De kryststjer…(3)
Oh oh, it bliuwt my mar achterfolgjen…
Ferline wike frege ien fan de diakony fan tsjerke oan my oft ik ek in krystferhaal foarlêze woe by de krystlunch yn ús doarpshûs. De doarpsgenoat dy’t njonken my siet wachtte myn antwurd net iens ôf… Ja, dat kin hy wol, sei hy fleurich en hy joech my in hots…
Moat it in stichtlik ferhaal wêze? sa wie myn reaksje. Nee dat hoecht net, elkenien is útnûge, dat it mei wol in algemien ferhaal wêze…
Ien plus ien is twa en boppedat hie’k suver krekt in moaie oersetting krigen. Dat ik wie gau út ‘e rie.
En dêr gie it ôfrûne woansdei hinne. Mei in mikrofoan om it âlde kin foarlêze foar de oanwêzigen by de goed organisearre krystmoarn. Sa, dat wie derút. Nei 16 jier lang om let it riedsel oplost.
Ik freegje my ôf oft der noch doarpsgenoaten tusken sieten dy’t it ek wier meimakke hiene. Mar der siet ien fan de oanwêzigen my fleurich oan te sjen mei sa’n gesicht fan: Aha, dus dat wie it geheim fan frou de Boer…
En doe fûn ik dit presintsje fan ‘e moarn achterhûs, kreas yn in doaze op it jiskefet…
Pleatst: 23-12-2022 - 12:28 oere - Reagearje? - Nei boppen
De kryststjer…(2)
Moai net? (Kreas bledsje ek…)
Pleatst: 22-12-2022 - 13:53 oere - Reagearje? - Nei boppen
De kryststjer…
Witte jimme it noch? Dat ferhaal fan de kryststjer? Hast alle jierren komt dit ferhaal rûn de krystdagen wer op it aljemint. Foaral as wy sels in kryststjer krije, keapje as op de televyzje foarby kommen sjogge. It bliuwt in moai ferhaal. En it bliuwt eins ek in bêst bewarre geheim fan Hantum. Want doetiids skreau ik dit (wierbarde) ferhaal foar ús doarpsblêd Hichtepunten. Mar it hat ús doarpsblêd nea helle. Want wy woene perfoarst net dat dit riedsel oplost wurde soe.
En no, sa’n 16 jier letter, kriget it ferhaal wol in hiel moai ferfolch. Want de ôfrûne dagen krige ik in mailtsje fan de Fryske Krite Mei-inoar Ien fan Utert-Seist yn de mailboks. Sil wol oer Klún & Knoffelhakke gean, sa wie myn earste gedachte.
Mar nee hjer, ta myn ferrassing gie it hiel earne oars oer…
Goejûn hear Van der Heide,
Mei dizze mail wol ik jo graach om tastemming freegje om in ferhaal en in gedicht fan jo webside www.vanderhei.de te brûken. Ik koe neat fine oer rjochten; foar de wissichheid stjoer ik dêrom in mail.
Ik bin bestjoerder fan de Fryske krite Mei Inoar Ien fan Utert en Seist. Wy hawwe 105 leden, allegearre Friezen om utens. Op it stuit bin ik dwaande mei de desimber-edysje fan ús kritebledsje ‘De Kritekoer’. Neist de wenstige ynhâld komt der in krystpuzel yn, mar ik sykje ek altyd in gaadlik krystferhaal en of -gedicht.
Nei lang sykjen in allerhande boeken en op ynternet seach ik op jo webside it fermaaklike en werkenbere ferhaal ‘Het raadsel van de kerstster’ fan Piebe Priegel. (Dat soe ik dan oersette wolle.)
It koarte gedicht ‘Tsjustere dagen’ fyn ik prachtich en soe ik, mei in passende yllustraasje, ek graach brûke wolle. Jo namme set ik der fansels by en ik kin jo as jo wolle in eskimplaar fan de Kritekoer tastjoere.
Ik hoopje dat dit sa foldwaande is. Graach hear ik fan jo.
Hertlike groetnis út in kâld Bilthoven,
Is’t net moai?! Alles ôfsocht en dan by myn ferhaal fan de kryststjer útkomme. Fansels, dit moast altyd wêze. Dat ik stjoerde gau in berjocht werom dat ik mei it brûken en it oersetten fan it ferhaal gjin probleem hie.
Justerjûn krige ik de moaie oersetting tastjoerd. En fansels kriget dizze oersetting in moai plakje op de webside.
Hearken, wy reitsje ek net útsprutsen oer dit ferhaal…
Pleatst: 13-12-2022 - 13:29 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2022