Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Sjoemelfear...(2)

Sjoch! Dat is nochris in garaazje. Dy tinke (en lêze) mei!
www.autovdheide.nl

Pleatst: 29-02-2016 / 21:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dêr is Jilt ek wer...

Iderkear as ik de muzikant Jilt Heidstra tsjin kom op it ynternet, dan wit hy my wer te bekoaren mei ien as d'oar pakkend nûmer.

Sa stie In Moaie Dei al ris op dizze side en ek it moaie akkordeontsje yn Skythakken waard al ris bejubele op myn weblog...

Dit kear is it it nûmer Comes a Time fan Neil Young. Yn it reunyferhaal fan ús basisskoalle (24 septimber 2014) ha ik besocht om dit moaie nûmer fan Neil oer te setten yn it Frysk. Google Translate is der neat by...

Mar Jilt en syn suster Hanneke sjonge in skitterende twastimmige fersy fan dit nûmer. Hanneke sjongt prachtich!

Dus... mar wer op de side!

Pleatst: 22-02-2016 / 23:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sjoemelfear...

(Hast) alle kearen as ús auto yn de garaazje west is, seit de monteur: Oh ja, der wie ek in fear stikken... Dat is in kwaal fan dizze modellen...

Dat ha wy wer...

Meastentiids fernimme wy der neat fan. En bliuwt de auto riden sa as oars. Wy fine ek nea spoaren fan de stikkene fear. Is der dan earne ûnderweis ôfknapt...

Mar dit kear hie'k de fear te pakken! Op it parkearplak by ús thús. Mar ja, je kinne him der net wer oanplakke. 't Is net oars.

Men moat fan in fear gjin balke meitsje...

Pleatst: 19-02-2016 / 17:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

In moai putsje…

De doarpsbelangfergaderingen binne de moaiste jûnen fan it jier. Gesellich, humoristysk en goed besocht. Krekt as ôfrûne moandei. Der moasten wer stuollen by yn it smûke doarpshûs…

De foarsitter hie de jûn goed taret en mei in moaie PowerPoint presintaasje lavearre hy ús handich troch de jûn. Wy kamen wer hiel wat te witten en wy meie dan ek bêst gruts wêze op ús moaie doarpke.

Us doarp docht mei oan in projekt dy't de saneamde 'rotte plakken' yn it doarp oanpakke wol. Al jierren steane húskes leech en de âlde klinten sjogge der ferfallen út. Wy witte eins net better yn Hantum: yn 'e Spoekestege steane spûkerige húskes. Salang as wy hjir wenje is dat al sa en omdat dat in bytsje achterôf is yn ús doarpke, falt dat hast nimmen op. Mar it is eins gjin gesicht, de Spoekestege docht mei rjocht syn namme eare oan…

Mar it projekt Hantum Fitaal wol dêr in ein oan meitsje. Wy ha ympresjes sjoen op de dizze jûne fan it doarpsbelang. It sjocht der prachtich út en wy meie hoopje dat it allegearre slagget, dat soe in oanwinst foar Hantum wêze. Dan soe hast de namme fan it steechje feroare wurde kinne, want spûkerich is it dan by lange nei net mear… It wurdt dan suver in soarte fan Goudkust. Holwert oan See en Hantum oan 'e Goudkust…

Nettsjinsteande dizze prachtige plannen, sieten der dochs wat tûkelteammen oan dit ferhaal. Want earne yn de grûn by dizze te renovearjen kavels siet in geheim, in monumintaal geheim. Want by it passearjen fan de keapakte wie dit oan it ljocht kaam. No ja oan it ljocht, it siet noch earne yn 'e grûn dus…

In biljert, sa ornearre in ûnferstân. Want it doarpshûs wurdt ferboud en miskien komt dêr in biljert yn dat jo by grutte eveneminten yn de grûn weisakje litte kinne… Dom praat.

Mar wat sit dêr dan yn de grûn?! Net ien fan de oanwêzigen dy't it wist. Allegearre fier foar harren tiid. Miskien wie it wol in midsiuwske put. Folstoart mei alderhande archeologyske foarwerpen. In put dy't it ûntstean fan it doarp bleat lizze soe. Der kamen al ideeën om yn it nij ferboude doarpshûs in besikerssintrum yn te rjochtsjen. Want de boatsjeminsken dy't yn 'e takomst by Holwert oan lân komme, sykje fêst wat ferdivedaasje yn it achterlân…

En dan it biljert wer omheech, want it boatsjefolk moat al wat omset generearje. Biljerte as ôfwikseling foar dy lange seesyltochten oer it waad…

Mar miskien wie it ek wol in put dy't eartiids troch de doarpsbewenners brûkt waard om wetter te taapjen. Yn de tiid fan de weterliedingleaze iuwen. Miskien wie der ek wol in keal út de slachterij ûntsnapt en wie dy yn de put knoffele en hie men dêrnei de put tichtsmiten.

