Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Dreech...

In bytsje rûmte, in protte ymprovisearje en in dreech optreden. Sa kinne wy ús lêste optreden foar it simmerreses it bêste omskriuwe. En dan ek noch wat stean litte! Want ja, as jo neat delsette kinne, dan mar de hichte yn. Dat ûnder it optreden it boerdsje fan de SVR boppe op in planke sette en dan der nea wer oan tinke... Mar se sille it foar ús bewarje! Nije wike mar wer even nei it Wapen...

Pleatst: 30-06-2007 / 15:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


Belibje it Waad...!

Wy moasten wer alternatyf fansels. Gjin kommersjele pretparken, gjit yt- en fretreiske en net oeren yn 'e bus. Dat ien fan ús kollega's kaam op it idee en gean op skoallereiske nei de Natuurschool yn Lauwerseach.

Skynt hiel leuk te wêzen. Boppedat is it net djoer en stiet natoeredukaasje heech yn't findel (vaandel, foar de net Friezen...). Mar ja, wy gean altyd om njoggen oere fuort, it moat al wat lykje fansels. Mar elkenien hat wol yn 'e gaten, dat Lauwerseach mar in hoannestap is.

Dat moarns earst mar tiidrekke, kalm de bus yn, wiidwreidich de achterbliuwers útswaaie (hiene se witten hoe't wy wer thúskamen, hiene se net sa lake...) en de bussjauffeur mar sechstich ride. Hy koe hast net stadiger, de ynhellers begûnen al te tuterjen...

Om goed kertier foar tsienen stiene wy op Lauwerseach en it programma soe om âlve oere begjinne. Dat wy ha earst mar yn gêrsfjild opsocht en de bern fleane litten. Under it ferlechje fan skoft ha de bern hast trije kertier boarte. En it wie glûpende kâld, dat elkenien woe wol fierder. Doe dochs mar as in slak nei restaurant Schierzicht, dêr't de natoergidsen al foar ús klear stiene. It spektakel koe begjinne...

Sjonge, wat ha de bern harren útlibbe. Fiskje mei in grau net yn 'e waadsee. Tobben fol krabben, garnalen, platfisken en oar seefruit. En de bern mar oangean: 'Durft meester de krab vast te pakken?'. No dat doart master wol fansels, jo wolle jo net kenne litte, is't net sa?! Doe mei in skepnetsje fiskje yn in poel by it Lauwersmar. De bern mochten der mar ta harren knibbels yn, mar it duorre net lang as de measten stiene al oan de middel yn it wetter. En mar drab omheechhelje, dat útplúzje en libbend guod yn in tobke goaie. Fiskjes, larven, swietwettergarnalen en mear fan sok guod koene se sa moai besjen.

Nei't wy in patatsje krigen hiene, makken wy ús klear foar it spektakelstik fan 'e dei: waadrinne! Wer yn 'e bus en op nei de seedyk. Dêr ús klear meitsje foar it grutte avontoer. Spesjele stappers oan, âlde klean út 'e tas en huppakee, de Waadsee yn. De gids mei in grutte grippe foarop en priuw de sfear, snúf de sâlte seelucht yn dy op! Mar it dourre net lang as de earste lei al langút, ûnder it slyk en sa swart as de nacht. En as der ien skiep oer de daam is... Nei in pear minuten wiene der mear bern dy't langút leinen. It wie ien grut slykfeest! En de natoergids mar stinne: hoe hâld ik dizze slykstappers by de les...

Mar de bern fûnen it prachtich! Kamen mei fan alles en noch wat oansetten. Krabkes, skelpen, fiskjes. En alles moast mei fansels. Nei't wy werom wienen en wy it rûchste wat ôfspield hienen, mochten wy ús omklaaie en droege klean oandwaan. Lokkich wienen wy warskôge en hiene de bern skjinne klean mei. Alles wiet en smoarch yn in plestiktas proppe en mêm rêdt har der wol wer mei. Ik tocht mar ien ding: de tillefoan stiet moar readgloeiend! Allegearre âlders dy 't ferhaal helje wolle, want guon bern hienen harren kreaze, deistige jas oan en dy siet der ûnder!

Ien âlder reagearre wat lakonyk:'Ben wel wat gewend meester, ze komt nu noch netjes thuis...' Wachtsje mar oan 't de tas iepen giet, tocht ik. En de bern? Dy ha de dei fan harren libben hân en se wolle it oar jier wer. Moai net?! Se ferjitte de Waadsee nea wer en dat wie dochs de bedoeling?!

Mei tank oan Rhonda foar de foto's.

Pleatst: 29-06-2007 / 17:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


Dat hie folle earder moatten...

No, dat soe ik altyd al ris dwaan wolle. Mar Broer hat gelyk: jou him in dreun. Ik wit, jo moatte jo lulkens ynhâlde en it is net goed om te slaan, mar by sokke Toppers is it wol ris goed dat se wer mei beide fuotten op 'e grun komme. Lokkich wie mem derby, dat dy sil wol sein ha: Net slaan jonge. As: Op bêd! Soks dogge wy net! Mar ik wie bliid dat ik dit stikje yn 'e Telegraaf lies en ik toch krekt goed. No mar hoopje dat Broer kommend wykein wer ûnder komme mei, want dan moatte wy wer op 'e planken. Lokkich is it yn in boppeseal...

