Argyf:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

Argyf 2006:
Desimber 2006
Novimber 2006
Oktober 2006
September 2006
Augustus 2006
July 2006
Juny 2006
Maaie 2006
April 2006
Maart 2006

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's.
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
De Vesteynde
De Clown - Feestkleding


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

De hingjende tunen...

As de jûns wat op skoalle te rêden is, dan is it hast net te dwaan en ryd hinne en wer Hantum-Tytsjerk. Dan kinne jo der better bliuwe. No ha ik it wol troffen, want Piet en Rhonda steane der op, dat ik dan by harren yt. Dat is in poerbêst plak, want ik kom nea oan it krapper ein. En moat ik jûns mei in hiel grau liif oan de 10-minutepetearen begjinne.

As tank foar al dit lekkers, geane wy mei syn fjouweren yn 'e fakânsje in kear meielkoar te iten. Juster wie't safier en binne wy nei it Lauwersmeerpaviljoen west. Siet dêr noflik!

It aardige wie, dat de menu's allegearre sfearfolle nammen ha. Sa ha wy oan de Witte en Rode draak sitten, en ha wy genietsje kinnen fan de Hebzucht, Het Mausoleum te Halikarnoissos, De Faros van Alexandrië en De piramiden van Gizeh.

Op it menu stiene ek De hangende tuinen van Babylon. Dy ha wy mar net besteld, want dy krigen jo der foar neat by (sjoch foto). De direktrise seach my in pear kear yn 'e strûken hingjen, mar se die der neat oan. Se sil wol tocht ha: lit him dêr mar moai sitte, ha wy ek gjin lêst fan him.

Doe't ik de rekken krige, leinen der ek in pear gelokskoekjes by. In moai lyts aardigheidsje en as jo se dan sa iepen meitsje, tinke jo ek noch dat de spreuken útkomme sille. Wy hiene dizze (sjoch foto) en jimme lêzers meie útmeitsje hokfoar spreuk foar my oanearre wie en hokker foar Wilma...

Hiel aardich wie't dat wy by dit hearlike itentsje betsjinne waarden troch in jonge doarpsgenoat. Hie die it geweldich! In talint en jo kinne mei rjocht sizze dat it him yn it bloed sit. Mar wat wolle jo ek mei sa'n kundige heit as foarbyld...

Pleatst: 31-07-2006 / 13:09 oere - Reagearje?


It is mar in bui...

It is dagen achterelkoar moai waar, de sinne skynt en gjin reindrip te bekennen. En dan moat ik hjoed krekt gêrsmeane...

Doe't ik de stroomtried foar de gêrsmesine nei bûten lein hie, seach ik in donkere loft oankommen. Mar ik wie fuort net ferslein! Op nei de kompjûter. Jo kinne op ferskate ynternet waarstasjons neigean hoe't de buien har ferpleatse. Mei in bytsje gelok soe de bui oerdriuwe. Dat bart dochs wol faker?! Neffes myn 'ynternet-berekkeningen' soe it yndie wol wat tafalle.

Mar nee hjer, doet ik in pear baantsjes meand hie, begûn it te reinen. Dikke drippen. Lokkich wiene der wat droege plakjes ûnder de beammen. Sa't ik al sei, de hiele wike droech en dan no krekt in bui...

Doe't buorman thús kaam, fûn hy it wat frjemd dat it hjir reint hie. By syn loads, krekt bûten it doarp, hie it droech west.
Hie'k dochs wol in bytsje gelyk, dat de bui lâns driuwe soe. Allinne krekt net by my lâns!

Pleatst: 30-07-2006 / 00:11 oere - Reagearje?


Wat ite wy hjoed Jeltsje? (2)

Doe't ik it ferhaaltsje fan juster skreau, moast ik tinke oan in oar ferhaal wat ik skreun ha. Dat gie ek oer iten. It ferhaal is wier bard en ûndersteand plaatsje heart derby. It ferhaal hat earder yn 'e Hichtepunten fan septimber 2003 stien.
Lijst met lotsooi, meneel?

Pleatst: 29-07-2006 / 23:11 oere - Reagearje?


