Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Zie ginds komt de stoomboot...



Sjoch hjir foar mear foto's. Mei tank oan Babs en Katinka Gezelle Meerburg

Pleatst: 29-11-2017 / 20:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wâldsterjûn…

Ien kear yn de safolle jier meie wy optrede op de Wâldsterjûn. Dat is eins in soarte fan doarpsfeest. It doarpsfeest fan Oranjewâld.

Mar dat feest wurdt net yn in feesttinte hâlden. It is in aparte jûn, yn in sealesintrum. De besikers fan de Wâldsterjûn fine eins de feesttinte lang sa moai net as de gesellige jûn yn de Koningshof yn it Hearrenfean.

De jûn is ornearre foar de wat âldere Oranjewâldsters. Dy't wol fan feesten hâlde, mar net yn in feesttinte mei al de holsterich jongfolk…

De seal sit altiten stampfol, in moai muzykgroepke derby en de dizze Oranjawâldsters ha ek wer prachtige doarpsjûn…

Yn it Fean wennet famylje fan ús. En sy woene hiel graach ris in optreden fan ús bywenje. Hoewol gjin Oranjewâldsters, wiene sy wolkom. De 2 famyljeleden wiene mei rjocht de twa jongsten fan dizze jûn.

It waard wer in âlderwetske gesellige jûn, mei in protte wille. De twa famyljeleden moasten hastich fuort en wachtsje op it ein fan de ferlotting soe te let wurde. Mar wy krigen noch in moai tank-mailtsje.

Zowel Mark als ik hebben tranen met tuiten gelachen. Wat een leuk optreden, complimenten! We zijn wel meteen na afloop vertrokken want de trekking van de loterij begon en was al laat voor Mark. Tot een volgende keer!

De foto's binne makke troch: Susan van Veenen

Pleatst: 29-11-2017 / 20:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sint Maarten...

Doe't wy hjir krekt wennen yn Hantum, bleaune wy mei alle snobbersguod sitten. Der kaam hjir net ien oan de doar op de jûn fan de 11-e novimber. Sint Maarten? Wa wie dat? Yn 'e súdwesthoeke alle jierren in hit, op 'e klaai hiene se nea fan dizze gewoante heard.

Mar tiden hawwe tiden...

Oan trije pûden ha ik wol genôch, sa tocht ik juster by de Jumbo. Mar dat ha wy witten! Alle bern fan Hantum binne lâns west en hast moasten wy harren op 't lêst in blokje tsiis meijaan. Alles wie op!

Foar de pake- en beppesizzers hiene wy wat achterútlein want, en dat koe net misse fansels, ek sy kamen oan de doar...

Tip foar pake foar takom jier: net allinne snobbersguod klearlizze, mar ek it fototastel! Want it ferske hat mar in pear rigels en ear't je it tastel ynsteld ha foar it tsjustere foto, steane de bern al by buorman foar de doar...

Mei tank oan Fokke en Sukke

Pleatst: 12-11-2017 / 13:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Robot-pake...

Njonken lêsmemmen, luze-âlders, swimmemmen, autorydâlders en oerbliuwâlders, ha se op de pleatslike basisskoalle de fjouwerHoeke no ek in robotpake...

Hoedat sa?

Elke basisschool in Fryslân ontvangt een EDU-robot, inclusief een lespakket. Waarom? Omdat wij het belangrijk vinden dat kinderen de kans krijgen om te ervaren hoe leuk techniek is...

En dat ynelkoar setten is noch in hiel o-heden. Krekt wat foar dizze pake. Dêrom hoegde hy ek net lang nei te tinken doe't de fraach kaam oft ik dat wat begeliede wol. Wy binne fol goeie moed oan de slach gien. No mar ôfwachtsje oft dizze Archie aanst ek echt ta libben komt...


Pleatst: 11-11-2017 / 14:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

Logo...

Der wiene trije lêzers dy't reagearre ha op de priisfraach yn it foarige blog. En om't it oantal noch te oersjen is, neam ik se alle trije. Marjan, Hidde Wilko en ús heit. Marjan en Hidde Wilko hiene it goed, mar ús heit wie mis. It wie it logo fan John Deere. Fan de trekkers en de lânboumachines.

Hoewol...

Us heit hie ek in hiele aardige oplossing. Hy tocht dat it fan de Gazelle fytsen wie. En yndie, dizze logo's lykje bot opelkoar, allinne de gazelle fljocht de oare kant út en it gewei sjocht der oars út...

Unwillekeurich moasten wy by de oplossing fan heit tinke oan Piet Pelle op zijn Gazelle! Dat wie froeger ús held! En ek doe't ús jongens froeger it fytsen learden, neamden wy harren altyd Pyt Pelle. En by dat fytslearen makken wy gjin gebrûk fan sydtsjiltsjes. Gewoan, der plat foar. En harren heit der achteroan fleane. En at se stopje moasten tsjin de stoeprâne oanbotse. Pleisters leine ree. Moast hjoed oan de dei mei oankomme...



Pleatst: 08-11-2017/ 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

All Hallows Eve...

Ik ha der neat mei, mei Halloween bedoel ik. Dat healwize grizelige gedoch. Guon kin it net mâl genôch gean. Dit út Amearika oerwaaide bernefeest kriget hjoed oan de dei hieltyd mear oandacht.

Op skoalle lies ik mei de bern wol ris grizelboeken fan Paul van Loon. Boeken út syn begjintiid. Dy wiene doe wat slimmer as syn boeken fan no, dy binne ek wol spannend, mar folle mylder en fleuriger. Doe't yn dy tiid ien fan de âlders by my kaam om te sizzen dat harren bern der nachts net fan sliepe koe, bin ik ophâlden en ha ik sokke boeken yn de ban dien.

Hoewol, der binne fansels ek hiele grappige 'enge' boeken en dêr is neat mis mei...

Mar om no rûn ein oktober allegearre grizel- en spoketochten te hâlden, dat hoecht om my net, want de foarstellingen dy't je dan op sa'n toch tsjin komme wurde hieltiten ysliker en mâler. Ofhakte hollen, bloederige gesichten en mear fan sokke eangstoanjagende taferielen. No ja, guon fine soks prachtich.

In pompoen útholje, dat kin noch krekt. En boppedat is dat ek noch wol in moaie kreative oangelegenheid. Ljochtsje deryn en sjochdêr in moaie halloweenfersiering... (Lyts)bern binne der ek sljucht op en mei 10 euro oan pompoenen by de Tuin wei, ha jo wer in moaie en noflike nifelmiddei...

Priisfraach fan dizze wike: Hokfoar logo is yn dizze pompoen útsnijd? De earste goeie ynstjoering fertsjinnet in plakje op dizze side...

Pleatst: 04-11-2017 / 13:48 oere - Reagearje? - Nei boppen