Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Wyt...(slot)

En wer grien...

Pleatst: 28-01-2015 / 11:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

De subjektive piip...

Yn ús wc ha wy in hiele aardige skuorkalinder te hingjen. Elke dei behandelt dizze kalinder in nijsgjirrige fraach. De fraach fan ôfrûne snein wie wol hiel tapaslik. It antwurd stiet dan achterop en faaks wurde der in hiele protte weetsjes oan taheakke...

Dat piepen heet in wetenschappelijke termen tinnitus (van het latijnse woord tinnine dat rinkelen betekent). En dat wordt in de volksmond oorsuizen genoemd.

De piepende geluiden kunnen met wisselende sterkte worden waargenomen. Tot nu toe zijn ongeveer 400 verschillende oorzaken van oorsuizen bekend, waarvan lawaai van buitenaf de meest voorkomende is.

Maar ook door teveel oorsmeer, een storing in de doorbloeding of zelfs door een stofwisselingsziekte kan een piep ontstaan. De oorzaken zijn moeilijk te achterhalen. In zo'n 5 procent van de gevallen komt het geluid uit het eigen lichaam. Een bloedvat dichtbij het oor kan vernauwd zijn. Dan is het stromen van het bloed te horen.

Of het spastisch trillen van spiertjes in het oor of in de keel kan te horen zijn. Ook een afwijking in het kaakgewricht kan voor overlast zorgen, vooral tijdens het kauwen. Dit soort gevallen worden geschaard onder objectieve tinnitus: het oorsuizen is door een arts te horen.

De overige 95 procent valt onder de noemer subjectieve tinnitus. Dan hoort alleen de patiënt het piepgeluid. Hoewel oorsuizen vervelend kan zijn en concentratiestoornissen kan veroorzaken, is de kwaal niet schadelijk voor de gezondheid.

En dat lêste is dan mar wer moai meinaam...

Pleatst: 27-01-2015 / 17:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wyt...(3)

En foar it komplete plaatsje...

Klik hjir foar in fergrutting...

Pleatst: 27-01-2015 / 10:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wyt...(2)


Pleatst: 25-01-2015 / 10:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wyt...

Pleatst: 24-01-2015 / 09:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grien...(2)

Sûnt dat der hierkes út myn kin groeie en ik mysels (hast) alle dagen skeare moat, brûk ik de after shave fan Irisch Moos. Moai op in histoarysk rychje setten yn ûndersteande foto. Alle fleskes ha ik yn al dy jierren yn de hannen hân.

Wêrom no dizze? 'k Soe't net witte, miskien wol omdat doetiids de drogisten net safolle kar hienen en omdat ik ris wat oars woe as de fleskes fan ús heit...

Ik bin der nea wer ôfkaam...

Noch altiten brûk ik dizze geur nei alwer in skearbeurt. En guon fine it lekker rûken tink, want ik krij der wol ris komplimintsjes oer...(ahum)

Froeger wienen sokke fleskes rûnom te krijen, mar stadichoan waard dit merk seldsumer. Te min ôfnimmers tink? Us drogist yn Dokkum hat it jierren op foarrie hân, oan't de dei dat ik in leech skap ûntdekte en hy my fertelde dat it út de hannel naam wie. In lytse ramp! Ik ha doe wol in oar geurke besocht, mar neat foldie...

Yn in pear blogs fan 2006 ha ik dizze speurtocht beskreaun, en speurtocht hat my doe hiel wat aftershave oplevere, it kaam sels mei dozen fol út België wei. Letter fertelde de eigner fan de drogisterij, doe't wy ris foar oare saken by him yn de winkel wienen, dat hy it wer krije koe (sjoch by 7 desimber 2007), want der wie in oare leveransier dy't de distribusje oernaam hie...

