It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Whisky...
Sûnt ik ris yn myn jonge en wylde jierren goed min west bin fan whisky, moat ik net safolle mear fan dat sterke guod ha.
(Wisten jimme trouwens dat it sawol as Whiskey as as Whisky skreaun wurdt? En wat it ferskil dêrtusken is? Lês dit mar ris…) Dat doe't myn broer en myn sweager my fregen foar in whiskypriuwerij, spuide ik raar guod… Hoe kamen se dêr no by. Whisky priuwe? Man hâld op. Ik mei dat guod net… Mar oan 'e oare kant, it soe wol wer in gesellich famylje-barren wurde. Mei in lekker itentsje nei ôfrin. Dochs mar meidwaan. En it wie in boppeslach! De gasthear fan Stadsboerderij de Koebrug yn Starum hjitte ús om likernôch 15:00 oere tige wolkom. Yn syn Skotske Kilt. En net om't wy de Skotske nasjonale drank priuwe soene, mar om't hy dat gewoan is, hy hat mei syn frou in Skotsk Restaurant mei in echte Whiskybar.
Ik ha noch nea safolle flessen whisky byinoar sjoen. De man wie in echte leafhawwer en hy wist (hast) alles fan dizze sterke drank. Oer de tonnen dêr't de suvere whisky yn rypje moat. Oer it oantal jierren dat de whisky lizze moast, op syn minst trije jier, en oer it ferskil tusken de Amerikaanske whiskey (gjin typflater) en Skotske whisky. Syn ferhaal wie tige nijsgjirrich! Wylst mochten wy priuwe. It kostbere focht waard hiel presys ôfmetten en yn moaie lytse priuwersgleskes dien. En dy mochten wy dan ynnimme. Earst de suvere whisky. Sa as dy út de destilleartsjettel komt. Man, wat is dat raar guod! Dêr himmelje wy de ruten mei!
Mar hoe langer de whisky ripe hat en foaral ek yn hokfoar tonnen de whisky sitten hat, hoe lekkerder en mylder as hy wurdt. En nuver, dat ferhaal dat priuwe jo dan ek! Net dat wy it mei glêzen fol achteroer sloegen, nee, de wjerstân bleau, mar even nippe, dan preaunen jo it ek bêst.
Mei de lekkere, bypassende hapkes tuskentroch, waard it in hiele noflike sit. Guon waarden al wat loslippiger, mar dy geaten de glêzen ek yn ien kear leech yn harren kielsgat… En wat ha wy nei de priuwerij lekker iten! Wy ha yn in hiel skoft net sokke lekkere fisk hân.
Mei rjocht kriget dit restaurant hiele goeie beoardielingen op de webside eetnu.nl.
Wy hawwe in hiele noflike middei hân, yn in hiele goeie sfear. Mar om no te sizzen dat ik in leafhawwer wurden bin, nee, dat no ek wer net. Dêrfoar sit de Black & White út it ferline my noch tefolle dwers…
En sa is't...
Mar foar 26,5 miljoen kinne jo ek noch aardige dingen dwaan... De ynwenners fan Fryslân it wurd jaan en de healwize ideeën sa't Jan Jaap dy omskriuwt en de healwize fonteinen allegearre skrasse. Dan wurdt it in prachtich jier en ha wy ek noch sinten oer. Sjoch hjir mar ris hoe't je soks oanpakke...
Fries om utens... (2) Us doarpsgenoat Klaas, dy't ek prachtich toanielspylje kin, reagearre spontaan op it blog fan juster. En Klaas kin it witte, want ek hy komt regelmjittich mei syn toanielploech by de Fryske Kriten oer de flier.
Wat in prachtich ferhaaltsje oer de Fryske kriten. It is krekt sa ast do it skriuwst..
En dan slute wy dizze kriteferhaaltsjes mar ôf. Want wy kinne it wol mei de gek beslikje, mar sokke ferieningen dy't it Frysk heech hawwe en hâlde, haw ik leaver as bygelyks Fryske âlders dy't yn Fryslân wenje en harren bern dan yn it Hollânsk opfiede...
No, fuort dan mar... Noch even it moaie ferske fan de Fryske Troebadoers. Fries om utens...