En wat ite wy hjoed Jeltsje?

Myn beppe siet fol moaie ferhalen fan froeger. Doe't wy lyts wiene mocht beppe ús altyd op bêd bringe, want dan fertelde beppe ús al dy moaie ferhalen foar it sliepen gean. Dat wie in feest, want beppe koe prachtich fertelle. En wat hat beppe as lyts famke wat belibbe!

It aardige is, dat jo in hiele protte ferhalen ûnthâlden ha en foaral ek útspraken en wurden dy't steefêst werom kamen in beppe's ferhalen. Sa fertelde se faak oer Jeep en Jeltsje. Jeep woe elke dei witte wat se ieten. Froeger wie it menu noch net sa wiidweidich as no, en fuortsmite dienen se yn de krisisjierren alhiel net oan. Dat Jeep krige elke dei itselde iten. Dochs hoopte Jeep dat der in dei kaam, dat der wat oars op tafel stie. Dat elke dei frege Jeep:'En wat ite wy hjoed, Jeltsje?' En har fêste antwurd wie: Grôt, Jeep!' Alle dagen moast dy earme Jeep wer oan 'e grôt.

Yn in oar beppe-ferhaal gie it oer Muoike Gibe. (Froeger hjitten se noch net fan Edda as Kimberley...) Muoike Gibe wie net sa'n bêste itensiedster, want as muoike Gibe har man it iten foarsette en manleaf wist net krekt wat it wie, dan sei muoike Gibe: 'It fret wol wat...'

En foaral dy lêste útspraak brûke wy no noch! Wy meie graach maklik iten siede. Twa pûn gehak, wat sipels, in pear kopkes rys en in pot mei in frjemd sauske. Faaks fine wy ek noch wat oare yngrediënten yn 'e kuolkast en hup, dat der ek noch mar yn. En as wy dan de panne op tafel sette, en wy sjogge dat guon de wynbrauwen optille, sizze wy altyd: 'It fret wol wat...'

Pleatst: 28-07-2006 / 19:11 oere - Reagearje?


The master and the tramp...

Jo kinne der mar om tinke hjoed oan de dei. Alles wurdt fêstlein op fideo en ear't jo it yn 'e gaten ha, giet it filmke rûn op it ynternet.

Krige ik ferline wike in CD yn hannen. Mei foto's foar de webside fan skoalle, tocht ik. Doe't ik de foto's beseach waard ik kjel en soe ik hast it buro foar 'Anti Big Brother Praktijken' skilje. Der stie in filmke tusken!

Sûnder dat ik it yn 'e gaten hie, binne der op de sportdei filmopnamen fan my makke. En om no alle 'master-haters' mar yn't foar te wêzen, sil ik it filmke sels mar in plakje op it ynternet jaan. Gewoan op myn eigen side. En mochten jimme dermei oan de haal gean, tink dan oan: Portretrecht brokkelt af met internet as Auteursrecht op internet
Klik hjirûnder foar de (skokkende?) bylden...
Master yn 'e bocht

Pleatst: 27-07-2006 / 22:26 oere - Reagearje?

BBQ

Juster waarden wy útnoege om by Herman Douwe en Elbrich te barbekjuen. Ik wit net oft it geef Frysk is, mar ik lit it mar sa. Moaie útdaging: Frysk wurd foar betinke. 'Mei-lekker-fleis-oan-in-stokje-op-de-nije-túnstoullen-op-de-flitsende-stook-pipe-mei-10-kilo-houtskoal-fleis-bakke'. Komt aardich yn 'e buert, mar as jo der juster net by wiene, snappe jo der neat fan!
It siet noflik en in smakke hearlik!

Pleatst: 27-07-2006 / 13:11 oere - Reagearje?


Juwieltsje...

Faak brûkte ik it programma Cool Edit. Mei dit programma koene jo lûd bewurkje. Bg. Stikjes derút knippe, sachter as lûder meitsje, lûden troch elkoar mikse ensfh. Troch in kompjûtersteuring bin ik dit programma kwyt rekke. En it is nearne mear te krijen, want Cool Edit is oernaam troch Adobe en kostet no wol sa'n 346 dollar! Tsja, dat giet my fansels te mâl. Ik hie in registearre fersy, mar dat hat lang, lang gjin 346 dollar koste!

