It is no - Werom: Argyf:
Ferhalen: Famylje foto's & filmkes:
Oer de skriuwer:
Reagearje?
Hantum-sides: |
Popie Jopie...
No, dat ha ik witten... Wat in fersin! De e-mailboks rûn hielendal fol (en fêst). Dat hie ik fansels nea skriuwe mochten! Sinteklaas kaam hielendal net op 20 novimber oan yn Tytsjerk. Dat wie hjoed pas, de 27-ste. Echt sa'n gefal fan it kin de master misse... Ik ha it earst mar wat stil hâlden. It tocht dat de lêzers fan dit weblog it dochs net wisten, as dat se der oerhinne lêze soenen. Mar dat hie 'k ferkeard tocht. Der binne ommers ek in protte lêzers yn Tytsjerk?! Dat hie 'k witte moatten, ik hie de Tytsjerksters wat heger ynskatte moatten. De earste reaksje kaam al op 'e selde dei as ik it skreaun hie: Meskien yn gewicht is der oankaam mar noch net mei de trein dat is sneon pas. Tink dat er de trein mist hat, mei de mist...
Dat fan 'e middei op nei Tytsjerk. Ik moast mei eigen eagen sjen hoe't de Sint út 'e trein smiten waard. Want sa as jimme trouwe reizigers fan Ljouwert nei Grins wol witte, der is yn Tytsjerk gjin stasjon. Om likernôch healwei twaen stie ik klûmjend klear by de spoarwei-oergong fan it doarp dêr't ik hast eltse dei hinne tôgje. Elk seach my mei grutte eagen oan: Master jo hjir? Binne jo hjir spesjaal foar hinne riden? Ik knikte wakker en sei dat ik dat troch de wike wol faker doch, mar dy lêste opmerking drong net alhiel troch ta dy ferhearde âlder.
Ek kaam der in mem suver driigjend op my ôf. Ferline wike oankaam? Hjoed siltst bedoele! Ik soe skriuwe, mar ik ha it dochs mar litten, want ik soe it yn it Frysk dwaan, mar ik kaam net alhiel út myn wurden... No, dêr by it spoar kaam se hiel goed út har wurden en ik stie te triljen op myn fuotten, sa sei dizze mem my it mannewaar op. Lokkich wie dat triljen fan 'e kjeld en dat mannewaar wie mear winterwaar, dat it foel allegearre wol wat ta hjer...
Omdat ik fan 'e middei dochs even op skoalle wêze moast, ha ik it sa mar wat oanpakt. In foto derby en Tytsjerk sil tefreden wêze. Sjen oft se no ek reagearje. Sil wol net, allinne as der wat te krimmenearjen is wolle se harren ferhaal kwyt...
En werom der no Popie Jopie boppe stiet? Tink mar even nei soe'k sizze. It is soksawat as: ien plus ien is twa. De paus, ek in bisskop, komt oan yn it lân fan syn dreamen, knibbelet as hy út it fleantúch (lês de trein) komt en tutet de grûn. De grûn fan it moaie Tytsjerk. Dêr bin ik wer! De trein lit in lûde toeter heare en set wer sok. De kondukteur leit mei in lytse kamera de reis fan syn libben digitaal fêst en fertelt syn pakesizzers dat hy de Sintemasije hjoed yn Tytsjerk ôflevere hat... Allinne dy swarte Pyt... Dy kaam fleurich op my ôf en sei dat ik in master wie en hy (sy) stoppe myn hannen fol mei snobbersguod. In âld learling? Ik kin der mar net achter komme. En sa bleaunen net allinne klûmjende bern mei harren âlders ferheard achter, mar ek in klûmjende master mei in hân fol pipernuten. Klik hjir foar in fergrutting. Oerweldigjend... Fan 'e middei hearde ik yn 'e auto foar it earst dit nûmer fan Twarres. No ja, eins is it fan Bob Dylan, mar Twarres sjongt it yn it Frysk. Wat in prachtich nûmer en wat in geweldige útfiering. Ik wie hielendal ûnder de yndruk en ik wie der stil fan. No hielendal stil wie it no ek wer net, want de autoradio stie knallûd en sels my dôve ear wurke wer even...
Sfear...
It is allegearre wol spannend dizze en de kommende dagen. De âld man is noch net iens yn ús doarp oankaam, mar dochs seach ik him earne op it dak. Op ferkenning út? Sneon is it safier, dan komt hy by ús yn de 4H-doarpen oan. Bytsje oan 'e lette kant, mar ach, it is ek wol in hiel ein fuort, dêr yn it noarden op 'e swiere klaai. Yn Tytsjerk is de Sinteklaas allang oankaam. Mei de trein. Der is net iens in stasjon yn Tytsjerk. Dochs stapte hy dêr fan 'e trein. Ach ja, op sokke dagen kin alles...
