Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Swart gesicht...

Dat wie no de 388e kear. Miskien ek wol mear! Fan 'e middei even oan it hageknippen. Gie al wat stadich mei de rêchblessure, mar ik hie it wol oan tiid. It wie der nedich oan ta, want nettsjinsteande dat wy gjin wetter ha, groeie de tûken mar bêst!

It gie as it slydjage. Mar dat moatte jo nea tinke, want dan slacht it needlot ta.

Snoer wer dwêrstroch. In grutte BATS, wat lytse fonkjes en ho sei de skjirre. Ach, sa as sein wie it net de earste kear, mar jo skrikke altyd wer. Ik sil der altyd sa om tinke en it giet de lêste tiid bêst. Mar sa as sein: dan slacht...

Ik sil it snoer wol net neffes de ARBO as de NEN-noarmen makke ha, mar wa soe dat kontrolearje? Tankjes út 'e arkbak, isolaasjebân (hie'k gelokkich noch) út it laad en prutse mar. It snoer docht it wer. Healwei sit in reade ûnderbrekking, mar der sit gjin sluting yn, dat de hage kin wer knipt wurde.

Meistje se it snoer ek noch wol oranje. Dan falt it better op, haha! Myn âlde snoer wie ek oranje. Mei in hiele protte swarte stikjes dertusken. Ik hie doe allinne mar swarte isolaasjebân. Mei it doarpsfeest fan twa jier lyn is dat snoer ferdwûn. Mocht ik it aanst mei it kommende doarpsfeest wer tsjinkomme, dan werken ik it sa! Dat is dan wol wer it foardiel fan al dy kleurige ferbiningen...

Pleatst: 31-5-2008 / 21:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Zó!

Noch neat heard fan de libelleminsken. Se sille wol tinke: dat is wer sa'n ûnderwizerke dy't tinkt dat hy de fynst fan sin libben dien hat. It sil wol in hiele gewoane libelle wêze. Dy't oeral en yn grutte oantallen foarkomt. Oars hie der wol in hiel mediasirkus op gong kommen. Hot news by SBS: 'Zeer zeldzame libelle gevonden in afgelegen Fries terpdorpje...'

Justerjûn binne wy nei de lêste foarstelling yn 'e Iisherberch west. fan Brigitte Kaandorp. Wat ha wy in geweldige jûn hân en wat ha wy lake. It is in op en top fakfrou dy't de seal o sa wit te fermeitsjen mei de meast healwize ferhaaltsjes oer faaks neatsizzende saken.

De Iisherberch die syn namme wer eare oan, want it wie smoarhyt yn 'e seal. De 'climatcontrol' die it wer tige by tige. Mar ach, kin't skele. It wie de lêste jûn en aanst kinne de tsjerkegongers harren mar klearmeitsje. Mar ik kin my net foarstelle at se ea sa'n foargonger krije as justerjûn!

Pleatst: 30-05-2008 / 22:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Hynstebiter

'Geachte heer...
Via zoeken op internet kwam ik op de site van de Hynstebiter terecht. We waren aan het zoeken naar een libellesoort die we achter in onze tuin hebben gevonden. Hierbij een foto van het dode dier. We kwamen op de Bruine Korenbout. Maar of dit juist is, geen idee... daarom dit mailtje, want we zijn nou toch nieuwsgierig geworden. Bovendien lijkt het ons vrij zeldzaam dat deze libelle bij ons in Hantum (boven Dokkum) voor komt. Misschien kunt u ons uit te droom helpen.
Met de hartelijke groeten, '

En no mar ôfwachtsje...

Pleatst: 27-05-2008 / 20:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Utsicht...

Juster wie ik wat oan it pielen en op 'e achtergrûn spilet de radio altyd mei. Omrop Fryslân. Hee... hearde ik dêr net Jaap Louwes? Op nei de radio en de lûderknop wat heger draaie. Yndie, it wie Jaap. Mei in hiel aardich ferske. It gie oer de memmen by it stek. By it stek fan skoalle...