No kaam ik yn myn 'lijfblêd' in prachtich programma tsjin. Hielendal foar neat! Dat soe soksawat itselde kinne as Cool Edit. Fuort delhelje fansels... En wat die bliken?! It is in juwieltsje! Mei alles derop en deroan! En it bliuwt fergees, want se skriuwe op de webside fan WavePad: We make WavePad free in the hope you will like it so much you will be tempted to upgrade to WavePad Masters Edition. The Masters Edition has additional effects and features designed with the professional sound engineer in mind.
No, upgrade kin altyd noch, en dan kostet it mar in pear sinten. Dat Cool Edit kin no foargoed yn 'e CoolKast.

Foardiel is ek, dat jo der in pear aardige programkes by krije. In programke wêr't jo CD's mei rippe kinne en dan kinne jo it yn WavePad yn elk bestânsformaat opslaan, bg. as MP3. In programke wêr't jo lûd, dat ôfspile wurdt op bg. in webside mei opnimme kinne. Dat ik soe sa it nijste ferske fan de Sellina's fan harren side ôfplukke kinne. (Nee, fierder sis ik neat...)

Pleatst: 27-07-2006 / 13:11 oere - Reagearje?


Dear John...

Fan 'e moarn betiid. Alles wie útstoarn. Bêd wie leech en it hûs ek. No ja, it spul stie der noch wol yn, mar der wie gjinien te bekennen. Wat krije wy no? Nei't ik in slach troch it hûs west hie, seach ik in briefke op 'e tafel lizzen. Dêr hast it al, wie de earste gedachte... Dat sil no wol sa'n Dear Jonh brief wêze... Mar lokkich, it foel ta. (Gean mei de mûs oer it briefke...)

Pleatst: 26-07-2006 / 22:33 oere - Reagearje?


Pypskoft (2)

As Marten Remko even pypskoft hat, dat stiet dit foar de doar. Folsleine opstopping op 'e buert. Wer is de tiid fan de moaie lytse trekkerkes?
Oh nee hè! @!%&$@@!!
'En wy goan op de trekker weer noar hús...!'
Loonbedrijf Hoekstra

Pleatst: 25-07-2006 / 12:50 oere - Reagearje?


Fakânsjedeiboek...

De foarige twa fakânsjes hâlden wy op dizze side in deiboek by. Sjoch bygelyks Fakânsje 2005. It mei dúdlik wêze, dat dat dit jier oars giet. (Hast) elke dei kinne jimme op dizze side ús deistige 'fakânsje-aventoeren' lêze. En ynstee dat wy kaarten ferstjoere, krije wy kaarten. Sjoch, dat ha wy it leafst...!

Pleatst: 24-07-2006 / 14:16 oere - Reagearje?


Pypskoft

Juster wiene wy mei Rûm Sop útnoege om te sjongen by kofje- en teeskinkerij Pypskoft yn Ferwâlde. In hiel rêstich en smûk plakje yn it moaie Fryske lânskip.

It waard in hiele moaie middei, mei sa'n 50 taskôgers dy't even 'pypskoft' namen om nei ús te harkjen. Foaroan sieten in pear harkers út Makkum. (Sjoch foto) Se hiene wakker wille en ha, neffes harren eigen sizzen, in prachtige middei hân. 'Jimme ha in gesellige ploech', sei Jan, ien fan dy Makkumers. Hy song sels by de Flevozangers mar neffes syn maat Johan wiene allinne harren pakken moai... Afijn, wat praat oanbelange, pasten Jan en Johan wol thús by de Rûm Soppers. Jan begûn op't lêst ek al 'skuine' moppen te fertellen. Oan 't syn frou sei: 'Kom Jan, wy moatte no mar nei hûs...' No, dan witte jo it wol.

