Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Hoe is't?

Buorman kaam fan 'e wike thús mei syn ûnbidich grutte karavan. Dan is it altyd panyk yn 'e strjitte, want wêr set buorman dizze wenwein del? Hy mei him oeral graach delsette, behalve by himsels op 'e oprit, hoewol hy dêr skoan past. It fêste plakje wie beset en dêrom hie buorman him wer in hiel moai plakje jûn...

Om't wy harren al in hiel skoft net sjoen hienen, makke Wilma út fatsoen even in lyts praatsje. Buorman fertelde dat sy trije wiken yn Spanje sitten hienen. Wêrfan twa wiken mei striemin waar! Doe't se wer nei Nederlân ta teagen, waard it hjir min waar en yn Spanje begûn de sinne te skinen. Wilma sei al tsjin him: 'Je had beter in Spanje kunnen blijven...' At no it waar as de karavan de achtergûn wie foar dizze fraach, litte wy mar oan de fantasy fan de lêzer oer.

Wy ha in moai protte kaarten krigen foar us pearlen dei. Dat hienen wy net ferwachte. Alle lêzers dy't de muoite naam ha om hjir op ien as d' oare wize oandacht oan te jaan: tige tank! In moai begjin fan ús maaiefakânsje...

Pleatst: 29-04-2009 / 20:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pearel...

Wy fiere hjoed ús pearlen houliksfeest. Mar om it foar elkenien wat makliker te meitsjen, binne wy der justermiddei op út west. Fansels nei Gaasterlân, want dêr ha wy 30 jier ferlyn ús houliksfeest ek fierd. Omdat de seal fan 30 jier ferlyn net sa woe as wy it woenen, binne wy yn Hotel Jans telâne kaam.

It prachtige lokaasje mei gastfrije minsken en hearlik iten! Wy ha fan dit prachtige feest it tal foto's makke. Foar famylje binne dizze foto's te besjen yn it fotoalbum dy't mei de koade te iepenjen is. Understeande foto is wol hiel bysûnder, want dat wie in nuveraardich teekopke dêr't wy mei in stokje it teepûdsje yn hingje litte moasten. As soe it dochs earne oars foar brûkt wurde moatte, wy koenen der net alhiel achter komme. Mar de tee wie hearlik!

Pleatst: 27-04-2009 / 13:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

DTL - KCT

In pear wiken ferlyn sei in jonkje út myn klasse tsjin my: 'Meester, we moeten 4 april in Hantum korfballen, komt meester ook?' Fansels, sa faak bart dat net en ik sei him ta dat ik dan komme soe te oanmoedigjen.

Mar doe't ik yn Hichtepunten in programma fan DTL beseach, seach ik dat de Tytsjerksters net op 4 april, mar op 25 april komme soenen. It jonkje út myn klasse hie in fersin makke.

Dy moandeis nei 4 april sei ik dan ek tsjin him: 'Nou, je wordt bedankt, daar stond ik dan met mijn mooie gele pruik, mijn groen gele shirtje op het sportveld, maar al wie er kwamen jullie niet!' Seit hy hiel ferheard: 'Hee meester, zulke kleuren hebben wij ook...' Mar hawar, hy moast bekenne dat it in fersin wie en dat it 25 april wêze soe!

Hjoed wie it safier. Om tsien oere stie dizze supporter op it sportfjild de tsjinstanner oan te moedigjen. Wol wat nuver... Ik kom al noait by it kuorkebaljen te sjen en as ik dan kom, dan stean ik ek noch foar de tsjinpartij te juichen at hy troch de koer giet. De doarpsgenoaten kinne my dan wol wat dwaan! Lokkich begripe se de situaasje en se glimkje dan ek mar wat. Ach, lit him mar, foar dy iene kear yn 't jier dat hy hjir komt...

Ik hie it fototastel ek mei en ik ha in pear plaatsjes sketten. As it goed is, moatte alle Tytsjerksters der op stean. It sil wol even konfrontearjend wêze foar myn doarpsgenoaten dy't dizze side regelmjittich lêze. Harren soe ik dan ek oanriede wolle om net op de folgjende link te klikken...
DTL - KCT: 2-4

Pleatst: 25-04-2009 / 13:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Der wie ris...