'Heit slacht mem, mem slacht my, ik slaan de hûn, sei de jonge, op sa'n manier dogge wy alle trije wat.'

Pleatst: 27-06-2007 / 23:20 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hynders...

No der is wat frije tiid ynstutsen. In hiele organisaasje, sa'n konkoers hippique. Wilma hat wakker oan 'e gong west mei de ponykeuring. In hiele protte pony's út 'e omjouwing diene hjir oan mei, mear as 100! Der binne in protte foto's makke fan dit prachtige evenemint. Fandêr dat ik op dizze side mar ien foto set. De rest moatte jimme mar op de folgjende sides besjen:
Waldnet - Fototoko - Gea Veenstra - Nijsnet

Wilma wol yn 'e takomst ek 'trio-ride'. Sil wol dreech wêze mei 2 hynders...

Pleatst: 24-06-2007 / 20:41 oere - Reagearje? - Nei boppen


Alde Feanen

In prachtige omjouwing! Juster binne wy der mei de bern fan myn klasse hinne west. Tolve opdrachten moasten de bern dwaan en dat fûnen se prachtich. It is wol in besite wurdich, want Nasjonaal Park de Alde Feanen is in skitterend gebied! Mei tank oan Petra Visser foar it meitsjen fan dit leuke filmke.
Op ekskursje nei de Alde Feanen

Pleatst: 23-06-2007 / 14:06 oere - Reagearje? - Nei boppen


Heitedei...

Dat is nochris in aardich kado! In BBQ oanbean fanwege heitedei. It siet smûk en it fleis wie hearlik! Dan ek noch in tsjerketsjinst op 'e achtergrûn en de dei kin net mear stikken. Lokkich dat se net mei it ponkje lâns kamen, want sinten ha wy net. Wy binne mar earme sloebers dy 't nei de bern geane te iten...
Foar takom jier ha'k dit op 'e list foar heitedei. Sjen oft it slagget. Wy moatte fansels al wat mear as MR syn 'flatscreen'...
(En hjir is Kees syn radio neat by... :-)

Pleatst: 18-06-2007 / 23:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


T6?

En dat samar by ús foar hûs...
Seit Wilma, as se my sa 'fotosjoppen' sjocht: 'Wat tinksto dat dêr fan komt? Allegearre T6-kes?? Komme allinne mar dûkjes fan...'

Pleatst: 17-06-2007 / 11:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Teatsen...

Keatsen is moai wurk en ek tennis is in moaie sport. Miks dizze twa en jo krije teatsen!. Us keatsferiening de Kletsers hat it no twa kear organisearre en elke kear wer is it in boppeslach, om mar yn keatstermen te bliuwen. Aardich wie dat wy ek noch in pryske wûnen. Op dizze foto ûntbrekt Jitse, want de priisútrikking wie al wat let en ek net elkenien fynt it goed dat jo op sa'n jonge leeftiid al yn 'e kroech komme. Op 'e lytse foto de priiswinners fan dizze prachtige partij.

Pleatst: 17-06-2007 / 11:15 oere - Reagearje? - Nei boppen


Skoallekamp

Groep 7 en 8 fan de fjouwerHoeke op skoallekamp nei Ellertshaar. Trije prachtige dagen! Klik op dizze link om in hiele protte foto's te besjen: skoallekamp de fjouwerHoeke 2007. Wy noegje de bern út om te reagearjen, dan sette wy de reaksjes even ûnder dizze moaie foto...

  • Reina Catharina:
  • It wie in tige slagge skoallekamp, super!!
  • Lillian & Yanna:
  • Wy ha it skoallekamp hiel leuk fûn! It wie allinne net sok moai waar en it wie in bytsje koart!
  • Sanne:
  • Moaie foto's, ik bin er ek west wie wol moai!
  • Anna Maaike:
  • Wy hawwe it tige nei it sin hawn en wy ha it troffen mei it waar!
  • Ineke:
  • It kamp wie leuk en de foto's binne komysk...
  • Eelke Johannes:

  • Ik fûn dy trije dagen prachtich om nei skoallekamp te gean!

    Pleatst: 15-06-2007 / 22:54 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Feest!

    It is de tiid fan de doarpsfeesten. Woansdeitejûn de minsken yn Moddergat mei Klún & Knoffelhakke fermeitsje yn de feesttinte. Tige gesellich en in protte folk. Aardich dat wy ek wer even fûstke ha mei de Sellina's. Ek sy hienen it tige drok, mar se hienen de tinte wer âlderwetsk oan 't swingen.