No ha ik fanút myn lokaal sicht op dat stek en elke dei sjoch ik de memmen stean. Faaks steane se dêr al om healwei tolven wylst wy om likernôch kertier foar tolven útkomme.

Wat in prachtich ferske! Mar it is krekt sa as Jaap sjongt: 'It binne dingen dy't net kinne...' en 'Fantasy hast noait tefolle...'
Klik op ûndersteande spiler om nei it ferske te lústerjen.

Pleatst: 25-05-2008 / 16:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frijwilligers...

Bygeande foto is makke fanôf it dak fan ús doarpshûs. Om likernôch njoggen oere sieten sa'n 7 man klear om it doarpshûs bûtenom te himmeljen.

Earst kofje fansels...

Ien kear yn 't jier wurde de ruten, de goaten en it platte dak skjinmakke. In moai putsje. En omdat wy mei in hiele grutte ploech binne, is it samar klear. En as it dan dien is, dan sitte wy noch even noflik en dan ha wy it der even oer.

Sa kaam it petear al gau op it nije doarpshûs. Soe dat trochgean? De mieningen wienen ferdield, mar de diskusje wie der net minder om. De measten fûnen it spitich dat it âlde doarpshûs dan tsjin de flakte moast. 'Sa'n moai karakterestyk gebou...' Mar dat is hielendal net wis! Miskien wurdt it net delhelle, mar oanpast en fynt it in oare gaadlike bestimming. 'At se dit gebou slope, dan kreakje ik it...' sei in himmelder 'Dan gean ik yn it doarpshûs sitten mei in dûbelloops jachtgewear.' Jawis. En dan moai alle lju fan de ARBO, de gemeente, 'de keuringsdienst van waren', de fersekeringen en de brânwacht de doar út sjitte.

Sa't jimme begripe wie it wer topoerlis dêr yn ús doarpshûs...

Pleatst: 24-05-2008 / 19:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bloei...

De pioenroas stiet mar even yn bloei. Mar wol altyd prachtich moai! Foardat de blêdsjes wer read op 'e grûn lizze, dochs mar even digitaal genietsje fan dizze moaie plant yn ús achtertún...

Klik foar in fergrutting

Pleatst: 23-05-2008 / 13:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spultsjes...

Sa tusken de bedriuwen troch binne wy ek noch dwaande mei de tariedingen foar it kommende doarpsfeest. Wy ha goeie ideeën by ús yn 'e strjitte en sa as it no liket wurdt ús strjitfersiering top! Wy hâlde it noch wat geheim, mar by it doarpsfeest sille de doarpsgenoaten fersteld stean fan ús útbylding fan it thema spultsjes. Want dêr giet it dit jier oer. Fansels kinne wy der noch neat fan sizze, mar oan 't no ta is it tige gesellich!

Troch de jierren hinne hat it doarpsfeest altyd soarge foar in protte ynspiraasje! Sa is 'Sin oan it feest' ris de titel west fan in doarpsrevu en skriuwt Piebe Priegel hast elke twa jier wol in stikje oer dit unike fenomeen. Lês mar ris: Sin oan it feest...

Pleatst: 23-05-2008 / 13:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Simmerstop?

Jo telle tsjinwurdich net mear mei as jo net foar ien as d'oare 'seminar' nei it Abe Lenstra stadion west binne. Hjoed hienen wy in brûkersbyienkomst fan ús skoalle-administraasjepakket. Hat ek wol wat, tige gewichtich by Abe lurkje oan in bakje hearlike DE-kofje, wylst de sprekkers wakker om sitte te griemen mei de ynternetferbining. Want dêr hinget ús libben hjoed de dei fan ôf!

Miskien hie ien fan de kranen ek wol de kabel dwerstroch groeven... Wêrom belje se klic dan ek net!

