It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Aldjier... It lêste berjocht fan dit jier. It is krekt oft moat der yn it âlde jier noch fan alles regele wurde... Sa soenen wy de 'RedBull' even oanslingerje, want ús âld golfke stiet al mear dan in wike stil. En sa as Wilma seit: Wy moatte der net mei wachtsje oan't moandei...' En dat wie mar goed ek, want starte woe ús âldsje wol, mar net oanslaan. Startkabels noch besykje, mar rinne ho mar. It die ek bliken, dat der in buis stikken wie. Dy hong der mar wat by. No witte wy net oft dat fan ynfloed is op it oanslaan, mar it heart net sa. Ik ha noch besocht it wat te reparearjen, mar de buis wie gear en der kamen oars net as gatten yn. Boppedat hie 'k myn knappe klean oan en út it ferline wei wist ik hoe gefaarlik dit wêze kin... Woansdei mar om in nije buis út en dan de RedBull noch mar ris op gong probearje te helpen. Wy gean rjochting Gaasterlân, want dêr binne de fjoerpylken moaier en de oaljekoeken lekkerder... Alle lêzers in noflike jierwiksel tawinske en lês, as in soarte fan jieroersjoch, noch mar ris it argyf fan 2006 troch, want mei yngong fan 2008 sil dat fan dizze side ferdwine...
Pleatst: 31-12-2007 / 15:58 oere - Reagearje? - Nei boppen
De reuny... Juster wienen in âld kollega fan ús en har man 50 jier troud. Se hâlden in resepsje yn it Bowlingsintrum. Fansels wie de advertinsje yn 'e krante Wilma net ûntkaam, dat wy dêr mei in grut blomstik hinne om harren te lokwinskjen mei dit bysûndere jubileum. It aardige wie, dat al ús doetiidse kollega's der ek wienen. It wie suver in soarte fan reuny. En as jo dan sa even byprate, dan docht bliken dat der yn, litte wy sizze 6 jier, hiel wat barre en feroarje kin. Mar it wie moai dat wy elkoar sa noch even troffen. Us âld direkteur wie twa dagen foar himsels begûn en hy woe perfoast dat wy de ynternetside fan syn 'bedriuw' even opsykje soenen. Dat ha wy dien fansels. De side sjocht der hiel professioneel út. No mar hoopje dat syn bedriuw noch better begjint te rinnen! En foar de nijsgjirrigen: bygeande foto is fan 1992. En wa op de foto soe juster no 50 jier troud wêze??
Pleatst: 30-12-2007 / 18:03 oere - Reagearje? - Nei boppen
Bontekoeken... Konteboe, sei myn âld kollega altyd. Hy koe ien mei dizze achternamme en altyd wer makke hy ditselde wurdgrapke. Wy binne fan 'e middei nei de film 'De scheepsjongens van Bontekoe' west. Yn Ljouwert. Al om healwei twaen want Wilma moast fan 'e jûn te mennen. Wy ha ús tige fermakke! In prachtige film, mei moaie bylden. Dêrnei binne wy noch even Ljouwert yn west, want wy hienen noch wat kleanboel nedich. Wy binne slagge by V&D. Dat wie in skoft lyn dat wy by V&D op 'e roltrep west binne! Wol hast 15 jier leau'k. Neffes my wie it dêr noch gjin sprút feroare, want yn myn beleving stie alles noch op itselde plak. Op 'e weromreis noch even in patatsje en wy wienen wer klear foar de jûn.
No seach ik op Omrop Fryslân, dat Everts syn oaljekoeken tige leech eindige binne yn de AD-oaljekoeketest. Dat fine wy sneu foar Sjoerd, want dizze 'Onbetwist(e) Oliebollen Specialist' hat in spesjaal plakje yn ús oaljekoeke-bestân. Everts is wars fan alle kommersy, docht net mei oan de nijste moadegrillen en hat mar in ienfâldich kreamke. Boppedat is Sjoerd Everts net te beroerd en komt mei syn kreamke even del by bygelyks it Winterfeest op it skoalplein by de fjouwerHoeke krekt foar de krystfakânsje. En him dan sa ôfkreakje. Dat slacht eins nearne op, want elk hat hearlik iten fan syn oaljekoeken. En ek dat kommentaar op Waldnet roait nearne nei. Dan doart it folk wol, ûnder in oare namme raar guod spuie... Mar foar ús is Everts nûmer ien!