    Tongersdei en freed hienen wy doarpsfeest yn Tytsjerk. Tongersdei stie yn it teken fan it sirkus. Mei help fan meiwurkers fan sirkus Witova ha wy mei de bern in foarstelling tared. Moarns snuffelje oan ferskate sirkusakts en kostuums meitsje. Middeis in akt ynstudearje. Jûns om sân oere siet de feesttinte stampfol mei âlders, beppes en pakes om nei de foarstelling te sjen. It wie in boppeslach! Mei om't Witova foar in tige professionele begelieding soarge.

    Op freed fersierde weinen. Wy mochten der wat by omstappe, dat it wie tige noflik. Moaie weinen en wer in protte wurk ferset. It is krekt as yn ús doarpen. Mar hokfoar doarp is no better en moaier? Ik lit it mar yn 't midden, want der binne sawol lêzers út Hantum as út Tytsjerk...

    No ik it oer Hantum ha, it wie tige rêstich op 'e Terpen, want Wilma wie mei har klasse op skoallekamp. Aanst foto's fan dizze moaie dagen!

    Pleatst: 15-06-2007 / 22:43 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Underwiisfolk...

    Pleatst: 12-06-2007 / 23:16 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Optredens...Anton Tsjechov

    In drok wykein, mei in protte gesellige eveneminten! Klún en Knoffelhakke yn de Himrik, Rûm Sop yn it winkelsintrum fan Damwâld, in tennisfeestje in jierdeisfeest en sneintejûn nei in moaie foarstelling fan Tryater yn 'Simmer op 'e Súdlannen'. Tryater spile op lokaasje de foarstelling 'de Trije Susters' fan Anton Tsjechov. Jo moasten der wol even ynkomme, mar oer it gehiel wie it in moai stik, spile op in bysûnder plak.
    Moarn wer de hurde werklikheid...

    Pleatst: 10-06-2007 / 23:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Der binne fan dy dagen...

    Soms ha jo dat, dan binne jo hielendal op, ha jo oeral lêst en kronkelt it mar nuver yn it liif.

    Mar in oerke op 'e bank, dan bin ik der wol wer (thúsbanke neame wy dat...) want jûns stiene der ek allegearre wer aktiviteiten op it programma.

    Mar it waard allinne mar minder. Dan krije jo dy hinne-en-wer gedachten: wat sil 'k dwaan, derhinne as thúsbliuwe. Dochs de knoop mar trochhakke en de boel ôfbelje. Dan twa poederkes en op 'e koets. It wie in hearlike lange nacht en hjoed gie it wol wer. Dochs bliuwt it wat rommeljen... Jûn mar wer op 'e tiid de hynders foar de koets. Sil Wilma ek fêst wol oansprekke.
    Dat fan dy hynders bedoel ik dan...

    Pleatst: 07-06-2007 / 21:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Ezel...

    Pleatst: 05-06-2007 / 23:13 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Kapster...

    Soe de kapster sjen? Juster wer foar in knipbeurt nei Ternaard. Fuortendaliks begûn de kapster (nee, nammen neame wy net...) oer myn webside. Se hie heard fan in bekende doarpsgenoate, dat der in ferhaaltsje fan har op myn side stean soe. Dit nei oanlieding fan de foarlêste knipbeurt yn dit smûke kapperssaakje.

    Fuort wurdt der dan sein dat dit ferhaal dan ek wol wer op 'e webside kin. Ja, ja, sa bliuwe wy oan 'e gong. Ik kin no net sizze dat ik juster yn 'e kaperssaak nuveraardige ferhalen heard ha. As it moat wêze dat jo, as jo sliepen bliuwe yn in pleatslike herberch, de hiele nacht allinne lizze, om 't de eigners nei harren eigen wenning gean en allinne mar in tillefoannûmer achterlitte. En nee, wy neame noch hieltyd gjin nammen...

    Wie juster wol in 'Ternaard-dei'. Middeis moasten wy tennisje tjin de Harkema. En wer ferlern fansels. Dat wy eindigje dit jier ûnderoan en degradearje nei de tredde klasse. Harkema waard juster kampioen en promovearret nei de eerste klasse. Mar dêr kamen se krekt út en se fine neat oan dy klasse. Dat wy ha mar tsjin elkoar sein: 'Oan 't oer twa jier!'

    'Myn hier komt op ienen te stean...'

    Pleatst: 03-06-2007 / 17:31 oere - Reagearje? - Nei boppen


    Priegel skriuwt...

    Oan dit ferhaal moast ik tinke doe't ik juster oer de Sjonnies skreau. Yn it ferline ha de Sjonnies hjir ek al ris west. Dat wie yn 1999. Al wer 8 jier lyn! De Seagefiler soe wol sizze: 'De tiid hâldt gjin skoft...'

    Pleatst: 02-06-2007 / 09:23 oere - Reagearje? - Nei boppen


    In nije moanne en in nij lûd...

    Wy sette de nije moanne goed yn! De nije buorlju binne der dochs noch net, Wilma is mei de hynders op paad en Marten stiet by de Sjonnies te swingen en de Sjonnies spylje fêst net 'Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn...'

    'Hark de muzikant ris, sei Bearn, doe hie er in bigge yn 'e sek...'

    Pleatst: 01-06-2007 / 20:40 oere - Reagearje? - Nei boppen