Pleatst: 21-05-2008 / 22:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

Skildereftich...

Klik foar in fergrutting

Pleatst: 18-05-2008 / 19:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pinksterwykein... (2)

Klik foar in fergrutting en mear! Wy hienen it wol yn 'e gaten. Dat der in filmke makke waard, bedoel ik. De kâns dat jo dat filme ea sjogge is wol hiel lyts, tocht ik doe. Mar hoe ferrassend! Nei wat strunen kaam ik op op de side fan in dielnimmer út groep 7 telane. Mei moaie foto's fan doarpsgenoaten oan 'e dyk! En mei bygeand filmke.

Ik kin my noch heuge dat dit ferline jier ek it gefal wie (sjoch by 6 july 2007), mar dat Rûm Sop wat stie te bibberjen fan 'e kjeld en dat de filmer doe sei: 'No jongens, set mar yn, set mar yn...!' No, hy hat syn sin krigen, hy hat der allinne in jier op wachtsje moatten!
Klik op de lytse foto fan Rûm Sop foar mear!

Foto en videoreportage van een deelnemer uit groep 7: Klik hier voor meer foto's.

Pleatst: 18-05-2008 / 10:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gearwurkje...

In aardich plaatsje. Samar makke op in freedtemoarn. De bern fan groep 5 moatte gearwurkje yn lytse groepkes oan in taalprojekt. As jo dizze foto sa besjogge is it projekt al slagge!

Pleatst: 17-05-2008 / 17:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Edele delen...'

It is wat as de earen net mear sa goed wurkje!

Hjoed wie it hearlik op it skoalleplein. Even de fuotten strekke en op nei bûten. In kollega en de diplomearre oppasâlder stienen te praten. It wie wol wat nuver praat! Hearde ik dat goed? Der wie ien dy hie syn 'edele delen' skeard. (No seinen se dat wat oars, mar wy hâlde it netsjes...) En no wienen dy troch dit moaie waar ferbaand dat se moasten mar ynsmard wurde mei sinneoalje. Hearde ik dat goed? Wa docht soks no. Boppedat skeare dy boel? Dat soe no net by my opkomme.

En sa praten dy twa wat troch. En wakker gnize en oangean. Fansels, as it mar oer 'gefoelige' mannesaken giet, dan ha froulju de grutste wille. Dochs fûn ik it mar in nuver ferhaal en ik moast der fansels mear fan witte, boppedat wienen de details my ûntgien. Sei ik yn myn ûnnoazelens: 'Wie hy in nudist, in neakenrinner om samar te sizzen?'

Stilte op it plein en de froulju leinen slop! Se koenen hast net wer ophâlde fan laitsjen. It koe net oars, dúdlik in gefal fan 'de klok en de klepel'... Man! Wy ha it oer de raam fan de buorlju. De skiep binne skeard en no hat dat wat ferfelende bywurkingen by ien fan dy bisten...!

Jimme begripe it, der waard noch ien read mar dat kaam net fan de sinne!

Pleatst: 16-05-2008 / 21:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pinksterwykein...

Jimme ha it earder lêze kinnen, froeger wy ien fan de grutte passys follybal! Twa kear yn 'e wike traine en yn it wykein spylje. By trije klubs ha ik dizze moaie sport beoefene. By DBS yn Balk, DHC yn Ljouwert en de Roeken yn Holwert. Wol frjemd dat it no de Roeken-DVC is. Fusearre mei de grutte rivaal fan doe, de stêdsjers DVC. Hawar tiden hawwe tiden... De Roeken wie myn lêste klup. Healwei myn tritichste ha'k ôfskie naam fan dizze skitterende sport, want ik woe mear tiid stekke yn it kabaret.