It bliuwt in apart fenomeen. De Fryske Kriten. Rûnom yn ús lân hawwe Fryskle lânslju harren feriene yn Fryske ferieningen. En yn it winterskoft hâlde dy Kritejûnen. Alle oansletten leden komme dan byinoar om harren Fryske woartels mei-inoar te dielen. Neat mis mei fansels en faaks binne it ek hiele aardige minsken… Mar dochs, it is oars as oars. Jo merke dat fuortendaliks as je by sa'n feriening binnen stappe. Faaks binne it wat âldere lânslju en se binne tige Frysk. Ja hast Frysker as de measte Friezen. Sa komme de kriteleden út Zwolle net út Zwolle, mar út Swol. En de leden út Hoorn komme út Hoarn en de Utrechtsters út Utert. Se ha it ek altiten oer efkes, wylst de measte Friezen even sizze. Boppedat hawwe sokke byienkomsten de útstrieling fan in sektebyienkomst. Nammekaartsje op, mei fansels as achtergrûn in Fryske flagge, oeral hingje Fryske flaggen en steane der lytse tafelflachjes rûnom op de tafels. De foarsitter is werkenber oan syn lintsje op it boarst en faaks is der fan alderhande Frysk spul te keap. Fryske sûkerbôle, Fryske boeken en Fryske dúmkes. Wy keapje soks yn de supermerk, mar om utens is soks rôversguod… Mar doe't wy in kola bearenburch ha woene, hiene se dat net. Bearenburch?? Wy wiene frege om op te treden op it 70 jierrich jubileum fan de krite Fier Fan Hûs yn Bodegraven. Korreksje, Boadegraven. Yn it pleatslike teäter fan Boadegraven, it Evertshuis.
Moaie seal, dat wol en de minsken wiene ek poerbêst, je koene gewoan Frysk prate…
En nuver, elk koe Hantum. De foarsitter wie in broer fan Simen Dyk, dy't tusken Hantum en Brantgum wenne hat, in oar kritelid kaam fan Dokkum en guon hiene in famyljerelaasje mei de bewenners fan de Lytse Lea, ja der wie sels ien dy koe frou Attema… Nee, de minsken wiene alderbêst… mar dochs is de sfear oars as thús. It is krekt at de tiid wat stilstean bleaun is. Krekt as is Fryslân net fierder gien sûnt sy der wei gien binne… De titels fan de boeken allinne al. Hiene se wolris fan Tomke heard? As fan Willem Schoorstra fan Ternaard? Mar it alder dreechste binne wol de ferskes dy't mei-inoar songen wurde. As in soarte fan bûnsliet sjonge se de Wâldsang, It âldershûs, Pake syn klok en it Heitelân. De grize giet jo oer de grauwe… Nea heart fan de Kast, Piter Wilkens, Twarres, Sânman en Sikke en Sjoerd en Siberein om mar ris in pear te nimmen. Bytiden ha jo de nijging om moderne Fryske muzyk mei te nimmen nei sokke jûnen in it knallûd heare te litten… Hawar, de minsken ha mei-inoar in moaie dei… En ek wy ha geweldich spile. Wy pakten de Friezen yn Boadegraven hielendal yn en beppe dy't nei ôfrin de presintsjes oerhandige, joech ús it grutte tút, se hie in hearlike jûne hân en dat wie in skoft lyn, sa sei se…
It bysûndere wie, dat ús show oerset wurde moast. Nee, net yn it Hollânsk, mar yn gebeartetaal.
Om har op dizze klus ta te rieden, hie de dôvetolk fan ús in gearfetting krigen fan de show. Dat koe Famke Wildeman helpe by it oersetten. Goedendag, Nei ôfrin kamen se beide op ús ta, Famke, de tolk en de frou dy't neat heare koe, mar dy't o sa'n prachtige jûne hân hie… Op it filmke sjogge jimme Famke yn aksje. Om in yndruk te krijen hoe't soks oer komt, ha ik it lûd weilitten…
En mei al dizze kompliminten en skouderklopkes is it de reis dan wol wer wurdich...
In moai putsje...(2)
Aha, dêr ha jo it al... It lek is boppe wetter. As better sein: De put is derút! (Les ek: Febrewaris 2016)
It besikerssintrum kin mar iepene wurde. De fynsten foelen wat ôf. Gjin djoere Fibula's as soksawat. Allinne de skoech fan âlde Jabik, in bytsje skean ôfsliten... |