Kameleon…


De Schippers van de Kameleon wie ien fan de earste boeken dy’t ik yn myn jeugd hielendal kapot lêzen ha. En dan yn de útjefte dy’t by dit blog ôfbylde is. (Ik miende dat ik dit boek noch earne lizzen hie, mar yn ús antike bibliotheek koe ik it net fine…)


En dan fantasearje hoe’t it wêze soe at wy sels sa’n boat bouden. Oan automotors gjin gebrek.

Mar it bleau by dizze deidreamen. In boat is der nea kaam, wy hâlden it mear by twatsjillers; motors en brommers..


Wat is it dan moai dat jo yn de film De Kameleon aan de ketting dizze stoere boat fan de bekende twaling yn jo bertedoarp om faren sjogge. In feest fan werkennen!


Der wie ek noch in glânsrol foar ús doetiidse moetingsplak: jeugdsoos it Haske. Yn de film wie dit it plysjeburo en dat wie wol gauris yn byld. Wol wat frjemd, in bar yn it plysjeburo en in grutte wandskildering as achtergrûn, mar ik ha my der net oan steurd… Ik fûn it prachtich, freonen dy’t op dizze skildering steane, kamen dúdlik yn byld!


It wie ek noch in moaie film! Net allinne de pake- en beppesizzers ha genoaten, mar ek pake. Even werom nei froeger, nei de plakjes en dreamen fan doe…

Pleatst: 21-07-2021 - 15:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

De beamer…


Hendrik! Kinst even helpe, hy docht it net!


Dan stie der wer ien as d’oare ynlieder senuweftich te trintsjen om’t hy de plaatsjes by syn praatsje net foarinoar krije koe. Want dat wie, litte wy sizze, sûnt 2000 hip. In ynlieding hâlde mei in beamerpresintaasje. Dan koene jo mei moaie skema’s, flitsende filmkes en ynfleanende teksten jo ferhaal stypje.


Foar it beamertiidrek hiene wy dia’s. Mar dy stiene stil en by fertoaning moast de hiele seal fertsjustere wurde. Dat sa’n sprekker liet sokke plaatsjes wol gewurde, oars stie hy tsjin in tsjustere seal te praten… In flap-over, dat gie noch, mar perfoarst gjin diaprojektor.


Mar ja, de kompjûters waarden lytser, de technyk better en jo koene in projektor oan de PC keppelje. En om’t dat modern wie, neamden wy sa’n projektor in beamer… (Mar de plaatsjes bleaune dia’s hjitten…)


Beam me up Scotty… Hoe faak wy dat wol net hearden...


Hawar. Dy nije digitale technyk wie it helpmiddel foar de ynlieders en de praatsjemakkers. Mar der waard faaks besunige op in goeie hantlieding as op in koarte kursus. Want sûnt de beamers opgong makken, ha ik boppesteande gjalp withoefaak heard…


Net dat ik it altiten wist, mar ik krige sa stadichoan wol hiel wat ûnderfining en meastentiids krige ik de boel dan ek wol wer oan ‘e praat.


De wichtichste rigel by it brûken fan sok spul is: kom yntiids! Dan ha jo rom de tiid om de boel klear te setten en oan te sluten. Want troch tiidgebrek dogge jo faaks mar wat. Boppedat begjinne guon harren der dan ek mei te bemuoien, want se sjogge dy wrakseljen en acht oere soene wy los en no is der noch neat te sjen op it skerm, de earste gasten sitte al klear… Bêst oanbean, mar soks rint meastentiids út op in noch gruttere gaos. Mei as gefolch dat acht oere lang net helle wurdt. Alles is dochs oansluten en de lampkes brâne dochs allegearre, mar wêr is it byld?


Dêrom advisearre ik myn skoansuster om earst mar wat beamerkursussen te folgjen. Sy wol foar har wurk graach lêzingen jaan en dan fansels mei in beamer. Ik ha noch wol in beamer, mei sy wol brûke, mar earst op kursus!


No, dat ha wy witten...


Les 1:

Alles stie kreas klear. Skerm, taffeltsje, kompjûter en Hendrik hie de beamer mei. Utlizze hoe’t it oansluten wurde moast. Mar: âlde beamer, nije kompjûter. En der binne 876 ferskate kabels en oanslutingen. Mei oare wurden, âlde kabel passe net yn de nije kompjûter. Earste les sûnder beamer. Dan mar wat algemiene lessen oper Powerpoint. Skoansuster soe in adapter foar de kabel bestelle. Folgjende wike les 2.


