Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Tambeien...(2)

En mear sille der ek wol net komme fan't jier...

Pleatst: 05-10-2014 / 13:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

It bewiis...

It bewiis dat Facebook dy yn 'e gaten hâld!

Fan 'e moarn kaam ik fia in link op nu.nl op de side fan in nij soart hearapparaat. De Resound LiNX. It nijste fan it nijste. Boppedat trieleas oan alle apparaten fan Apple oan te koppeljen en te regeljen en yn te stellen mei de spesjale app. It liket prachtich! Mar nei't ik even fierder socht, die bliken dat dizze hearapparaten net fergoede wurde troch de soarchfersekerder en dat se dy dêrom mar leafst €4000,- (de twa) jilde. Oh ja, do krigets der dan wol fergees in iPad as iPhone 6 by...

Moai guod, mar net te beteljen. Wurdt fansels goedkeaper...

Mar Facebook hie meisjoen! Want doe't ik eefkes letter myn tiidline lies, stie der kreas in advertinsje foar Das erste iPhone Hörgerät tusken. Yn it Dútsk? Fansels, want Facebook wit dat yn myn e-mailadres de Dútske ekstinsje .de stiet. Dus komt dizze Facebooker út Dútslân...

Big Brother Facebook...

Mar it is wol moai spul!

Pleatst: 27-09-2014 / 14:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frans Galdee en de Gibonezen...

Frans Galdee had een mooi opeltje gekocht. Niet te oud, niet te jong en net betaalbaar voor zijn smalle beurs. Het autootje zag er netjes uit en Frans was in zijn nopjes met zijn nieuwe aankoop. Ook de rest van het gezin was tevreden over het nieuwe vervoersmiddel. Het oude peuzjootje had de APK niet doorstaan en men moet in deze moderne tijd toch van A naar B, nietwaar? ...
Lês fierder >>

Ut 1995. Net alles wie doe yn it Frysk...

Pleatst: 26-09-2014 / 18:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Theun...

It eaze! De minste dei fan 'e wike, it wie allegearre wetter. Dêrom fernuvere it my dat de doarbel gie. Hienen wy wat besteld fia it ynternet? Dy belje meastentiids ek rûn dy tiid oan. Foar de doar stie in jonkje, by ús út it doarp wei. In grutte plestikpûde yn 'e hân. Al wat ik ferwachte hie, dat net. Moatte se net nei skoalle?

Wolle jo ek bernepostsegels keapje? sa begûn hy syn petear. Oh ja, fansels! Dizze postsegelaksje wie hjoed los gien en se hoege net nei skoalle omdat it woansdeitemiddei is. Fansels, andere ik, dêr dogge wy alle jierren oan mei… Sil ik der dan mar even ynkomme? Theun wie gau beret, it reinde en dizze man mei syn skuorde knibbelspikerbroek talmde fierstente lang en it wie min waar.

Ach, jawis jonge, kom der mar even yn. Ik wist dat bernepostsegels hjoed oan de dei in hiele administraasje is. Oan de keukenstafel joech Theun my in hiele útlis oer de soarten kaarten en segels en ear't ik it yn 'e gaten hie, hie Theun it bestelformulier op 'e tafel lein.

Hast ek even in pinne Theun? Jawis, sei Theun en hy die syn trainingsjackje omheech. Yn 'e bûse sieten trije pinnen klear foar al it skriuwurk fan dizze middei. Tsjonge, bist der wol op klear... Fansels, andere Theun, Jo witte mar noait no?!

As in folleard ferkeaper loadste Theun my troch it bestelformulier. Lokkich wist ik hoe 't wurke, want sels hie'k yn in klasse ek alris útlein hoe soks moat, mar ik liet Theun neat merke, ik die krekt as wie ik ûnnoazel. Sjoch, dan moatte jo it dêr opskriuwe en dan noch even by elkoar optelle... Tsjonge Theun, dat wurdt ek noch dreech mei al dy sifers. No, dat is net sa muolik, sa reagearre Theun, Nul en fiif makket fiif, dat wurdt dat eh... hy twifele even, tsien en fiif eh... fyftjen dus meielkoar €15,35! It kloppe, dat hie'k allang sjoen, mar it wie in aardichheid hoe't Theun sa'n âlde stakkert de geheimen fan it formulier kenber makke.