Lytse Hille en Swarte Pyt...
Wat wie dat in prachtige jûne, ôfrûne freedtejûn yn Broeksterwâld! In folle seal en in geweldige sfear. Boppedat hienen wy dêr in bêst plak, der waard goed op ús past.
Omdat wy de lêste wiken in protte yn it suden fan Fryslân optredens fersoarge ha, moasten wy faaks ier en betiid op 'n paad. (Lâns nuvere paden, sjoch it ferhaal fan 7 novimber...) Freed wie it mar in hoannestap, mar út gewoante sieten wy al om kertier oer fiven yn 'e auto en wienen om healwei seizen al te plak. No ja, koenen wy ús it moai oan tiid dwaan en koenen wy ús mar tariede foar de jûn dy't komme soe. Der sieten in protte fans en bekenden yn 'e seal, dat wy koenen nei de tiid fansels net samar fuort gean. Even byprate... Boppedat fersoarge sjonger Lytse Hille in optreden yn 'e bar en nei fiif wiken 'dreunmuzyk' yn 'e Zaak is it Hollânsktalige repertoire fan Hille in ferromming! Dat wy ha út folle boarst Tulpen uit Amsterdam en Als de nacht verdwijnt meisongen. Hiel gesellich dêr yn de Broek! Takom wike moatte wy nei de Woudzangers. Yn 'e Harkema. Dat sil ek wol wer gesellich wurde. De fûgelclub hat der al wer nocht oan, want se kundigje it op harren webside al oan. Lytse Hille sil der wol net wêze, want it sjongen dat ha de fûgeltsjes dy middei al dien. Want sa giet dat dêr yn 'e Harkema. Fûgels derút en Klún & Knoffelhakke deryn. De nuveraardigste fûgels ha sy foar de jûnes bewarre... (klik op de foto foar in fergrutting)
It sil jimme net ûntgien wêze, mar Sinteklaas is ek wer yn ús lân. Drokke tiden foar de âld man, hy moat yn alle plakken oankomme en meispylje yn alderhande akts en wolkomst-happenings. Wilma moast har opwachting meitsje yn de Westereen. Dêr moast se mei hynder en wein Sinteklaas en syn haadpyt troch de strjitten ride. Lokkich wie menear Willem der ek en hy soarge derfoar dat alles yn goeie banen laat waard. Hy prate alles oanelkoar en koe Wilma sels oerhelje foar in koart fraachpetear. Op de side 112 Zwaagwesteinde in filmke dêr't alles op te hearen en te sjen is. (It fraachpetear fynt bûten byld plak, ta gerêststelling fan Wilma...) Ûndersteande foto komt fan de side RTV Noordoost-Friesland. Dy hienen it der mar drok mei, want sy binne de hiele regio trochflein om de yntochten te ferslaan en op byld fêst te lizzen. Hoe docht sa'n Sinteklaas dat dochs? Middeis oankomme yn Hurderwyk en dernei oeral yn it noarden fan Fryslân. Lit Dick Maas dêr ris in film oer meitsje... Mei tank oan Peter de Vries en Sake Beerstra Stoarm en ûnwaar...
Och och, wat ha de bern der hurd oan wurke. Moaie lampionnen foar de optocht fan fan 'e jûn. Mar it waait in heale stoarm! Dy earme berntsjes. Waaie dy moaie wurkstikken sa by buorman yn 'e hage. En it slimste is: gjin snobbersguod! Ik bin der wis fan dat der in pear binne dy't waar en wyn stean om dochs mar mei in folle plestikpûde thús te kommen. En de 'weiten hintsjes' bliuwe thús, dan krije se noch mear, want it spul moat op! By ús yn Hantum dogge se hast net oan Sint Maarten. Dat ha wy harren sa'n 30 jier lyn gau ôfleard... Nee hjer, dat lêste falt wol wat ta, it is hjir gewoan net gebrûklik. En sis it mar werom. Wy fine it wol bêst, wy ha ek hielendal gjin snobberij oantúgd. Mar it bliuwt wol in nijsgjirrige fraach. Hâlde de bern fan Hantum net fan snobjen? Yn it ferline ha ik dêr ea ris in stikje oer skreaun. Foar it doarpsblêd. Hjir kinne jimme dat stikje lêze. It is wol yn it Nederlânsk, mar dat komt om't ik doe noch hope dat it troch de Telegraaf oernaam wurde soe. Krekt as it ferhaal fan it 'knetterwetter...' Allegearre komme!