Ofrûne sneon kamen dizze twa grutte hobbys byelkoar. Wy moasten optrede yn Balk, foar follybalklup DBS, myn âlde leafde. Fansels is der hiel wat feroare, dat kin net oars. Mar de geselligens fan DBS is bleaun! Wat in hearlik feest en wat in noflike minsken! It seizoen waard ôfsluten mei in foarstelling fan ús yn 'e sporthal en in band yn de kantine. Ik trof noch in hiele protte âlde bekenden. Myn famylje, âld teamgenoaten en sels de âld trainer kaam spesjaal noch even lâns. It mei dúdlik wêze dat it let wie. Sels ús gebrûklike evaluaasjebyienkomst yn Dokkum is net troch gien, de boel wie al ticht. En Broer woe al lid wurde fan de follybalklup, no dan witte jo it wol...

Op Pinkstermoandei stienen wy mei Rûm Sop (de nije opset fan de webside) al ier en betiid klear op 'e boppebuorren. In oere earder as ferline jier. It wie hiel gesellich yn Hantum! Wat in minsken en wat in sfear. Jammer dat wy fan alle swaaiende, razende en jûchheiende fytsers gjin foto's ha. Dan wie it in moaie en bûnte samling: plysjemoters, smurfen en sels in trompetspiler stienen en stie by ús om de sfear te ferheegjen. Om likernôch tolve oere wie it dien mei de fytsers en kaam der hjir en dêr noch in lêsten ien oer de Hantumer terp. De fytsers wienen earder troch as gewoanlik, mar dat kaam fêst troch it skitterende waar!

Pleatst: 12-05-2008 / 15:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Asthon Brothers

Wy wienen der gau út: wy geane leaver nei de Lawei yn Drachten as nei de Harmonie yn Ljouwert. Om oer de Iisherberch mar te swijen. Aanst sitte wy yn DOK18 om de ûnderkant fan ús boat op 'e nij yn 'e ferve te setten...

De Lawei is rûmer, freonliker en hat it mei de katering folle better oanpakt! Yn Ljouwert steane jo it hiele skoft te triuwen en te wachtsjen op twa fleskes Spa read. Yn Drachten stiet it foar jo klear en kinne jo it sa pakke. It drankje sit by de priis yn!

Hoewol, no't ik it oer skoft ha, in hiele protte teaterprogramma's ha gjin skoft mear! Nei fiif kertier steane jo wer bûten en ha jo de hiele jûn noch foar jo. Binne se hjoed de dei te bang dat minsken yn it skoft fourt gean? Dat ha myn âlders ris dien doe't se neat oan in foarstelling fan Tryater fûnen. Letter ha wy dy foarstelling 'De Gebedsgenêzer' ek sjoen en ik koe my by dat fuortrinnen wat foarstelle. Mar it moaiste wie, dat se it skoft derúthelle hienen!

Justerjûn hienen wy ek gjin skoft by de Asthon Brothers. Kertier foar tsienen wie it dien, mar se hienen wol fanôf acht oere spile! De Asthon Brothers binne op 't heden tige 'hot'. It is ek in hiele aparte sjo! It lit him wol wat fergelykje mei Mini en Maxi. Der wurdt net folle sein, it is tige muzikaal en der sit in hiele protte absurde humor yn. Boppedat binne de mannen hiel linich en helje allegearre nuvere akrobatyske toeren út. Moai om te sjen, mar ik fûn it op 't lêst wol in protte op elkoar lykjen. Wy ha ús wol fermakke en Wilma sei dat se soks noch nea sjoen hie yn teater! Hiel bysûnder en fenomenaal!

Pleatst: 10-05-2008 / 10:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Handich...

Moai, sokke bankjes oan it paad rûnom Hantum. Mar wêrom meie wy der net op sitte?

Pleatst: 09-05-2008 / 15:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Johannes Hendrikus Zelle

As jo fan grifformearde komôf binne, dan kin it net oars as dûmny Zelle is earne foarby kaam yn dyn libben. Faaks is dat wat opperflakkich en kinne jo dizze bysûndere dûmny allinne mar út ferhalen. Mei in bytsje gelok ha de fyftigers fan no him preekjen heard.