As ekstra service begûn Theun it IBAN-nûmer foar te lêzen dat ik brûke moast foar de automatyske ôfskriuwing fan it krekt optelde bedrach. Ik hie it paske út 'e beurs helle om't ik dit nûmer noch lang net út 'e holle opdreune kin. Binne wy neat fergetten Theun? Noch even in hantekening en de datum, sei Theun en syn finger sette hy kordaat yn it hokje foar de ûndertekening. En nei't ik ek de datum ynfold hie, skuorde Theun kreas de blêdsjes útelkoar en joech my de giele. De pinne soe ik yn myn bûske fan de bloeze stopje, mar ynienen herinnere ik my wêrom Theun leafst trije pinnen meinaam hie. Hie wie der hieledal klear foar! Hy hie sels rekken hâlden mei ferstroaide doarpsgenoaten!

No bedankt hè, rôp Theun en hy sette ôf nei syn klompen dy't hy kreas yn 'e gong setten hie. Oh Theun, sa rôp ik him werom, Hast ek noch sa'n doarsegeltsje? Natuerlik, soenen wy dat ek noch hast ferjitte... En Theun wie al drok oan it skuorren. En wylts oare bern faaks hoeden dat segeltsje oan my oerhandigje, hie Theun syn tonge al út 'e mûle en slikke it segeltsje op it rút fan de foardoar dy't ik al foar de ferkeaper iepene hie. En blijf... sa drukte Theun it segeltsje op it hert. En fleurich sette hy ôf nei syn folgjende klant...

Mar dy hie net iepen dien sa die bliken, want oan it ein fan 'e middei seach ik Theun wer oankommen mei syn plestikpûde. Troch it gerdyntsje fan de foardoar seach ik Theun by de foardoar fan buorman stean. Wakker op 'e bel oan it drukken. Mar buorman die net iepen. Noch net thús? Mar buorman syn bel is stikken en jo moatte mei de brievebus klepperje. Dat brûkt buorman as bel. De measten witte dat net. Even Theun helpe...

Theun, Theun, do moast klepperje mei de brievebus, sjoch sa, en ik die it foar mei ús eigen. Aha, sei Theun en hy kleppere omraak. En dêr kaam buorman al oan. Theun stiek de tomme nei my omheech en wylst ik de foardoar ticht die tocht ik: No moat buorman der oan leauwe. En ja hjer, even letter seach ik it doarsegeltsje als op buormans foardoar sitten...

En... blijf!

Pleatst: 25-09-2014 / 12:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

De reuny…

Asto dat wurd sa boppe dit blog stean sjochst dan hat it faaks wat driigjends en krigest yn 't foar in gefoel as soe it net goed ôfrinne. Krekt as yn de film Festen, dêr't by in famyljefeest alle frustraasjes fan froeger nei boppen komme.

Festen yn Balk?

Wy hienen ôfrûne sneon in reuny fan ús legereskoalle klas. Dat dogge wy regelmjittich, it wie de fiifde ôflevering en om likernôch healwei trijen wie it stel kompleet en koe it feest begjinne...

Frustraasjes?

Fansels, elk hat wolris wat naars meimakke en it is goed om dêroer te praten, mar it hie dizze middei echt net de boppetoan. Elk hie der nocht om om wer even by te praten. It waard in prachtige middei mei moaie petearen ûnder in nostalgyske kuiertocht. Waard der gesellich praat yn it museum fan ús âlden en kamen der sels âlde, lang en hast fergetten nammen op it aljemint. Ek twa masters dienen noflik mei en makken it oantinken oan it ferline kompleet.