Wa sil it sizze?

It mei dúdlik wêze dat op de jûne fan it doarpsbelang drok spekulearre waard oer de geheimen yn de grûn fan de Spoekestege.

Mei de ûntdekking soe Hantum yn ien kear op de kaart stean en soe de pleatslike ekonomy bloeie as nea te foaren. De smidderij soe wer iepene wurde, de doar sit der al wer yn, en it Skuurke tinkt al nei oer in biologyske loads op it braak lizzend stikje gers. De pleatslike wûnderdokter past har terapy oan en sil no advertearje mei: Wij helpen u uit de put…

De tiid sil it leare en wy binne benijd. It sil wol wer ôffalle, krekt as mei de sinten foar it Multifunksjoniel Sintrum. As it der op oan komt, dan kriget men nul op it rekest.

It sil wol wer in hiele put wurde…

Pleatst: 18-02-2016 / 15:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Slakkepost út Ghana...

Dit berjocht siet yn de mailboks...

Complimenten en goede dag voor u en uw gezin.

Ik schrijf je deze mail als een herinnering dat eens te meer hebben geduldig gewacht voor uw reactie op mijn eerste contact met u via slakkenpost.

Echter sinds ik neem aan dat je het niet krijgt ik wil dit medium gebruiken Hoewel het wellicht niet de beste vorm van communicatie op het gebied Als dit als gevolg van de steeds groeiende ongeloof en illegale oplichting en fraude gekoppeld, ik lijken te hebben geen andere keuze dan te maken gebruik van het, in combinatie met het feit dat het misschien wel gewoon perfect wijten aan de mogelijkheid om de tijd uitkopen.

Zonder veel van uw tijd te verspillen ben ik de heer Winston Osuchukwu van Eco-Bank Ghana, ik wil u in een zakelijke onderneming brengen waarvan ik denk dat moet van belang zijn en betrekking hebben aan u, want het heeft te maken met een waargenomen laat familielid van jou, dit is omdat er een aanzienlijke bedrag van de middelen die ik verdenk is gebonden aan een ver familielid van jouwe.

Maar ik nodig om er zeker van te zijn dat u moet dit hebt ontvangen communicatie dus ik niet veel informatie erover totdat ik onthullen zal krijg een reactie uwerzijds.

Hartelijke groeten De heer Winston Osuchukwu

It mei dúdlik wêze dat ik fuort reagearre ha... It skip mei jild komt binnen!

Pleatst: 17-02-2016 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Iepen doarren...

Prachtich yn byld brocht, al dy ûnderwiisfernijingen. Trouwens ek in skitterend programma, Zondag met Lubach. In oanrieder...

Pleatst: 09-02-2016 / 17:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Opa Snoepies...

Posters, boerden, selsmakke oankundigingen, ja oeral witte se der wol wer wat moais fan te meitsjen.

Juster waarden wy wol hiel 'modern' oankundige. Op in byldskerm yn de hal fan it tsjerklik sintrum yn Ljouwert. Under Opa Snoepies...

It wie in prachtige jûn! Mei in noflike seal fol minsken yn in gesellige sfear. Ek wolris in idee foar Hantum. In gemeentejûn mei Klún & Knoffelhakke... Sil it ris yn de groep goaie, Rûm Sop koe ek, dus wat dat oanbelanget...

Pleatst: 06-02-2016 / 17:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wringsjen...

Om't wy mei ús nijste programma al ris yn Skearnegoutum west wiene en om't se ús graach wer ha woene, ha wy ferline wike ien fan ús eardere programma's spile. Nettsjinsteande dat it al wer in skoft lyn wie dat wy dat spile hiene, wie it wer in grut sukses. Op Facebook hie in besiker it sa omskreaun (mei foto's en al...)

Justerjûn wie it feest mei Klún en Knoffelhakke yn it Swettehûs. Krapoan 60 minsken wiene hjirby oanwêzich en ha harren de bûsen útskuort om de fratsen fan de beide hearen op toaniel. It publyk waard tige troch de mannen by de foarstelling belutsen en moasten út en troch efkes meispylje. Sa waard myn sydsulver foar de koets spand en mocht in rol as de merje Bles spylje. Tsja, dat ha je dan wer as je foaroan sitte! Lokkich is hja letter rêstich neist my yn sliep fallen sûnder te wringsjen. (en dat is in moai Frysk wurd foar hinniken!)

Pleatst: 06-02-2016 / 17:17 oere - Reagearje? - Nei boppen