It is no -


www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2013
Novimber 2013
Oktober 2013
Septimber 2013
Augustus 2013
July 2013
Juny 2013
Maaie 2013
April 2013
Maart 2013
Febrewaris 2013
Jannewaris 2013

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik
Huitema Therapie & Training

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter Facebook

Wêr bisto?...

It is ek wol wat. Jo belje pake op, dan hâldt pake in hiel ferhaal op it anwurdapparaat, mar pake seit dêrnei neat werom. En dat moatte jo dan allegearre mar begripe as jo twaenheal jier binne...

En foar lêzers mei in iPad as soksawat (Flash wurket net yn iOs), klik hjir...

Pleatst: 15-11-2013 / 19:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sint Maarten...

Heiten steane achter hage en sket
En as it dan net slagget lang om let
Komme se foar it ljocht en bedrige jo
Hjir dat snobbersguod, jou ús bern dochs wat kado!

Graag vragen wij u om mee te werken aan Schoenmaatjes. Een actie van Edukans, waarbij kinderen in Nederland een schoenendoos vullen met schoolspullen, toiletartikelen en speelgoed voor leeftijdsgenootjes in landen als Ghana, Irak, Kenia en Oeganda. Een leeftijdgenootje dat leeft in moeilijke omstandigheden. Ook wij als basisschool doen dit jaar van harte aan deze actie mee.

Als school proberen we in totaal 70 schoenendozen voor onze rekening te nemen. Daarbij kunnen we niet zonder uw hulp! Dit jaar gaan we de schoenendoosactie combineren met de Sint Maarten lampionnenoptocht op 11 november. Op deze avond tussen 18.00 en 19.15 komt een groepje kinderen bij u langs de deur.

Het is niet de bedoeling dat de kinderen bij de deur iets lekkers krijgen, graag alleen spullen voor de schoenendoos. (Deze mag u in een plastic tas aan de leerlingen meegeven.) De kinderen worden op school beloond met een bedankje en iets lekkers!
Ut Hichtepunten nûmer 6 - oktober 2013

In prachtige aksje en tige goed slagge!

Pleatst: 11-11-2013 / 22:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

It Hûs fan de Dichter...

Op de kâlde en grize klaai stiet by ús yn 'e strjitte in lyts húske. In bejaardewenstje. Yn dat hûs is Akke delstrutsen. Ik wit it net hielendal krekt hoe't sit, mar Akke har woartels lizze yn Hantum. Akke har woartels binne útrûn nei oare dielen fan ús lân en nei in gâns lange tiid fan in Hollânsk teatraal libben is Akke wer telâne kaam yn it doarpke fan har âlden. En dêr hat se har hûs ta it Hûs fan de Dichter omdope. It Hûs fan de Dichter is een klein intiem podium voor Poëzie Kunst en Bezinning in het uitgestrekte landschap van NO Fryslân, sa omskriuwt se it op har webside.

As it lytse Fryske flachje út is, is it Hûs iepen en is elk wolkom. Der is plak foar sa'n 30 gasten.

It flachje wie út en Hendrik siet op in lyts Gamma klapstuoltsje yn de smûke keamer. De rook fan kofje kaam je temjitte en út it achterrút wei seagen wy de mûne yn it Hantumerleech draaien. In prachtich dekor fan Sneinsrêst, sa as Akke har eveneminten omskriuwt. Fan'e middei wie Erik Post op besite. In ferhalenferteller út Hoorn. It waard in poëtyske middei mei ûngewoane, mar bysûndere ferhalen.

Fan de skriuwer dy't foar syn brea ferhalen skriuwe moast, mar nettsjinsteande dizze ropping in hekel krige oan Kryst. Want dan is it topdrokte foar him en moat hy mar oan elk fersyk foldwaan. Toe je, skriuw foar my in ferhaal! En tink derom, de krystsfear moat der fan ôf drippe... It ferhaal fan Anna, de útstrûper (eendagsvlieg) en nei it skoft in byldzjende ferhaal fan Albertino de sirkusartyst, balansearjend op syn reade tried as libbenskoard.
Dit lêste ferhaal wie wol it dreechst. Al dy bylden al dy wurden, bytiden koe ik der gjin (read) tou oan fêst knoopje. Mar wol hiel moai ferteld yn prachtige wurden!

Foar it skoft siet der op it hoekje fan ús stuolle-rige in ûnbekende man. Hy koe sa út ien fan de ferhalen weistapt wêze. In grut bosk wyld griis hier, alternatyf in de klean en mei bleate fuotten yn syn sandalen as wie it heech simmer. Hy lústere wat ûnferskillich. Yn it skoft pakte hy swijsum syn jas en sûnder ek mar ien te groetsjen slûpte hy it dichtershûs út. Waard it him te waarm ûnder de fuotten? Dat koe hast net, want dizze held hie gjin sokken oan en Akke hie de ferwaarming ek noch leger setten.

Even tocht ik ûnder it ferhaal fan Albertino dat it in figuer wie út dat ferhaal. Want it gie oer in man op sandalen. Mar hie hy dêr wol sitten? As soe it dochs ferbylding wêze? Want sa bot sprutsen de ferhalen wol...

Pleatst: 10-11-2013 / 18:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

After the storm...

Wy ha sa stadichoan hiel wat muzyk op de Pc stean. Lit my ris stoarm yntikke, aktueel, is't net sa? De list wie net iens sa grut, mar wol aardige nûmers.

It nûmer fan Gurbe Douwstra heart eins net yn 'e list, want it is yn it Frysk stoarm. Mar by it ynfieren fan dit nûmer hie 'k in a fergetten. Goh, dat ha 'k oars noait... Hoewol, stoarm passet der dan wol wer by. Dizze stoarm kin wy net keare, sa sjongt Gurbe. Nee, ôfrûne moandei koenen wy dit wyntsje ek net tsjinhâlde...

By ús sels foel it ta, wy hienen mar ien dakpanne dy't der ôfwaaid wie. En in hoekje fan ús stek wie stikken, want dêr wie in grutte tûke fan buorman syn beam op fallen. Earme buorman. Twa mânske beammen hienen de stoarm net oerlibbe en wienen mei donderend geraas troch de sketten fan de oare buorlju fallen. De hiele wike binne se oan it oprûmjen west.

No is it mar ljocht by ús achterhûs en yn ús hal by de foardoar. Ek ferbyldzje ik my dat de radio minder ûntfangst hat. (Wy ha noch in âlderwetske antenneradio yn 'e keuken stean...) En dat it ljocht achterhûs minder gau oangiet as wy der lâns rinne. Wurkje beammen net as in soarte fan reflektor fan alderhande sinjalen? Ach, ik wit soks ek net...

Wat ik wol wit is dat it no keal wurden is. En hie 'k it yn it ferline net altiten oer de keale klaai tsjinoer it prachtige en boskige Gaasterlân? Guon binne fêst tige bliid dat it oprûme is, mar myn boskhert fynt it eins wol in bytsje skande...

No mar ôfwachtsje wat buorman mei de stronk docht. Dy leit noch heal oerein yn 'e tún. Dizze beam kinnende sil hy wol wer útrinne. Mar dan wurdt it wol in hiel bosk! Dochs mar ris mei buorman prate...

En no spilet iTunes Riders on the Storm... Prachtich!


Hege beammen hawwe gâns wynfang...

Werom nei 24 july 2014

Pleatst: 02-11-2013 / 16:17 oere - Reagearje? - Nei boppen