En oer de âlde dyk nei it wetter, ride gjin boereweinen mear...

Dat der wer in reuny komme moat, dêr wie dizze groep it wol oer iens. Oer trije jier komme wy wer byelkoar want it is bysûnder dat al ús klasgenoaten noch libje. Dan prate wy elkoar wer by yn ús reis nei de takomst.

Der komt in tiid...

Ja, dat sit dy dan nei sa'n moai wykein mar yn myn holle. Comes a time fan Neil Young. Wêrom? Ik soe it net witte. Sa as sa faak bart dat spontaan en is der gjin direkte oanlieding foar. Miskien omdat it sa'n fleurich ferske is. Mar lykwols ek wat mankelyk...



Foar de iPads: Comes a Time

(Frij oerset nei Neil Young...)

Komt in tiid
Datst wakker dwaande bist
Der komt in tiid
Datst dy lekker deljaan kinst
En mei de tiid dan sjochst
Dat al dat wrotten der net ta docht
Dan stean oaren klear, jong en sûn
Om fierder te wurkjen yn dyn grûn

Dizze âlde wrâld
Draait mar troch
It is in wûnder
Dat grutte beammen
Net omfalle
Ek al bin se noch sa âld
Mar der komt in tiid…

Pleatst: 24-09-2014 / 17:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hendrik(s)…

Man, hoe krigest it yn 'e holle! Kom fan dat iis ôf, kinst dy de âlde bonken wol brekke! Fûterjend stie frou Hendriks op de Lutswâl har man te te sprekken. Mar âlde Hendriks gie stoisyns troch. Hy bûn syn Fryske trochrinners moai om syn swarte sokken. Want hy soe ride, it iis op 'e Luts wie no sa sterk, net ien koe him tsjinhâlde, sels syn protteljende frou net…

Hendriks en de frou wienen de buorlju fan myn pake en beppe. Pake en beppe wennen yn in grut hûs oan 'e Luts, de wolkenkrabber sei beppe altyd. Dat hûs wie winters ús fêste opstapplak foar it reedriden. En wy koenen dêr fansels ek koek en sopy krije, want by pake en beppe yn 'e hûs wie it smûk en lekker waarm…

Hendrik sûnder s winters reedride? Dat is in fersin tink?

Nee hjer, nettsjinsteande myn grutte reeriderstalint, wie ik froeger yn 'e winter wol altiten op it iis te finen. Ik hie alle winters les en nea ha ik achter de slide wei west... Boppedat, dat waarme gesellige hûs fan pake en beppe joech de trochslach. En miskien siet ik ek wol faker achter de keukentafel mei in beker waarme poeiermolke as achter de slide. Ik wit it net krekt mear. Wy mochten graach op 'e Luts reedride, dat wit ik noch wol.

Dêr gie buorman Hendriks hinne, op sokken en op redens. As soe hy de âlvestêdentocht ride, hoewol, hy sette ôf rjochting Sleat en dat is in omkearde tocht... Hoe't it mei Hendriks ôfrûn is, ik soe it net witte. Ik tink dat ik alwer by pake en beppe yn 'e hûs siet...

Buorman Hendriks wie dôf. En miskien reagearre hy dêrom ek wol net op it fûterjen fan syn frou en gie hy gewoan syn eigen gong. As de man wie gewoan tûk, lit myn frou mar eamelje, ik bin no noch jong... Want ja, wy hienen eins gjin idee fan de leeftiid fan Hendriks en de frou. Yn ús belibbing wienen se stokâld. Altiten swarte klean oan...

Beppe wie altiten slop om it geraas fan frou Hendriks. Fanôf it balkon koenen se folop meigenietsje fan harren kommunikaasje. Hjoed oan de dei soe de wenningbouferiening ynskeakele wurde fanwege de oerlêst...

