Klear foar de start…?
Start de auto en brânt it lampke, as start de auto en it lampke brânt net. Mar de auto kin ek net starte en it lampke brânt wol en it soe ek noch wêze kinne dat de auto net start en ek it lampke net brânt...
Moat de kop der ek noch by hâlde...
Neffens ús fêste monteur wiene dat de mooglikheden nei't hy it lampke mei in pear triedden fanút de motorromte troch de doar en fêstplakt mei ducttape op it dashboard befêstige hie.
Sa kinne wy dan útfine wêr't de steuring krekt sit...
Want it kin samar sa wêze dat ús auto net start. Earst mienden wy dat it oan de akku lei, mar nei't ús monteur de akku fernijd hie en der wis fan wie dat it euvel no oer wêze soe, liet ôfrûne moandei de auto (mei nije akku) my wer yn 'e steek. Yn Dokkum. Nei't ik de kaai omdraaide, die hy hielendal neat!
Yn sân hasten kaam ús monteur út Hantum fleanen om earste help te ferlienen. En nei't hy ûnder de motorkap wat omrommele hie, startte de auto wer yn ien kear. Sa as jo by dokter sitte en de kwaal oer is...
It tink dat it stekkerke wrak is, ryd mar achter my oan, dan set ik der thús in nij stekkerke op en starten maar! No, dat foel ta, koe de âlde akku der ek wol wer yn...
Mar nei't hy by him thús it stekkerke ferfongen hie, woe hy wer net starte. Pff...Wêr sit no it euvel? Kriget de startmotor wol stroom? Sit it him yn it kontaktslot? En om dat no út te finen is dus it lampke oanlein.
Start de auto net en it lampke brânt, dan kriget de startmotor wol stroom en sit it euvel by de startmotor, mar start de auto net en brânt it lampke ek net, dan leit it him oan it kontaktslot...
As wie it no oarsom? Falt net ta...
Pleatst: 16-09-2020 - 21:47 oere - Reagearje? - Nei boppen
Ynstjoerd...(2)
Groetnis út Ridderkerk...
Troch in ferfelende rêchblessuere kin ik hast net rinne. No ja, hast... in pear meter en dan ek noch mei stipe fan in stoel, in kast as in âlde stôk.
Lokkich giet it de goeie kant út! Undertusken is 300 meter it nije kuierrekord!
Mar fytsen giet folle better en om yn kondysje te bliuwen fyts ik elke dei in rûte troch ien fan ús fjouwer doarpen. Meastal jûns, mar no't de dagen koartsje ek wol oerdei.
Meastentiids binne it deselde rûntsjes, ik ha in oantal fêste rûten, kreas byhâlden troch in app op de telefoan. Om de útdaging deryn te hâlden, wurde alle meters registrearre en wurdt my oan it ein fan de tocht ferteld hokfoar (snelheid) rekord der no wer fêstige is. Meastal de 16-nei fluchste as sokssawat...
It moaie fan al dizze rûten is, dat it eins altiten wer oars is. Do komst oare doarpsgenoaten tsjin, it waar is oars as de wyn komt út in oare hoeke. Mar foaral de loften soargje foar in prachtige deistige ôfwikseling. Soms driigjend, dan wer ljocht en fleurich. De wolken soargje foar skaad tichteby as ljocht yn 'e fierte as se foarmje in tichtsetting foar de sinnestrielen dy't der dan wer hoeden trochhinne besykje te kypjen. Faaks stean ik even stil om te genietsjen fan dizze oerweldigjende romte mei altiten wer dat aventoerlike wolkenspul.
Dochs binne der yn dizze fytstochten ek ankerpunten. De kalme fiskers by de Stoepa, dy't elke jûn harren dôberke útsmite nei lytse sparteljende fiskjes. As miskien angelje se ek wol nei nijs, wat faaks steane der doarpsgenoaten mei harren te praten. My slagget dat net, want it altiten oanwêzige rûzen fan de wyn soarget derfoar dat myn hearapparaten útskeakele wurde, sadat ik dochs frij rêstich in fytstocht ûndernimme kin. Want leau my rûzende wyn dy't fersterke wurdt troch dizze lytse audiologyske wûnderkes klinkt as in orkaan dêr't wy de namme noch foar betinke moatte!
Ek de bewenners fan in buorkerij oan de rûte, soargje foar in fêst punt. Elke jûn groetsje wy elkoar mei in fikse swaai. Roppe dat slagget net, want sy sitte achter glês en ik bin útskeakele...
It foel my op, foaral yn de fakânsjeperioade, dat der in protte toeristen yn ús regio foarby kamen. Fytsend, kuierjend, sykjend op harren telefoan as puzeljend by in knooppunt-boerd. Alle kearen wer groete ik harren, wat dat binne wy wûn hjir yn ús doarpen. Wy groetsje elkoar. Mei in swaai, in fingerke, in koarte groet as in koarte sin. De fiskers groete ik alris mei: Kom, dêr wie 'k wer! Ach ja, wy kenne elkoar allegearre en ik fyn it moai om tsjinoer toeristen blike te litten dat wy wearde hechtsje oan dit lytse gebeart. En dat se dan letter thúskomme en sizze: Zo raar, ze groeten je daar allemaal...
Op in middei seach ik twa fytsers by it knooppunt-boerd yn Hantum stean. Drok studearjend op de rûte dy't se nimme moasten. Ik traape op 'e rem en ik makke harren attint op de Stoepa. Ik fertelde dat dit bysûndere bouwurk wol in besite fertsjinne en dat se dan dy kant út fytse moasten.