Pleatst: 28-12-2007 / 22:04 oere - Reagearje? - Nei boppen
Fakânsje... Wy binne de beide krystdagen goed trochkaam. Hearlik rêstich mei in protte famyljebesite. De krystdrokte is no achter de rêch en no kinne wy ús dwaande hâlde mei oare saken. Lústerje nei de Vrije Piraten bygelyks. Eins wol ik nei de Top 2000 harkje, mar sadra't guon binnen komme giet de stjoerder wer rjochting de marathon fan dizze amateursjoerders. Heart ek in bytsje by dizze dagen. Al jierren âlje de piratenûmers troch de keuken rûn de krystdagen. Hat ek wol wat. En dan foaral de fersykjes dy't live yn de útsjoering dien wurde. Fansels ha de harkers de radio thús fierstente lûd en galmet harren stim as yn in echoput troch de lûdsprekkers. Steefêst beginne se harren fersyk mei: 'Even in plaatjse?' De Vrije Piraten sille der trouwens wol oan leauwe moatte, want fan 'e jûn seagen wy in ôflevering fan Top 2000 à Gogo en dat wie ien brok nostalgy! Foaral dat stikje fan Mike Oldfield spruts tige oan... En tuskentroch ha wy ek noch de puzzel fan de Riepe oplost. Dat is nochris in puzzel! Echt djip grave, sleutelje, pasje en probearje. Soks ha wy it leafst. Jûn noch even nei Lebbis sjen en sa sokkebolje wy de fakânsje wat troch...
Pleatst: 27-12-2007 / 21:23 oere - Reagearje? - Nei boppen
Krystboadskip?
Pleatst: 25-12-2007 / 13:00 oere - Reagearje? - Nei boppen
Dit wie sa'n dei...
Pleatst: 24-12-2007 / 17:23 oere - Reagearje? - Nei boppen
Aardich?? Stel dy boel ris wat better ôf! It sâlt spatte hast oan de ruten ta... Mar wer op nei de Wasbeer.
Pleatst: 23-12-2007 / 11:06 oere - Reagearje? - Nei boppen
Winterwille... De iisklup sil wol tocht ha, it iis stiet der oan te kommen, de doarpsgenoaten binne no yn de stimming, wy sille sjen oft wy de sinten binnen krije... Sadwaande kaam in bestjoerslid sneontemiddei lâns mei de kwitânsje foar de iisbaan. No steane wy altyd foaroan as de baan iepen giet, fandêr dat wy famylje-lid binne. Dat leauwe jimme fansels wol, oan ús gesinsleden binne wier gjin Sven Kramers ferlern gien! Dochs gie sneontemoarn betiid de tillefoan. Oft de iisbaan yn Hantum al iepen wie! Guon woenen graach ride! Wa soe dat no wêze fan ús famylje? Tip: sy wenje yn Ternaard... Mar neffes it bestjoerslid dy 't lâns kaam foar de sinten, wienen se troch it iis fan de baan sakke, dat ik koe spitigernôch noch net. Doe 't ik de kwitânsje wat better beseach, seach ik dat der mear binne dy't 'ferfelende' putsjes wolris útstelle...
Pleatst: 23-12-2007 / 11:05 oere - Reagearje? - Nei boppen
In spannend ferhaal... Wy ha op skoalle in prachtich sfearfol Krystfeest hân. (Op de side fan ús skoalle mear foto's fan dit feest.) Fansels heart dêr in ferhaal by. Us kollega die dat o sa moai mei moaie plaatsjes yn in PowerPoint-presintaasje. Mar as jo dizze foto sa sjogge, dan hienen de oare kollega's der mar muoite mei om it ferhaal te folgjen. Dat is pas tafal! As soe it dochs...?? Ek de skriuwer fan dizze side hat syn bydrage levere oan it feest. Doe is der gjin foto makke fan de oare kollega's, want dy stienen allegearre op 'e gong... Klik hjir foar de foto.
Pleatst: 23-12-2007 / 11:04 oere - Reagearje? - Nei boppen
Aktief... Spesjaal foar ien fan de fêste lêzers even in foto fan in entûsjaste help dy 't der foar soarge hat dat ien fan ús 'âlde' krytsjeboerden fan 'e wand ôfhelle is. Want dat boerd makket plak foar it twadde Activboard foar ús skoalle. Dat is fan 'e wike pleatst troch PTH. En dat sil fêst net it lêste wêze, want sa'n Activboard is super! (Noch twa te gean, dan binne alle lokalen fersjoen...)
