Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Bouwe...

Juster lies ik yn 'e Ljouwerter Krante dat muzykman Bouwe Dijkstra út Roden ferstoarn is. Bouwe kaam fan Koudum en wenne doetiids yn Aldemardum. Yn myn jonge jierren wie Bouwe dirigint fan ús akkordeonorkest.

Wy wiene likernôch 14/15 jier en hiene in protte oare ynteressen, mar it akkordeonorkest mei Bouwe fûnen wy geweldich! Wy mochten der graach hinne gean, elke sneontemoarn wer mei de swiere akkordeon nei Koudum, yn de Klink en dan oefenje. De heiten as memmen moasten om bar ride. Mar dat hiene se der wol foar oer, wy hiene altiten wille mei Bouwe en dan ha de âlden it ek.

Bouwe sil doe sa'n 25 jier west wêze, mar hy wist hoe't hy ús oanpakke moast. Fleurich en mei in kwinkslach. En fansels mei oansprekkende muzyk.

Yn 1970 kaam Bouwe mei in grut projekt, in advintskonsert. 4 Koaren, in brassband, in solist en ús akkordeonorkest diene dêr oan mei. Meielkoar hiene wy fiif útfieringen rûnom yn de súdwesthoeke. Wy moasten spesjaal foar dizze gelegenheid in swarte broek en in wyt boesgroen oantuge.

Nettsjinsteande de 'drege' muzyk ha dizze konserten in protte yndruk op my makke, ik wit it noch, de ferskate tsjerken sieten grôtfol en ek pakes en beppes en oare kunde gie mei nei de útfieringen. By ien fan de nûmers moasten wy de solist mei ús akkordeonorkest begeliede. Wy ha it hiel faak oefene, mar it giet altiten knap. Bouwe hie it goed yn 'e hân.

Ek hat Bouwe ús orkest ris meinaam nei de bioskoop yn Ljouwert. As in soarte fan teammútsje. Wy binne nei de film Love Story west, doetiids in grutte hit. En wat hiene wy wer in wille.

En doe kaam it berjocht dat Bouwe stopje soe mei ús orkest. Mar der soe in oare dirigint de boel oernimme. De nije dirigint neamden wy Pinokkio. It sil in bêste man west wêze, mar hy wie net te fergelykjen mei Bouwe. It duorre dan ek net lang as it akkordeonorkest hâlde der mei op. Wy fûnen der neat mear oan.

In prachtige, muzikale en gedreven man! Dy't op je sechstichste noch altiten in fleurich plakje hat, en hâldt, yn jo tinzen…

Pleatst: 22-03-2017 / 21:27 oere - Reagearje? - Nei boppen

Omke Dagobert...?

In wichtige mail yn de mailboks...

In een korte inleiding, ik ben advocaat Vladimir Volf, uit Tsjechië, maar momenteel woonachtig in Londen, ik stuurde u een e-mail over je overleden familielid, maar ik heb geen reactie van u ontvangen, de overledene is een burger van uw land met de dezelfde achternaam met jou, hij is een exporteur van goud hier in Londen.

Hij stierf een paar jaar geleden met zijn familie, het verlaten van zijn bedrijf en de enorme hoeveelheden geld gestort in UBS Investment Bank hier in Londen...

Ik ben zijn persoonlijke advocaat en ik heb uw samenwerking, zodat we het geld kan krijgen van de bank voordat de regering eindelijk grijpen, het totale bedrag op de bank loopt £ 12.7 miljoen, zal GBP maar ik meer in detail uitleggen als ik hoor van jou.

Ik twifelje sa bot... Is oars in moai bedrach, 12,7 miljoen. Wa jout my in goed advys?

Pleatst: 22-03-2017 / 16:28 oere - Reagearje? - Nei boppen

It hûs fan de dichter ticht…

Nei 4 jier giet it smûke Hûs fan de Dichter ticht. Buorfrou Akke Brouwer ferhuzet nei Dokkum. Begryplik, want dan is alles wat tichteby en hoege jo net algeduerigen mei de auto te reizgjen… (En de auto fan Akke waard ek minder. Hoewol, it is wol in VW, kin noch wol even mei…)

Justermiddei waard it lytse Hantumer kultuerpoadium op symboalyske wize (ôf)sluten troch it oerfervjen fan it muorreskrift. Yn it lytse wentsje, dat Akke hierde fan Thús wonen (dêr binne se wer…) hie Akke as dichteres in prachtich muorreskrift op de keamermuorre fan har hûs skreaun. En dat wie noch lang net ôf, mar no mei it ferhúzjen soe it dochs net mear ôfmakke wurde kinne.