Wat in aparte foto net?! Dizze foto hat alles te krijen mei de toanieljûn dy't wy justerjûn hâlden ha. Alle groepen moasten in lyts toanielstikje opfiere dat te krijen hie mei sprookjes. Mearkes, om it mar yn geef Frysk te sizzen...

It wie in moaie jûn yn it doarpshûs fan Tytsjerk. In protte âlders en noflike bern. Wa't nijsgjirrich is nei mear foto's, gean dan nei de side fan ús skoalle.

Pleatst: 24-04-2009 / 19:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wurksjops...

Hjoed binne wy mei 11 kollega's net ta Ede west. Nei kongressintrum de Reehorst. Op dit kongres stie it kompjûtergebrûk yn it ûnderwiis sintraal. Om't wy net mei de trein woenen, ha wy twa buskes hierd. My waard frege oft ik ien fan dy buskes bestjoere woe. Gjin probleem mar op ien betinkst, it moast in VW wêze!

Fansels wie dat mar gekheid, mar ik wie bliid ferrast, dat der fan 'e moarn in T5 foar my klear stie! 'Ha 'k spesjaal foar dy regele', sa sei ús kontaktpersoan. Prachtich! Hearlik en noflik nei Ede ta ride, de dei koe al net mear stikken.

De keynote-sprekker (sa hjit in ynlieder hjoed de dei...) wie prachtich! En neffes Adjiedj Bakas stiet ús noch hiel wat te wachtsjen. Mar de worksjops wienen mar dreech en dy brochten net safolle nijs. No ja, oaren hienen wer oare wurksjops folge en sa meielkoar ha wy der as skoallen wer hiel wat ynspiraasje opdien. Oh ja, it iten wie wer super! (Mar dat mei ek wol foar sa'n tagongspriis...)

De jûns hiene wy yn Easternijtsjerk noch in wurksjop. Dat hie neat mei boppesteand kongres te krijen, mar it wie wol hiel moai, dúdlik en nijsgjirrich. En eins wie dit de moaiste wurksjop fan de hiele dei! Dizze wurksjop krige it sifer acht, wyltst de oaren yn trochsneed in sân krigen ha. Want ek dat is modern, nei ôfrin in evaluaasjeformulier ynfolje...

Pleatst: 20-04-2009 / 22:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hjoed...

Witte jimme it noch? De taakstraf dy't ik krigen hie fanwege it misbrûken van foto's fan twa fan ús koarleden? (Sjoch it weblog fan 25 febrewaris en fan 17 maart) Hjoed wie it safier en moast ik my melde om 09:00 oere...

Mar al wa't der wienen, ús twa advokaten net! Lokkich waard ik kreas ûntfongen troch harren sekretaresse en stie der in bakje kofje foar my klear, mar de hearen juristen moasten yn sân hasten opbelle wurde.

It waard in noflik oerke! En fansels moast ik harren boat fan boppe nei ûnderen besjen. Hiel kreas en smûk. Mar dochs koe ik net ûnder de straf út! De boat moast nei bûten riden wurde en ik moast mei in rôler en in bakje ferve de hiele ûnderkant yn de ûnderwetterferve sette. It is slagge, mar freegje net hoe.

No moat it boatsje noch in namme ha en om't ik it fermoeden ha dat de boat mear oan wâl lizze sil dan op 'e Lauwersmar, soe ik kieze foar De twee gebroeders (voor) Anker...

Klik hjir foar mear foto's.

Pleatst: 18-04-2009 / 16:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Freed...

Freed moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede op in brulloft yn Kollumersweach. Tige noflik en wer âlderwetsk ûntfongen! 's Nachts noch oanhâlden foar de blaasproef...

Pleatst: 18-04-2009 / 16:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tongersdei...