Pleatst: 21-12-2007 / 21:09 oere - Reagearje? - Nei boppen
Aksje... (2) Jo moatte ek net alles leauwe wat de webmaster skriuwt...
Pleatst: 18-12-2007 / 23:04 oere - Reagearje? - Nei boppen
Frieze...
Pleatst: 17-12-2007 / 01:02 oere - Reagearje? - Nei boppen
Aksje... No ha se op de fjouwerHoeke in kearse-aksje. Bern mochten mei in list by de doarren lâns en dan sjen oft se kearen as waksineljochtsjes ferkeapje koenen. It wie in grut sukses! mear as 3000 waksineljochten en 1100 kearsen binne sliten oan de doarpsgenoaten. Mar dan komt it pas! Hoe komme wy oan safolle kearsen?! Dêr wie o sa oer neitocht fan te foaren... Lokkich ha wy in bus, dat wy nei Europatuin. Utferkocht. Hoe soe dat no kinne, sa foar de Kryst?! Doe mar nei de Action. Lokkich, dêr wie noch in hiel skap fol mei kearsen, yn alle kleuren. 24 Yn ien doaze foar in skaplik pryske. Wilma hat de hiele winkelkarre folladen. Mei in kop der op, it hiele skap wie leech. 46 Doazen kear 24 kearsen dat makke 1104 kearsen, hast genôch. (Wy hienen de rekkenmasine mei...) De lêsten soe Wilma wol even by de Hema weihelje. De minsken seagen ús wol nuver oan, wat moatte sy mei safolle kearsen?! Boppedat wie der no net mear in kears te finen by de Action. Mar dat koe ús neat skele en ik hie myn reaksje al yn 'e holle as it winkelpersoniel der nei freechje soe. 'As der in helikopter by de Geast tsjin de stroommêst oanflucht, binne wy der klear foar hjir yn Hantum...' Mar sy freege neat, sy fûn it wol bêst. It die bliken dat Wilma's kollega yn Bûtenpost by de Action in hiele winkelkarre fol waksineljochten weihelle hat. Aanst in berjocht op Wâldnet. 'Noordoost Friesland massaal aan het hamsteren geslagen...'
Pleatst: 16-12-2007 / 11:21 oere - Reagearje? - Nei boppen
Tillefoanmaffia... It is slim de ôfrûne dagen. Iderkear tillefoantsjes. Krekt as moatte se foar it ein fan it jier harren 'targets' noch helje. 'Ik ben op zoek naar de heer van der Heide...' No dan witte jo it wol. Ik besykje dy lju sa gau mooglik ôf te wimpeljen en dat slagget aardich. Mar jo wurde der wol wurch fan. Miskien is dizze side wat foar my www.infofilter.nl. Ik sil it moarn ris besykje. Goed dat it regear dizze 'belterreur' oanpakke wol.
En oarsom? As wy harren ha moatte, dan binne se net thús. Ik wachtsje al sawat in wike op in reaksje fan HI. Binne twa dagen beantwurdzje. Wêrom traapje jo der ek altyd wer yn...
Pleatst: 14-12-2007 / 23:59 oere - Reagearje? - Nei boppen
Meistje jimme mar klear... Justerjûn is in delegaasje fan it stichtingsbestjoer fan d'Ald Skoalle nei Nijtsjerk ta west. Dêr waard in gearkomst organisearre foar doarpshuzen yn ús gemeente oangeande de kontrôle fanwege de brânfeiligens. Ien fan de inisjatyfnimmers wie it bestjoer fan doarpshûs de Terp yn Nijtsjerk. Sy hienen krekt in ferbouwing achter de rêch en hienen mei in protte aktuele rigeltsjes te krijen hân. Neffes harren stiet ús noch wat te wachtsjen! De gemeente Dongeradiel wol foar 1 jannewaris 2008 alle doarpshuzen kontrolearje. No slagget dat net alhiel, dan moatte de amtners echt hurd wurkje, mar begjin 2008 binne wy fêst oan 'e beurt. Sa hie Tunawerth yn Ternaard al kontrôle hân en dy woenen de boel al tichtgoaie... Wylst se oars sa'n 250 minsken bergje kinne, meie der no mar 110 besikers talitten wurde. En dat hat in protte gefolgen foar bygelyks de ynkomsten! En de rigels binne ek noch stranger wurden! Der wurdt rekkene mei ien persoan de 2-5 kante meter. As jo gelok ha, hâldt it mei 2 kante meter de persoan op en as je pech ha, is ien persoan de 5 kante meter tastien. Dat hinget ûnder oaren ôf fan de brânfeiligens fan de brûkte materialen.