Op 'e weromreis ha wy mei de Rûm Soppers yn ús T4 noch even noflik sitten by De Molen yn Vrouwbuurtstermolen. De oaren rieden as in spear nei hûs, mar wy woene noch even genietsje fan dizze moaie simmerjûn. En nei't wy noch in hearlik hapke hân hiene, binne wy ek mar wer nei Hantum ôfreizige. In prachtige middei en jûn mei in protte aardige en noflike minsken! (Mei tank oan Anja foar de foto's!)
Sjoch foar in fotoympresje op: www.rumsop.nl

Pleatst: 24-07-2006 / 14:03 oere - Reagearje?


Waarm...

Dat wie justerjûn mei Klún & Knoffelhakke tige gesellich yn Gau! Tige waarm en it swit rûn ús by alles del, mar de sfear siet der goed yn. En dan merke jo dat In Moai Stikje skreaun is yn 'e wintermaanden. Man, wat in klean en wat in prûken, truien, jaskes, sjaaltsjes en petsjes. En jo kinne ek neat weilitte... Dat hjoed de koffer mar útpakt en de boel oan 'e line. Kin it mar wer droegje.
Wy ha no al besluten dat ús nije stik him yn 'e simmer ôfspilet. Mei moai waar en de safolste hittegolf!

Pleatst: 22-07-2006 / 11:56 oere - Reagearje?


Hawaii (2)

Nee gjin fakânsjefoto, mar in fotograaf dy't syn ôfspraken neikomt...
Sjoch ek: Hawaii (1).

Pleatst: 20-07-2006 / 18:38 oere - Reagearje?


Utlis net nedich...

Pleatst: 20-07-2006 / 18:33 oere - Reagearje?


Oerlêst...

No hat de Clown ek in ynternetwinkel. Dêr doch ik it behear fan. No kaam der in 'mega-oarder' út Rotterdam. De bêste man bestelde mar leafst 15 doaskes stjonkbomkes. No skine dizze bomkes fan de Clown unyk te wêzen, want se binne hast nearne te krijen yn Nederlân.

No belle de bêste man even mei de saak oer it beteljen en op 'e fraach werfoar hy sa'n protte nedich hie, antwurde hy: Fanwege de drugs-oerlêst! By ús yn 'e buert ha wy in protte lêst fan druggebrûkers en as it wer te bot giet, dan mikke wy in stjonkbomke nei harren ta. De plysje komt dochs net en sadwaande nimme wy sels mar maatregels...

Op 'e fraach as sy dan sels net fan de bomkes lêst hiene, sei de Rotterdamer: Wy wenje twa heech, dat dat falt wol wat ta! Mar wol stjoere hjer! Wy moatte se al ha, de hiele buert betellet mei...

Sjogge jimme it foar jim? Leit de famylje Buorren Twa krekt op bêd, komme de ferslaafden wer oan skommeljen. Man slûpt op bleate fuotten nei't balkon en hup, dêr giet wer in bom.
Hy sei ek noch: sûnt wy se bombardearje, sliepe wy wer hearlik!...

Bliid dat wy yn in doarp wenje! Hoewol, de man bringt my op in idee...
Drugsoerlêst?

Pleatst: 18-07-2006 / 23:19 oere - Reagearje?


Wat is jo KlipKar? (2)

Wat dat foar DVD wurde moat...

Pleatst: 17-07-2006 / 22:30 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (slot)

Der binne ek noch wat foto's makke fan de bernespultsjes, de seiskamp en it toulûken. Hjirmei woene wy de bydragen oer it doarpsfeest op dizze side mar ôfslute. Klik op de folgjende link om de foto's te besjen.
Fotoalbum doarpsfeest 2006

Pleatst: 16-07-2006 / 17:13 oere - Reagearje?


Foto's en links

Hjoed frege my in doarpsgenoat: hoe kinne wy de foto's op dyn side besjen? Net echt dreech... Yn myn ferhaaltsjes en by de foto's steane reade wurden en opmerkingen. Dat binne links nei oare siden en fotoalbums. Dêr kinne jimme op klikke en dan komme jimme op de bedoelde plaatsjes. Dat is no alles...

Pleatst: 15-07-2006 / 23:12 oere - Reagearje?


