foar doe’t wy op de wit-ik-hoefolle banen fan de A1 rieden. Wy wiene ûnderweis nei de Vinkeveense plassen…
Myn reisgesellen wiene slop. Hendrik, út hokfoar wrâld komsto? Tsja, sa antwurdde ik, út it noarden fan Fryslân en dêr betelje wy noch mei kralen en spegeltsjes. Al dy ferskate rydstroken griisden my oan en ik wie bliid dat wy tusken Hantum en Dokkum mar 60 ride meie en dan ek noch net in tsjinlizzer temjitte komme..
It betsjut gewoan: gjin mobyl ûnder it riden en soks sette se op de grutte matrixboerden dy’t boppe de dyk hingje. Ik soe sizze yn al dat ferkear op safolle stroken ha jo net iens tiid om op jo mobyl te sjen.
Mar dat wie fansels praat fan in ynboarling…
Lokkich koe ús jierlikse freonedei dit jier wer trochgean. Nei in jier útstel koene wy no einliks op reis nei Camping de 80 Morgen by de Vinkeveense plassen dêr’t ien fan ús freonen in chalet hie oan it wetter. En jimme witte, ús freonedei moat hast altiten wat mei wetter te krijen ha.
Omdat it fanút it noarden in hiele reis is, hie ik mei ien fan myn Gaasterlânske freonen ôfpraat dat wy meielkoar ride soene. Ik soe myn auto yn Wikel delsette en dan soene wy sa tegearre nei it suden reizgje. Mar lokkich kaam der noch in tredden by, want in oare freon hie ek frege at hy meiride koe. Dat sa mei syn trijen yn de Golf Plus soene wy dy dei hiel wat CO2 útstjit foarkomme.
It waard in noflike reis, mei besteklik praat. Mar op de earder neamde A1 moasten jo de kop der wol byhâlde. Ek om’t der fansels wer in rûte ôfsletten wie en Tom ús in hiele oare kant útstjoerde. Mar moai op ‘e tiid wienen wy, as ien fan de earsten, yn restaurant de Goede Morgen op Camping de 80 Morgen.
Nuvere nammen…
No ja, chalet… it wie mear in sta-karavan sûnder tsjillen mei in grutte skodoar nei it wetter. Mar ik tink dat se it in chalet neamden om’t se oars benaud binne dat de kampingeigners harren de hier opsizze om’t se de gewoane man net mear op harren kamping ha wolle…
It wie in prachtich plakje en al gau leine de earsten fan ús yn it wetter. Net om’t se net útseagen, mar omdat dat ien fan de aktiviteiten wie dy’t wy dy deis dwaan koene: swimme, fytse, kuierje as suppe. En dat lêste is skommeljend peddelje op in surfplanke sûnder seil. Dy planken koene jo brûke fan de kamping en ien fan myn freonen hie fêst in hiel stel fan dizze planken klear lein.
Mar ja, jo binne gjin 20 mear! Hoewol guon fan ús harren dêr neat fan oanlûke...
Sels seach ik it hielendal net sitten om yn it wetter te dûken, mei safolle elektroanika yn de earen moat der perfoarst gjin wetter oan te pas komme. Boppedat soe it ek gjin gesicht wêze at dizze 60-plusser yn in Zeeman-swimbroek tefoarskyn komme soe. Mei syn blanke fel, mei hjir en dêr wat brune farianten sa as holle en ûnderfuotten. Hoewol dat brune ek wer moai aksintuerre waard troch blauwe spotier-banen. Nee, dizze man hat de klean oanhâlden.
Mar sa as ik sei, guon fan ús lutsen harren fan dizze leeftiidsbeheiningen neat oan en mâltjirgen yn it wetter om as wiene se yn harren twadde jeugd yn de omjouwing fan de Slettemermar…
Ien fan ús woe sa graach suppe, dat hy der wol wiete klean foar oer hie. Hy hat leau’k mar in kertier rjochtop stien, hy wie mear oan it plonsen en sparteljen dan oan it peddeljen. Hearden jo in plons, dan wisten jo it, poging 75…
Wy binne mar te fytsen gien. Myn 2 reisgesellen hiene de fytsen achter op de Golf meinaam en ik mocht de fyts fan de gastfrou brûke. In elektryske, dat ek noch! Man, man ik kaam no wol echt yn de moderne wrâld telâne. Yn Hantum fytse wy om op in fyts fan sa’n 30 jier âld en dan ek noch mei in foaroarlochs bernesitsje oan it stjoer. Guon doarpsgenoaten tinke faaks dat der noch in pop op komst is en dat wy it sitsje fêst op ‘e fyts dien ha. Se neame ús yn Hantum dan ek al Abraham en Sara…
Us gastfrou advisearre ús foaral om ek oer de Braambrugse Zuwe te fytsen. Want dêr wennen de Rich and Famous… No, wy soene noch wol sjen, earst mar de polder yn.