Op tongersdei hienen wy in prachtige ekskursy mei de bern fan myn klasse nei Omrop Fryslân. Wy waarden tige freonlik ûntfongen en mochten it hiele gebou besjen. Wy sieten op in stuit sels yn de útsjoering. De bern mochten om de beurt op de knopkes fan de jingles drukke by it radiospultsje Tink Flink. Dat mochten jimme tongersdeitemiddei by it harkjen nei de radio wat ûngewoans heard ha, dat soe dat sa mar ús skuld wêze kinne...

De stim fan Bear Boeloe kamen wy ek noch tsjin. Mar spitigernôch binne se yn Tytsjerk net sa Frysksinnich, dat de bern seagen wat fearheard doe't se dy aardige man 'lekker sliepe' brommen hearden...

Pleatst: 18-04-2009 / 16:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tiisdei...

Op tiisdeitejûn ha wy ús fotofreon Geurt besocht. Hy wennet mei syn freondinne yn Surhústerfean en sil meikoarten trouwe. En om't hy altyd fergees foto's makket fan ús optredens, woenen wy ek wolris wat werom dwaan. Yn in e-mail wienen wy it folgjende ôfpraat (en dat wie ik allang wer fergetten) want it wie yn 2006 doe't wy ûndersteande e-mailwiksel hienen...

Geurt,
Vannacht natuurlijk gelijk even de foto's bekeken. (Het was weer gezellig - en laat - in de Loane...) Het zijn geweldige foto's geworden. Heel mooi close-up en daar hebben we niet zoveel van! Hartelijk dank! Daar hebben we het helemaal niet over gehad, maar moeten we jou daar ook een vergoeding voor geven?! Je doet het toch altijd maar weer pro-deo en we hebben er best iets voor over!

Hendrik,
Mijn vriendin had een strak plan; mocht er ooit eens een huwelijk komen, of jullie dan komen optreden?. Zij heeft jullie optreden ook meegemaakt (komt uit Zeeland, en woont nu bij mij in Boelenslaan en we hopen in mei in Surhuisterveen) en kon bepaalde echte friese grappen niet volgen, maar de rest dus wel. Met de groeten van Geurt

Beste Geurt,
Dank voor je rectie. De nieuwbouw van jullie huis heb ik al even bekeken op jullie website. Ziet er goed uit! En... als er een feestje gepland wordt, bel maar. Dan komen wij de boel op stelten zetten... :-))

1 Maaie o.s. is it safier! Fandêr dat wy it feest even trochprate moasten...

Pleatst: 18-04-2009 / 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Heero...

Us neefke is gek fan SC Heerenveen. Hjoed wie dan ek in grutte dei foar him, want hy mocht mei nei de wedstiid fan 't Fean tsjin Volendam. En omdat der in kaartsje oer wie, mocht ik ek achteryn de Audi mei nei it Fryske Haagje. It is dan moai dat jo relaasjes hawwe dy't oer in spesjaal plakje yn in stadion beskikke. As wiere VIP's sieten wy dan ek hearlik ûntspannen nei de wedstriid te sjen. It fuotbal koe better en it wie in nipte oerwinning, mar it wie in prachtige middei! Mieneke en Marten Remko, tige tank!
Klik hjir foar in fotoferslach.

Pleatst: 12-04-2009 / 21:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Peaskekluskes... (2)

Mar it resultaat mei der wêze! It hat in pear switdruppels koste, want fansels kloppe de de beskriuwing net.

Tink ik...

Mar de doar is stevich en hâldt tenei de hiele miggeklyk tsjin!

Alle bytsjes helpe, sei de man en hy friet in mich op...

Pleatst: 11-04-2009 /19:29 - Reagearje? - Nei boppen

Peaskekluskes...

It is hast net te leawen, mar ús gers is meand! Dêrmei wie ik de earste op ús buert... No ja, earst, dat kin hast net, der is fêst ien dy't in moanne lyn syn foartún al meand hat. Mar afijn, sa as ferline jier hoecht it net mear, doe moast buorman der mei de seine trochhinne .

Mei sok moai peaskewaar binne der allegearre kluskes te dwaan: auto troch de Wasbeer, auto útsûgje (ja jimme lêze it goed...) en om in hordoar út. Wy ferwachtsje in bulte miggen mei dizze waarme sinnestrielen en dan moatte jo der klear foar wêze, ek al is it noch mar peaske.