Wat is jo KlipKar?

Rûm Sop hat besletten om yn fideoklip te meitsjen. Hjoed wie it safier en moasten der opnamen makke wurde. Wy hiene Sietze en Jildou de Vries (bekend fan it programma Weromblik fan Omrop Fryslân) út Ljouwert ree fûn om de opnamen te fersoargjen.

Dat foel ek noch net ta... Al ier en betiid stiene wy by it kafee klear om oan de opnamedei te begjinnen. Dat sokke opnamen net samar klear binne, ha wy no sels ûnderfine kinnen. Wer op 'e nij, noch mar in kear, wer stopje want der komt in auto oan en mear fan sokke tûkelteammen. Mar it wie in prachtige dei, mei in protte wille en humor. Ek hie it bestjoer der foar soarge, dat wy neat tekoart kamen oan hapkes en drankjes. Der stie tusken de middei sels hearlike bamy foar ús klear. (Kompliminten foar de famylje Vrieswijk!)

Rûn healwei fjouweren wiene de opnames klear en hiene Sietse en Jildou sa'n 100 minuten materiaal. Dat rûge materiaal ha wy noch even mei syn allen besjoen op it grutte skerm yn it kafee en wy tochten allegearre: hoe kinne se dat werombringe ta in klip fan sa'n 4 minuten? Mar dat fertrouwe wy Jildou en Sietze wol ta, want sy giene dizze dei hielendal mei yn de sfear fan Rûm Sop.

Bysûnder wie it, dat it by de mûne smoardrok wie. Hjir hiene wy ús earste opnames en it wie noch betiid op 'e moarn op dit oars sa rêstige plakje. Mar wat in ferkear! Der wie al ien dy sei: 'It liket wol as steane wy hjir op de A7!' Der wie wat te rêden by it Boeddhistisch Sintrum en dêr moast al dat folk hinne. No mienden wy dat dy Boeddhisten sokke freonlike en fredige minsken binne, mar dy rêstsikers rieden wol hast ús materiaal en fytsen plat. Agressyf hjer op de betide moarn...

Ein septimber is de klip klear en dan sille wy op in bysûndere wize de premiêre fan ús earste DVD fiere. Op de side fan Rûm Sop mear foto's fan dizze moaie dei!
Werom nei: Wat is jo KlipKar (3)

Pleatst: 15-07-2006 / 22:56 oere - Reagearje?


Hawaii

Nei ús optredens fan Klún & Knoffelhakke prate wy altyd even nei yn de Refter yn Dokkum. Twa aardige famkes steane dêr achter de bar en sa stadichoan kinne wy elkoar al in bytsje. No namen dy famkes juster ôfskie fan harren wurk yn in dit kafé en hâlden in feestje. Wy as 'fêste klanten' moasten ek komme, mar dan wol yn Hawaii klean, want dat wie it tema fan de jûn.
No hat Broer oan de Merk yn Dokkum syn feestwinkel de Clown en hy ferhiert ek feestklean. Dat earst even op de ôfdieling Hawaii sjen en doe yn in reiden rokje en mei blommeslinger om 'e hals, op nei de Refter. It wie gesellich en nei't wy wat oan Karaoke dien hienen, moasten wy mar wer op hûs oan. Fansels de famkes even de hân jûn en harren in protte lok en sukses tawinske.
No binne der ek foto's makke. Wy binne benijd as de fotograaf syn ôfspraak ek neikomt en de foto's nei ús tastjoerd. Wy hâlde jimme op 'e hichte...

Pleatst: 15-07-2006 / 22:54 oere - Reagearje?


Kopke ûnder, kopke stjitte...


Minsken kinne soms hiel kreatyf wêze. Klik mar op ûndersteand 'spultsje'...
Stjitte mei de kop...

Pleatst: 13-07-2006 / 22:13 oere - Reagearje?


De toutsjes yn hannen?


Witte jimme wa't hjir kopke ûnder giet? Jimme reaksjes kinne nei it doarpsbelang... ;-)

Pleatst: 13-07-2006 / 23:45 oere - Reagearje?


Noar hús...