It waard in prachtige tocht yn in bysûndere omjouwing. In oer-Hollânsk lânskip, soene de brochures wol roppe. Moaie kronkeldykjes oer de ringdiken fan de Finkefeanster polders ûnder de reek fan Amsterdam dat wy yn de fierte lizzen sjen koene.
Ik moast wol even wenne oan it tal hurdfytsers dy’t jo tsjinkamen en ynhellen. Komme jo yn ús omjouwing, at it treft, mar ien op in dei tsjin, hjir wie it om ‘e minuut raak. Tingeling (at se dat al diene) en joets… wer in pear helmen foarby. Lokkich hie myn freon goeie earen en koe hy my op ‘e tiid warskôgje foar wer in peloton.
Oan it ein fan de Braamse Zuwe ha wy noch even noflik op in terras sitten mei in lekker kâld bierke. Even neiprate oer safolle nuvere wenten en bousels oan de dyk fan Rich and Famous. Hege muorren, tichte stekken, oeral kamera’s dikke auto’s op de oprit en swimbaden yn ‘e tún.
Spitich dat der gjin ynfoboerden by harren opritten stiene. Want fansels wiene jo nijsgjirrich. Wa fan de BN-ers soe hjir no wer wenje? Miskien in tip foar it VVV, QR-koades oan de hamaaiepeallen. Soks dogge se by âlde mûnen ek. Wy ornearren dat de boat dy’t wy fanôf it terras lizzen sjen koene wol fan Syb van der Ploeg wêze soe, want dy hjitte de Nije Dei. Mar Syb wennet yn Kubaard, leau’k. En dy strjitte sil wol Skoallestrjitte hjitte…
Hawar, wat dom praat heart der op sa’n freonedei by.
Nei’t alle aktiviteiten plak fûn hiene, waard dizze prachtige en sinnige dei ôfsluten mei in hearlik buffet mei frisse salades, ferskate soarten bôle en hearlike fisk. Dy fisk wie troch ien fan ús freonen meinaam en hie hy thús fêst rikke.
Nei’t wy de lêste nijtsjes útwiksele hiene, wie it tiid om wer op nei it noarden te gean. Bist ek noch lang net thús, sa sei myn buorman. Nee, fanôf Wikel noch in oere yn ús Golf Millenium. En nei’t wy fan elk koronaproof ôfskied naam hiene en de fytsen wer achter op de auto stiene, naam de weromreis mei fleur in oanfang. En as jo tochten dat it yn ‘e jûn minder drok is yn dy omjouwing, dan ha jo it mis. It raast oere-oan-oere troch. En dan ek noch MoNo meie wy hoopje.
Wy wiene samar yn Wikel. Want de weromreis wie noflik, mei hearlike ferhalen fan froeger. Witst noch wol…? Dochs in grut foardiel as jo yn selskip reizgje.
It lêste oere siet ik wer allinne yn ‘e auto. Om’t it nei sânen wie, mochten wy wer 130 jeie oer de A7. Mar nettsjinsteande in hegere snelheid as de hinnereis, koe ik myn gedachten moai gean litte. Want hoe soene de gasten fan kamping de Terp yn de Lytsje Jouwer it fine at dizze kamping oan de A2 lizze soe? Dat se dan de hiel dei it rûzjen fan de auto’s heare soene en dat der om it de 5 minuten in fleantúch fan en nei Skiphol oerfleane soe op sa’n hichte dat jo de letters op ‘e romp lêze kinne? Ik tink dat de kamping dan leech bliuwe soe. Want dat is just de sjarme fan ús omjouwing. Romte en rêst mei ien hurdfytser op in dei.
De kralen ha’k mar wer yn de glêzen pot dien en de spegeltsjes hie’k hjoed ek net nedich. Lokkich kinne jo op it terras fan de Plashoeve ek mei de telefoan betelje. Moarn mar wer in slach it Leech om. Net ien tsjinkomme en de QR-koade by de Hantumer mûne foar de safolste kear skenne en ús doarpsgenoaten groetsje en goeiendach sizze tsjin dy inkelde toerist…
Pleatst: 24-09-2021 - 11:36 oere - Reagearje? - Nei boppen
Kom mar mei…!
Ien fan ús pake-en beppesizzers mocht mei in klasgenoatsje in filmke presintearje; it promoasjefilmke fan ús pleatslike basisskoalle. En wa fan dy twa is no de pakesizzer? Litte wy mar sizze dat se krekt as Feike in bril op hat…
Pleatst: 17-09-2021 - 17:08 oere - Reagearje? - Nei boppen
Oan alles komt in ein…
Ik ha der al ris faker oer skreaun, mar fan ‘e wike wie it safier. Nei sa’n 89 jier is der definityf in ein kaam oan ús famyljebedriuw yn Balk.
It is eins krekt sa as Wieberen Elverdink beskriuwt yn syn kollum yn it wykblêd Meer fan 28 augustus… Treffender soe ik it net omskriuwe kinne…
2021
Pleatst: 10-09-2021 - 11:43 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2021