Mar it sil echt wol sa west wêze, dat de bêste man dôf wie, want hy hie in boardsje achter op de fyts. SH stie derop. Slecht Horend... Eins hienen wy wol wat begrutsjen mei buorman Hendriks. Altiten dy razende oare helte achter jo oan. Mar sa as ik sei, miskien kaam him syn dovens ek wolris goed út...

Hjoed oan de dei sjogge jo dat buordsje SH hast net mear. En guon witte tink ik ek net iens wat dat betsjut. Boppedat mei winkels as Schoonenberg en Beter Horen binne sokke boardsjes miskien ek net echt mear nedich.

Hoewol...

Op de webside www.100procentslechthorend.nl meitsje se no reklame foar in nij boardsje. It sanemande Limited Hearing boardsje. Der is hjoed oan de dei wis wol ferlet fan sokke boardsjes! Want lânslju dy't min heare binne der noch hieltyd! En omdat it âlde boerd net mear foldie, is der no in hiel nijen beskikber! Fia Facebook en de lânlike media is der folop oandacht oan skonken.

Ik ha ek sa'n nij boardsje besteld want ik ha deselde kwaal as buorman Hendriks...

Mar jimme sille nea meimeitsje dat ik op sokken de iisbaan oer sil en dat Wilma oan de kant stiet te roppen: Man kinst dy de âlde bonken wol brekke! Wy ha beide deselde foarleafde foar it iis, wy passe wat dat oanbelenget perfekt by elkoar!

Wy fiele ús better thús yn de rol fan koek en sopytinte foar de lytsbern. Kom mar fan dat iis ôf, hjir is it lekker waarm en hjir ha jimme in grau stik koeke. En dat de lytsbern harren dat letter noch heucht, dat smûke plakje by pake en beppe thús...

Wat? Ik hear it net! Wat hast klear? It is ek altiten itselde, frou Hendriks ropt fanút de keuken dat der wat klear is...

De kofje tink.. mei in grau stik Snelle Jelle!

Pleatst: 16-09-2014 / 17:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Twa grutte ljochten...

Yn 2010 wienen wy foar it lêst yn Noardburgum west. Wat kin der yn fjouwer jier dan wat feroarje! In kompleet nij doarpshûs stie op it selde plak as de âlde Balstien. No ja, doarpshûs?! It hjit hjoed oan de dei MFC. Multifunksjoniel Sintrum.

Dan soe it yn it Frysk eins MFS wêze moatte…

In prachtich nij doarpshûs mei in moai grut poadium en in ferskaat oan rûmten en fasiliteiten. En in gesellige bar mei noflike minsken! Mar as de nije tiid altiten ek better is?

Yn de klaairûmte gienen de ljochten automatysk oan en út. Mei bewegingsmelders. Handich, sa soenen jo sizze. Mar wy meie bliid wêze dat wy net ferûngelokke binne.

Hiel faak moatte wy ús ûnder it stik ferklaaie en gong is dan alles, wy moatte al op 'e tiid werom wêze op it poadium. Fia in trep nei ûnderen koenen wy achter op it poadium yn 'e klaairûmte komme. Mar iderkear wie it ljocht út!

No, dêr steane jo dan op de trep. Ut it folle ljocht wei yn de tsjustere tsjusternis, wy seagen gjin hân foar de eagen! Dêr stienen wy mei de hannen te wapperjen boppe oan de trep. Mar dat holp net, sa kamen wy geandewei it stik achter. Wy moasten midden yn de klaairûmte stean om it ljocht oan te krijen. Dat op 'e taast nei de klear lizzende klean.

Mochten sy no in ynfrareadkamera's ha dêr yn dat moaie doarpshûs fan Noardburgum, dan kinne se de kommende dagen genietsje fan wapperjende kluners en wieuwende knoffelhakken...

Mar it wie nettsjinsteande dit nuvere ûngemak in prachtige foarstelling...

Hij fertsjinnet deis frij ljocht en nachts frij klompedragen...

Pleatst: 15-09-2014 / 12:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

As ALS...

