Donald Duck… (2)
Doe’t ik it foarige blog noch ris neilies tocht ik by mysels dat it net altiten kommer-en-kwel is mei de ferskate helpdesks as oare tsjinsten. Les hjir mar ris… Mei in haadletter S
Wilens ik dit dit stikje sit te typen, komt der in berjocht fan de klanteservice fan Donald Duck binnen. Mei de ekskuses en wat tips foar it ynloggen. Se ha de gegevens no goed keppele neffens harren!
En dat kloppe! Moai, wy binne der hast, want de app wol noch hieltyd net iepenje. It nuvere is, dat ik de Donald Duck (op oanrieden fan in freonlike helpdeskmeiwurker dêr’t ik fia de chat -en nee gjin chatbot- kontakt mei hie) wol lêze kin op de tijdschriften.nl-app. Dat der komt skot yn de saak!
Hie ik it yn it foarige blog net oer pake mei syn radiohannel? Sjoch, yn 1930 moast alles goed regele wêze. Sûnder in ûntfangstbewiis mocht der gjin gebrûk makke wurde fan de radio.
Moasten se no ek wer dwaan, sûnder ûntfangstbewiis net mear Twitterje, Facebooke en oare social media aktiviteiten…
Moai sokke âlde radio’s… De foto’s hjirûnder komme út it famylje-argyf.
Pleatst: 18-01-2022 - 12:53 oere - Reagearje? - Nei boppen
Donald Duck…
Fansels binne de problemen rûn de taslagenaffaire en de gasboarringen yn Grinslân folle en folle grutter en stiet dit probleemke yn gjin ferhâlding ta dizze krektneamde grutte flaters. Mar it tekent wol hoe’t it tsjintwurdich om en ta giet yn de ferhâldingen tusken de ynstânsjes en de gewoane man…
Hoe binne dy ferhâldingen dan?
It is nammentlik in toer om wat foarelkoar te krijen as der op wat foar mêd dan ek in probleem is. As jo kontakt opnimme mei de oanbelangjende organisaasje dan belânje jo yn in doalhôf fan reaksjes, tips en oplossingen. Ik freegje my altiten wer ôf: wurde de mailtsjes wol lêzen, wolle se jo wier wol helpe? Wurdt der wurk fan makke as sitte se dêr mar wat standert antwurden te ferstjoeren en ôf te wachtsjen op de folgjende reaksje ûnder it mom fan: wurk moatte wy hâlde.
Foarbyld…
Fanwegen in net ûntfongen postsegelpakket fan postnl.nl stjoerden wy in mailtsje nei de klanteservice. Komme de postsegels noch? Oars graach de sinten werom.
Stjoere se deagemoedereard in reaksje werom dat wy kontakt opnimme moatte mei de leveransier fan dit pakket. Hallo! Dat binne jimme sels! En ear’t jo it yn ‘e gaten ha binne jo wer 5 mailtsjes fierder…
Mar wêrom bellesto dan ek net even?
Klopt, dat is in opsje. Mar fanwegen myn brike earen doch ik dat leaver net. (Om fan al onze medewerkers zijn in gesprek mar te swijen.) Mei alle respekt, de helpdeskers/ters prate faaks mei in aksint (oei, sorry… de beller fansels ek!) en dan is it hielendal in toer om elkoar goed te ferstean en te begripen.
Dus it leafst maile. As fia de chat. Mar dy lêste dat is meastentiids in chatbot en dan krije jo automatyske antwurden en komme jo ek net in streek fierder. Wisten jimme trouwens dat de e-mailadressen faaks goed ferstoppe binne op de ferskate websiden? Man, wat is dat altiten in útsikerij! Oer klantfreonlikens sprutsen, dôve minsken meie gjin kontakt opnimme mei de ynstânsjes…
No de Donald Duck...
Om’t wy al sa’n 35 jier lid binne fan it vrolijke weekblad de Donald Duck kinne wy op de ferskate byldskermen gebrûk meitsje fan de Donald Duck app. Delhelje gjin probleem, mar dan moat hy noch aktivearre wurde, want allinne mei in abonnemint kinne jo de app brûke. Jo moatte dan earst yn jo DPG-account (de útjouwer) mei help fan jo postkoade en jo abonnemintsnûmer de Donald Duck keppelje oan jo account. Dan wit de app dat jo wier betelje foar Donald en syn freonen.
Mar dêr begûn it gedonder!
Wat ik ek besocht, Donald woe net keppele wurde oan myn account. Gegevens onbekend waard der sein. Mar ik bin dochs lid?! Nei de safolste wegering dan dochs mar kontakt opnimme mei de klanteservice. Fia de mail, dat mei wol dúdlik wêze…
Pff… tich mailtsjes fierder. Gjin resultaat. Altiten wer in oar dy’t reagearret. Dan is it Carolien, dan wer Stefan as Stella dy’t in antwurd jout. En nuver, se lêze de foargeande mailtsjes net, want hieltiten krij ik wer deselde reaksje: app ferwiderje op ‘e nij ynstallearje en op ‘e nij ynlogge. Jimme wolle net witte hoe faak ik dit no al net dien ha.
