Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Pake Wieberen

Nei wat sneupen kaam ik op dizze side: Fryske Kentekens. Froeger waarden der by provinsje kentekens útjûn. Fryslân hie as begjinletter de B. Om't Pake in echte automan wie, koe it net misse. Pake hie ek trije kentekens op syn namme. Utjûn yn 1922...

Pleatst: 29-03-2007 / 22:11 oere - Reagearje? - Nei boppen


Fear yn 'e Broek...

Jûn waard ik belle troch Frivius. Oft ik ek Fryske Enerzy keapje woe. As leaver sein: fan harren ôfnimme woe. Ik hie der al ris wat fan lêzen, dat it Dokkumer gasbedriuw dizze Frysktalige enerzyleveransier opsetten hie en dat de Fryske taal by harren tige wichtich is. Op harren webside omskriuwe se it sa:

'... Jo kinne sels kieze wêr’t jo gas en elektrisiteit keapje. Sykje jo in betroubere, fleksibele enerzjyleveransier? Jo fine ien ticht by hûs! Mei gas en elektrisiteit fan Frivius energie® kieze jo foar Fryske enerzjy.
Frivius energie wurket út Fryslân wei: stiet ticht by syn klanten en is altyd maklik te berikken. Hawwe jo fragen? Jo hawwe hieltyd ien dúdlik oansprekpunt. Wy steane jo yn it Nederlânsk of yn it Frysk te wurd – it is mar krekt wat jo wolle!...'

Dat sprekt my wol oan. Tusken al dy Hollânsktalige, neffes de nûmermelder anonime, tillefoantsjes is it it pracht as in ferkeaper jo yn it Frysk tasprekt. No sei hy wol: 'Soe kinne wêze...' en dat docht my dan wer gjin deugd, mar fierders fyn ik dizze Fryske Frivius in hiel moai inisjatyf! It is no net dat ik fuortendaliks oerstapt bin, mar ik ha him wol even de kompliminten jûn foar dizze Frysktalige aksje!

Dat dit tige wurdearre wurdt, docht bliken út 'de Fear yn 'e Broek' dy 't Frivius fan de Ried fan de Fryske Beweging krigen hat.

Op bygeande foto wurdt dizze ludike priis útrikt troch foarsitter Jaap van der Bij. Dizze Jaap wie doetiids learaar oan de PABO yn Snits en ik ha noch wol les fan Jaap hân. Hy hat in kear op staazjebesite west en hat doe in les fan my sjoen. De les waard kompleet de grûn yn boarre en der wie neat goed. En yn de tarieding fan de les hie ik ek noch wol in hiele protte enerzy stutsen. Hie dy enerzy doe mar fan Frivius west, dan hie ik miskien ek wol in fear yn 'e broek krigen...

Pleatst: 29-03-2007 / 21:30 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wichtich...

Krigen wy hjoed trije wichtige enveloppen yn 'e bus. Teminsten, dat stie der op. It die bliken dat der in oersjoch yn siet fan ús soarchfersekerder. Koene jo moai op 'e list sjen wêr't de sinten yn 2006 hinne gien binne. By de iene wie de list al wat langer...

It nuvere wie, dat ien fan ús yn 2006 nea by de húsdokter west hat, mar dat der wol oan de húsdokter útbetelle wie. En it gie ek noch om in astronomysk bedrach! Elke earste fan 'e moanne wie der 0,19 euro oan de dokter oermakke. Nea by de dokter komme en dan dochs 19 sinten kwyt?!

Wy witte dat de dokter in heal konsult rekkent by in tillefoantsje, mar sa'n heal konsult kostet folle mear as 19 sinten. En dan begjint it rieden... Elke kear as jo dokter tsjin komme yn it giele autootsje, dan set dokter in streekje op in skriuwblok, as elke kear as dokter jo namme tsjin komt by it skrollen op syn PC rekkent de kompjûter automatysk 19 sinten foar it byldskermkonsult. Jo witte it mar noait hjoed de dei, alles kost sinten en alles wurdt yn rekken brocht.

Wy kamen der net achter en koenen it ek net fine op de ynternetside fan de Friesland. No kinne jo wol belje, want dêr wurde jo ek ta útnoege yn de begeliedende brief, mar dat is ús dy 19 sinten net wurdich...

Pleatst: 28-03-2007 / 22:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sa as it sprekwurd seit...