Akke lies prachtich in pear rigels fan it muorreskrift foar…

En dêrnei krige wethâlder Pytsje de Graaf, dy't fjouwer jier lyn it hûs ek iepene hie, in kwast en mocht sy de earste wite streken sette. Samar oer de poëtyske rigels hinne. Dêrnei waarden ek oare gasten útnûge om sa mei-inoar it muorreskrift mei in laach wite Gammaferve út te gomjen…

Guon strykten omraak, as woene se sa gau mooglik de letters fuort ha. Wa skriuwt er no op 'e muorre. Dat meie de bern thús ek net dwaan. Fuort dy boel!

Nei dizze, foar buorfrou dochs wat gefoelige wytwaskerij, ha wy mei in hapke en in drankje noch even neipraat oer al dy moaie lytse, smûke foarstellingen dy't Akke yn har Hûs fan de Dichter organisearre hie. Moai dat op dizze wize ek 'lytse' keunstners in poadium krigen…

Ik mocht der graach even hinne, hoewol net alle Sneinsrêsten my like bot oansprutsen. Mar dat hinderet ek neat, smaken ferskille no ienris. Mar spitich dat ús doarp dizze 'smaakmakker' no misse moat…

Mar sjoen it tal doarpsgenoaten dy't de muoite naam hiene om fan Akke en har ynisjatyf ôfskied te nimmen, bin ik tink de iennichste dy't dat fynt…

Pleatst: 20-03-2017 / 22:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Brievebus...

Foldocht de nije brievebus wat? sa frege ik ús pleatslike postrinster. Foar gjin meter, sa andere se. Hy giet wit hoe stiif en der sit ek sa'n boarstel achter.

Sa'n idee hie'k al. Wat de post is op 't heden wol gauris ferknûkele en dan moatte wy it bytiden hast strike mei de strykbout. (Ha wy dy wol??)

Mar it siicht net mear en hy klapperet ek net mear by in straffe stoarm.

No 't ik it oer ús oanpassingen ha... Us hokje soe ek meinaam wurde yn de asbestsanearing. It hokje is fan ússels en ek dêr leine asbestplaten op. Dat wie gjin geheim. Dat wisten wy al lang. Mar de wenningbou woe it foar nul sinten meinimme yn de sanearring. Bêst genôch.

Fansels wer in brieveman om te kontrolearjen. En ik moast derfoar tekenje. Om't it ús eigen wie. Tink derom dat it wol wer ticht moat! Sa trune ik oan by de wenningboukontrolearman. Fansels, jo krije deselde dei noch nije platen op it hokje.

De platen waarden troch de witepakjemannen fuort helle en yndied stie deselde dei de timmerman by it hokje. Mar se hiene mar ien nije plaat by harren. En der moasten trije op. Nuver, mar wêrom fiele jo soks al lang fan te foaren oankommen? Krekt foar it wykein en fansels reinde it it hiele wykein, ús hokje wie dweiltrochwiet! Lokkich hiene wy de ynhâld derút helle, mar dochs, tadiene ôfspraken waarden (wer) net neikaam…

Dy wike dêrop brocht in mânske frachtwein de twa platen. Pallet yn de tún fan de buorman. Ek sa nuver, se kwakke it oeral sa mar del. Lokkich is buorman net in muoilik man...

It dakje siet der samar op. No de ôfwurking noch. Dit makken se derfan (foto). In nokplaat, bedoeld foar in skean dak, waard as ôfwurking derop timmere. It wie gjin gesicht en de mannen naaiden hurd út. Se melden harren net iens dat se fuort gongen, want fansels fielden sy ek wol oan dat dit sa net koe.

Boppedat, it bûtenljocht die it net mear. By jûntiid springt it automatysk oan, mar it bleau mei it nije dak tsjuster.

De folgjende dei kaam ik der achter wat it euvel wie. Doe't ik it lampeglês der ôfhelle hie'k fuort koartsluting. De stop wie útslein en ús telefoansintrale, dy'y op deselde groep sit, moast wer op 'e nij programmearre wurde. Hoe koe dat no?

Mar it die bliken dat de timmerlju de lampe mei ham en gram nei ûnderen ta skroeve hiene, de triedsjes sieten los en rekken elkoar by it demontearjen fan it glês. De lampe moast wol nei ûnderen oars passe dy rare ôfdekplaat net...