Hawar…
Op’t lêst soe Carolien dan mar even it abonnemint keppelje oan my DPG-account, want thús slagge it net.
Het abonnement was nog niet gekoppeld wat ik nu voor u heb gedaan. Het volstaat nu om in te loggen met bovenstaand emailadres. Indien je de app al geinstalleerd adviseer ik je deze te verwijderen en opnieuw te installeren.
Nee Carolien, it wie net keppele om’t it net woe! Moai datsto dit no even foar my dien hast!
Mar oh heden, doe’t ik yn myn DPG-account seach at it ek wier sa wie, waard ik suver kjel. Hearken, dit soe fêst de oarsaak wêze fan alle ellinde!
De adresgegevens stiene hielendal ferkeard yn harren bestân! Dit wie 10 jier lyn it adres fan ien fan ús jongens! Fansels is it abonnemint dan ynaktyf en no begripe wy ek wêrom it keppeljen net woe. Dy postkoade brûke wy al lang net mear! Mar it nuvere is, de Donald Duck komt wol op it goeie adres en it adres dêr’t de de rekken hinne stjoerd wurde moat witte se ek wol te finen…
En om dit no wer goed te krijen… dat is foar de klanteservice in ûnmooglike opjefte. Nettsjinsteande skermôfbyldingen en meistjoerde adresgegevens. Op’t lêst skreau ik:
Als ikzelf mijn abonnement wil koppelen, dan lukt het niet, wat ik ook probeer! Toen hebben jullie dit voor mijn gedaan, met bijgaand (zie afbeelding) gevolg! EN DIT KLOPT NIET!
Ik val ook in herhaling, ik pas me naadloos aan aan jullie berichten… 😊😉
Mar nee hjer:
Wij ontvingen uw bericht waarin u aangeeft dat u geen gebruik kunt maken van de app. Dat is vervelend. Ik heb u hier eerder over bericht. Misschien bij de spamberichten terecht gekomen? De invoergegevens worden door u zelf verstrekt en wij muteren dit in ons systeem. Zoals u aangeeft staan de gegevens goed in het systeem. Ik adviseer u de app helemaal te verwijderen en opnieuw te installeren. Hierna inloggen met bovenstaand emailadres. Dan moet het lukken van de app gebruik te maken..
Ik ha net sein dat de gegevens goed yn it systeem stiene, just net! En ik ha de app al tich kear ferwidere en wer delhelle. Moedeleas wurde jo hjir fan en noch is it net oplost!
Unwillekeurich moast ik tinke oan ús pake. Hy hannele yn radio’s en oare technyske saken. As guon klanten muoite hiene om de radio op de goeie stjoerder te krijen, gie hy der op ‘e fyts hinne om it yn oarder te meitsjen. Dat wiene nochris tiden! Mar ja, fan fytsen ha se nea heard by de Donald Duck.
Ik ha al besluten om by de folgjende neatsizzende reaksje in wite flagge te werom te stjoeren. Hoewol, in reaksje sil wol útbliuwe want ik ha wol murken dat iderkear as it te dreech wurdt, dan reagearje se gewoan net mear…
Pleatst: 12-01-2022 - 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen
Posityf…
In lockdown is ferfelend, mar yn karantêne is noch ferfelender!
Yn de earste wike fan de krystfakânsje testten wy beide posityf. Hearken, hiene wy wer sa flak foar de krystdagen. Ek de offisjele testen joegen posityf oan. (Lyts foardiel, de testlokaasje wie moai tichteby…)
Dat dêr giene de plannen foar de feestdagen. De slachter mar ôfbelje, it bestelde lekkers koe wol oan in oar ferkocht wurde. Alle freonen en bekenden dêr’t wy mei yn kontakt west wiene belje en op ‘e hichte bringe. Foel by harren allegearre wat ta, lokkich mar.
Mar by ús gie de boel op slot. 14 Dagen. Allinne mar appe, facetime en achter it glês (mei mûlkapkes foar) kontakten mei oaren. Dat wy kinne wol sizze dat wy tige rêstige feestdagen hân ha.
Mar wat waard der goed op ús past! Kadootsjes, lekkers, mielpaketten, boadskippen dy’t foar ús ophelle waarden, oan oandacht gjin gebrek! Dat wie prachtich en ha wy ek tige wurdearre!
En koene wy de dagen wat om krije? Ja, lokkich wol, wy ha oan it bingewatchen west. Hiele tv-searjes achterelkoar sjen. Ek wolris aardich, wy sieten der moarns al plat foar… En tegearre goermette. (Wy hâlden de sfear der mar wat yn…)
Beide hiene wy mylde klachten, dat wy geane der mar fanút dat de faksinaasjes harren wurk dien ha. Oh ja, de boosterfaksinaasje koene wy ek ôfsizze (wy stiene yn de fakânsje ynpland), wy ha om samar te sizzen in natuerlike booster hân. Mar natuerlik as net, wy hiene ús de feestdagen hiel oars foarsteld.
Lokkich hiene ús oerbuorlju, nettsjinsteande it ferbod, in pôle fjoerwurk…
Pleatst: 10-01-2022 - 15:21 oere - Reagearje? - Nei boppen
© webdesign: www.vanderhei.de - 2022