Pleatst: 28-03-2007 / 06:39 oere - Reagearje? - Nei boppen


De koeketermometer (3)

Om't de reaksjes binnenstrome, hat juster net ien it goeie antwurd op myn riedsel jûn. (Moaie sin, finne jim net?) Mei oare wurden, de lêzers fan dit log hâlde tink ik net fan riedsels. De oplossing wie ienfâldich: it stikje fan juster wie itselde stikje as ferline jier. Kaam moai út, ik moast allinne fan de 16 in 17 meitsje. Dat de koeke kin yn de doaze sitten bliuwe.

Fan 'e wike komt ús doarpsblêd wer út. Jûn hiene we ús redaksjegearkomst. Hichtepuntenkommisje, neame wy dat yn ús doarp. En njonken de ynhâldlike kant fan it blêd, komme der ek alderhande oare (doarps)saken op it aljement. En dan heare jo soms hiel wat! Faaks jout dat ek wol wer ynspiraasje foar in moai stikje, mar yn dit gefal praat ik nearne oer. Want wat ik no wer heard ha...

En it is nuver, want altyd moat ik by sokke ferhalen tinke oan de aventoeren fan Asteriks en Obeliks. Sy wenje yn krekt sa'n lyts doarpke as ús. En faaks liket ús doarpslibben op dat fan harren. Soe wolris goed wêze dat doarpsgenoaten dizze stripboeken lêze, dan kinne se faaks de saken wat better relativearje... Dochs?! En om mar mei de âld seerôver te sprekken: 'Conscia mens recti, famae mendacia ridet....'

Pleatst: 26-03-2007 / 22:38 oere - Reagearje? - Nei boppen


17 Jier en wide kimen...

Hjoed binne wy op besite west nei in nicht fan ús. Sy waard 17 jier en dat moast fierd wurde fansels. Sy wennet yn Warkum op in unyk plakje. Flak oan de Iselmarkust. En asto by har út it raam sjochst, dan sjochst neat oan 'e kym! En dat is dochs wol bysûnder yn ús folboude lân. Ja, simmerdeis sjogge jo de seilen fan de boaten dy't oer it wetter fan de Iselmar glide... Bygeande foto is yn de simmer makke, mar jout wol in goed byld fan dat wat ik bedoel. It wie wer gesellich...
www.workum.nl

En falt jimme ek wat op oan dit stikje? Mochten jimme it riede, dan meie jimme reagearje en ûnder de ynstjoerders dy 't is goed ha, wurdt in koeke ferlotte dy 't ik fergees beskikber stel...
En foar de stadige reagearders: 'Koeke te keap!'

Pleatst: 25-03-2007 / 22:54 oere - Koeke keapje - Nei boppen


Jappie...

Juster moasten wy mei ús kabertduo wol in hiele grutte wrâldreis meitsje. Wy moasten optrede foar it doarpsbelang fan Ternaard. Dat wy ha hjir yn Hantum earst mar ris foar it boerd stien op 'e krusing fan 'e Smidstrjitte en de Herewei. Hoe moatte wy ride?

Doe 't wy Ternaard ynkamen, stie in âlde bekende fan ús by de benzinepomp mei ien te praten. Broer sei:'Wy moatte him mar ris even freegje wêr't it doarpshûs is...' Dat it rút iepen en oan Jappie roppe: 'Witte jo ek wêr't doarpshûs is?' Jappie hie ús al ris ynhierd as foarsitter fan de feestkommisje fan Ternaard, dat hy wit sa stadichoan wol hoe't wy binne en hy spile it spultsje moai mei. 'No mannen, ik leau net dat wy hjir in doarpshûs ha... Mar it kin wol by Jappie yn 'e hûs, dan meitsje wy der in gesellige jûn fan...'

En dat is no sa aardich fan Jappie, hy seit noait 'my' as 'ik' mar hy hat it altyd oer Jappie... Ek as jo froeger rijles fan him hienen, want Jappie, en no syn soan, hat de bekendste rijskoalle fan 'e omjouwing. As jo oplûke soenen en en it gie wat te mâl, dan sei Jappie hiel stadich: 'Dat fynt Jappie net goed...' as 'Jappie tinkt wol dat dit kin...'