De fytsers wiene hielendal ferstuivere. Hè? In wyldfrjemde man dy't harren samar oanspruts? Samar yn dy gefaarlike Coronaperiode? De fytsers seagen my oan en seine neat. Op in stuit tocht ik dat it miskien wol bûtenlanners wiene. Dútsk as Ingelsk soe noch wol slagje, no mar hoopje dat it gjin Frânsken wiene. Of verstaat u me niet? sa wie myn reaksje. Lokkich, de man reagearre en mei in Limboarchske tongslach sei hy my tank foar dizze tip.
Ik tink dat se de hiele fierdere fytstocht praat ha oer dizze nuveraardige man mei syn blauwe huodsje dy't samar út it neat wei harren yn de kunde brocht mei moaie plakjes op de rûte fan harren tocht troch it noarden fan Fryslân.
It is in nuvere tiid. Net allinne fanwegen de Coronakrisis, mar ek om't hjoed oan de dei alles gefoelich leit en liket. Fytsers dy't skrikke fan lokale doarpsbewenners dy't samar tsjin harren begjinne te praten, alwer in rige protestearjende lânslju op it Malielefjild, einleaze petearen op TV oer bygelyks lytse flaterkes fan ús politisy dêr't gjin ein oan liket te kommen, achternammen moatte feroare wurde, stânbylden wurde delhelle en lietteksten en útspraken wurde wiidweidich bemjitten mei mjitlatten dêr't, sa't it liket, allinne mar milimeterstreekjes op steane. Alles wat wis wie stiet faai en tradysjes wurde bleatsteld oan protestearjende feroaringen.
Lokkich falt it yn ús omjouwing wol wat ta. Foar de 1.50 maatregel ha wy, en jouwe wy elkoar, genôch romte. Oer it algemien binne ús doarpsgenoaten loyaal, trou en meigeand. De romte om ús hinne en de mienskipssin soargje foar in feilich ûnderkommen. Wy koesterje ús taal en ús libbensromte: wat wenje wy hjir moai en wat fiele wy ús fier fan de Rânestêd-hektyk mei harren files en folle winkelstrjitten.
Mar wat soe der no barre as ús wize fan libjen oan 'e kaak steld wurdt? Wat as der guon binne dy't yn opstân komme tsjin al ús wissichheden, dat der oanmerkingen komme op alle lytse dingen dy't it libben yn ús doarpen sa oangenaam meitsje? Hoe soene wy dêr op reagearje?
Oh heden, samar waard boppesteande eangst oanfjurre. Henry en Erica út Ridderkerk leine yn in ynstjoerd stik alle gemoedlike gewoanten op it harspit. It doarp wie breinroer! Reaksjes op Facebook, yn WhatsApp groepen, doarpsgenoaten dy't elkoar oansprutsen en lilke telefoantsjes. Wat miene dy lju wol! Lit se yn Ridderkerk bliuwe! Elk wie fan it sintrum en nimmen hie ek mar in greintsje begryp foar dizze Hollanners...
Tsja, mar lyts tal doarpsgenoaten hiene yn 'e gaten dat Henry (Hendrik) en Erica (Erica cinerea=Dopheide) folslein fiktive lânslju wiene. De foto yn it doarpsblêd wie fotoshopt en it hiele ferhaal moast mei in kerltsje sâlt naam wurde. Mar de measten giene der mei bûter en sûker yn, wat wiene wy lilk!
It docht bliken dat wy mei dizze lilkens wol sjen litte hoe't wy hingje oan ús gewoanten en ús omjouwing. Daarom woon ik juist in Friesland, sa skreau ien op Facebook. Terug naar Ridderkerk en de haan als cadeautje mee! sa reagearre in oar.
Bêste doarpsgenoaten wês gerêst, it hiele ferhaal kaam út de tûme fan de sekretaris fan de Hichtepuntenkommisje. It wie ek wier net myn bedoeling om in oproer los te meitsjen. Dat wy allegearre mei heafoarken en stokken nei de mini-kamping tôgje soene om ferhaal te heljen by dy ferwende Ridderkerksters. En Koos en Annie ús mar ferheard oansjen: Henry en Erica? 6-Persoans camper? Dy binne hjir nea west...
Dus bliuw elkoar foaral groetsjen, genietsje fan de rêstjouwende fisk-oerkes by de Hantumerfeart, lústerje net nei healwize foarstellen om parasols yn de greiden te plantsjen. Want as der guon binne dy't goed foar harren bisten soargje, dan binne it wol ús boeren! En in bynamme is foaral handich, want hoe hâlde jo oars al dy Jannen útelkoar?! Boppedat geane bynammen faaks oer fan heit op soan, it is in ear om in bynamme te dragen. De Pop-partij is just in toanbyld fan sportive mienskipssin, mei hamburgers en sipeltsjes en in protte noflike oerkes. Leau my dat de man dêr't de keatspartij syn namme oan te tankjen hat baalde as in stekker om't hy der net by wêze koe!
En oer groetsjen sprutsen...
De moaiste groet kaam fan in doarpsbewenner yn de begjinjierren fan myn karriêre as master oan ús doarpsskoalle. Nei de foarjiersfakânsje, dy't wy doe noch krokusfakânsje neamden, kaam ik him op myn earste wurkdei nei dizze fakânsje tsjin doe't ik moarns betiid nei skoalle fytste: Soa master... de krokus ek al wer útbloeid?! Mear sei hy net, allinne mar dizze koarte sin. In peareltsje!
In âldere doarpsgenoat, dy doetiids yn it skoallebestjoer siet en der mei foar soarge hie dat ik hjir in beneaming krige, sei ris tsjin my: Do woest hjir net sa lang bliuwe, sa seisto fjirtich jier lyn... mar do bist hjir no noch!
Begripe jimme no wêrom?
Pleatst: 09-09-2020 - 16:05 oere - Reagearje? - Nei boppen