Sa moatte brânûnfeilige gerdinen ferwidere wurde as der mear as 50 personen yn 'e seal sitte. Sjogge jimme it foar jimme?! De organisaasje stiet by de doar en telt de toanielbesikers. '47, 48, 49 HO! Even wachtsje... Jantsje! Hjir komme, even meihelpe de gerdinen nei de berging te bringen...' Minsken bûten wachtsje en as de gerdinen feilich opburgen binne, meie de taskôgers hoeden binnen komme. Oan't 110, want dan giet de doar wier op slot. Seal heal leech en mear as de helte fan alle doarpsbewenners moatte in gesellige jûn misse. De waan slacht ta, mar wy ha der mar mei te krijen. En jo kinne heech as leech springe, it giet troch. Foldogge jo net oan de easken? Dan ek net in gebrûkersfergunning. En dan dochs noch in grutte brân. Geale wie fergetten dat der gerdinen yn 'e berging leinen en hie sa in jiskepûde mei smeulende sigaretten oan kant setten. Oars brânt it foar gjin meter yn 'e berging, mar no mei al dy gerdinen...
Pleatst: 13-12-2007 / 22:09 oere - Reagearje? - Nei boppen
Betiid?? Juster in hiel ferhaal oer dat guon sa betiid mei kryst dwaande binne. Mar no kinne wy wol wakker oangean, mar jo ûntkomme der net oan. It hiele wykein al yn de krystsfearen. In krystkaart meitsje, útprintsje, útknippe en opplakke. Dan ek noch in krystboek ynskanne, foar de krystfiering by ús op skoalle. No duorret dat ynskannen wol hiel lang as jo dat mei in skanner dogge. Boppedat krije jo plaatsjes yn A4-formaat en asto it boek iepenklapst, is de plaat folle grutter as in A4-erke. Dan moast wer knippe en plakke yn in fotobewurkingsprogramma, koartsein in hiele dei wurk... Ik hie wolris earne lêzen, dat jo handiger de siden fan it boek fotografearje kinne. Dat it boek útklapt op 'e tafel, ljochten oan en de skriuwer fan dit weblog op in stoel mei de kamera der rjocht boppe en dan mar klikke... It slagge hiel goed en it giet yndie folle hurder as skannen! It bewurkjen fan de foto's is no ek samar klear en dan noch even 'PowerPoint-sje' en de bern kinne aanst genietsje fan de moaie plaatsjes... En sa geane wy troch oan't kryst...
Pleatst: 09-12-2007 / 18:16 oere - Reagearje? - Nei boppen
Piebe... Hoe't Piebe deroer tinkt dat guon sa betiid mei kryst dwaande binne, kinne jimme yn dit ferhaal lêze. Dit ferhaal stie earder yn it novimbernûmer fan ús doarpsblêd Hichtepunten. It hat sa wêze moaten, want wylst ik dit op myn weblog pleats, skalt Flappie fan Youp van't Hek troch de lûdsprekkers...
Pleatst: 08-12-2007 / 11:42 oere - Reagearje? - Nei boppen
Lang hier... Fan 'e wike hienen wy sa'n praatsje ûnder de kofje oer it lange hier fan froeger. Guon koenen harren net foarstelle dat dat kealende ûnderwizerke froeger lang hier hân hat. Wy kamen derachter dat der mear wienen dy't froeger it hier oan't de skouders ta hienen. Mar dat wie de tiid, sa konkludearden wy as fyftigers. Doe 't ik hjoed myn administraasje oan it bywurkjen wie, kaam ik in âlde buskaart tsjin. Dat is pas nostalgy! Fan de FRAM ek noch wol. Froeger njoggen jier mei de bus op en del reizige nei Snits. Dat ik noait mei dat lange hier tusken de busdoarren kaam bin. Us heit fûn it mar neat dat ik doetiids oan de hearskjende moade meidie. Hoe faak at hy wol net sein hat: 'Wannear giesto no ris nei de kapper...?'