Les 2:

Adapter wie oankaam. Oansluten gie rap. Beamer draaide. Mar resolutie fan beamer wie oars as fan de kompjûter. Dat kin ynsteld wurde. Hiele les bestege oan ynstellen fan it skerm. Uitbreiden, Dupliceren, Alleen PC-scherm, Alleen tweede scherm… Pff… it swit stie ús kursist op ‘e holle. Hendrik soe mar in hantlieding skriuwe… Lûdskabeltsje ek noch fergetten…


Les 3:

Alles yn de beamertas! Lûdskabel, hantlieding. Alles klear! Dizze kursusdei soe fêst in boppeslach wurde! Healwei de reis kaam ik derachter dat ik myn lêsbril fergetten wie. (Is wolris faker bard, witte jimme it noch?) Mar ach, by myn skoansuster wurde se ek in dei âlder, dat dêr soe fêst in lêsbriltsje te finen wêze. Mar nee, nearne in bril te finen. No mocht ik de bril fan myn skoansuster wol brûke, mar dat binne sokke frjemde glêzen. Dan mar in les op ‘e taast. Ik de kompjûter bestjoere en myn skoansuster de lytse letterkes lêze…


Toe je, it moat dêr earne stean. Wat stiet dêr? Nee, dêr ûnder Bestand… Lês ris foar, nee dat bedoel ik net. Oh, dan stiet it fêst ûnder Invoegen… 


Humor, ik krige suver ynspiraasje foar in nije skets…


It waard ien grutte Babbeloanyske spraakbetizing. En de hantlieding koe ik ek net lêze en hy kloppe ek net hielendal. Dat mei koweletters de oanpassingen derop kalkje en de oare kear in nije hantlieding én de BRIL! Dus noch mar in ekstra les ynpland. Fêst in reserve lêsbril yn de beamertas stoppe mei in nije hantlieding. It sil dochs in kear goed gean! 


Moraal fan dit ferhaal: 

Nettsjinsteande dat jo moai op ‘e tiid binne, kin der dochs noch fan alles misgean mei dy 🤬☠️⚡️💣 beamers. (En hâld wat achter de hân as de boel it echt net docht.)


Apart net, dyselde dei krige ik in reklamemailtsje foar beamers… Soe Scotty dan dochs meilústerje ha?

























Pleatst: 16-07-2021 - 16:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Biofer(dwûn)skaat…


De trouwe lêzer wit sa stadichoan dat ik hast alle dagen in blokje om gean. Meastentiids itselde blokje. Dit fanwegen de moaie rûte en de geskikte ôfstân.


(Hearken, dêr begjint hy wer t eameljen oer syn kuierke…)


Foarich jier wie ik, fanwegen myn blessuere, faak op ‘e fyts en wiene de loften myn deistige ôfwikseling, mar tsjintwurdich rin ik net mear mei myn holle yn ‘e wolken, mar mear yn de berms en foarmet de bermflora myn elke dei wer oars gefoel…


Man, wat is dêr wat te belibjen as jo dêr each foar ha! Mear as 80 ferskillende planten yn de berms en de sleatskanten. Hjir kinne jimme dy allegearre besjen.


Mar oan alles komt in ein… 


Ik siet der al op te wachtsjen doe’t yn de Dockumer in meidieling fan ús gemeente stie, dat se mei it ûnderhâld fan de berms begjinne soene.


Ja, fuort mei dy rotsoai! Dat is de algehiele miening fan de measte doarpsgenoaten. Want it túch stiet sa heech dat jo elkoar hast net iens mear sjen kinne as jo dêr lâns fytse! En eins kin ik harren gjin ûngelyk jaan. Mar troch myn herbariumferline bin ik der dochs wat oars oer begûn te tinken.


Fan ’e wike wie it safier.


Doe’t ik oan it begjin fan it blokje om yn ‘e fierte auto’s riden seach oar de dyk dêr’t ik aanst ek lâns komme soe, doe tocht ik al: oh heden de meaners hawwe taslein…


Ik sjoch it dan foar my. Grutte trekkers mei grauwe meaners en hakselders dy’t mei grau geweld en hege snelheid oer it strewiel jaaie. Lûdsdempende koptelefoan op, kabine ticht en door


Soene se in idee ha fan datjinge wat se ommeane? Soene se ek mar de namme fan ien plant út harren holle opneame kinne? Soene se witte fan de finkjes en de tapuiten dy’t ek yn dizze berms húshâlde? Dêr bin ik dan wol wer benijd nei.


Mar ik nim harren neat kwea ôf hjer. It is faaks ek wol goed om de snoeiskjirre yn de hân te nimmen. Mar rigoreus is soks wol. Hawar…


Lokkich wurdt it alwer grien en komme en stekke planten harren earste griene blêden alwer boppe it meanfjild út. En kin ik wer begjinne mei te rieden nei de planten dy’t dêr útgroeie. Wat salang dy net yn bloei steane, bliuwt it in gok..



Pleatst: 08-07-2021 - 13:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de