En oan't de lêste dei hie dizze aardige drogist it yn it skap stean. Syn winkel is no oernaam troch de Etos, en dy ha neat fan soks yn 'e winkel. Mar lokkich kinne jo hjoed oan de dei alles fia ynternet bestelle...

Wêrom no dit hiele ferhaal?

Ik bin der achter kaam dat der mear leafhawwers binne dy't alles opkeapje omdat Irisch Moos sa seldsum is. En no wit ik ek wêrom it skap ek wolris leech wie yn Dokkum. Ik ha wolris tocht, hea der binne mear keapers, want de ferline kear stienen der mear doaskes yn it rek... Lês dit berjocht mar ris. Grappich, dy man hat doe in fleske foar myn noas wei kaapt!

En wêrom no grien? No, dat lis ik net út, want dan wurdt it ferhaal noch langer...

Pleatst: 23-01-2015 / 12:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grien...

De kommende twa blogs gean oer de kleur grien. Nee, net de griene moanne, dat is west. Gewoan, twa stikjes mei de kleur grien as tema. En ha de stikjes wat meielkoar te krijen? Neat, allinne de kleur is itselde...

Dit prachtige plaatsje kaam ik op Facebook tsjin. En de fraach wie: hoe neame wy dit model Volkswagen? No, dat wie net sa dreech. Wy binne der mei grut wurden. Dit binne brilkevers...

Froeger hienen wy thús sa'n brilkever as in soarte fan servicewein. Ien foarstoel derút om plak te meitsjen foar in gereedskapskiste. Wy mochten wolris mei, mei pake. Dan sieten wy op syn skurte, want ja, de auto lei fansels fol mei ark en oare ûnderdielen. Neat gjin bernestuoltsje as stoelferhegers, gewoan op pake syn knibbels. Wy mochten it stjoer ek wolris wat beethâlde en dat trille dan omraak. In hiel aventoer, op nei de klant dy't holpen wurde moast omdat hy pech as soksawat hie.

Dy brilkever hie in griene kleur en wy neamden him dan ek de Ald Griene. Myn broer hat nochris besocht him te restaurearjen, mar dêr is hy yn hingjen bleaun. De kever is doe ferkocht oan in leafhawwer dy't de restauraasje ôfmakke hat. Miskien is it dy foarste kever wol, hjir op 'e foto. Mar by myn witten is hy net yn Dútslân telâne kaam...

Pleatst: 22-01-2015 / 19:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Is't sa...?(2)

No, it foel ta op blaue moandei... Gjin nuvere dingen, it wie wol in moaie dei eins...

No ja, de kompjûters woenen net opstarte yn it kompjûterlokaal van Seniorweb yn de bieb fan Dokkum, dat wie eins it ienichste. En dat passet dan wol wer moai by sa'n dei: blaue skermen op blau moandei...

Froeger hienen wy op de basiskoalle ek lêsboekjes mei de titel De Blauwe Maan, skreaun troch Tonke Dragt. It wienen hiele poëtyske boekjes, mei grappich taalgebrûk en leuke taalfynsten, ik mocht der graach mei de bern út lêze.

Mar de bern fûnen der neat oan. En ek guon lêsmemmen fûnen it mar healwize boekjes. Ach jarrebarre, moatte wy wer út de Blauwe Maan lêze, dêr fyn ik no neat oan!

Nuchtere Friezen sille wy mar sizze...

wanneer is de maan blauw?
joost mag pas vliegen als de maan blauw is.
hoe kan dat nou?
wanneer is de maan blauw?
joost weet het niet.
hij vraagt het aan oma:
wanneer is de maan blauw?
maar oma wil het niet zeggen.
joost vraagt het aan pijl:
wanneer is de maan blauw?
blauw? miauw. miauw! zegt pijl.
de maan is niet blauw, maar geel.
net als mijn ogen.

Pleatst: 21-01-2015 / 00:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Is't sa...?