Pleatst: 07-12-2007 / 16:11 oere - Reagearje? - Nei boppen
De lêste drip (6) Witte jimme it noch? Dat ferhaal oer 'myn' after shave? Nei sawat twa jier krijt dit ferhaal in aardich ein. Want doe't wy foar wat Sinteklaasynkeapen by de DA-drogist wienen yn Dokkum, kaam de eigner op my ôf en fertelde hy my dat hy de Irisch Moos wer krije koe! Der wie wer in bestelling ûnderweis. It wie no by in oare leveransier ûnderbrocht, dy wie wat lytsskaliger, en om't hy yn Dokkum in fêste klant hie, hie hy no mar wer in doaze fol besteld. Dat fyn ik no aardich. Sawat oardel jier net by him yn de winkel west en noch wit hy it en hâldt rekken mei 'goeie' klanten...
Pleatst: 07-12-2007 / 07:53 oere - Reagearje? - Nei boppen
Sinteklaasdrokte... Kin noch krekt even foardat wy ús yn de pakjes stoarte. Even wat foto's byelkoar harkje fan de Sinteklaasdrokte fan de ôfrûne dagen... Feest mei de famylje, Pytsjes dy 't lâns komme en mei bûsen fol sinten wer ôfsette en plaatsjes fan it moaie feest by ús op skoalle. Yn Warkum wie it mei de famylje ôfrûne snein hiel noflik! De hiele ploech wie kompleet en dat is oh sa gesellich. Foto's meitsje mei de mobyl. Mar jimme ha yn it foarige ferhaal al sa'n 'prachtige' foto sjoen, dat ik ha der no mar in hiele lytse by dien. Moat dochs goed kinne, sjoch mar ris nei de foto's op dizze side.
By de Piten dy't yn ús doarp lâns de doarren gean, moat sein wurde dat by dy iene ploech yn harren neidiel opfoel, dat se thús in Haadpyt ha dy 't visagiste is. En dan de Helppiten sa lâns de huzen stjoere? Dan wie it freedtejûn by toaniel al wat better fersoarge... (knypeach) Hjoed in moai feest op skoalle. Pyt hie de sliepsykte en waard yn in kamper op skoalle brocht, koe hy moai trochsliepe. Mar de bern ha him wekker krigen! Sjoch foar in hiel protte moaie foto's op de webside fan ús skoalle.
Pleatst: 05-12-2007 / 18:50 oere - Reagearje? - Nei boppen
Toaniel Doe't ik justerjûn nei it doarpshûs rûn om't ik dy jûns by de toanielútfiering fan it Hantumer Ploechje frijwilligerstsjinst hie, trof ik in doarpsgenoat dy stie te wachtsjen. Sy wachte op in oare doarpsgenoate om't se tegearre nei de Fryske Music Night ta soenen. Dat is ek wol wat, in toanieljûn yn eigen doarp en dy dan misse om't der yn Ljouwert in jûn is dy't, sa't skynt, wichtiger is dan it Hantumer toaniel. Achterôf koe ik harren gjin ûngelyk jaan. It toanielstik foel wat ôf. Spitich foar de spilers, want sy spilen o sa moai en jo wolle fansels op sa'n jûn de taskôgers in noflike jûn besoargje. Mar it stik liende him der net echt foar... Fierders wie it hiel gesellich yn ús doarpshûs en wy hienen moai pielen mei 'ús klanten' en koe ik mei guon ek even byprate want sa faak tref ik guon net mear yn it doarp. Under it stik koe ik ek moai myn nije mobyl even útprobearje. Foto's meitsje, foar dizze side. No, dat moat wol wenne... Want ik woe net flitse en de ferskate ynstellingen hie'k ek noch net út 'e holle leard. De twa knapsten ha'k útsocht en de oaren seagen der allegearre sa út as de ûnderste... Oh ja, ik moat noch wol even sizze dat de wachtsjende doarpsgenoate it toanielstik de jûns derfoar al sjoen hie. Want har soan spile mei en dat wolle jo net misse fansels!
Pleatst: 01-12-2007 / 19:51 oere - Reagearje? - Nei boppen
|