Yn in foarich blog joech ik al ris oan dat ik bytiden wolris wat myn nocht krij fan Facebook. Fansels, de berjochten en foto's fan famylje en freonen binne prachtich, mar njonken dizze berjochten stiet der ek in protte ûnnocht op dizze sosjale webside. Reklame dêr't je net om frege ha, útnoegingen om healwize spultsjes te dwaan en in protte filmpkes oer fan alles en noch wat. Hoewol, by dy filmkes sit der noch wolris in hiele aardigenien tusken. En jo ha hast in deitaak oan it besjen fan al dizze filmpkes...

Mar ek kin it oanklikken fan alderhande links en it liken (mei'k wol oer...) fan berjochten op Facebook nare gefolgen ha. Lês dit mar ris: Aanbevelingen en ‘liken’ kunnen leiden tot ‘filter failure’. En dit: Facebook pakt misleidende linktitels aan. En te'n lêsten dizze dan ek noch mar: Facebook baseert advertenties op surfgedrag gebruikers.

Big Brother Facebook...

En wy wienen de lêste wiken ek wat benaud dat wy útnoege wurde soenen om mei te dwaan oan de Ice Bucket Challenge. Dat wie in regelrjochte hype op Facebook.

Omdat dizze hype sa njonkenlytsen op syn retoer wie en der ek al krityske tsjinlûden te hearen wienen, hienen wy ús der al wat op klearmakke. Sa hie'k ea alris dizze challenge dien yn myn jeugd en de byhearrende foto út it famylje-album plukt. It wienen no net beweegjende bylden, mar it wie wol oerdúdlik in amer mei wetter oer de holle!

Mar no waarden wy krapoan in wike ferlyn as duo Klún & Knoffelhakke nominearre. Dat wie hiel wat oars! Mar ek dêr waard in oplossing foar fûn. Ditkear wol mei in filmke. En, omdat wy it doel fan dizze aksje fansels wol in waarm hert ta drage, ha wy ek oan de Stichting ALS in donaasje dien...

Moraal fan dit ferhaal: hâldt Facebook yn 'e gaten!

Pleatst: 11-09-2014 / 12:11 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hantumerterpkedagen...(2)

Se wolle yn Dokkum wol hiel graach dat wy komme. Sawol by de Ljouwerter as de Nieuwe Dockumer Courant siet dizze bylage (foto). Al dy ekstra kosten hienen se besparje kinnen! Soe dat no sa dreech wêze? Sjen wêr't de Dockumer hús-oan-hús ferspraat wurdt en dan dy besoargers fan de Ljouwerter melde dat dy net in bylage hoege?!

It wurdt wol dreech de kommende dagen, want wêr moat ik no hinne? De Damwâldrin, de iepen dei fan Palestra, de Dei fan de Garnaal yn Lauwerseach, it Flaeijelfeest, nei Albert Heijn (want dêr begjint it wykein neffens harren advertinsje), de menwedstriden yn Driesum/Walterswâld, de ekstra foarstellingen fan Krimp, de Mega-autoshow yn it WTC, it doarpsfeest yn Aldegea (Sm) as de buertbarbeque by ús yn 'e strjitte.

Ik tink dat it de buertbarbeque wurdt. En it doarpsfeest yn Aldegea...

Pleatst: 03-09-2014 / 14:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Mei 'k wol oer...(2)

Wat in aardige reaksje fan Praat mar Frysk op myn blog fan 31 augustus!

Haa Hendrik!
Wat aardich! Wy hawwe 'm fuort even fia Twitter dield! Wa wit smyt dat noch wat ekstra besikers op! In heel soad sukses en do witst ús te finen ast noch wat ekstra stikkerguod nedich bist ;)
Hertlike groet,
Mirjam en Sito fan Praat mar Frysk

En Mirjam en Sito hienen gelyk, der wienen juster hast 3 kear safolle besikers op dizze side as oars. Dêr mei 'k wol oer!

Pleatst: 02-09-2014 / 17:50 oere - Reagearje? - Nei boppen