Neidiel is wol dat jo Jappie hast net wer kwyt reitsje, dat Jappie stie op 't lêst ek al hast te toanlielspyljen foar it iepen autorút. It muoide him wol, dat hy dy jûns net komme koe en dat wy fan 't simmer net op it doarpsfeest fan Ternaard spylje koenen om't wy al beset wienen, mar ek sûnder Jappie waard it in prachtige jûn in Tunawert. Mei in folle seal en in hiele goeie fersoarging. Mar dat is Bote Sape en syn famylje ek wol tabetroud...

Pleatst: 24-03-2007 / 11:31 oere - Reagearje? - Nei boppen


De koeketermometer (2)

It giet mar bêst. De bestellingen strome binnen! Dat ik moast de termometer al wer oanpasse. Takom wike tiisdei helje ik de koeken op en dan hoopje ik dat ik alles ferkocht ha! Dus bêste lêzer: Koeke by it bakje? Surf nei Hendrik foar it lekkerste plakje!

Meast skriuw ik net oar myn wurk, mar hjoed hiene wy wol in hiele boeiende diskusje. It gie oer it fieren fan jins jierdei. De mieningen wienen ferdield, want guon fiele neat foar in grut 'poadiumfestival'. (Wat dat is, begripe guon lêzers wol...) Mar it skynt dochs dreech te wêzen om wat ôf te praten dêr't elk him yn fine kin. No bliuwt it der mar wat by en ferjitte wy elkoars jierdei en dat kin dochs ek wer net de bedoeling wêze.

No komt der aanst fêst in jierdeiskommisje dy't útfine sil hoe't wy op in passende wize elkoars bertedei fiere kinne. Wy komme der fêst út, mar dat freget faaks wat begryp en jo moatte ree wêze om wat wetter by de wyn te dwaan... Miskien ha wy hjir wat oan: verjaardag.startpagina.nl

De krityske lêzer sil wol tinke: hat dat ûnderwizersfolk neat betters te dwaan? Nee dus, dit is wichtich, boppedat komt de ynspeksje dizze heechtiidsdagen op skoalle en fiert it jierdeisfeest mei. En dan mei ik dizze bêste man mei de holle yn 'e fla triuwe...
Hoewol... dit soe ik dan wol wer aardich fine, mar dat sille de kollega's ek wol wer net wolle...

Pleatst: 22-03-2007 / 23:28 oere - Koeke keapje - Nei boppen


De koeketermometer

Sjoch! Dat liket derop. De earste bestelling is al binnen. Dêr mei 'k oer. Soe it my slagje om alle koeke fia dizze side te ferkeapjen? Dat soe hiel handich wêze, dan hoech ik ek net te leuren mei de koeke.

Wacht, ik wit al wat ik doch, ik set in koeketermometer op dizze side, dan kinne de lêzers krekt byhâlde hoe 't mei de ferkeap is. Elke kear as der wer in megebestelling binnen komt, pas ik de termometer wer oan.

Praktysk en alhiel by de tiid, want alles giet hjoed de dei dochs fia it ynternet?! Spitich dat jimme net mei iDEAL betelje kinne, want dan wie ik ek noch fan al dat losse jild ôf.

Dus bêste lêzers, bestel no de hearlike koeke! Folje it reaksjeformulier yn en de koeke wurdt, as ekstra service, by jimme thúsbesoarge!

Oei, en dat is no ek wer net handich, want stel dat der in Kanadees ferlegen sit om koeke, dan wurdt it al in djoere grap... Litte wy dêrom mar sizze: dat thúsbesoargjen jildt allinne foar de gemeente Dongeradiel. En oare lêzers krije de koeke wol as wy elkoar earne moetsje.
Hâlde wy hjir dan wol rekken mei??

Pleatst: 21-03-2007 / 21:35 oere - Koeke keapje - Nei boppen

Koeke

As jo lid binne fan in feriening, dan ha jo tsjinoer dizze feriening ek ferplichtingen. Sa as ledejild betelje bygelyks. No moasten wy fan de foljebalferiening SVT út Ternaard op 30 maart koeke ferkeapje. Mar no kin ik net op dizze datum, want wy moatte mei ús kabaret optrede yn Broeksterwâlde. (Koeksterwâlde, haha...)

Dochs ha ik mar in doaze fol koeke besteld. Ik jou de feriening wol 30 euro, want se jilde twa euro it stik, en dan ferkeapje ik se wol oan kunde en oare leafhawwers. Dat fanôf takom wike kinne jimme lêzers hearlike koeke by my bestelle. Want earlik is earlik, jimme rekkenje ik ek ta myn kunde.