De tûke TomTom... Juster moasten wy yn Drylts optrede. Krekt ûnder Snits. Yn de grifformearde tsjerke fan Drylts wurdt net mear preke en om dit prachtige gebou dochs noch in doel te jaan, is der in kommisje dy't alderhande kulturele aktiviteiten organisearret. It waard in moai optreden op in bysûnder plak. Mar it meast bysûnder wie dochs wol de TomTom. Wy ha altyd leard dat de koartste ôfstân tusken A en B in rjochte line is. Mar Tom hat dêr noch nea fan heard en stjoerde ús fanút Dokkum oer Drachten, it Fean, de Jouwer en Snits, oer de snelwei. No fûnen wy dat al wat nuver, mar ek wol bêst want it rydt ek wol wer maklik. Mar de weromreis hie Tom hiel wat oars yn 't sin. Wy moasten oer Boalsert, Harns en Ljouwert. Ek wer oer de snelwei. Wy fûnen dat mar frjemd, want neffens ús gefoel moasten wy binnentroch oer Dearsum, dat is dochs folle koarter!? Wy namen ús foar om dizze rûtes de folgjende deis (hjoed dus) op routenet.nl te kontrolearjen. En wat docht bliken? Iderkear wer joech rûtenet it paad oan dat wy op ús gefoel ek ride soenen. En dat ek noch yn trije kertier. Hoe kin Tom ús dan oer de kop fan de Ôfslútdyk stjoere mei in reistiid fan 1 oere en 20 minuten? Mar hjoed die ek bliken dat wy eins in hiele tûke TomTom ha. Want hienen wy de weromreis itselde paad naam as de hinnereis, dan wienen wy fêst oanhâlden by de grutte ferkearskontrôle op de A7! Net dat wy dêr oer ynsitte, alles ha wy foarelkoar, mar jo witte mar noait. Ek it net toane kinne fan de autopapieren levert al in boete op. En liet ik dy no krekt net by my ha! Dat Tom hat is wer in moai bedrach besparre. Wy eamelje nea wer oer Tom syn frjemde oanslaggen... Pears is de hinnereis, grien is de weromreis en blau is en bliuwt it advys fan rûtenet.
It doarp... Fan ús heit krige ik in DVD mei in swart-wyt film fan myn berteplak Balk. In entûsjaste filmer hie it doarpsbarren fan 1960 oan't 1970 op film fêstlein en in entûsjaste kompjûterman hie dat yn ús tiid op DVD setten. In feest fan werkennennen! Fansels koe ik it net litte en meitsje in kopy fan dizze 'stomme' film. Ek ha ik alle famyljeleden derút montearre en dêr ha ik in apart filmke fan makke. Hjir en dêr skokt it filmke al wat, mar dat kinne wy mei al ús hjoeddeistige digitale geweld der net út krije. Mar ach, dat hat ek wol wer syn sjarme. Wy wolle dit filmke net mei de hiele wrâld diele, dat allinne famyljeleden dy't oer de koade beskikke, kinne dit koarte filmke besjen. It muzykje ûnder it filmke is fan in âld Balkster dy't it mei syn band ynspile. Dat hat er my ea ris tastjoerd... Leve Kabel Noord! En Herman Douwe fljocht ek noch earne troch it byld. Moai soks...
Fryske woarst... Hjoed wie der op in ICT-gearkomst in fertsjinwurdiger oanwêzich. Hy moast ús wat fertelle oer de hjoeddeistige kompjûterûntjouwingen yn de skoallen. In nijsgjirrich ferhaal. Aardich wie ek dat hy Hollânsk prate, mar it Frysk goed ferstean koe. Hy kaam út Ravenswoud en dat leit ek yn Fryslân, flak boppe Appelsgea. En dêr praat hast elkenien Frysk, neffens Rob. Boppedat kamen syn âlders ek út Fryslân, dat wy hoegden ús dizze moarn net te ferbrekken. Rob wist ek noch te fertellen dat de slachter yn Ravenswoud, en wat Ravenswoud yn it Frysk is wit ik sa gau net net, doetiids de Frysk pratende klanten wat foardiel joech. In Hollander moast foar in healpûn gehakt mear betelje as in Frysk pratende fleiskeaper. De slachter sil wol tocht ha dy Hollanders komme hjir mar te rekreëren dy kinne ús wol wat stypje, se ha sinten genôch. Doe't ien fan myn kollega's wakker yn it Hollânsk begûn te praten tsjin de ICT-man, stjitte ik him oan en flústere: praat mar Frysk, dan krije wy aanst ek wat koarting as wy by syn baas in grutte bestelling pleatse... |