It kaam je hast de strôt út. 'En wy goan op de trekker weer noar hús...' Freedtejûn om 'e haverklap songen troch de Sellina's en sneontejûn ek noch troch Sunshine. Moat dat plaatsje no sa promoate wurde?! Mar afijn, ik wie it aardich kwyt oan 't ik moandeitemoarn it lokaal fan myn kollega fan groep 1 en 2 binnenstapte. Wat seach ik dêr?! In prachtich trekkerke, kreas tekene op harren skoalleboerd. Want it tema wie: de Bourkerij. En dêr wie it wer: 'En wy goan op de trekker weer noar hús...' Ik raasde it hast út! Myn kollega seach my wakker oan en sil wol tocht ha: doarpsfeest hân tink?
Mar dat @!%&$@@!! trekkerke. Wie it hast kwyt en dêr fleach it nei it prachtige wykein sa myn holle wer yn. Lokkich hie myn kollega de tekening nei skoalletiid útfage. Koe ik dy deis dochs wer rêstich nei hûs... (Nee! Net op de trekker!!)

Pleatst: 11-07-2006 / 23:09 oere - Reagearje?

Doarpsfeest (5)

Wat hiene wy wer in prachtich doarpsfeest. Tige slagge, mei in hiele protte hichtepunten. De playbackshow, de prachtige fersierde weinen, Teake yn it doarpshûs, de moaie seiskamp mei it spannende toulûken, de enthûsjaste bernedisko, it geweldige feest mei de band Sunshine, de sfearfolle tsjerketsjinst op sneintemiddei en net te ferjitten it moaie waar (hoewol wy dêr gjin ynfloed op útoefenje kinne...) En dan bin ik fêst noch in pear moaie eveneminten fergetten.
As jimme op de folgjende links klikke, kinne jimme foto's fan de fersierde weinen besjen. Ek de Sellina's ha moaie foto's op harren side stean en op de side fan orkest Sunshine foto's fan sneontejûn. En wa wit komme der yn' e rin fan 'e wike noch wat foto's fan oare eveneminten by op dizze side. Fansels kinne jimme op Annie Germeraad har side ek foto's fine. Mei oare wurden: wy kinne noch lang neigenietsje!

Pleatst: 10-07-2006 / 00:30 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (4)

Prachtich waar en in geweldige sfear. En as der dan ek noch wetter oan te pas komt, dan is sa'n middei hielendal slagge. En noch even geduld foar de oare foto's...

Pleatst: 09-07-2006 / 13:04 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (3)


Wat in minsken fan 'e moarn yn ús oars sa rêstige doarp! Sy kamen allegearre ôf op de fersierde weinen, in tradisjoneel ûnderdiel fan ús doarpsfeest. Al dy minsken binne net foar neat kaam! Wat wie it wer prachtich en wat is der wer in protte wurk fan makke. Ik soe net graach yn 'e sjuery sitte wolle...
Hjir fêst in lyts foarpriuwke, letter komme der n0ch (folle) mear!


Pleatst: 07-07-2006 / 10:54 oere - Reagearje?


Klassefoto...

Pleatst: 05-07-2006 / 23:56 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (2)

Ek yn Gau ha sy aanst doarpsfeest. Sy ha der wol sin yn, sa docht bliken út dit boerd dat wy jûn oan 'e kant fan de dyk seagen doe't wy út Balk kamen om't wy dêr ús mem har jierdei fierd hiene.
It bliuwt dreech om de namme fan ús kabaretduo sûnder flaters te skriuwen...

Pleatst: 02-07-2006 / 22:35 oere - Reagearje?


Doarpsfeest (1)

It is noch krekt gjin kompetysje, mar soms liket it wol oft it der om giet wa't it earst de feestpeallen yn 'e grûn hat. Us strjitte docht it wol aardich... Freedtejûn de iene helte fan de strjitte en de sneontemoarns de oare helte. En dat mei trije man. Moandei gean wy wer fierder, want foar tongersdei moat it klear wêze. Wy hâlde jimme op 'e hichte!

Pleatst: 01-07-2006 / 13:18 oere - Reagearje?