Ha jimme belangstelling foar in hearlike koeke, reagearje gau, want op is op! En it is foar in goed doel fansels...

Pleatst: 20-03-2007 / 23:07 oere - Reagearje? - Nei boppen


Min waar en lange dagen...

Dat wie hjoed in lange wurkdei. Ofrûne jûn hiene wy âlderjûn mei in moaie presentaasje oer 'Mear Talen, Mear Takomst'. De leafhawwers kinne op de folgjende side mear fine oer dit meartalige ûnderwiis: Taalsintrum Frysk. Aardich wie, dat de ynlieding fersoarge waard troch âld kollega Eelke Goodijk fan Ternaard.

Eelke hat ek noch in bauwe moandei direkteur west fan de fjouwerHoeke, mar hy wurket no by Cedin yn Ljouwert. En Cedin skriuwt op harren webside it folgjende oer harren organisaasje: 'Cedin is een nieuwe innoverende organisatie op het gebied van educatieve dienstverlening in Noord-Nederland.' It is mar dat jimme dat even witte...

Pleatst: 19-03-2007 / 23:42 oere - Reagearje? - Nei boppen


De Schuttersheuvel

In plakje dêr't wy graach optrede meie is yn wykgebou de Schuttersheuvel yn Snits. Wy komme der aanst yn april foar de seisde kear en wy ha sa stadichoan in hiele grutte fanklup yn de wyk Noarderhoek. Yn de Schuttersheuvel pakke se it aardich oan, want juster moasten wy foar de frijwilligers optrede en aanst yn april is der in frij tagonklike jûn wêr't al sa'n 60 kaarten foar ferkocht binne.

In de Noarderhoek wenje hiele aardige minsken dy 't o sa laitsje kinne. Ien fan de taskôgers woe al in DVD fan ús keapje, mar sa fier binne wy noch net. Wy hienen foar juster wat sleutele oan ús programma en dat pakte hiel goed út. Dat 'dat hâlde wy deryn...'

It wie moai dat wy justerjûn in âlde bekende troffen. As better sein: twa âlde bekenden. Want wy wienen hiel ferheard doe't wy hearden dat de Wiko's de muzyk fersoargen. Dan komt fuortendaliks dat premiêregefoel wer nei boppen en kin de jûn eins al net mear stikken...

Doe 't wy justerjûn klear wienen, noch even in drankje naam hienen en fuort soenen, moasten wy mei ús kontaktpersoan noch even ôfrekkenje. En hast elk jier makket hy deselde grap. Dan seit hy op syn Snekers: 'Jou wuden even afrekenen?' en as ik dan sis: 'Ja graach..' Dan seit hy, slop fan 't laitsjen: 'Nou, geef dan maar 50 euro...' En de oare kear doch ik dat dan mar, want foar sa'n moaie jûn ha ik wol 50 euro oer!

Pleatst: 18-03-2007 / 15:01 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hoe is't mooglik...

Fan 'e moarn hearde ik Wilma beneden praten. Myn earste gedachte wie, dat der ien op besite wie. Mar dat koe hast net, want it wie noch aardich betiid. Doe 't ik beneden kaam en freege wa 't hjir wie, seach se my ferheard oan. Nimmen wie har reaksje, ik siet wat yn mysels te praten. Want dit ha ik noch nea meimakke...

Wat die bliken? Doe 't Wilma it lúsjefersdoaske iepenmakke om it fjoer yn it teeljochtsje oan te stekken, kaam der in prikje foar't ljocht sûnder kop. Gewoan in lyts blank stokje dus. Dat soks oanlieding jout ta hiele petearen sûnder harkers fyn ik dan wer nuver. Mar hawar, sa hat elk syn eigenaardichheden...
En dit wie de bedoeling, mar dat giet wat dreech sûnder kop...

Pleatst: 17-03-2007 / 09:52 oere - Reagearje? - Nei boppen


En de winner is...

Hjoed moast ik op fesyk fan (âld) kollega's fan de fjouwerHoeke foto's fan harren digitale kamera helje. It skynt dat se dat op 'e Hoeke net foarelkoar krije kinne... :-))

Hjoed hienen se op skoalle in foardrachtskriich, mei in wol hiel bysûndere en kundige karkommisje. Op de foto de winners fan de ferskate groepen. Links en rjochts binne de leden fan de karkommisje te sjen. Mei tank foar de tiid dy 't se hjir foar frijmeitsje woenen!