It is hjoed Blue Monday. En dat skriuwe jo hast krektengelyk as yn it Frysk: Blaue Moandei. Dat seinen se dan wolris op de fraach: Wannear bart it dan? Dan wie it antwurd: Op in blaue moandei...

Dat der komt hjoed hiel wat op my ôf. 'k Bin benijd...

Pleatst: 19-01-2015 / 12:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yes...!

Wat in Ingelske titels net...? Mar as ik der Jaaa boppen typ stiet it ek sa ûnnoazel...

Eins hie'k dit al folle earder pleatse moatten. Op âldjiersdei fan 2014... no ja, better let as net! Ik meitsje it wol spannend net?!

Myn favorite nûmer stiet op 1 yn de top 2000! Hotel California fan the Eagles. Fan'e moarn hearde ik it nûmer en tocht: dochs noch mar even blogge...

Yn ús rûge jierren wienen de Eagles dé band. Spitigernôch kamen se net folle yn Nederlân, oars wienen wy der grif en faak hinne gien. Mar wy rêden ús bêst mei ús cassettebandsjes en platenspilers. Hotel California waard griis draaid. En platen koenen doe noch 'griis' wurde en dêrmei bedoel ik: dat se noch kreakje en krasse (en cassettebandsjes koenen knappe en fêstrinne) koenen, it hearde der allegearre by.

Oer de tekst fan Hotel California waard wakker ûngelyk tocht. Guon tochten dat de tekst demoanyske boadskippen befette en wer oaren seinen dat Hotel California gelyk stie oan, as in oare namme wie foar, in heftige drug. Wy sieten der net mei, it wie gewoan in geweldich nûmer. Foaral mei dat pakkende gitaarduet fan Joe Walsh en Don Felder oan it ein.

Boksen even lûd en op nei it Hotel...!

Pleatst: 16-01-2015 / 17:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Less is... Nothing...

Ofrûne tiisdeitejûn wienen wy útnoege op de nijjiersresepsje fan de gemeente Dongeradiel. Wie ek wol wat spannend, want wy wienen mei ús teaterduo nominearre foar de Kultuerpriis fan 2014 fan ús gemeente. En fansels hie de boargemaster ek in nijjierstaspraak...

It wie in hiele noflike jûn, mei in protte OSM-ers (Ons Soort Mensen oftewol Ons-Kent-Ons). En ja, dêr heare wy no ek by...

Yn it begjin fan 'e jûn waarden de prizen bekend makke. Spitigernôch ha wy net wûn. Klaas van der Woude, de dirigint en muzykman, gie mei de priis oan 'e haal. Tsjin sa'n professional kinne wy net op. Hy is der foar oplieden en it is de man syn wurk.

Jammer, want as jo nominearre binne, soe it ek moai wêze dat jo ek winne...

Mar wy ha in prachtige jûn hân. Tige gesellich mei in goeie fersoarging fan de ynwindige minske. Lekkere hapkes fan Jan Cooks4You en wy koenen safolle drankjes krije as wy woenen. Wy seinen tsjin elkoar: gjin priis? Dan goed ynnimme, wy binne hjir no.

Nettsjinsteande dat de priis oan ús noas foarby gie, krigen wy wol in protte leuke reaksjes. In goed teken, want dan kinne se jo wol! De man fan de wethâlder út Ternaard fûn sa'n ferkiezing krekt in keallekeuring. It iene sjuerylid jout foar it keal 10 punten en in oar sjuerylid jout itselde keal 2 punten. Soks ha jo no altiten mei in sjuery...

No hoopje ik net dat jo ús fergelykje mei keallen, sa andere Broer...

En dan noch kloppet it net, sa gie hy fierder, want mei dizze ferkiezing hienen wy te krijen mei in kameel, in baarch en in kuierjende tûke...

En sa is't mar krekt! Op nei de tredde nominaasje! (En de priis...)

Pleatst: 10-01-2015 / 22:59 oere - Reagearje? - Nei boppen