By Karwei wie hast net ien mear. It karweifolk wie de boel al oan it oprêden. Ik miende dat se oan't njoggen oere iepen wienen. Mar fanwege goed freed dienen se om seis oere de doarren al ticht. Man, wat in kar. Djoere doarren, roldoarren, basicdoarren, plusdoarren, lameldoarren. Ik hoegde mar in gewoane simpele doar, ien dy't miggen tsjin hâldt!

De goedkeapste ha ik útsocht. En mei in hiele grutte doaze teach ik nei de kassa. Hoeden om my hinne sjen, want ik mocht fansels gjin modern karwei-guod omstjitte. Lokkich ha wy in bus, dat de hordoaze kaam yn goeie steat yn Hantum oan. Seach ik ek noch dat ien fan de autoljochten stikken wie. En dan moatte jo neffes de hantlieding nei it 'servicecentrum' wat it tichtste by is. Sels dwaan is der net mear by. Foar ien dy't yn in garaazje grut wurden is, is dat praat fan neat fansels. De motorkap stie dan ek al gau iepen.

Moast miene dat ik dat foarelkoar krije koe! It woe mar net, ik koe de lampe der net útkrije. Ik wy by steat en gie yndie nei dat 'servicepunt' mar dan wie ynternet der ek noch! Even googleje, en it soe sa foarelkoar wêze. Mar it wie net te finen. Binne der op 'e hiele wrâld gjin mear minsken dy't de pit fan de koplampe der net útkrije kinne? Dan moast ik wol hiel ûnnoazel wêze...

En dat wie ek sa. Want doe 't ik it nochris besocht, wie it samar klear. Sjonge, wat is it libben dan ienfâldich...Moarn de doar mar ynelkoar skroeve. Soe'k dan ek googleje moatte? Om't it net slagget? Neffes de doaze sit der in 'duidelijke montagehandleiding' by.

Wy hâlde jimme op 'e hichte...

Pleatst: 10-04-2009 / 19:50 - Reagearje? - Nei boppen

Ald wiif...

Dat wie in goed idee! In Peaskewurkshop hâlde. Tegearre mei in kollegaskoalle út it buordoarp. Wer ris wat oars as ynspeksjebesite, âlderjûnen as de 'luis in de pels' mei syn klompkes yn it spul...

Om likernôch healwei achten kaam Wil, de wurkshopliedster mei in auto fol deade tûken, fioeltsjes, kronkeltûken, blombollen, izertried, oase, sateeprikkers en oar kreatyf guod de skoalle ynsetten. Wie sieten der hielendal klear foar.

Om't it ûnderwiis al sa'n frouljusklup oan it wurden is, hienen ús direkteur en ik, sei de gek, harren opjûn foar dizze wurkshop. Sa eas sein: wer ris wat oars. Wy ha ús tige fermakke! De hiele jûn oan it nifeljen, oasekneden en oan it blêdste-op-in-izertried-setten west. Ik sei thús dat wy healwei tsienen wol wer klear wienen, mar pas om alve oere kaam ik mei in moaie griene Peaskekreaasje thús.

Alteast ik fûn it moai...

Doe't de jongste soan en syn freondinne lâns kamen om harren hûntsje nei in jierdeisfeestje wer op te heljen, spuide hy raar guod. Syn heit oan it blomkenifeljen? 'Ald wiif...!,' wie it ienichste wat hy útbringe koe. Lokkich hie syn freondinne mear each foar de kwaliteit fan dit stikje want neffes har soe dit yn 'e winkel samar 20 euro jilde moatte.

klik hjir foar foto's fan de jûn en it resultaat.

Pleatst: 07-04-2009 / 20:37 - Reagearje? - Nei boppen

1 Aprilgrappen...

Lokkich foel it juster wat ta. Gjin frjemde grappen, gjin losse fiters en gjin smoarge plakken op 'e jas. As it soenen dizze twa losse briefkes wêze moatte dy 't ik juster respektivelik op myn buro en achter de rutewiskers fûn.

Pleatst: 02-04-2009 / 21:18 oere - Reagearje? - Nei boppen