Pleatst: 15-03-2007 / 21:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wat is jo KlipKar? (3)

De klip fan it Alvestêdeliet is klear! Justerjûn ha ik him ophelle. (Sneon wie ik de fideoklip yn alle hasten fergetten...) Wy ha him al griis draaid! Sa as ik moandei al skreau is de klip prachtich wurden. Der soe fansels in lyts stikje op dizze side setten wurde kinne, mar sjoen ús kommersjele plannen mei de klip (TMF, MTV en net te ferjitten TV Oranje), litte wy dat pleatsen mar. Boppedat koe ik it net sa hurd foarelkoar krije, der moat wer spesjale software komme fansels...

Mar litte wy mar begjinne mei: Wat is dyn KLIPKAR? Mocht it meikoarten foar Omrop Fryslân komme, dan allegearre op ús klip stimme fansels! En as jimme benijd binne nei de klip, lit it witte, dan kinne wy saken dwaan...

Pleatst: 14-03-2007 / 20:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Tsjuster (2)

Doe 't ik jûn thús kaam, seach ik dit foar it hûs njonken ús lizzen. De nije bewenners koene net wachtsje dat buuf alles oprêden hie en se ha de rest sa op 'e dyk sabele... Hie 'k dochs in bytsje gelyk doe't ik in pear dagen lyn yn myn logje skreau: 'Wy wachtsje eins op de dei dat hjir in ûntrûmingsbedriuw de saak iepenbrekt en alles yn in grutte kontainer sabelt...'

Pleatst: 12-03-2007 / 23:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


In moaie jûn...

Hantum LIVE geweldich! Popkoar Opus 3, Brassband Euphonia en ús eigen Rûm Sop soargen foar in skitterende jûn.

Op de foto fan Pieter út Dokkum sjogge jimme de foarsitter Ane Norder fan de Fryske Fyts Alvestêdetocht dy 't ús earste DVD-klip yn ûntfangst naam hat. Dy klip, makke troch Heit & Mem fideo is prachtich wurden!

Op de side fan pieterdokkum.nl - fotografie mear foto's fan dizze sfearfolle jûn.

www.pieterdokkum.nl

Pleatst: 12-03-2007 / 03:18 oere - Reagearje? - Nei boppen


Botniahiem

Ien fan de bysûnderste plakken dêr't wie wolris optrede is by 'Brant en Lies' yn Damwâld. Om't Damwâld net in doarpshûs mear hat, wurdt de seal fan Botniahiem gauris ôfhierd om gesellige jûnen te hâlden.

Mar it is foar ús hast gjin dwaan! Al hoe bêst wy dêr altyd ûntfongen wurde. De seal is mar lyts, der steane allegearre bynten yn 't paad en Lies mei graach sammelje, dat de seal stiet fol droechboeketten, âld ark, stuollen, antike kasten, blikken en blikjes en neam mar op. Der is amper plak om ús poadium op te bouwen. Dochs slagget it altyd wer, mar as wy oprûmje moatte wy der altyd goed om tinke dat wy neat stean litte, want tusken dizze hiele sammeling falle ús healwize attributen amper op.

Juster kamen wy ta ûntdekking dat der oan it plafond fan ús klaairûmte allegearre âlde seinen, hakmessen, heafoarken en bilen hongen. Dat wy binne bliid dat der neat nei ûnderen fallen is. Stiet ek sa raar as jo mei in hakmes yn 'e holle it poadium opkomme. No ja poadium...

Pleatst: 09-03-2007 / 11:13 oere - Reagearje? - Nei boppen


Yn 'e branding

Moaie foto's fan ús optreden yn de Grutte Jouwer op de side fan de Warringers.

Pleatst: 09-03-2007 / 10:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


Tsjuster...

In nuver saakje. Jûn om kertier oer âlven stoppe hjir in buske. Ta ús grutte ferrassing stapte buuf út 'e auto. Mei in oar tsjuster figuer. No moatte de lêzers witte, dat buuf al hast in heal jier ferdwûn is. De plysjes komme gauris oan 'e doar, der hat al ris in grut plakkaat op 'e doar hongen en har hûs is middels in iepenbiere ferkeap ferkocht. Mar alles stiet der noch yn! Se is sa fuort flein! Stapels post achter de brievebus en omraak mannen mei sleepesjassen oan 'e doar. Wy kinne rêstich sizze: dit doocht net...

