Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Drone...

Dat wie prachtich, ôfrûne woansdei. Us pleatslike kuorbalklup organisearre it Frysk Kampioenskip Skoallekuorbal. De (skoalle)teams kamen rûnom wei. It hat leau'k noch nea sa drok west yn Hantum.

Op de webside fan DTL, sa't ús kuorbalklup hjit, stiet in wiidweidich ferslach, mei foto's en al. In doarpsgenoat hat in protte filmkes makke, mei in drone, en dus fanút de loft. In aardichheid. Fia dizze link komme jimme op it fideokanaal fan de kuorbalklup en kinne jimme noch folle mear filmkes besjen.

In oanrieder...

It docht my sa nij as fleanen...

Pleatst: 16-06-2017/ 18:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op skoallereiske...

Pake mocht mei op skoallereiske. As begelieding. Hiel wat oars as master...

De bern hiene allegearre in hesje oan want dat is superhandich! Jo sjogge fuort wêr't de bern fan jo skoalle úthingje. Noch moaier is it dat jo pakesizzers (der wiene 2 mei op dizze dei) sa'n hesje oan ha mei dêrop it logo dat je sels ûntwurpen ha...

Wy ha in prachtige dei hân yn in moai oersichtlik park. Net te drok en moai droech waar. Boppedat wie alles fergees! Patat, drinken, iisko's. De bern koene safolle ite at se woene. De bern (en de begelieding) ha harren geweldich fermakke. Elk bern op harren eigen wize. Dat is no sa moai op sa'n dei; je lekker útlibje...

En pake? Dy is mar nearne yn west. Draaiende attraksjes is net ferstannich as jo lêst ha fan Menière. No ja, it spookhûs, dat koe noch krekt...

Mar ek dizze foto ha wy fergees meinaam, want oan it ein fan de rit koene jo dizze foar 2 euro bestelle. De makke foto's waarden op in skerm toand. En jo stiene der sa deun op, dat je maklik in foto fan dizze foto meitsje koene. De hân mei de tillefoan is dúdlik te sjen.

Ek de bern ûntdutsen dizze fotomakkerij en se fleagen fuort wer nei de yngong. Want net it spookhûs wie de attraksje, mar it meitsjen fan de foto's. En dan goed healwiis sjen. (Krekt as pake...)

Pleatst: 10-06-2017 / 16:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Elke Pinkstermoandei...(2)

Dêr wie de foto al. Nuver dat wy doe de hint op it boerd achter ús net opmurken ha...

Pleatst: 10-06-2017 / 14:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Elke Pinkstermoandei...

Dizze foto die my earne oan tinken. Ik seach dizze entûsjaste tandemriders ôfrûne moandei troch Hantum fytsen. No noch fleurich en nei elk de hân omheech...

It kaam my tige bekend foar. Wachtsje mar ôf, tocht ik doe...

Ik moat ek noch in oare foto ha, dy't útleit wêrom my dit sa bekend foarkaam. Ik sil noch even fierder sykje. Hy komt fêst letter op dit blog te stean. Lês no earst mar De tocht fan '97...

Pleatst: 07-06-2017 / 23:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

De aaiboer…

By Wilma yn 'e klasse sit in jonkje dy't thús hinnen hat. Hy hat in hanneltsje yn skarrelaaien en op advys fan juf is hy wol gauris by ús oan de doar om aaien te ferkeapjen.

Fan 'e wike wy hy der wer. Mar hy hie gjin aaien by him. Mar as jo belangstelling ha, dan kin ik se sa ophelje… Jawis woe ik wol aaien ha. Echte skarrelaikes… Mei de fearkes der noch op.

Wat ha jo der foar oer? Ik hie gjin idee, wat jilde aaien? Mar it aaiboerke wachte myn antwurd net ôf en sei: 2,50? Bêst sa, andere ik. En hy draaide him om mei de opmerking dat hy der sa wer wie.

Aha, de doarbel gie, dêr wie de aaiboer alwer mei myn 10 aaien. Doe't ik de doar iepene oerhandige hy my in kreas doaske biologyske aaien… Tige tank! En nei't ik ôfrekkene hie gie de aaihanneler fierder op syn skelter.

Dochs wie it oars as oars. Biologyske aaien? En wat in kreas doaske. Oars hie hy altiten ferknûkele doaskes dy't al tich kear brûkt wiene. Ik pakte ien fan de aaien út it doaske en ik seach dat der in stimpeltsje op stie.

Soa, de saken geane mar bêst, hy hat no ek al in stimpeltsje om de ôfkomst oan te jaan…? Ynienen gie my in ljocht op. It soe dochs net?

Yn ús doarp ha wy op 'e hoeke fan ús strjitte en de Hearewei it Skuurke. Dêr kinne wy alderhande ierappels, griente en mear farsk spul keapje. Ik der as in spear hinne. En it die bliken dat ik gelyk hie. It fakje mei aaien wie leech en in doaske mei 10 aaien jilde neffens it priiskaartsje €1,50…

Tûke aaiboer. Dy rêdt him letter wol…

Doe't ik de folgjende dei op wei nei de brievebus de eigener fan it Skuurke oantrof by syn hannel, frege ik him oft hy no ek al gebrûk makke fan in tuskenhanneler.

En nei't hy myn ferhaal oanheard hie, wie hy slop fan laitsjen. It tocht juster al, hea, alle aaien binne yn ien kear útferkocht, dat bart hast nea…

De oare kear dat ik tsien aaien fan ús aaiboer keapje, sis ik dat ik der mar 50 sinten foar oar ha. Sjen hoe't hy dat dan oplost.

Mar miskien doar't hy no ek wol net mear te kommen, want it hiele doarp praat no oer de tûke aaiboer op syn skelter…

Dy't aaien hat, kin doppen meitsje...

Pleatst: 05-06-2017 / 14:23 oere - Reagearje? - Nei boppen