Doe sloegen ek by my de stoppen troch. Lilke mail nei de projektlieder, mei foto's en al. De timmerlju ha it in pear dagen letter wer hersteld en der sit no in 'gewoan' dekplankje op. Sa heart it en sa wie it ek. Ek de timmerlju, wol wer oaren as dy't it rare ding derop timmere hiene, fûnen dat it sa net koe en stammeren wat heale ekskuzen.

Letter ha de skilders it noch even grien skildere en it hokje koe wer brûkt wurde. Mar it hat in skoft duorre ear't it wer wat droech wie...

Pleatst: 11-03-2017 / 14:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Joesoef...

Doe't ik noch hiel lyts wie, gie ik faak mei myn âlders nei myn tante yn Snits. Dêr hie omke in izerhannel. De winkel wie ûnder en omke en tante wennen boppe. It wie in bysûnder hûs. De wask moasten jo boppe ta it rút út mei in tou en in katrol heech boppe it binnenpleintsje úthingje.

Omke en tante hiene gjin bern, dus gjin neefkes as nichtsjes om te boartsjen, mar by omke en tante wenne wol Joesoef. Joesoef wie in bysûndere sparpot. Hy koe nammentlik jild opite...

Wy as bern fûnen dat prachtich en wy koene dêr wol in hiele middei mei boartsje. Jild der wer út en dan wer op 'e nij...

Jierren letter, wy wennen al yn Hantum, belle tante ús op. As wy ek belangstelling hiene foar wat âlde toanielklean. No ja, toanielklean... In hege hoed, in karbolje in swellesturt en in streekjebroek. Krekt wat foar jimme... Omke wie ferstoarn en tante wie de boel oan it opromjen...

Fansels, dat moast altiten wurde! Soks komt altiten fan pas en in hege hoed as in karbolje is rôversguod!

Dat op nei Beetstersweach, want dêr wiene omke en tante nei harren pensjonearring delstrutsen. It wie suver noflik, even mei tante âlde ferhalen ophelje. Samar ynienen kaam it petear op Joesoef. Hat tante Joesoef ek noch?

Jawis, wolsto him ha?

No, dat hoegde tante gjin twa kear te sizzen. Dat nei hiel wat kopkes tee mei in lekker stikje koeke, lei Joesoef njonken de huoddedoazen op ' e achterbank fan de auto. En Joesoef ferhuze nei Hantum.

Dêr stiet Joesoef al wer hiel wat jierren op 'e kast. Fol mei fiifeurosint munten. Want ek no noch fynt elk it prachtich om Joesoef jild ite te litten.

Ofrûne sneon organisearre ús doarpshûs in 'Tussen Kunst en Kitsch' middei. Dat like my wol aardich om dêrhinne. Mar fansels moast der ek wat antyks mei!

Joesoef! Dat wie it âldste wat ik sa gau fine koe... (Jaja, ik hear jimme tinken...)

Der wie aardich wat belangstelling. En ik hie nûmer tolve. Besteklik praat mei doarpsgenoaten oer harren meitôge spullen. Ald sulver, bestek, blompotten en sierboarden . Elk waande himsels ryk op dizze middei...

Ik sei dat datjinge wat ik mei hie ek hiel wat jild wurdich wie. Mar dat kaam fansels fan al dat jild dat yn Joesoef siet...

De deskundigen achter de tafel bearden mar wakker. Soks seagen jo net sa faak. Mar de antikêr wist der hiel wat oer te fertellen. Dat Joesoef út de tritiger jierren fan de foarige iuw kaam, út Amerika wei en dat it in orizjinelen ien wie, want sokke sparpotten waarden wol gauris neimakke. In prachtich ding, sa einige hy syn útlis.

En Hendrik, kinst no stopje mei wurkjen? sei in doarpsgenoat dy't syn hiele húsried ek nei it doarpshûs ta sleept hie...

Ja, sa andere ik, en ik bin trije jier lyn al begûn...

Joesoef stiet ûndertusken wer op syn plak, en sa no en dan kriget hy wat lekkers... En de wearde? Want dat sizze se der by Kunst en Kitsch altiten by. En dat lit ik moai yn 'e midden, want by de wearde fan Joesoef tink ik oan hiel wat oars!

Pleatst: 11-03-2017 / 13:17 oere - Reagearje? - Nei boppen