Myn âlden hienen it faak oer dûmny Zelle, syn aparte libbenswize, syn sportfyts, syn skuonpoetshier en syn tongerpreken. Ien kear ha ik him hjir yn Hantum preekjen heard. Wy wennen hjir doe noch mar krekt mar de ferhalen oer Zelle wienen by my bekend, dat derhinne fansels. Dat optreden fan Zelle hat in ûnferjitlike yndruk makke. Hy wie op 'e Lytse Jouwer te hearen en hy sei dingen dy't jo oars nea hearden yn tsjerke. En it nuvere wie, de tsjerke siet grôtfol!

No hat Freark Smink in teaterfoarstelling oer Zelle makke. It wie in toer om dêr kaarten foar te krijen, mar it is ús slagge! Justerjûn wie it safier. Wy tegearre nei in Tryatergebou yn Ljouwert. Wat in geweldige foarstelling!
Yn 'e ôfrûne jierren hat Freerk Smink troch syn fassinaasje foar dizze dûmny allegearre ferhalen en oar materiaal oer dizze dûmny sammele en dat hat hy yn dizze foarstelling ZELLE ferwurke. De foarstelling wurdt muzikaal stipe troch muzyk op âlderwetske harmoniums bespile troch Hoite Pruiksma.

In prachtige foarstelling troch in geweldich akteur! De ferhalen oer en fan Zelle kamen op yndrukwekkende wize ta libben en in wie as stie dûmny Zelle dêr sels! Yn it stik lieten se ek lûdsfragminten fan Zelle heare en it wie krekt as hie Freerk Smink it sels ynsprutsen. Dat is sa knap! Dat in akteur sa yn 'e hûd fan in persoan krûpt dat it liket dat de man wer ta libben kaam is.

Nei't wy Freerk Smink en Hoite Pruiksma mei in ovasjoniel applaus bedankt hienen, hearde ik hiel nuchter achter my ien sizzen: 'No dat wie dan dat...' Dat passe krekt, wat sa wie Zelle ek. Koart en saaklik en hy sei wêr't it op stie.

'Ik preekje hjoed allinne foar de sliepers, sei dûmny, dat de oaren kinne har wol deljaan...'

Pleatst: 07-05-2008 / 18:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

It sit deryn...

Pleatst: 07-05-2008 / 09:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hyves...

Wy ha it der al ris earder oer hân: Hyves. Dat is alderivichst populêr! Elkenien hat it der oer en sa te hearen hat elkenien sa'n Hyvessite.

No hienen wy it der al ris oer hân om ek foar ús kabaretduo in Hyves te meitsjen. Ach ja, as artyst moatte jo mei yn de 'vaart der volkeren'... Juster even oan it prutsen west. Ik fyn it dan wol wer moai dat de Hyves deselde kleuren hat as de website, dan is it in echte oanfolling om sa mar te sizzen.

It is wol aardich slagge. En fuort op 'e earste dei wienen der al in hiele protte dy't harren oanmeldden as freon fan dizze Hyves. As dat yn dit tempo troch giet, dan ha wy oan it ein fan 'e moanne wol mear as 500 freonen! Mar dat sil wol net, want wy moatte al mei twa fuotten op 'e grûn stean bliuwe fansels...
Foar de leafhawwers: knoffelhakke.hyves.nl

Pleatst: 06-05-2008 / 12:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Aldemardum...

In hiele reis, hielendal nei Gaasterlân. Soks sprekt my wol oan fansels... In prachtige jûn yn in smûk doarpshûs. Suver wat in reuny. Myn âlden, in omke en tante, in studzjegenoate en twa âlde klupgenoaten sieten ek yn 'e seal. Hoewol dy klupgenoaten my net mear koenen. Mar nei even trochpraten hienen se it yn 'e gaten. 'Ik tink al, wat hat hy in bekende kop... Do bist in van der Haaide...' Sa sprekke se dat út dêr yn dy kontrijen. Se fûnen dat wy mar 'geef Frysk' praten. Mar ja, as jo it Gaasterlâns wûn binne, dan klinkt alles wat oars is geef...

