Tuin en bats...
Tuin & Sa docht it ûnderhâld fan ús tún. No ja, dat is miskien wat tefolle sein, it ûnderhâld, se meane regelmjittich it gers.
Dan bellet de direkteur fan it bedriuw oan en seit dan hiel taktysk: it gers wurdt ek wer langer...
Jawis! Meane! En doch ek it hoekje oan de sydkant en achterhûs ek even. Moai sokke inisjativen. Foaral at je sels net meane kinne fanwegen in rêchblessuere en boppedat kin ik moai fierder wurkje op de kompjûter.
BATS! Swart skerm, alles út...
Och hearken, Tuin en Sa hat in bedriuwsûngelok en is oer de tried hinne meand. Ik gau ta de foardoar út. Dêr stiene trije meiwurkers ferheard te sjen. Hy docht it net mear!
Mar se hiene hielendal net oer de triedden meand, sa seine se ferbjustere. Hoe kin dat dan?
Tsja, dat ha jo derfan as jo in net sertifisearre bedriuw ynhiere. Sokke startups ha hielendal noch gjin doel oer stroomnoarmen en elektriciteitskrêften.
Sa't ik al sei, kaam it bedriuw mei trije meiwurkers en elk hie in meanmesine meinaam. Tiid is jild sille se wol tocht ha en se hiene alle trije meanmesinen oansluten op ien stroomkabel. Se makken gebrûk fan in ûnnoazel wyt ferdieldoaske...
Tsja... Dat freget fansels om swierrichheden... Trije meanmesines fan plm 1500 watt dat is 4500 wat op ien stopkontakt. En in stopkontakt kin maksimaal 3600 watt oan... De oranje ferlingkabel wie dêrom ek mar trochraand en ha wy yn 'e kliko goaid.
Doe noch even in leske stroombeheer en nei't se dit sertifikaat helle hiene, ha se it karwei mei ien mesine ôfmakke.
Ik ha se dochs mar útbetelle, want ja, as jo krekt je bedriuw begjinne kinne jo ek noch net alles witte...
Pleatst: 29–05-2020 - 12:35 oere - Reagearje? - Nei boppen
Bioferskaat…
Yn dizze coronatiid gean ik wol gauris in blokje om. Dat is in hiele toer by ús hjir yn Hantum. Want safolle blokjes binne der net. Alteast fan in lingte fan in kilometer as 5...
No ja, dan iderkear mar itselde blokje. Linksom, as rjochtsom. Dat lit ik fan de wyn ôfhingje.
Mar mei dat moaie waar fan de ôfrûne dagen en dy pear buikes fan ferline wike, sjitte de planten de grûn út. En dan is der hiel wat moais te sjen yn de bermen.
En om’t ik foar myn oplieding, sa’n 40 jier lyn, in herbarium oanlizze moast fan likernôch 120 planten, sit dat blomkesykjen noch altiten yn it systeem.
Op de earste maitiidskuier telde ik rûchwei al sa’n 20 ferskillende wylde planten. En dan hie’k de gêrssoarten noch net iens meiteld (want dy mochten ek yn it herbarium).
En omdat it planteguod mei dy krektneamde buikes moai begjint te bloeien, ha’k mei de twadde kuier mar in hiele protte op’e foto set.
En om earlik te wêzen wiene de nammen al wat fuortsakke. Mar dan bringt de Geillustreerde Flora van Nederland útkomst...
En dat boek is krekt sa geel en stoffich as de plantekennis fan syn eigner...
Witte jimme de nammen allegearre?
Pleatst: 05–05-2020 - 13:13 oere - Reagearje? - Nei boppen