Wy wienen al lang bliid dat buorfrou ferdwûn wie, want earlik is earlik, jo hawwe allinne mar lêst fan sokke minsken. Wy wachtsje eins op de dei dat hjir in ûntrûmingsbedriuw de saak iepenbrekt en alles yn in grutte kontainer sabelt...
Mar jûn wie buuf der ynienen wer. Mei in buske. Se sil fêst wat ophelje wollen ha. Mar it slagge har net, want se wienen ek sa wer fuort. Binne de doarren tichtspikere? Binne de slotten feroare? As ha se ús stean sjoen? It bliuwt nuver spul...

No krige it in aardich ferfolch. Want doe 't ik dit stikje klear hie, stoppe it buske hjir wer! Buuf en har kompaan achterom en it rút fan de achterdoar ynslaan. Dat sa kamen se der dochs yn. Mar it duorre net lang as dêr kaam al in plysjeauto oansetten. Twa man sterk, mei grutte bûslampen te skinen. Dat buuf is letterlik tsjin de lampe rûn. Ik tink dat wy nei dizze 'spannende jûn' buuf nea wer sjogge. Sa belibje jo noch ris wat yn ús oars sa rêstige buert!

Pleatst: 07-03-2007 / 23:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Snie...

Herman Douwe, Elbrich en har famylje binne nei Tsjechië op wintersport. Fansels wurdt der hinne en wer e-mailt. Sa bliuwe jo wat op 'e hichte fan elkoar. Skynt dêr hiel moai te wêzen, mar no reint it dêr aanst lei wetter, dat de lange latten moatte yn 'e hoeke fan de lúkse hotelkeamer stean bliuwe. Dat is dan wol wer spitich, mar it sil fêst net sa slim wêze as by ús thús, want hjir kinne wy hast wetterskië...

Pleatst: 06-03-2007 / 23:41 oere - Reagearje? - Nei boppen


Alle jûnen wat...

De ien giet op wintersport, in oar in wike nei de húskes yn Center Parks. Mar wy bliuwe thús en ha it drok mei fan alles en noch wat. Sa moasten wy tongersdeitejûn mei it kabaret nei Droegeham. It doarpsbelang hie de jierlikse gearkomst en wy moasten foar wat ferdivedaasje soargje. Dat slagge goed, mar om't der ek alderhande oare saken op 'e aginda stienen, waard it let en wie de jûn wat rommelich...

Dan de oare deis de âlde leafde mar wer oppakke. Myn suster hie betocht, dat wy as famylje wol oan de Nacht van DBS meidwaan koenen. It waard hiel gesellich, mei moai follybal in in goeie sfear. Dy nachts bin ik út Balk wei net werom nei hûs ta flein, ik ha by myn suster op in hiel hurd bêd slept. As jo sels thús op it modernste sliepsysteem sliepe, dan is alles wat net boksspring is mar behelpen... Mar wy ha noflik útfanhûs west en nei in koarte besite oan myn âlden moast ik wer op hûs oan, want om healwei fiven moasten wy op 'e bus nei de Jouwer. De grutte Jouwer wol te ferstean...

Yn it Haske dienen wy mei Rûm Sop mei oan it shanty- en smartlappenfestival 'de Branding Voorbij'. Mei noch twa oare koaren: de Warringers út Joure en Sipelsjeu út Ljouwert, moasten wy it publyk dizze jûn fermeitsje mei Frysk- en Nederlânsktalige lieten. Dat slagge goed en wy ha ek wer in hiele noflike jûn hân. Om't wy mei de bus wienen, koe it wat leie en kamen wy allegearre sûn, mar wol mei in wat wazige holle wer thús oan.

Dat de lêzer kin begripe dat wy hjoed in rêstdei ynfierd ha. Mar ek op sa'n dei is der wer fan alles te dwaan, sa as it bywurkjen fan dizze side bygelyks...

Soe ik noch hast ferjitte... Tongersdei binne wy ek noch nei de iepening fan it nije bedriuw fan ús âld doarpsgenoaten en buorlju Marten en Klaske Miedema west. Yn Froubuurt ha se in prachtige nije loads delsette litten en yn it moaie hûs wat derby boud is, wenje Allard en Silvia dy't sa njonkenlytsen it bedriuw oernimme.

Pleatst: 04-03-2007 / 14:40 oere - Reagearje? - Nei boppen