Pleatst: 03-05-2008 / 10:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lama Gawang...

Om't ik fanwege de rêch no wer wat mear kuier kilometers meitsje, bin ik op dit weblog mar in nije rubryk begûn. Sjen wat we ûnderweis allegearre tsjin komme...

Fan 'e moarn stie ús freonlike Lama Gawang jonge fûgeltsjes te fuorjen. Merkels om krekt te wêzen. In swarte swan besocht in graantsje mei te pikken, mar mem merkel hat him handich fuortjage. De Lama sei al wat tsjin my, mar dat koe ik net ferstean. Docht der ek net ta, it plaatsje sei genôch.

Pleatst: 02-05-2008 / 14:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Majesteit...

Juster hienen wy as Keninginnedei-aktiviteit in puzzeltocht mei de auto. Soks leit ús wol, dat om likernôch seis oere stienen wy klear by it startplak. Om 'e trije minuten mochten wy starte en by it wachtsjen op it startsein, want der dienen in hiele protte mei, ha jo al gau wat smout praat. Sadwaande moast Teake syn hoed it ûntjilde en fûnen wy it mar wakker nuver dat hy in reade hoed op hie ynstee fan in oranjen ien.

De puzzeltocht stjoerde ús lâns allegearre ûnbekende dykjes yn ús gemeente en buorgemeenten en wylst de sjauffeur alle war die om trekkers, sleaten en bermen te ûntwiken, moast de byrider allegearre fragen beantwurdzje. Sa as: Hokfoar foarm hat de wynwizer fan de tsjerke fan Moarre?

It wie in hiele aardige tocht, fol kryptyske omskriuwingen en riedsels. Jo moasten jo eagen goed de kost jaan, want ear't jo it yn 'e gaten hienen, wienen jo in oanwizing foarby riden.

Sawat oan it ein fan 'e tocht kamen wy de majesteit ek noch tsjin. Ynstee fan yn 'e gouden koets hienen de majesteit en har skoandochter plak naam yn in hynderkarre. Nei't wy wiidweidich hare majesteit neffes it protokol begroete hienen, stelden de twa 'hoogheden' ús twa fragen. 'Hoe heten mijn zonen en hoe heten mijn dochters...' Dat foel ek noch net ta. Wy hienen wol foar de TV sitten om de keninginne yn Makkum en Frentsjer te bewûnderjen, mar der slaan safolle prinsen en prinsessen by om, dat wy dy nammen ek net allegearre ûnthâlde kinne. It wie wol aardich dat ien fan de dielnimmers sei op de fraach fan de soannen: 'Jinze en Jelle...' No wie dizze majesteit wol in Kingma, mar bedoeld waard de soannen fan Beatrix!

Om even oer achten stapten wy mei ús opdrachten d'Ald Skoalle yn, want dat wie it einpunt. Dêr ha wy noch even noflik neisitten, mei de buorlju dy't ek meidien hienen. It duorre ek noch lang ear't de lêste dielnimmers binnenkamen. Wy ornearren dat sy by de Poalske grins stienen en de douane fregen: 'Weisen sie wa stijve Dolly ist?' Mar lokkich ek de lêste dielnimmers kamen optein en dochs noch foar healwei tsienen de seal binnen en koe de útslach bekend makke wurde. Wy sieten net yn 'e prizen, mar dat kaam ek om't wy in protsje fragen ferkeard hienen. Sa seagen wy yn de wynwizer fan de Moarster tsjerke in drakebek... No ja. It wie in slagge jûn mei noflike minsken oan it ein fan in feestlike dei!

Pleatst: 01-05-2008 / 14:22 oere - Reagearje? - Nei boppen